360 graden…

Doarpsgenoaten

Passanten

Auto’s (yn ‘e fierte…)

Fûgels

Trekkers

Wynmûnen

Ynsekten

Bisten

Toeristen

E-bikes

Grien

Wyn

Wolken



0

0

2

0

0

2

0

0

0

0

Check

Check

Check

It bekrûpt my wolris, as de wyn sa bolderet…

Pleatst: 27-07-2023 - 12:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hiele djippe sucht…


Dizze seach ik net oankommen… Sjouke!!

In sucht jout lucht oan in hert fol smert…

Pleatst: 26-07-2023 - 18:36 oere - Reagearje? - Nei boppen

Boerdebrij, it mystearje ûntraffele… (slot)


Sjouke, do moatst even by de lokaasjemanager komme…

Hoedat?

Soe’t net witte, giet oer in boerd leau’k…

Oh, ha’k oars krekt in healjier mei oan ‘e gong west, wer net goed tink?

Soe mar opsjitte, want de manager liket net sa fleurich…


Twa oeren letter…

Jo hiene nei my frege baas?

Ja, Sjouke, do hast dochs dy boerden pleatst dy’t yn it ramt fan it promoasjeprojekt ‘Kom Opfriezen’ yn ús gemeente delset wurde moasten?

Ja, kloppet, bealchfol wurk en ik bin noch net klear…

Meist wol opsjitte Sjouke, want oars is it toeristeseizoen alwer foarby....

Kin net tsjoene en witte jo wol hoe swier de grûn hjir yn it noarden is? Dêr krije jo net samar in boerd yn.


Wit ik Sjouke, mar do witst dochs ek wol oan hokfoar kant in boerd delset wurde moat?

Tsja, wa wit dat no net! Boerden steane altiten oan de rjochter kant, oan de kant dêr’t jo ride moatte.

Presys Sjouke! En oan hokfoar kant hasto dat boerd by de brêge op de Lytse Lea delset?

Soe’t net witte baas, der binne safolle boerden troch myn hannen gien…

Safolle boerden?! Mar fjouwer!

No, dat bedoel ik, fjouwer, bealchfol wurk!

Dat stie oan de linker kant Sjouke! Links! Oan dy kant ride se yn Ingelân!

Tsja, dat hiene jo al ris tsjin my sein, dat ha’k doe wer yn oarder makke! Bin der doe wer hinne west en dêrnei stie it goed.

Goed Sjouke?! Doe hiest it in meter de grûn yn sakje litten! De minsken koene it hast net iens mear stean sjen!

Oh, wie dat it… Ja, ik wist it net mear doe’t ik op de Lytse Lea stie. Wat sei de baas ek alwer, it gie oer grûn as sokssawat. No, doe ha’k it mei in grutte hammer fierder de grûn ynslein. Doe stie it wol kreas, nimmen soe der sa tsjinoan knalle kinne!

Nee, it moast nei de oare kant Sjouke! Net de grûn yn!

Jo seine doe tsjin my dat jo wol yn de grûn sakje koene om’t it boerd hielendal ferkeard stie! Wat soene de toeristyske fytsers wol net tinke! Mar dat is wer oplost! Hat in moai skoft goed stien! 


Mar Sjouke, doe ha wy it ek hân oer de ferkearde letters op dat boerd. Oan de iene kant hiesto it boerd mei haadletters delset en oan ‘e oare kant in boerd mei lytse letters.

Lytse letters, oh ja jo hiene it oer Lyts en ik tocht dat sil de baas wol bedoele: oan de kant fan de Lytse Lea lytse letters en oan ‘e kant fan Boeddha de grutte letters. Dy Boeddha wie in grut man moatte jo witte. En ik hie fjouwer boerden en se liken allegearre opelkoar.


De boerden mei de haadletters moasten by it paad yn Dantumadiel pleatst wurde Sjouke, want dêr ha se it nochal heech yn ‘e holle en dy lytse letters koene wol op ‘e klaai. Eins wie it in fersin fan de boerdemakker, mar om se sa te pleatsen soe it nimmen opfalle… Do witst it ferskil dochs wol tusken lytse en grutte letters, Sjouke?!

No, it sit sa baas, yn de njoggentiger jierren hie’k in skoalmaster dy’t dêr ek net sa krekt yn wie. Dat soks ha’k fêst fan him leard. Neffens my wennet hy no noch dêr earne op ‘e klaai…


Mar it moaiste komt noch Sjouke, no ja moai, doe hasto der letter ek noch in grut boerd mei ferbean foar brommers op montearre!

Ja, dy hie ik oer. Fûn it ek wol moai stean sa moai read yn dy griene omjouwing. Wêr moast ik der oars mei hinne?

Sjouke it wie gjin gesicht! It like wol in krúspunt yn Amsterdam.

Ha se dêr ek fan sokke lytse fytspaden baas? Net bêst wol? Bliid dat ik dêr net wenje…


En doe ha’k Bouke opdracht jûn om dy brut der wer wei te heljen. 

Bouke? Wêrom hy? Dat koe ik ommers ek wol dwaan? Soks is dochs myn wurk?

Ja! Mar dan moatst it wol goed dwaan! Soks liket op fleanen! Bouke hat it no goed delset. Mei mei de lytse letters, oan ‘e goeie kant en sûnder dat healwize brommerboerd! 


Oh… en wat moat ik no dwaan? Moatte se der wer wei?

Nee Sjouke! Do moatst de oare twa boerden noch pleatse yn Dantumadiel en sjit op! Want oars ferdwale dy fytstoeristen aanst! 

Ja, ja, ik flean al… Bealchfol wurk en wat in drokte oer dy twa boerden. Ha wy earst net in bakje kofje baas? En it is ek al hast trije oere sjoch ik wol…


Lês hjir:
Boerdebrij 1 - Boerdebrij 2 - Boerdebrij 3

Sjoch hjir:

It mystearje yn foto’s





Pleatst: 22-07-2023 - 18:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

14 stjerren…


Wy moatte it noch even oer Masquerade ha…


Witte jimme it noch? Yn it blog fan 3 april fertelde ik oer it projekt fan ús pake- en beppesizzer. Hy mocht de trailer meitsje foar de foarstelling Hommeles fan it Masquerade Theater. Pake hat de tekeningen makke en de pakesizzer hat dy ta in prachtich moai gehiel montearre. (Editte, seit hy sels…) Mei it lûd fan de koekoek fan de Stoepa yn de ôftiteling…


Hoe’t se by ús pake- en beppesizzer kamen? Syn suske spile mei by Masquerade en om’t se by Masquerade hast alles mei de spyljende bern betinke en meitsje, wiene sy sa op de handige fideobroer fan it spyljende suske kaam.


Yn de trailer waard reklame makke foar de seis foarstellingen fan it Masquerade Theater. Yn it earste  wykein de earste trije foarstellingen en yn it wykein dêrop de trije lêste…


Pake mocht fanwegen syn bydrage oan de trailer de premjêre bywenje. En dat sil pake wêze, sa fûstke de artistyk liedster mei my doe’t wy elkoar moeten op de smûke iepenloft lokaasje. Moai dat jimme der binne…

Pake wie net allinne. Ek beppe, heit en mem, it twillingbroerke fan ús spylster en fansels de ferneamde fideo-editor…


Eins ha ik it net sa op iepenloft spullen. Net fanwegen de akteurs, it ferhaal as it stik, nee, mear fanwegen it feit dat it allegearre yn de iepen loft plak fynt. Je ha mei it waar te krijen, de knoffelige sitplakken en mei de omjouwingslûden. As jo dan dochs nei bûten wolle, dan moat de omjouwing perfekt by it ferhaal passe. En withoefaak mankearret dêr fan alles oan…

As bygelyks it ferhaal om stilte freget, dan moat der net in grutte frachtwein lâns bolderje. As dat de tsjerkeklok dan krekt lûd liede moat. Om oer knetterjende brommers en oar frjemdsoartich lûd mar te swijen…


Boppedat Fryslân hat prachtige teäters en doarpshuzen. En wat dogge de toanielferieningen? Se geane nei bûten! Yn ‘e kjeld. Op lokaasjes sûnder foarsjenningen sa as stroom, hoareka, húskes en noflike sitplakken. Alles moar derhinne tôge wurde. En wat foar mearwaarde hat soks dan? Bliuw binnen! De Koornbeurs b.g. hat it al sa dreech…


No, dan sitte jo al mei in protsje foaroardielen op de krakkemikkerige tribune…


Mar by de foarstelling Hommeles wie dat earlik sein folslein oars! Wat in prachtige lokaasje en wat passe dy moai by it ferhaal! It koe net treffender. De kikkerts yn de fiver, dy ’t in wichtich plak ynnaam yn dit natuerlike dekôr, kwêken prachtich mei yn it ferhaal fan Erik dy’t yn in dream telâne kaam yn in skitterjende ynsektewrâld.


Yn dizze wrâld moete Erik alderhande krûpende en fleanende ynsekten, spinnen en slakken. In sfearfolle dream mei spontaan en ûnbefongen spul fan 14 jonge akteurs.

Fol bewûndering genieten wy fan dit moaie ferhaal fol prachtige fynsten en moaie teksten. En dat mei sa’n grutte ploech yn de âldens fan 10 oan’t en mei 16 jier! 


Wy kamen eagen en earen tekoart! (No ja, pake kaam wol earen tekoart, mar dat lei him oan himsels, lokkich makken de eagen in protte goed!) It natuerlike dekôr waard folslein brûkt. Oeral dûkten de ynsekten en oare kribelbistkes op. Dan wer deun foar jo, dan wer fierderop yn it ryk fan de bijen, as fleanend oan in stevige stielkabel heech boppe de strûken. Ek de fiver foarme gjin obstakel foar it spul. Krektoarsom! De ynsekten fleagen mar hinne en wer oer de moaie pompeblêdbrêge. Dy gie sels iepen doe’t de fermiste bijekeninginne wer nei hûs kaam yn in boatsje fan moaie griene blêden. Sa knap!


Fansels sitte jo mei in rôze bril te sjen om’t jo pakesizzer meispile. En ja, fansels is it dan prachtich, want wat die se it goed yn al har rollen sa as Steksjoch de bij dy’t net sa goed sjen koe. Mar dy bril waard al gau opburgen. Want se spile net allinne. Boppedat geandewei it ferhaal ha jo mei al dizze fantasy gjin weet mear fan meispyljende pakesizzers…


It wie in geweldige jûn, op in treflike lokaasje yn in mearkeëftige sfear en mei in prachtich spile ferhaal. Kompliminten foar alle spilers en meiwurkers. Want ik jou it jo te dwaan mei safolle entûsjaste en foaral jonge spilers. In hearlike gaos, sa sei de artistyk liedster. Mar elkenien siet der fol fan! En sadwaande it publyk ek, want soks stekt gewoan oan!


En oer stekken sprutsen… Foar jimme (allegearre) in Gouden Steksjoch! Kin net misse…

















Pleatst: 06-07-2023 - 22:29 oere - Reagearje? - Nei boppen