Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Earder dit jier:
Desimber 2014
Novimber 2014
Oktober 2014
Septimber 2014
Augustus 2014
July 2014
Juny 2014
Maaie 2014
April 2014
Maart 2014
Febrewaris 2014
Jannewaris 2014

Argyf:
Blogs fan foarige jierren
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

In grap...?

Bern op de fjouwerHoeke mochten neitinke oer harren dreamskoalle. Hoe soe neffens harren de ideale skoalle derút sjen moatte? Yn ferskate presintaasjes ha de bern harren plannen kenber makke. Dit fûn ik eins ek wol in goed idee, ik wit wol ien dy't dit wykliks fersoargje wol...

Pleatst: 25-11-2014 / 19:47 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sinteklaas ús held...

Ofrûne sneon kaam Sinteklaas yn Hantum oan. Mei de boat? Fansels...Sinteklaas dat is ús held!
Foto's fan de yntocht yn ús moaie doarpke.

Pleatst: 25-11-2014 / 00:08 oere - Reagearje? - Nei boppen

Dé start fan in grutte karriêre...

Pleatst: 24-11-2014 / 11:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

It is in faas...(2)

It blog fan juster einige mei in iepen fraach: As dogge wy dat al? En dan doelde ik op it sammeljen fan âlde planken en oar keunstsinnich materiaal. Postfak sil wol folstreame, sa tocht ik. No, de lêzers binne der ek mei oan, want is dit no in antwurd op de fraach? Wie ben jij dan?

Nou Hendrik wat een mooi plaatje van jou op het laatst. Een echte oude pake. Temidden van oude spullen. Heel mooi.

Op dizze foto siet ik yn it mixed-media-project fan OC Hooymeijer. Hierin worden alle zintuigen van de bezoeker geprikkeld...
En nee, ûndersteande objekten binne gjin fazen, mar húskes. Yn ien fan de restaurants dêr't wy in kofjemiel hân ha. Soks fyn ik dan wol wer kreatyf. Mar dizze lokaasje stie net yn it boekje. Boppedat binne dizze lokaasjes ek net foar elkenien tagonklik...

Pleatst: 21-11-2014 / 09:38 oere - Reagearje? - Nei boppen

It is in faas…

Wy binne mar kultureel dwaande. Want sûnt wy snein nei de literaire dis ta west binne, ha wy de smaak te pakken. Ofrûne woansdei stie de keunstmoanne fan Amelân op it menu.

Amelân hat de grize golf ek ûntdutsen. Want soksoarte fan lju dogge der oan mei. Grize pake's en beppes mei rêchpûden op 'e rêch en boekjes yn 'e hân. Yn dy boekjes stie de rûte oanjûn. Hjir en dêr op Amelân wienen der yn galeriën, kafees, restaurants en op gâns oare plakken keunstwurken te besjen. It wie in hiel gebongel en gereizich...

Tsja, dêr heare wy no ek by. Grize pake's en beppes oan it kultuerhappen op de pearel fan de wadden. In moaie dei, mei in protte yndrukken en in ferskaat oan eksposysjes. Op 't lêst krije jo wol wat je nocht. Want it is hast allegearre abstrakte keunst en dat docht in flink berop op jo foarstellingsfermogen. Want wat bedoelt de keunstner no presys?

En dan dy ferhalen derby! Want wy binne der wol achter kaam dat it foaral ek giet om it ferhaal by de keunstwurken. En op 't lêst lykje al dy ferhalen op elkoar. Dy teksten is in keunst op himsels. Want wês no earlik, as jo dit lêze dan moat dat dochs wol in keunstwurk fan in behoarlik nivo wêze...

Een installatie van gebruikte materialen, waaruit een nieuw beeld is ontstaan. Daarbij spelen locatie, contrasten, ramen, weglaten of aankleding van de ruimte een belangrijke rol. De installatie op locatie kun je beleven als een schilderij, waar je doorheen kunt lopen. Wanneer men er de tijd voor neemt dan beleef je dat de installatie vragen oproept. Zoals: gaat het over sfeer, gaat het over werelden, gaat het over hoe wij als mensen naast elkaar leven, dus communiceren, gaat het over vergankelijkheid, toekomst of generaties. Het is aan de kijker zelf om deze vraag te beantwoorden... En wie ben jij dan?

By dit ferhaal heart dit projekt... Oer it oproppen fan fragen sprutsen...

Dit wie alhiel it hichtepunt fan de dei:

Ik belicht dit meestal vanuit drie perspectieven, ruimte om te groeien, de fysieke ruimte en de ruimte waarin men vertijdelijkt. Verder vergaar ik teksten, krantenknipsels, maak beelden en laat me inspireren door mijn omgeving en bevraag deze, in alle openheid. "Ik maak ruimte voor de ruimte die er niet is." Het werk is een continue aaneenschakeling van bevragen en maken. Deze wisselwerking is de leidraad van mijn manier van werken. Ik werk op locatie en daar ontstaat het beeld, vanuit verzamelde materialen die ik tegenkom onderweg..

En dêr heart dit by…

Hjir bin ik by weirûn. Hjir woe ik net nei sjen. Froeger bouden wy ek sokke flotten. Mei autobannen en oaljefetten. Wy makken ek rûmte foar rûmte dy't der net wie. Tsjonge, is der no net ien dy't dat lûdop doart te sizzen?

Sa gie it de hiele dei troch. Dat ik net de ienichste wie dy't der wolris muoite mei hie, die wol bliken út de gasteboeken. Want by elke tentoanstelling lei in gasteboek. It lêzen fan de reaksjes wie faaks noch in fleurich ein oan wer in bombardemint fan net begrepen keuntsutingen.

Mar nettsjinsteande it berop dat al dizze keunstwurken dienen op jo yntelliginsje, wie it in prachtige en noflike dei, op in rêstich en moai Amelân. En nei in hearlik ôfslutend miel fan gewoane patatsjes mei in hoekje kabeljau yn mostersaus kaam ik derachter dat der yn my miskien ek wol in keunstner skûlet. Ik sil tenei ek planken en oare rommel bewarje.

As dogge wy dat al? It is oan de lêzer sels om dy fraach te beantwurdzjen…

Pleatst: 20-11-2014 / 23:36 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sintemasije...

Wy binne der hielendal klear foar. Noch krekt op 'e tiid in Fisher Price Sint en Pyt kocht.
En dit even tekenje! www.pietitie.nl

Oei, Sintemasije hat in swart burd! Sil ek wol net meije...

Pleatst: 18-11-2014 / 20:15 oere - Reagearje? - Nei boppen

Literaire dis...

Foar it earst yn ús libben ha wy meidien oan de literaire dis. No bestiet dit fenomeen noch net sa lang, dat foar it earst yn ús libben kin al gau... Yn Harns, yn restaurant Stoof. In prachtich plak.

Koe dat net tichterby?

Fansels wol, mar it is wer ris wat oars as de Posthoorn yn Dokkum. Fansels, dat is ek in prachtich plak, mar faaks komme jo dêr altiten wer deselde gesichten tsjin. Ris nei Harns, dêr ha wy noch nea út iten west. As it moat in patatsje wêze wachtsjend op de boat nei Skylge.

Achterôf binne wy ek mar bliid dat wy nei Harns west ha, want neffens ús gastfrou en meiwurkster fan de bibliotheek, hie ien fan de akts yn Dokkum sa min foldien, dat sy foar kommende tongersdei 20 novimber yn Swarte Haan in oare artyst sykje.

Sintraal stie it boek In vlucht regenwulpen fan Maarten 't Hart. Alle útfierenden hienen harren ynspirearje litten troch dit boek. Sels hienen wy dit boek yn de jierren 80 fan de foarige ieuw lêzen en in protte wisten wy der net mear fan. Mar nettsjinsteande dit gemis, wie it in prachtige jûn, mei in hearlik miel.

Leuk om soks ris mei te meitsjen...

Pleatst: 17-11-2014 / 13:20 oere - Reagearje? - Nei boppen

Neat is foar ivich...

Wer moaie promoasje foar ús 4H-doarpen!

Takom wike wurdt it nije boek (mei boppesteande titel) presintearre yn ús doarpshûs. En as wy op it earste diel ôfgean, dan wurdt it fêst wer in prachtich boek! Twa meiwurkers fan it nije boek ha yn de Weekend Nieuwsshow fan RTV noordoost Friesland útlein hoe it boek ta stân kaam is...

Pleatst: 16-11-2014 / 12:37 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sinneûndergong...

Red sky in the night is a sailors delight, red sky in the morning is a sailors warning...
en
Avondrood, mooi weer in de boot...

Pleatst: 13-11-2014 / 00:01 oere - Reagearje? - Nei boppen

Zeven brieven...

Zeven brieven heb ik jou geschreven, zeven brieven uit dat verre land...


Klik hjir foar in fergrutting

No wit ik net oft dizze brieven út in fier lân komme, mar dêr liket it wol op! Ik kin my gjin Nederlânske ynstânsje foarstelle dy't sokke e-mails ferstjoerd. Mar se sieten wol yn it Postvak in de ôfrûne dagen. De Phishings-leafhawwers fine ek fan alles út.

Wol tafallich dat it om itselde bedrach giet. En ek wol tafallich dat jo beide mei 3v Vouchers betelje moatte. No ik betelje neat! Ik wit net iens wat in 3V Voucher is...

No mar hoopje dat it wol nep brieven binne, oars krij ik de plysje ek noch om 'e doar...

Pleatst: 12-11-2014 / 12:36 oere - Reagearje? - Nei boppen

Postfak yn...

Dit siet yn myn postfakje. Fan in doarpsgenoat. Mei as ûnderwurp: Jij bent fan toch...? Sûnder bygeliedend skriuwen.

Fansels wist ik wat dit plaatsje foarstelde. It is de hoesôfbylding fan de nije LP fan Pink Floyd The Endless River. LP? Ja, want dizze supergroep bringt harren nijste LP út op vinyl. En de muzikanten ha der fuort oan taheakke dat dit ek harren lêste album is.

Ik ha de plaat noch net. Sil ek wol gjin plaat wurde, want wêr moat ik dy op ôfspylje? Ik tink dat ik it album delhelje fan iTunes. Ik ha moai wat iTunes-kaartsje krigen op myn jierdei, dat ik kin mar wurde.

Hoewol... Troch myn hearproblemen klinke platen en muzyknûmers net mear sa as froeger. En dat is by Pink Floyd no júst sa wichtich. Moaie symfoanyske klanken, dat is harren hannelsmerk.

Dit ynspirearre my ta de folgjende reaksje. Want de doarspgenoat moast fansels wol antwurd ha op syn keale foto...

And if the cloud bursts, thunder in your ear
You shout and no one seems to hear.
And if the band you're in starts playing different tunes
I'll see you on the dark side of the moon

Dizze tekst komt út it nûmer Brain Damage (op 2:40 min...) fan it album Darkside of the Moon. En ik ha der yn myn reaksje mar Hear Damage fan makke... :-)

Pleatst: 11-11-2014 / 17:38 oere - Reagearje? - Nei boppen

Koart...

Mar der kin fansels noch wol folle mear skrast wurde...

Dit stie hjoed yn de krante. Mar eins is it dit ek wol wer aardich, want dat docht de krante wol faker. Yn 'e Huis-aan-Huis even wat koarte wjerhellingen fan wat der yn de ôfrûne abonneekrante stie.

Mar ik bliuw der muoite mei hâlden dat der op 'e merke allinne mar pompoenen en koekjes ferkocht waarden... Dat soe dan mar in saaie merke wêze. Boppedat ha ik wol fjouwer koekjes kocht en wie dêrmei de skaal hast leech. Oeps... As hie'k dat better net sizze kinnen? Wol fjouwer koekjes?!! Ehh... se wienen foar de pakesizzers hjer!

Ja, ja...

Pleatst: 05-11-2014 / 12:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ach, it is de Dokkumer...

Fan it moaie jubileum fan ús doarpshûs hie'k in ferslachje foar de krante makke en in foto ynstjoerd. Eins ha ik der wat in hekel oan, want de krante set meastentiids it hiele stikje oer de kop. Dit hie ik ynlevere:

25 Jaar doarpshûs d'Ald Skoalle Hantum

Op 25 november 1989 opende wethouder Walda van de toenmalige gemeente Westdongeradeel officieel de Ald Skoalle. De naam was bedacht door Klaas Velink, voormalig bakker in Hantum en in zijn jonge jaren een van de leerlingen van de openbare lagere school in Hantum. Immers in dit gebouw was ooit deze school gevestigd en het zou mooi zijn als dat in de naamgeving bewaard zou blijven…

Op vrijdag 31 oktober en zaterdag 1 november jl. werd dit zilveren jubileum gevierd en trakteerde doarpshûs d'Ald Skoalle de inwoners van Hantum op diverse feestelijke activiteiten. Alle evenementen waren gratis toegankelijk.

Op zaterdag 31 oktober werden de vrijwilligers van het dorpshuis in het zonnetje gezet en in een feestelijk samenzijn werd er onder het genot van een heerlijk buffet stilgestaan bij 25 jaar dorpshuis.

Op zaterdag 1 november werd het feest al vroeg voortgezet met een 'doe-wat-je-wilt' markt voor de basisschooljeugd. Er werden pompoenen en koekjes verkocht, kon men de vogels trakteren op heerlijke vogeltaarten, konden kinderen zich uitleven in de ballenbak en vermaakte een echte clown de kinderen met geschminkte gezichten en vrolijke ballonnenfiguren. Het was gezellig druk in het jarige dorpshuis.

Ook 's middags wisten vele oudere dorpsbewoners het dorpshuis te vinden en werden zij getrakteerd op een prachtige cabaretvoorstelling van Noordenbos en Ko. En nadat de vrolijke gekleurde cabaretgroep met hun programma 'Kleur Bekennen' de aanwezigen kostelijk had vermaakt, konden de voetjes nog even van de vloer met stemmingsduo 'Background'. Het werd erg gezellig in het sfeervolle dorpshuis.

s 'Avonds werden er voor de oudere jeugd leuke activiteiten georganiseerd. Zo was er een workshop alcoholvrije cocktails maken, konden er spijkers in een zo kort mogelijke tijd in een hakblok geslagen worden, was er karaoke en werd er onder het spelen op spelcomputers eigentijdse muziek gedraaid.

Het spetterende jubileumfeest werd afgesloten met een perfect optreden van top 100 band Wallstreet Live. Vele dorpsgenoten vierden het feest mee en tot in de late uurtjes werd er gedanst, gehost en gezongen.

De jubileumcommissie kan terugzien op een geslaagd jubileumweekend, maar of de volgende 25 jaar ook gehaald worden, dat is nog maar de vraag, want als de plannen door gaan staat er over een aantal jaren en prachtig mooi en nieuw multifunctioneel centrum in Hantum.

En wat bliuwt der fan oer? Klik op de foto foar in fergrutting. Hawar, wy ha yn elts gefal in moai wykein hân!

Pleatst: 04-11-2014 / 22:49 oere - Reagearje? - Nei boppen

Jubileum...

Us doarpshûs bestiet 25 jier. No ja, eins al folle langer, want it gebou is fan 1843, mar it hie oan't 1989 ferskate oare funksjes. Sa wie it yn't earstoan de iepenbiere skoalle fan it doarp en hat it ek jierren in tsjerklike funksje hân en pas fanôf 1989 is it ús offisjele doarpshûs.

Ofrûne wykein ha wy dit jubileum fierd. Twa dagen lang. Op freedtejûn binne wy begûn mei in buffet foar de frijwilligers en sneontejûn let waard it feest ôfsluten mei in geweldich optreden fan top 100 band Wallstreet.

It waard in prachtich wykein, mei in ferskaat oan aktiviteiten. Goed besocht en tige gesellich. Hjir in oantal foto's, de Bokwerder taspraak fan âlde Hendriks dy't hâlden waard ûnder it buffet en in tal foto's fan 25 jier doarpshûs. En dy lêste presintaasje is lang net kompleet fansels, want 25 jier doarpshûs binne hast net gear te fetsjen yn 'mar' 70 foto's...

Jubileum Ald Skoalle:
Link foar de Apple-fans

It doarpshûs troch de jierren hinne:
Link foar de Apple-fans

Pleatst: 03-11-2014 / 11:38 oere - Reagearje? - Nei boppen