Doarpsfeest…

Pleatst: 17-07-2024 - 21:56 oere - Reagearje? - Nei boppen

Nochteren minsken, abstrakt tinke…


Us pleatslike basisskoalle wurdt ferboud. No ja ferboud, de skoalle wurdt sloopt en dêrfoar yn ’t plak komt der nijbou. Sa giet soks, neffens de gemeente is it âlde gebou nei sa’n sechtich jier oan ein en mei der nij boud wurde.


It âlde gebou is noch sa geef as kryt, mar it foldocht net mear oan de moderne easken. De gemeente hat foar al har skoallen in bou- en ûnderhâldsplan en dêr hâldt men him oan. Dat plan seit dat de skoalle op is en dan moat it ôfbrutsen wurde.


Is dat sa? Is de skoalle op, tenein en yn in erbarmlike steat? Sa min dat it plat moat? Mar neffens my falt dat wol wat ta en mei in kreative arsjitekt soe der bêst noch wat moais fan te meitsjen wêze. Sjoch mar nei ús doarpshûs d’ Ald Skoalle. Fan bûten mear as hûndert jier âld, mar fan binnen op en top nij!


No ja, wy sille sjen. Der sil wol oer neitocht wêze…


Eins moat in âld skoalmaster him net mear bemuoie mei soksoarte saken. Syn tiid is west.

Mar dochs doch ik it! Omdat ik oan de Maak- en ideeënsessie meidien ha. Der wie in útnoeging yn ús doarpen bylâns gien. Foar alle belangstellenden. Opgave niet nodig. Dat ik koe it net litte. Foaral net omdat der in Nieuw Educatief Ontwikkel- en Ontmoetingscentrum op it Hantumerhoekje komme sil.


In wat?


Wat is der mis mei in basisskoalle? Hjoed oan de dei hjitte alle basisskoallen oars. Integraal Kindcentrum, IKC as ‘gewoan’ Kindcentrum. Mar wy krije dus in Educatief Ontwikkel- en Ontmoetingscentrum. E.O.O.C. sille wy mar sizze. Hoe sjogge jo dat foar jo?

En omdat de lju dat sels ek net witte mochten doarpsgenoaten meitinke. Der wiene fiif doarpsgenoaten dy’t yn dizze sesje harren gedachten der wol oer gean litte woene.


Mar dan komt it. It wie op dizze jûne net de bedoeling dat jo meitinke mochten oer de ynhâld fan it ûnderwiis as oer praktyske saken oangeande it nije gebou. Nee, wy moasten abstrakt tinke. De trije persoanen dy’t de lieding hiene op dizze jûn hiene wol in heal oere nedich om ús út te lizzen wat de bedoeling wie. En alles yn it Hollânsk fansels…


Het is de bedoeling dat we samen een idee vormen van de plaats van het gebouw in de historische context van deze omgeving. Waarbij onze ideeën vorm krijgen bij onze verbeelding in de ruimte van dit uitgestrekte landschap. Welke kleuren en gevoelens roept dit bij u op? En hoe kunnen we het gebouw ruimte geven in jullie gemeenschap?


Soksawat. It wie sa wollich en sweverich dat ik it hast nei iens neifertelle kin. Lokkich hiene wy allegearre kleurde stiften, stikjes stof, ferve, stikken papier, foto’s en plaatsjes ta ús beskikking om ús ideeën stâl te jaan. In nifeljûn dus…


Earst mar ris freegje oft it ek yn it Frysk koe. No, fuort dan mar. Twa begelieders wiene Frysktalich mar ien fan harren bleau Hollânsk praten, want Fries was niet haar memmetaal…

Hoe soe de skoalle dan aanst hjitte yn it Frysk? Edukatyf Untwikkel- en Moetingssintrum? EUMS? Fan Nasy-skoalle oan’t EUMS. Tiden hawwe tiden.


Even útlizze…


Doetiids stie der Kristlike Nasj. Skoalle op de gevel. En Nasj. wie fan nasjonale. Mar al gau waard dat nasy skoalle. De histoaryske kontekst, begripe jimme? Spitich dat men gjin plaatsjes fan de Sineeske keuken dellein hie…


Hawar, wy oan ‘e gong. Fansels plakten wy gjin plaatsjes. Wy brûkten it grutte papier om ris te tekenjen hoe’t it no siet yn ús mienskip. Moetingssintrum? En ús doarpshuzen dan? Ik siet in in groepke mei de foarsitter fan d’ Ald Skoalle. Dy wie fansels ek nijsgjirrich nei dat Ontmoetingscentrum


Hy tekene moai skematysk op it papier hoe’t alle fjouwer doarpen harren sosjale aktiviteiten stâl joegen. Dat eins alle foarmen fan inoar moetsjen yn de ferskate ferieningen en organisaasjes fan ús doarpen al útkristallisearre wiene en dat der miskien hielendal gjin ferlet wie oan in nij moetingsplak. Alteast net foar folwoeksenen. Foar de bern út ús mienskip wie dat fansels wat oars. 

It papier stie fol mei kreten en tekeninkjes. Moai! Gjin plaatsjes, gjin stikje stof as in kleurke. Hoewol, in stikje skjirpapier soe miskien wol passe…


Om’t wy mei fiif belutsen doarpsgenoaten oanwêzich wiene, waard it ek noch wol in gesellige en besteklike jûn. Elk groepke mocht even ferslach dwaan fan harren kreaasje. It papier omheech hâlde en even fertelle wat it groepke betocht hie. It die bliken dat elk gewoan opskreaun en beplakt hie wat harren oangeande in skoalle – ekskús: EUMS – dwaande hâlde. Neat gjin fage opmerkings as in moai kleurepalet fan Libelle-plaatsjes.

Achterop koene wy ús namme skriuwe. Mei ús mailadres. Want dan koene wy letter in ferslach fan al ús befiningen thússtjoerd krije.


Mei al dizze papieren koe de – noch te kiezen – arsjitekt syn/har foardiel dwaan. Dy soe fêst de papieren boppe syn/har kompjûter hingje en dan hieltiten ûnder it tekenjen mei in skean each net ús kryptogrammen en rebussen sjen. ‘It wurdt fêst in prachtich ûntwerp. Dat jimme letter sizze, ja dat werken ik werom, doe ha wy it dêr oer hân!’ Dat sei de ynlieder ús oan it begjin fan de jûn ta. Bin benijd as it hjoeddeiskje logo fan de skoalle dan ek in wichtich plak krijt yn it nije gebou. Want dat logo wie dochs wol dúdlik te ûntdekken yn ús bydrage…

Moai dat wy meitinke mochten oer de nije skoalle. Mar soe der wat dien wurde mei ús tips? (Litte wy it sa mar neame.) As is it in waaksen noas; dat alles al beslikke is. Dat idee krije jo betiten wol ris.


En wêr’t ik dan noch de measte muoite mei ha is dat trije bûtensteanders ús fertelle wolle hoe’t wy abstrakt tinke moatte. Dat de ynlieders it ha oer de histoaryske kontekst wilens se gjin idee ha wêrom’t de skoalle no krekt op dat plak stiet. Dat alle begelieders en prosesregisseurs gjin idee ha hoe’t de hazzen yn ús mienskip rinne en gjin weet ha fan de trije doarpsbelangen. Drie? Er zijn er toch vier?! Dat it begeliedingsfolk gjin Frysk praat yn in folslein Frysktalige omjouwing en dat it ûnderwiisfolk de mûle fol hat fan belutsenens by de doarpen mar op dizze jûn sels net oanwêzich is.


Ik wit it. De tiid leit fier achter ús dat de skoalle op it hoekje folslein autonoom wie. Mei in eigen bestjoer dat bestie út frijwilligers út ús doarpen. Mei in direkteur dy’t oan ‘e oare kant fan de dyk wenne en dy’t sels ek noch foar de klasse stie. Mei learkrêften dy’t allegearre yn ien fan de doarpen wennen. Dy’t meidiene yn dy mienskip en dêr ûnderdiel fan útmakken.


Ik wol perfoarst net sizze dat it doe allegearre better wie, mar it wie wol in stik dúdliker. It is no allegearre oars regele en organisearre. De basisskoallen binne ûnderdiel fan in grutter gehiel mei in kantoarpân fol personiel dy’t noch nea in klasse les jûn ha. Mar dy’t wol fan alles foarskriuwe en bepale wol. Boppedat stiet sa’n organisaasje folle fierder fan ús mienskip ôf. En dan mei soksoarte fan jûnen de minsken it idee jaan wolle dat se each en ear ha foar de mienskip. Mar it jout jo it gefoel dat it dochs net alhiel slagget. Want wy binne nochteren Friezen en as wy abstrakt tinke moatte dan ha wy it dreech en fine wy it al gau te sweverich.


Mar wy sille sjen. Miskien sizze wy aanst wol op in moaie gesellige moetingsjûn yn ús EUMS: it hat dochs goed west, dy kreative jûn yn 2024 op de, doe noch, fjouwerHoeke. Want no ha wy in lekker bakje kofje en dat wie doe net it gefal. Ja, in lyts koekje. Mei nútsjes derop. Dat heucht my noch skoan.


Mar men kin gjin koekjes bakke sûnder aaien te brekken…













Pleatst: 15-07-2024 - 15:50 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2024