Stek boppe wetter…
Yn myn begjintiid as skoalmaster, lústeren wy mei de klasse hiel faak (as Fryske les) nei de aventoeren fan Marten de Mûs. Prachtich wie dat. Marten belibbe altiten fan alles mei syn freonen. Ien fan dy freonen wie Stek de Stikelbaarch.
Ik bin Stek de Sikel-stikelbaarch
Elk fynt my in bytsje eigenaardich
Mei myn stikeljaske oan
Ha’k it meastal gau bedoarn…
En samar ynienen kaam Stek foar’t ljocht!
Yn ‘e feart by de mûne is in beamstobbe yn de streaming hingjen bleaun. It liket krekt in lyts eilân. It moaie is dat it eilantsje ek begûn is te groeien en te bloeien. Suver in aardich gesicht! Mar no docht bliken dat Stek it moaie eilantsje ek ûntdutsen hat. Stek kin goed swimme tink, oars soe’k net witte hoe’t Stek dêr sa telâne kaam is…
Miskien is dit ek wol in sêne út in nije aventoer fan Martende Mûs: De skipbreuk fan Stek…
Pleatst: 04-06-2024 - 14:33 oere - Reagearje? - Nei boppen
Pleatst: 02-06-2024 - 14:59 oere - Reagearje? - Nei boppen
De terreur fan de blêdblazer…
Wat wie ik bliid dat de foarsitter fan ús doarpshûs sei dat hy in hekel hie oan blêdblazers. Ik tocht altiten dat ik de iennichste wie. Lokkich binne der dus mear dy’t sok ark ûndingen fine.
Wy wiene dwaande mei it bûtenom skjinmeitsje fan it doarpshûs en ja, dan dwarrelet der wolris in bledsje jo kant út… En dan docht in biezem fertuten.
En perfoarst gjin blêdblazer!
De gemeentemannen kinne der ek wat fan. Regelmjittich binne se yn ús buertsje te finen. Moai fansels, want de perkjeboel wurdt kreas ûnderhâlden, mar altiten wer dy blêdblazer!
Soks begryp ik dan wer net. Want wy moatte om de CO2 útstjit tinke, moatte wy tinke om lûdsoerlêst en it minskdom moat mear bewege. En as der ien stikje ark is dy’t mei alle boppesteande oanrekommandaasjes de gek hat, dan is it wol dat nuvere blaasding.
Yn ús perkjes hat de gemeente fan’t maitiid in protte kompost delsmiten. Goed foar de plantsjes, mar wy krigen mear it idee dat de gemeente dy kompostboel wol kwyt woe, want der kaam net in laachje tusken de moaie planten, mar suver in heale meter! De plantsjes kamen der noch krekt boppeút. Hawar fuort mar.
Mar by moai waar drûgje dy heal fergiene kompostblêden op en dan is it by in stevich wyntsje krekt hjerst by ús op ‘e buert, want dy lichte blêdeboel waait steefêst tusken de plantsjes wei de stoepe op. Om oer de fûgels mar te swijen, dy meie ek graach yn dy bledsjes omtyskje, dat de stoeptegels lizze altiten besaaid mei dy drûge kompostbrot.
Lokkich komt de gemeente dan sa no en dan om dy boel wer kreas op de rêden. Boppedat behimmelje se de perkjes dan ek even. En sadwaande kriget it túch dan hast gjin kâns. As lêste hanneling feije de gemeentemannen de boel dan kreas oan en dan is it wer sa kreas as in krúsbei.
Feije?
Diene se dat mar. Dan wiene se in in heal oerke klear. Mar se witte net mear wat in biezem is. Ien fan de mannen docht in grutte helm op, mei fizier, der komt in lûdsbeskermer op de earen en moffen oan. Dan wurdt der in mânske blêdblazer, oandreaun troch in bezinemotor, om it liif hongen en blaasstriid nimt in oanfang! Sy tinke allinne mar oan harren sels, want sy dogge in lûdsbeskermer op, mar at dêrnei de hiele strjitte in heale moarn in dat yrritante lawaai sit, kin harren gjin fluit skele.
In heale moarn? Mar dan oprûmjen is dochs sa klear? Heal oerke hiesto it oer…
Ja, mei in biezem! Mar wat bart der? De blêdblazer blaast alles foar him út. De oprit dy’t earst noch moai skjin is, leit no fol blêden. De oprit mar wer skjinblaze. De boel moat de perkjes wer yn. Mar yn de perkjes leit dat lichte kompostguod, witte jimme noch? Dat de oprit skjin, mar de strjitte wer fol. Want it guod út de perkjes waait de strjitte wer oer. Ok. Kin gebeure. Strjitte wer skjinblaze en hup de rotsoai de perkjes wer yn. Stoepe oan ‘e oare kant wer fol. Ensfh. Wetter nei de see drage, sokssawat.
Blêden fan A nei B. Fan B nei C, dan fan C wer nei A. Want wurk moat der bliuwe. En dat giet dan in hiele moarn sa troch. Wat in ûnsin! Pak in biezem en fei de boel ‘gewoan’ oan! Samar klear, gjin útstjit, bist folop beweging en gjin lûdsoerlêst! Goedkeaper en effisjinter. Ik begryp wier net wêrom’t der net ien is dy’t soks oan bannen leit.
Dêrom hat de foarsitter it goed sjoen. Der soene mear minsken krekt as ús in hekel oan sokke dingen ha moatte. Miskien dat soks dan lang om let ferbean wurdt.
Miskien dat de wenningbouferiening dan ek meidwaan kin oan soksoarte fan miljeumaatregels. Want sy binne op’t heden ek dwaande yn ús buert. Carpoole bygelyks. Want fan ‘e wike wiene der in hiele bulte wurknimmers fan boppsteande feriening om hûs en hear oan ‘e gong by itselde hûs. En allegearre apart yn in bedriuwswein. De hiele buert stie fol. Se ha fan dy moaie slachsinnen op de buskes stean. Bygelyks: Thuis op de bank is de hele dag bellen met je vriendin… Ik soe der ien oan taheakje wolle: Klussen op dezelfde plek is ’s ochtends eerst vragen of je kunt carpoolen…
Wat CO2 útsjit oanbelanget is der noch in lange wei te gean. Mar as wy no ris lyts begjinne?!
(De plaatsjes binne makke mei Dall-E3)
© webdesign: www.vanderhei.de - 2024