It pishoekje…

 

Wy wiene net sa pisserich. Wy kamen út in deeglike húshâlding. En yn dy húshâlding hiene wy it oer plasse. Pisje dat wie foar de gewoane man…

Mar hjir op ‘e klaai is pisje in hiel gewoan wurd. Elkenien brûkt dat wurd. Moast der earst wol oan wenne doe’t wy hjir kamen te wenjen.

 

Ien fan ‘e bern frege ris ûnder de les as hy even te pisjen mocht. Wat seisto? andere ik him. (Ik woe graach dat hy plasse sizze soe…) Hy werhelle syn fraach: Mei ik even te pisjen? Wer wie myn reaksje: Wat seisto? En nei ‘t wy in pear kear dit werhellingspultsje spile hiene reagearre hy in bytsje rekke: Ik woe graach te pisjen, as wit master soms net wat dat is?!

 

Ik ha him doe mar gean litten, oars soe it wolris in wiete boel wurde kinne. En eins wie dat ek it momint dat ik foargoed plasse feroare yn pisje. Wy wiene no klaaikluten.

 

Soks komt jo dan allegearre yn ’t sin as jo foar in pispeal steane yn it Zuiderzeemuseum. Sa waard dat ek neamd: pispaal. In yngenieus urinoarsysteem bûtendoar. In ienfâldige ynstallaasje fan twa planken dy’t yn in hoeke van 90 graden tsjininoar oan timmere wiene. Sa’n oardel meter heech. Dy pispeal stie deun foar in reinwetterbuis. No ja, deun… Tusken de peal en de ôffierbuis koe noch krekt in manspersoan stean. Jústjakrekt, om te…

 

Mar it yngenieuze wie, dat de reinwetterbuis fan ûnderen iepen wie en it reinwetter sa oer de stiennen streame liet. De stream gie rjochting de ûnderkant fan de pispeal en sadwaande naam it spielende reinwetter it giele guod mei nei in putsje dat wer in oantal desimeters fierder oanlein wie. Sadwaande koe de natuer moai syn gong gean. En waard de pispeal mei reinwetter kreas en hygiënysk suvere.

 

Wy ha ek ris in pishoekje makke…

 

Yn ús jonge jierren boarten wy altiten bûten. Op it terrein njonken de garaazje. It bedriuw fan myn famylje. It terrein wie noch net ferhurde, want pake hie dêr syn tún. Blommen, beantsjes, blomkoal, toarnbeien en krúsbeien. Alles waard sels ferboud. Dat men dêr noch tiid foar hie, njonken in eigen bedriuw mei al syn wurksumheden.

 

Hawar, nei’t pake ferstoarn wie ferwyldere it terrein en der waarden plannen makke om it mei tegels te ferhurdzjen. Mar eart it safier wie, koene wy dêr prachtich boartsje. Njonken jo eigen hûs, dat ek noch! Sawat alle bern fan ‘e buert hiene dêr harren boartersplak. En it moaie wie: ús âlden lieten ús moai gewurde. Wy koene fan alles útfine. As der bygelyks ris in sloopauto stie, dan mochten wy dy fan ús heit útelkoar helje. En dat gie wolris mâl!

 

Mar as it te bot gie, dan kaam ús heit mei syn holle ta it rút út mei in warskôging. Syn kantoar hie it útsicht oer it (noch oan te lizzen) plein.

 

Op in middei fûnen wy in leech fetblik. Fan Esso. Idee! Kinst moai yn pisje! Hoegden wy ek net nei hûs om ús behoefte te dwaan. Mar ja, dat blik soe fansels op in bepaald momint oerrinne.

As wy der no ris in ôffier oan meitsje soene? Al gau kaam ien fan ús mei in âlde túnslang oanrinnen. (Jimme begripe dat terrein mei al syn ‘ôffal’ wie in eldorado foar ús…) It duorre dan ek net lang as der wie in gat yn de ûnderkant fan it blik makke, wie de slang deroan deroan nifele, wie der in sleuf groeven dy’t ôfrûn nei de túngreppel en wie it gehiel kreas ôfwurke mei de ôfgroeven grûn. Us kreative húske koe yn gebrûk naam wurde.

 

It Esso fetblik stie hielendal net achter in sket, in doar as om ‘e hoeke. Nee, it stie gewoan midden op de braaklizzende tún. Wy hiene gjin sjêne. Ien foar ien mochten wy it pishoekje útprobearje. Mar it duorre wol even ear’t de striel oan de greppel ta wie. Mar doet de earste strielen ta de slange útkamen, klonk der in hiel joecheigerop oer it terrein. En oft ús heit kjel troch it rút syn nijsgjirrigens blike liet, wit ik net mear. En oft nei dit slagge eksperimint tenei de hiele buert gebrûk makke fan ús iepenbiere toilet, kin ik my ek net mear heuge. Ik tink dat it wat te mâl gie en dat dit pishoekje net in al te lang bestean hân hat.

 

Mar wat in wille! It koe allegearre!

 

Miskien hie’k tsjin de learling sizze moatten: Fansels en nim mar even in amer mei. Helje dan in skeppe by de beukers wei en libje dy út yn de tún fan skoalle…

 

Healwize oanslaggen fan dy master út Gaasterlân. Mar de bern soene it fansels nea wer ferjitte. Se soene it der op lettere leeftiid fêst noch oer ha. Witst noch wol? Fan dy amer yn de skoaltún?

 

Krekt as ik. Ik wit it noch skoan. Mei tank oan de pispeal yn Enkhuzen…

 

Pleatst: 30-10-2024 - 23:04 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2024