Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Toe pake, no do...

Pleatst: 30-11-2015 / 12:25 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wy ha it der mar drok mei... (2)

Pleatst: 30-11-2015 / 12:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sa leuk...

Dan witte jimme ris wat ik altiten ha... (Sjoen op Facebook.)

Ha, ha ha...

Klik hjir foar it filmke.

Pleatst: 27-11-2015 / 15:16 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wy ha it der mar drok mei...





Pleatst: 24-11-2015 / 21:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

De literaire dis...

Sûnt ferline jier (17-11) binne wy ferslingere oan de Literaire Dis. Dit kear yn de Posthoorn yn Dokkum.

Neidiel fan sa'n plakje yn 'e buert is, dat jo bekenden tsjin komme kinne. Neat net slim fansels (hoewol...) mar dy sjogge jo al sa faak! Dêrom geane wy foar de dis faaks wat fierder de provinsje yn. Dit kear koenen wy allinne justerjûn mar en dat wie dus yn Dokkum, hawar...

Achterôf wie it in boppeslach en wiene wy mar bliid dat wy dit jier de Posthoorn útsocht hiene. In prachtich programma, hearlik iten en in gesellich tafelselskip, it koe net better!

De literaitre gast wie skriuwer Rob van Essen út Amstardam. Hy skynt aardich bekend te wêzen, mar dit wie de earste kear dat wy dy namme hearden. Mar ris in boek fan him lêze. Mar as it boek krekt sa is as syn wize fan foarlêzen, dan lis ik it boek fuortendaliks oan de kant. In goed boek skriuwe wol noch net sizze dat jo it ek goed foarlêze kinne. Boppedat makke de man gebrûk fan in sangmikrofoan en dat is dochs wat oars as in mikrofoan om mei te praten. Neffens de skriuwer lit in koart ferhaal in protte oer oan de ferbylding fan de lêzer. No dat kloppe aardich, want mei my heale earen moast ik my in protte dingen ferbyldzje...

Nee, dan de band. The Cosmic Carnival. Prachtich! Se diene my tinken oan Fairport Convention (jaja, âlde dibbesen...), Steeleye Span en Fleetwood Mac. Echt jierren 70 muzyk. Moai dat se mear as ien kear spilen. Wilma hat fuort in CD kocht. Dy draait se no griis. Kin my net safolle mear skele, want mei myn gehoar moat ik de muzyk yn 'e hûs sa lûd sette, dat blikjes op 'e planke derfan begjinne te ratteljen...

Ek Kesanova mei syn herskreaune stripferhalen die it wol aardich. Him koe ik teminsten ferstean. Syn passy bestiet út it sneupen nei âlde stripboeken om dêr ferfolgens de teksten yn oan te passen nei in bytiden absurdysk ferhaal. Kesanova Romantica, sa omskriuwt hy himsels...

En neit wy noch de Koffie met nieuwe moed beslikke hiene, giene wy tige op 't skik op hûs oan. In prachtige jûn en it wie krekt sa as ús tafelgenoate opmurk: Fryslân hat eins hiel wat moais te bieden...

Pleatst: 18-10-2011 / 21:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ik ben toch zeker Sinterklaas niet...


Pleatst: 22-11-2015 / 14:15 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wat seit in namme...

De oanhef is frij nei: What's in a name...

Doe't ik 36 jier ferlyn begûn op de Hantumerhoeke hjitte de skoalle Kr. Nasj. Skoalle. De bern seinen faaks Kristlike Nasi Skoalle... Ferantwurdlik foar dizze skoalle wie it skoallebestjoer. Freonlike doarpsgenoaten mei hert foar de saak. Allegearre âlders dy't bern op skoalle hienen. In pear kear yn 't jier wie der in gearkomst mei it hoofd der school en ien kear yn it jier kamen se op skoallebesite. Mei syn allen achteryn 'e klasse. Kreas op in rige en laitsje as ien fan de bern wer in smoute útspraak die.

It Sanhedrin seinen wy...

Mar alles is oars wurden. It gebou krige de prachtige namme de fjouwerHoeke en de skoalle op it Hantumerhoekje makket no diel út fan in grutte feriening. Oars kinne de skoallen net mear draaiende hâlden wurde en ha se gjin besteansrjocht mear. PCBO Dongeradiel, mei it haadkantoor yn Dokkum, mei in algemien- en finansjeel direkteur.

It Sanhedrin komt net mear yn 'e klasse. Mar wol allegearre oare begelieders, consultants, managers, ynspekteurs, -ologen, coaches en assistintes. Yn myn lêste twa jier ha ik sa'n 16 ferskate persoanen yn de klas hân. En allegearre mei harren eigen ferhaal...

De namme fan de feriening moast ek wer oars. Dat moast mear fan dizze tiid wêze. PCBO wie alwer te oubollich... Oan it begjin fan dit skoallejier waard de namme op in personiels-ynspiraasjedei (ek alhiel nei de winsken fan dizze tiid...) bekend makke.

Arlanta...

It earste wat ik sei wie: It is krekt in útfeartferiening... En dat kloppe ek noch, sa die it de ôfrûne wike bliken nei't ik de post iepen makke hie.

Er verandert dus eigenlijk niets voor u... alleen onze naam.

Pleatst: 17-11-2015 / 22:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

It moat net mâler...

Sint Maarten begjint sa stadichoan (letterlik) te rinnen by ús yn it doarp. In hiele protte sjongende bern (en pakesizzers) oan de doar hân. Prachtich! En allegearre mei moaie selsmakke lampions. Lmmpjon, sa sei de alderjongste pakesizzer...

Hjoed kaam ik dit berjocht tsjin op Facebook. Ik woe it earst net leauwe. Mar it stiet dochs op 'e side fan de Action. Dus... safier binne wy no mei syn allen...

Doe't wy eartiids oer de buert rûnen mei Sint Maarten, mei sels útprikte lampionnen, hiene wy dêr in brânende kears yn. Elk fûn it normaal. En it wie ek normaal dat der ien de fik yn fleach. Jammer, mar it gie altiten goed!

En no wurdt der eamele oer in batterijstokje dat waarm wurde kin. Dat soe dan rane kinne. Earme bern... Dan litte jo dat stokje dochs gewoan los?! Soks begryp ik dan wer net. Jo bringe dat stokje fan 53 eurosinten dochs net werom nei de Action?!

Froeger hâlde gjin inkeld goedkeap kermisding it langer dan in oere fol. Spitich, mar dat wisten je. It kaam fan de kermis (lês Action...) Boppedat hellen wy it dan útelkoar en besochten it wer te meitsjen, en yn it gefal fan dit stokje, soenen wy sels dat metalen klipke wer rjocht bûge as soksawat. En yn it alderslimste gefal soenen wy de soldearbout pakke en dan it stokje en de triedsjes mar mei in platte batterij (ha wy dy noch wol??) ferbine en wer brâne litte.

Net foar dy pear rudige sinten werom nei de winkel. Mar ja, soks kinne se hjoed oan de dei skynber net mear, sels in oplossing foar sa'n skytprobleem betinke.

Wy wol, wy helje alles útelkoar as it net wurket. Sa binne wy grut wurden...

Pleatst: 11-11-2015 / 23:11 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hoedjesdag...

Op de prachtige dei Dreamen sûnder Grinzen, organisearre troch it Staf, moasten wy ynstee fan in blomstikje in dreamhoed meitsje...

It die my tinken oan Dirk Jan Diederik de Derde. Dirk Jan spile de haadrol yn it printeboek Hoedjesdag. Yn it grize ferline ha'k dat boek ris yn 'e klasse foarlêzen yn it ramt fan it projekt Boekenbuis. Ik wit it noch as de dei fan juster.

It wie in prachtige dei! Ynspirearjend! En it moaie wie, dat ik in âlde freon tsjin kaam. In freon dy't ek hielendal gek is fan teater en toaniel. En sa rûnen wy beide mei in moaie hoed op ús grizende holle om, want yn jo dreamen kin alles...

Pleatst: 07-11-2015 / 00:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sa heit, sa dochter...

Pleatst: 07-11-2015 / 00:20 oere - Reagearje? - Nei boppen

Essotigers Live...!

Witte jimme it noch? Yn it blog fan 3 desimber 2014 skreau ik oer myn optreden as Esso tiger. Dat wie yn 1967. By in skelterrace, dy't hâlden waard yn de feestwike, mochten myn nicht en ik Esso snobbersguod útdiele oan de dêr oanwêzige bern. No, dat ha wy witten! Yn in sucht en in skeet wiene de kuorren leech! It wie krekt as wiene wy oan it kealleboarnen, man dy bern krigen thús neat seker...


No kaam ik juster in hiel aardich filmke tsjin op de Facebookside fan de Balksters. Yn fjouwer dielen pleatsten se dêr in prachtich filmke fan Henk Kanninga oer Balk yn de jierren 60. Yn it lêste diel wie der in grutte ferrassing. Op 2:30 minuten oant 2:44 minuten komme boppeneamde tigers yn byld! En dan sjogge jimme dat ik neat út myn tûme sûge ha, de bern fleagen der op ôf as bijen op 'e huning...

Op 2:30 o/m 2:44 minuten...

Pleatst: 01-11-2015 / 14:17 oere - Reagearje? - Nei boppen