Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Earder dit jier:
Desimber 2014
Novimber 2014
Oktober 2014
Septimber 2014
Augustus 2014
July 2014
Juny 2014
Maaie 2014
April 2014
Maart 2014
Febrewaris 2014
Jannewaris 2014

Argyf:
Blogs fan foarige jierren
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Halloween...

Tsja, dat is it hjoed. No mar spoekje... Dizze foto is makke yn Plopsaland Coevorden. Om't it sa'n moai plaatsje is, even op de webside...

Pleatst: 31-10-2014 / 13:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bliid... (slot)

Ek 35 jier ferlyn wie it in prachtich plakje en wy ha dêr in geweldich feest hân. No sjocht it der hiel oars út. It is net mear in feestseal, it is no in bêd en brochje.


Pleatst: 31-10-2014 / 12:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oer de hage...

Yn de TV-searje Home Improvement spile ek in buorman mei. Allinne buorman seagen jo nea. No ja nea, allinne in huodsje en in pear eagen as de haadrolspiler mei buorman in praatsje oer de hage hie.

Dêr moast ik juster oan tinke doe't ik Wilma seach wilens sy oer it sket in praatsje mei buorman hie ...

Doe't wy der krekt wennen, siet der noch in lyts stekje tusken ús en de buorlju. Dan even troch it stekje om in praatsje. En jo misten dan ek noch wolris in kratsje bier as jo nei in wykein útfanhûs wer werom kamen. (Nee, wy neame gjin nammen...)

Mar tiden hawwe tiden en elk is steld op syn privacy. Neat mis mei fansels en de buorlju binne der neat net minder om, mar ja, dan krije jo soks. Net troch it stekje foar in praatsje, mar boppen op de túnbank...

Pleatst: 28-10-2014 / 18:05 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bliid...(4)

Bliid wurde jo as de pakesizzer seit: Ik wol ek helpe om de sprútsjes klear te meitsjen!

(Dan sil hy se ek wol ite net?!)

No ja bytsje minder bliid doe't de sprútsjes dampend op 'e tafel stiene en hy sei: Ik fyn sprútsjes dochs net lekker...

Pleatst: 27-10-2014 / 11:55 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bliid...(3)

Wy wurde altiten bliid as wy sjogge dat in organisaasje de muoite naam hat om in optreden fan ús op in moaie wize kenber te meitsjen. Sjoen by Aldemardum...

Sa wy sa wurde wy fan optredens tige bliid!

27-10-2014/ 11:54 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oanbieding...

Mei pakesizzers yn 'e knutselfase is wat ekstra lym gjin oerstallige lúkse. Dat doe't ik yn 'e oanbiedingenbak in potsje lym lizzen seach, tocht ik: AH! Meinimme dy boel!

Mar hoefolle soe dizze oanbieding eins skele ...?

Doe't ik yn it skap de potsjes lym opsocht, kaam ik ta de konklúzje dat ik it earst mar lizze litte soe en wachtsje op in bettere oanbieding.

's Lands grootste kruidenier let op de kleintjes...

Pleatst: 25-10-2014 / 17:36 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bliid...(2)

Pleatst: 25-10-2014 / 12:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

Jildpine...

Dit berjocht kaam yn myn postfakje:

hello,
Ik ben een individu financiële experts in staat om u een lening variërend van ? 5000 tot ? 1.500.000 tegen een tarief van 3% per jaar is iedereen in staat om terug te betalen en met de voorwaarden die het leven makkelijker maken. Dit zijn gebieden waar ik kan hulp:

  • Financiële
  • Home Loan
  • Investment Lening
  • Auto Lening
  • Consolidatie van de schuld
  • Line of Credit
  • Tweede Mortgage
  • Acquisitie van krediet
  • Persoonlijke Lening
Je bent vast, verboden bank en je hoeft niet het voordeel van de banken of kun je beter een project en moet de financiering, slecht krediet of geld nodig om rekeningen te betalen, geld te investeren voor het bedrijfsleven. Dus als je geld lening nodig hebt neem dan contact met mij opnemen via mijn e-mailadres voor meer informatie over. Nou mijn gunstige voorwaarden.

dank je wel,
Antonio

Soe'k der ek hast noch yntraapje. Want wat ekstra jild kinne jo altiten brûke. Mar ja ik bin vast, verboden bank. No ja, dan witte jo it wol...

Pleatst: 24-10-2011 / 17:37 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bliid...(1)

As jo op Facebook sitte, dan krije jo faaks fersykjes om oan in soarte fan kettingbrief mei te dwaan. Jo moatte dan in berjocht op jo Facebook-side pleatse en dan dêr in pear nammen fan jo Facebook-freonen oan taheakje. En sa giet it berjocht dan as diggelfjoer it ynternet oer. De ALS-aksje mei de iisamer is dêr in moai foarbyld fan.

Ik bin oars net sa'n leafhawwer fan dy trjochjou-spultsjes op Facebook. Mar dizze fûn ik dan wol wer hiel aardich: set de kommende 5 dagen foto's op dyn Facebook wêr't jo bliid fan wurde. Bliid wurde wy fan in hiele protte saken! En om't net al myn 'folgers' Facebook ha, doch ik ek oan dizze aksje mei op myn weblog.

De earste foto is fan myn berteplak. Wurde wy altiten bliid fan as je wer even 'thús' binne...

Pleatst: 24-10-2014 / 17:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

Jubileum...

Fan 'e wike by ús optreden yn Burgum (sjoch foarige blog) stienen wy as Klún & Knoffelhakke presys 20 jier op 'e planken. De premjêre fan ús earste stik wie op 8 oktober 1994 yn ús eigen doarpshûs...

Klik hjir foar gruttere foto's

Pleatst: 10-10-2014 / 17:32 oere - Reagearje? - Nei boppen

De reade (tillefoan) tried...

Wat in prachtich optreden yn de Pleats yn Burgum. Foar de kulturele kommisje fan dit grutte doarp yn 'e wâlden. De kommisje hie it goed foarelkoar. De bestelde kaartsjes leinen klear, se holpen ús fan alle kanten en om likernôch sân oere stie der in hearlik waarm miel foar ús klear.

Mar dan is it altiten noch mar de fraach hoefolle der op sa'n foarstelling ôfkomme.

Oan de kommisje koe it net lizze, se hienen der alles oan dien om reklame foar ús te meitsjen. Yn de Actief, op harren webside, yn harren flyer dy't rûnom yn 'e Pleats foar it meinimmen lei, ja sels yn de Ljouwerter krante fan ôfrûne woansdei stie in lyts mar prachtich stikje oer dizze kommende útfiering.

It hie feruten dien, want de smûke seal fan de Pleats siet moai fol. En it die bliken dat der ek in protte fans fan ús oanwêzich wienen. Elk wie tefreden. It wie in prachtige jûn.

No ja elk... ien fan ús fans wie sa bliid dat se ús nije programma ris in kear sjen koe, want neffens har moasten sy by ús eigen útfieringen altiten kaarten bestelle fia www. En dat koenen se net, want se hienen gjin ynternet. Wêrom sette jo der gjin tillefoannûmer by, sa wie har kommentaar. Tsja, dat wie even in eye-opener. Dêr steane jo yn dizze digitale tiid net by stil!

En nei't ik har tasein hie dat wy dat de oare kear rjochtbreidzje soenen, wie ek it lêste kritykpuntsje fan tafel.

Wy ha genoaten, sei se bliid, tige tank foar de noflike jûn!

Pleatst: 09-10-2014 / 23:09 oere - Reagearje? - Nei boppen

Waarm hert...

De media-oandacht komt no wat op gong. Fansels kinne wy net achter bliuwe...

It projekt is tige ambisjeus, mar wy geane derfoar. Boppedat binne der prachtige prizen te winnen. In VW-Golf! Soks sprekt my fansels ek tige oan, in goeie kar... (En dan bedoel ik kar yn de sin fan keuze...)

Lotten à €10,- kinne besteld wurde op www.warmhartloterij.nl

Pleatst: 08-10-2014 / 16:56 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tambeien...(2)

En mear sille der ek wol net komme fan't jier...

Pleatst: 05-10-2014 / 13:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

Daar gaan m'n kroketten...

Froeger krigen wy sneins twa pipermuntsjes mei nei tsjerke. En jo moasten der om tinke dat se foar de preek net op wienen. Sa'n traktaasje, dat koe hast net wachtsje oan't de preek. As wy by pake en beppe sieten, dan hienen wy gelok, want dan wie der noch wolris in muntsje ekstra. As in mentos. De preeksnoepkes fan beppe wienen altiten folle lekkerder...

Mar fierders? Ieten wy neat yn tsjerke. Sels de jûnsmielbôle gie oan jo neus foarby... No ja, de dominy, dy mocht wat wetter drinke. As miskien siet der ek wol jonge jenever yn it glês op 'e preekstoel. As 7-Up, wa wit. En de oargelist? Dy seagen jo net. Miskien hie dy foar ûnder de preek wol in grôtfolle bôlebak mei. Hè, hè even bekomme fan it Hijgend hert mei in lekker stikje bôle mei hynsteljirre...

Nuver dat wy ôfrûne snein, by de starttsjinst, in hiel miel yn tsjerke behimmele ha. Bôle, broadsjes, sûkerbôle, slaatsje, alderhande guod foar op 'e bôle sa as tsiis, fleis en hagelslach foar de bern. En der waard sels in hiele grutte skaal mei kroketten de tsjerke yntôge. Wat is der mis mei twa pipermuntsjes?

Ik moat by kroketten altiten tinke oan de konferense fan Wim Sonneveld. Daar gaan m'n kroketten...

Mar dêr wie op dizze startsnein gjin sprake fan, alle kroketten wienen skjin op. Der wie sels al in doarpsgenoat dy't tsjin my sei: As wy alle sneinen kroketten krije yn tsjerke, dan kom ik ek wer...

Miskien in tip foar de tsjerkerie? Hoewol, wol lestich as dominy oan it preekjen is oer de wûnderbaarlike spiziging dat der dan ien ropt: Hee Kees, wolsto my de moster even trochjaan?


Pleatst: 02-10-2014 / 14:03 oere - Reagearje? - Nei boppen