Pleatst: 22-09-2024 - 22:32 oere - Reagearje? - Nei boppen
Wêr bisto ien fan Daan…?
Yn in foarich doarpsblêd stie in oprop. In oprop foar in skriuwer fan it foarwurdsje. Want wa wit wennet der binnen ús doarpen in doarpsgenoat dy 't it aardich fynt om te skriuwen. En dan syn as har stikjes 8 kear yn it jier diele wol mei ús lêzers.
Der is net ien dy 't him oanmeld hat.
Mar miskien hiene we de oprop ek wol op in te ûnopfallend plak set. Datst der oerhinne liest. Miskien hast it mist en dat soe skande wêze. Dêrom ek hjir nochris dy oprop: fynsto it leuk om te skriuwen en fynsto it leuk om dyn wurk te publisearjen yn ús doarpsblêd? Lit it witte!
Miskien is it wol wat foar Daan. De nije ynwenner fan ús 4H-doarpen. Alteast as wy de nije searje Emigrearje nei Fryslân fan Omrop Fryslân leauwe meie. Daan is delstrutsen yn in pleats op 'e Utbuorren en dêrwei ferkent hy syn nije wenomjouwing. Sa is er begûn te fiskjen op it Waad en learde hy sipelsop meitsjen fan syn nije buorfrou Annie …
It siert Daan dat er no al Frysk praat. Top!
Buorfrou Annie is in bekende doarpsgenoate, dy 't echt lekkere sop siede kin! Mar by myn witten steane der gjin huzen leech yn ‘e buert fan de wenning fan dizze buorfrou. As is der sprake fan in fiere buorman? As fariaasje op Beter in goede buur dan een verre vriend…?
Hawar, wy sille it sjen. Ik ha heard dat Daan him ek oanmeld hat by ús pleatslike koar Rûm Sop. Sjen oft Daan ek moai Frysk sjonge kin. Mocht dit it gefal wêze, dan sil skriuwen grif ek wol slagje. En om syn earste stikje net al te dreech te meitsjen, kin hy miskien it hearlike resept fan sipelsop ynstjoere.
Spitich dat Daan it doarpenfeest mist hat. Dat is pas echt in yntegraasjebefoarderer! Meidwaan as sigeuner op de fersierde wein fan de Xennial-sigeuners, doarpsgenoaten dy 't nostalgysk weromsjogge nei de optochten út it ferline. Doe 't se noch mei folle pispotten by it publyk del drave mochten (no ja mochten...). Daan soe dêr prima tusken passe mei syn moaie blauwe galgen.
It wie oars in prachtich feest! Nettsjinsteande alle rein tige goed slagge! Hulde oan de feestkommisje, want it is hjoed-de-dei gjin sinekure om in feest te organisearjen. In stikje skriuwe is makliker, gjin fergunningen en ferkearsregelers nedich. Om oer befeiligers by it typen mar te swijen...
Dus …
Pleatst: 03-09-2024 - 16:20 oere - Reagearje? - Nei boppen
© webdesign: www.vanderhei.de - 2024