Sliepbuske…


Dat is nochris in aardich heitedeikadootsje. In dekbêdoertrek mei in moaie print fan in VW-transporter type 2. No kin ik einliks ris goed sliepe yn sa’n auto.


Yn ús jeugd hiene wy as freoneploech in buske. In grien buske, ek type 2 en alhiel oppimpt yn jeugdige kleuren. Wy fleagen mei dit buske nei de ferskate wykeineveneminten en ek binne wy mei it buske op fakânsje west nei Frankryk. 


Wy hiene it buske spesjaal foar dizze grutte reis oanskaft en soene it nei dizze roadmovie wer ferkeapje, mar it foldie sa goed dat wy it noch in pear jier hâlden ha... En wat ha wy dêr in wille mei hân! Om bar ride, dan koene de oaren in drankje nimme. En om’t wy mei in protte yn it buske pasten, hoegden wy net sa faak achter it stjoer…

‍  

Prachtige oantinkens oan dizze bysûndere freone-T2


It kaam ek wolris sa út dat wy earne oernachtsje moasten. Mar dan hiene wy gjin nocht om bygelyks in tinte op te setten. Dan mar yn it buske sliepe. 


Mar oh heden, de oare moarns wiene jo dan brutsen, want jo pasten net langút yn de buskes fan doe. De doar koe wol iepen en dan mei de fuotten bûtenboard, mar dan hiene jo in minne nacht as it bygelyks ûnder nul wie. Ach, wy wiene jong en sa’n Spartaanske nacht die ús doetiids net safolle…


Ik moat der no net mear oan tinke, ynelkoar krûpt mei de fuotten tsjin de skodoar en nachts kramp fan de krapte…


Lokkich lis ik no hearlik langút en kin ik rêstich dreame fan ús wylde jierren yn ús griene buske mei syn Fryske flagge op de sydkant. 


Hie ik no noch mar dy moaie blauwe learzens, dy passe better by de kleur fan de T2 op it dekbêd. Hoewol… de fuotten hoege no echt net mear bûtenboard.


En wa sliept der no mei learzens oan...






Pleatst: 24-06-2021 - 14:46 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pleatst: 22-06-2021 - 13:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Fototastel…


Doarpsgenoaten sjogge my de lêste dagen faaks mei it fototastel omsjouwen. En dan kin ik samar in skoftsje yn de berm stean om plaatsjes te meitsjen.


No wit ik net oft dyselde doarpsgenoaten harren ek ôffreegje wat der dan op dy foto’s komt en wêr’t dy dan foar bedoeld binne, mar faaks krije dy kykjes in plakje op dizze webside. Sjoch bygelyks de foto’s yn de kop fan dizze side.


Mar eins wit ik ek net oft dizze side wol lêzen wurdt troch de Hantumers.


Hoewol…


Boer Jan (kinne jimme him noch?) kaam wol mei in hiel treffend foarbyld út de Groetnisbeam. Doe’t ik him foarby rûn, sette hy syn heftruckje stil en sei hiel geheimsinnich tsjin my: Komme dy minsken út Ridderkerk hjir ek wer op ‘e kamping? Moast ek noch neitinke oer dizze onliner…


It kin net oars as boer Jan hat de groetnisbeam bestudearre en hat tocht, dêr moatte wy in set fan ha! Hoewol, hy wie dwaande en ik makke gewoan in kuierke. En sa stiet it net yn de groetnisbeam. Pff…


Hawar.


Ik sei tsjin boer Jan: Nee, dy minsken komme hjir net wer…







Pleatst: 02-06-2021 - 09:44 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de