It is no - Earder dit jier: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Nij... Sjoch, sa is it wurden. In nije startside foar besykers fan de troch my makke websides. At sy op it linkje op dy sides klikke, komme se hjir út. Ek in webside foar jimme meitsje? Reagearje mar soe'k sizze...
Spam... Dat is mar wat. De lêste wiken komme der iderkear berjochten fan ûnbekenden binnen. Se reagerje saneamd fia de reaksje-link ûnderoan it blog. Fansels dogge se dat net sels, der ha de spammers robots foar. Jo waarden der sljocht fan. It reaksjeformulier hat syn langste tiid hân...
Lokkich ha ik in prachtich programma dêr't jo formulieren mei meitsje kinne. Dat oan'e slach! Guon dy't regelmjittich reagerje sille no sjen dat it krekt even oars is.
Soksoarte berjochten kamen der binnen. Mei syn tsienen tagelyk. Dan wer fan Ethan, dan wer fan Brody as Hyden... En dan mar hoopje dat ik op ien fan dy links klikke soe. Lokkich kinne boppesteande links net oanklikt wurde, it is mar in plaatsje...
Dat sil kreakje, sei de boer, en hy jage de jarrebak ta de bûthúsdoar yn... Moai stikje...(2)
Ek dit is in moai stikje. Hiel wat oars as ûndersteand. Der wol even foar sitten gean...! Moai stikje... Under ús foarstelling yn Garyp siet der foaroan in fotograaf wakker plaatsjes te meitsjen. Wilens skreau hy ek wat koarte sinnen yn in boekje. (Nuver, mar soks falt jo op ûnder it spyljen...) Wy hienen der hielendal gjin lêst fan, wy fine soks wol moai. Mar wêr binne yn de dagen dernei de foto's dan werom te finen? Hjir dus... RTVkanaal30. Mei tank oan Kees Westra!
Nieuws uit de regio GARYP - Dizze moanne wurdt der fan alles op tou setten yn en fanút It Geahûs yn Garyp. It hie wat drokker wêze moatten sneon mei it teaterprogramma fan Klún en Knoffelhakke. Hendrik van der Heide en Broer Douma pakke de seal yn! Ek it publyk wurdt by it programma belutsen en kinne har allegearre fine yn de sfear dy't delsetten wurdt. Yn in Ford Hekstra fan Ikea nei de PC! Der wurdt eamele oer de tún en ''De fytsende Rjochter'' moat komme. Fette prizen winne mei Gaston en laitsje om de doweman mei in Slllik Kikkert! De thúsbliuwers hiene ek no wer ûngelyk!
|