It ljocht fan Leonard Cohen…
Fan ‘e wike op in moaie rêstige jûn de Winterljocht rûte rûn yn Dokkum. Moai!
Ien fan de lêste projeksjes wie de Ingelsktalige sin There is a crack in everything, that’s how the light gets in… Dy sin komt út it ferske Anthem fan Leonard Cohen. Yn ‘e goeie earetiid wie ik sljocht op de muzyk fan dizze Kanadeeske poëet.
Dochs mar dit ferske delhelle. Nettsjinsteande de falske noaten fan myn earenynstrumint, foel it my net ôf. De karakteristike Cohen-sfear koe ik noch goed gewaarwurde. Ik waard suver in bytsje fereale op dit ferske. Foaral ek de moaie betsjutting fan de tekst… (Yn dit stikje wurdt dat moai útlein…)
En dan bliuwt dy sin en dat ferske mar yn jo holle om sweven en iderkear wer klik ik it oan yn de muzyk-app op ‘e telefoan. En om’t myn hearapparaten automatysk kontakt sykje mei de telefoan, sit ik der dan fuort wer middenyn…
That’s how the light gets in…
Pleatst: 23-03-2024 - 09:56 oere - Reagearje? - Nei boppen
De lantearnespjocht…
No ja, rêst… Dy waard nijsgjirrich fersteurd doe’t ik boppe noflik siet te kompjûterjen. Wat in nuver klopjen bûten. Ferheard seach ik troch it sliepkeamerrút tsjinoer ús in spjocht op in lantearnepeal om timmerjen.
Soe ik him digitaal fange kinne? Hurd it rút iepen, nei beneden om de kamera en mar hoopje dat Woody net fuortflein wie. Lokkich, hy wie der noch…
Pleatst: 18-03-2024 - 16:20 oere - Reagearje? - Nei boppen
Utferkocht… (2)
Net allinne yn Burdaard waard ik frege om de toanielklup te regissearjen, ek it Hantumer Ploechje frege my oft ik harren dit winterskoft begeliede woe. Earfolle fraach! Al sûnt de foarige iuw lid fan it Ploechje, hiel faak meidien en in protte wille hân. De lêste jierren wat minder as spiler yn aksje fanwegen de aktiviteiten mei Klún & Knoffelhakke, mar noch altiten belutsen!
En dan no regissearje. Prachtich!
Der wie in bysûnder stik útkeazen, ien fan de moaisten dy’t ik regissearre ha! In moaie útdaging en mei in prachtige ploech! Elke wike wer hearlike oefenjûnen. De doarpsgenoaten wiene fanatyk en elk woe der wat moais fan meitsje. Moai wie ek dat der twa jonge, nije spilers meidiene. En wat diene sy it goed!
It wie in moaie tiid, de ploech wie trou en meielkoar makken wy der in treflike foarstelling fan. Mar dochs begûn it wat te knagen…
Knage? Rotten yn it doarpshûs? (Letter mear...)
Der wiene twa foarstellingen pland. Twa jûnen achterelkoar. De ploech siet der wat oer yn as der wol minsken komme soene. Mar dat ynsitten oer wie perfoarst net nedich. Man, wat in belangstelling en twa prachtige jûnen mei in protte kompliminten. Spitich dat ik fanwegen in eigen optreden ien fan de jûnen misse moast, mar neffens de spilers wie dy twadde jûn de bêste! Mei hearlik reagearjend publyk!
Sadwaande dat knagen? Sa fan: wy kinne bêst sûnder dy?
Jawis, kinne sy wol sûnder my… Mei in útfiering hoecht in regisseur neat mear te dwaan. Allinne mar sjen en genietsje en de spilers foar de oanfang en yn it skoft moed ynprate.
Nee. Regissearje yn eigen doarp is oars. (Hoewol, gjin reiskosten is wol wer noflik. Jo kinne te gean nei it doarpshûs.) Wat dan? Bist no net wat oan it eameljen?
Miskien…
Mar om’t jo ek lid binne fan de klup, begjinne jo je mei saken te bemuoien dêr’t jo je as regisseur eins net drok oer hoege te meitsjen. Wêrom moat de regisseur de kaai fan it doarpshûs ophelje? Wêrom moat hy as lêste nei in oefenjûne de doar fan it doarpshûs ticht dwaan? Om’t ik ek frijwilliger bin fan it doarpshûs?
Alles rint trochelkoar. Ik bin lid fan de klup sûnt de wjeroprjochting fan it Hantumer Ploechje yn 1981. Bestjoerslid west en ferslaggen skreaun foar de krante ensfh. En moat ik dan sinten ha om’t ik elke jûn oanwêzich bin, krekt as myn klupgenoaten? Ik wol en sy net?
Pff… Dan is der mar ien opsje. Net wer. It wie in moai aventoer, in prachtige tiid, it wie gesellich en fleurich. Mar it is in betiizjende kombinaasje fan petten en funksjes…
By de foto’s:
Boppe: Makke troch it AI programma DALL-E 3. Maak een plaatje van een twijfelende regisseur met een blauwe bril en een grijze snor. De regisseur staat voor een theaterpodium.
Under: It Hantumer Ploechje yn 1985 mei Serenade foar Beits.
Pleatst: 12-03-2024 - 12:25 oere - Reagearje? - Nei boppen
Utferkocht…
Wat is dat dochs mei toaniel- en teäterfoarstellingen hjoed oan de dei. Altiten mar wer mei grutte letters op de sosjale media: útferkocht. Krekt as hinget it dêr fan ôf as it goed is ja as nee.
Guon ferieningen oerlade jo mei soksoarte fan berjochten. Poster fan it stik en dan mei grutte letters UTFERKOCHT der oer hinne. Hoe mear foarstellingen fan dit stimpel foarsjoen wurde, hoe moaier as men it fynt.
Sosjale media wurdt gauris brûkt om in stik oan te rekommandearjen. Mar as elke foarstelling útferkocht is, dan kin der dochs gjin minske mear by? Wêrom dan noch publisearje en reklame meitsje? Nuver…
As wolle se dêr mei sizze: sjoch ris hoe goed wy binne! Alles is útferkocht! Hoewol’t der meastentiids noch net in foarstelling spile wurden is. Utfieringen moatte faaks noch plak fine. Hawar, wy binne útferkocht, en elk moat dat witte!
Mar it is mar krekt hoe’t jo it besjogge… In seal dêr’t mar 50 minsken yn kinne is al gau útferkocht. Alle fiif foarstellingen útferkocht! No, dat is moai. Hier dan in gruttere seal ôf soe ik dan size…
Ôfrûne wykein hiene wy de lêste foarstellingen fan toanielferiening Op, mar net út de hichte út Burdaard. Trije foarstellingen ha wy spile mei dizze o sa gesellige toanielklup. My hiene se frege om harren te regissearjen. En dat wie ek dit winterskoft wer in feest! In prachtige ploech, in motivearre bestjoer, alles tip-top foarinoar, in moai stik, warbere dekôrbouwers, fanatike technyske minsken, belutsen sminksters en fansels in moaie lokaasje.
Oer dy lokaasje is it ôfrûne jier fan alles sein wurden, dat litte wy hjir mar bûten beskôging. Litte wy it sa sizze: it stiet der noch... En salang kinne wy toanielspylje yn de moaie teäterseal.
Mear dan 380 belangstellenden koe de klup wolkom hjitte. Ferdield oer trije foarstellingen. Alle kearen útferkocht? Fansels net, der kinne 180 minsken yn dizze seal. En dan noch wat losse stuollen derby, dan sitte jo al gau op 200 minsken dy’t in plakje fine kinne. Utferkocht bart dan net sa gau. Mar stel der soene mar 75 minsken yn ‘e seal kinne, dan wiene alle 5 foarstellingen stiif útferkocht!
Mar dêr pronkje ik net mei, dat hoecht ek hielendal net. Dat is foar my net it wichtichste. Wol wichtich is dat wy ús hobby sa noflik en goed mooglik útfiere wolle. Dat wy der wille oan ha, dat wy meielkoar, fan spilers oan’t dekôrbouwers in moaie foarstelling delsette wolle. En dat is tige by tige slagge!
Wat my oanbelanget is dat mear wurdich as 5 kear UTFERKOCHT!
En ja, ik moast dizze sûkeladewikkel ek even goed besjen…
En ja (2) foar myn doarpsgenoaten, om oergeunst foar te kommen… 😉 De moaie jûnen fan it Hantumer Ploechje komme yn in folgjend stikje oan bar…
Pleatst: 11-03-2024 - 12:42 oere - Reagearje? - Nei boppen
© webdesign: www.vanderhei.de - 2024