Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Earder dit jier:
Desimber 2014
Novimber 2014
Oktober 2014
Septimber 2014
Augustus 2014
July 2014
Juny 2014
Maaie 2014
April 2014
Maart 2014
Febrewaris 2014
Jannewaris 2014

Argyf:
Blogs fan foarige jierren
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Wer in moaie jûn...

De premjêre fan Hé buorman wie op 28 septimber yn it foarige jier, in prachtige jûn. In protte publyk en in en geweldige sfear. Sille wy dat nochris besykje?

Dat is altiten wat in gok... Komme der genôch minsken, ha se it stik al net sjoen en mear fan soksoarte fan arguminten komme op it aljemint. Mar wy ha dochs mar trochsetten. En wy hienen der wat moais by betocht: Kroegbaas & Freonen.

Kroegbaas & Freonen komme ek út Hantum. Us kroechbaas mei graach sjonge en hy hat letterlik mei in pear kroechfreonen in sjonggroepke foarme. Ek yn de Hantumer útstjoering fan Doch it foar dyn Doarp, ha se in optreden fersoarge en harren klip op Youtube wurdt regelmjittich besjoen.

It wie in gouden greep! It publyk streamde ta en de seal siet ôfrûne freed wer moai fol. En wy ha in prachtige jûn hân. De seal wie wer entûsjast en nei ôfrin fan Hé buorman bleunen in protte minsken sitten om te harkjen nei de moaie mearstemmige sang fan Kroegbaas & Freonen. Wy soenen der hast in gearwurkingsferbân fan meitsje kinne: Jûn treedt foar jimme op yn it doarpshûs fan Witikwêr: Klún & Knoffelhakke en Kroegbaas & Freonen!

Wol in protte letters, dreech foar de posters en boerdemakkers, dat dan wol wer...

Pleatst: 12-01-2014 / 12:38 oere - Reagearje? - Nei boppen

Stroom...

Noch even fluch lâns de Jumbo. Even wat ophelje foar de krea-les fan moarn. Och hearken, de Jumbo wie al ticht, alles wie tjuster...

Fluch nei de oare Jumbo (wy ha 2 yn Dokkum en ek dy stiet oan 'e rûnwei...) Nuver, dêr wie ek alles tsjuster! Se binne dochs iepen oan't in oere as 9?! Dan mar dwers troch de stêd nei de Appie Happie, ús eigen winkel sil wol iepen wêze. Doe't ik troch Dokkum ried foel it my op dat it wol hiel bot tsjuster wie. Noch hieltiten neat yn 'e gaten...

Hè? In aha-erlebnis! Hiel Dokkum siet sûnder stroom! Fandêr fansels dy tichte winkels. Dan mar op nei hûs.

Man, wat is it dan donker yn 'e wrâld! Hiel noardeast Fryslân siet sûnder stroom. Lokkich wist ik, doe't ik thúskaam, wêr't de bûslampe lei en wêr't ik kearskes fine koe. It ienichste probleem wiene de kearsestanders. Mei de bûslampe yn 'e mûle alles ôfsocht, ik ha twa fûn. Dan der noch mar wat waksineljochtsjes by en master koe krekt wat riederskofje (dat is ús famyljewurd foar oploskofje...) sette mei wetter út 'e tsjettel.

Om my op in hiele jûn kearsljocht ta te rieden, hie'k noch wat potsjes fûn. Mar dêr bleau in kears net rjochtop yn stean, nettsjinsteande in hiele laach kearsfet. En dan wurde jo kreatyf! It muoide my al dat in VW-bierfiltsje der oan leauwe moast, mar ach, ik hie der wer twa kearslampkes by!

En silst sjen, doe krekt skeat de stroom der wer op...

Pleatst: 08-01-2014 / 20:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

Foarnimmen...(2)

Juster bin ik lokkich net wer, krekt as Geart yn it foarige blog, nei hûs ta sketten doe't ik yn de Trije Doarpen oankaam om te trainen. Trochsette! Boppedat hoech ik my, as fêste gast, ek net te melden at ik binnen kom, ik kin my omklaaie en dan kin ik fuortendaliks los!

Jo binne net de ienichste dy't de oaljekoeken derôf traine wol. Der hobbelje mear lotgenoaten om. En dan ha jo al gau in praatsje...

In frommeske frege my wêrom ik hielendal út Hantum wei nei de Sweach kaam om te trainen. Dyselde fûn dat se net groeid wie de ôfrûne feestdagen. Se wie sels twa ûns lichter wurden, sa fertelde se ferheard.

In man dy't, nei syn eigen sizzen, mei tsjinsin oan it sporten wie, fertelde dat se syn ligusterhage mei fjoerwurk yn 'e brân stutsen hienen. Dat rikke heite! Do rûkts it no noch! Boppedat fûn hy it mar frjemd dat elkenien elkoar in goed wykein tawinske. Hy hie it gefoel as wie't moandei nei al dizze feestdagen. Oan 'e oare kant fûn hy it ek wer moai dat jo no wer yn it ritme kamen. Jo binne hielendal fan slach mei sokke dagen...

En mei soksoarte fan sportpetearen kinne jo mar ta ien konklúzje komme: de knyntsjedagen binne wer om!

Pleatst: 04-01-2014 / 16:36 oere - Reagearje? - Nei boppen

Foarnimmen...

Pleatst: 02-01-2014 / 15:24 oere - Reagearje? - Nei boppen