Hay Day - Leech…


Yn myn foarige blog hie ik it oer de rêstjouwende Stoepa op de rûte fan myn kuierke. No hat ien fan myn pakesizzers in stikje fan dy rûte neimakke yn it binnen ús famylje populêre spultsje Hay Day. 


Dat is in spultsje op it tablet (ekskuses op de iPad…) wêrmei jo je eigen buorkerij meitsje en beheare kinne. It moaie fan it spultsje is, dat wy elkoar helpe kinne mei fan alles en noch wat…


Sjoch mar ris goed as jimme de omjouwing fan de Hantumer mûne werkenne kinne…

Pleatst: 26-04-2024 - 22:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

It Leech om…


Wat is der yn ‘e frede te fertellen oer it Hantumer Leech… Dat it sa’n 50 sintimeter ûnder NAP leit? No, dat is nijsgjirrich, hast oars neat te fertellen?


Fansels, dêrom hjit it ek it Hantumerleech, doetiids stie it yn ‘e winter altiten ûnder wetter. No net mear, no soarget yn hiel systeem fan sleatten, fearten, gemalen en mûnen derfoar dat it grien altiten te sjen is…


En troch dat lânskip meitsje ik faaks in kuierke. In rûntsje fan sa’n fjouwer kilometer. It iennichste rûntsje yn ús omjouwing mei sa’n lingte. Krekt te dwaan yn in lyts oerke. 


Mar wêrom no dit ferhaal? Yn sa’n keal rûntsje is dochs neat te belibjen? Altiten dy wyn, altiten dy wide kimen en altiten fan te foaren witte wêr’t jo útkomme. Saai…


(Dat sizze de pakesizzers ek altiten as harren frege wurdt: hoe wie it op skoalle? Saai, size se dan. Bliid dat ik gjin aktive master mear bin…)


Mar it is hielendal net saai! Der is júst hiel wat te belibjen! Sjoch mar nei de foto’s yn ‘e kopbalke. De measte foto’s binne makke wilens ik dit rûntsje kuierje. Moaie loften, útsprutsjende planten, fûgels, kikkerts en ynsekten. Bloeiende ikkers, meanende boeren, dridzige lannen as dûnsjende reeën.


Reeën? Slachsto der no net wat nuver yn om? It is Gaasterlân net…


Nee, ik bin net yn ‘e war. Sûnt in skoftsje binne der regelmjittich reeën yn it Leech te sjen. Tsjinkommende doarpsgenoaten fine dat dan wûnderbaarlik en steane skoften nei dizze moaie bisten te sjen. Mar as Súdwesthoekster wurde jo hast net mear oars fan it pear reeën, dy seagen jo yn it boskrike Gaasterlân regelmjittich.


En dan net te ferjitten it rêstjouwende Boeddhistisk Sintrum, even bekomme op it bankje en as it treft de koekoek hearre.


Der is hiel wat te fertellen oer it Hantumer Leech. Mar dan moatte jo it wol sjen wolle. Sa as in rustige spiker bygelyks…

Pleatst: 13-04-2024 - 23:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2024