It is no - Earder dit jier: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Simmerjûnenocht... Drok yn training foar it doarpsfeest. Leuk om te dwaan! Foar de leafhawwers: Petanque
Rammelje... In tas fol kartonnen letters stie yn 'e loads fan buorman klear. Klear om skildere te wurden. Wy binne drok dwaande mei de fersieringen foar it kommende doarpsfeest. En mei al dy kleurige letters wurdt it fêst wer in moai gehiel. Oh wat wienen wy effektyf dwaande! Buorman mei de rôler en ik mei in kwast de hoekjes... Ynienen hâlde buorman op mei skilderjen. De letter P rammele wol hiel bot. Der sit wat yn, rôp hy ferheard. Yndie, alle letters wienen leech, mar de letter P rammele omraak. Wy hienen hiele fantasy-en. Hat ien yn de fabryk syn telefoan deryn falle litten? As syn gebit? Ek de weinbouwers waarden nijsgjirrich. Iepen dat ding! Hoeden makke buorman de letter P iepen. Al sil it ús ek in nije letter kostje, wy wolle it witte. Der foel in moai ynpakt stikje guod út. Mar wat wie dat foar guod? Drugs? Kokaine? Sokke pakjes ûnderskepten se ek altiten op Skiphol. Doe't it pakje iepen peutere wie, die bliken dat der in glêde stien yn siet. Nuver, wa stoppet no in ynpakte stien yn in letter... Doe kaam buorfrou... Se dogge der in stien yn omdat oars de letter net oerein stean bliuwt. Sokke letters sette se hjoed de dei wol op in kast as yn de finsterbank en de letter P is kopswier, de oare letters net... Wa wie hjir no blond? Mar goed dat wy noch net om in nije letter P west binne. Oars soe it stoarm rinne by de klantenbaly. Minsken, ha jimme no net in letter P sûnder wat der yn? Jimme meie wolris kontakt opnimme mei de fabrikant... Pleatst: 28-05-2014 / 23:09 oere - Reagearje? - Nei boppenUnyk...
Betiden tinke wy dat Hantum sa 'n unyk doarpke is. Unyk fanwege it aktive doarpslibben, unyk yn it fieren fan in prachtich doarpsfeest as unyk mei it útjaan fan in historysk boek as in moaie doarpsfilm.
Mar as jo elke wike op 'n paad binne en jo je keunsten sjen litte yn ien as d' oar doarpshûs earne yn Fryslân, dan komme jo der achter dat it oeral gelyk is. En komme jo der ek achter dat eins elk doarp unyk is en dat elk plakje yn Fryslan syn eigen karakter hat. Sa ek Skearnegoutum...
Under de reek fan Snits. Sa 'n 1700 ynwenners. Belutsen, fanatyk en meielkoar. Mei in nij doarpshûs. Krekt klear en yn gebrûk naam. Tink derom, gjin spikers yn 'e muorre en neat yn it plafond skroeve... 70 Frijwilligers sieten der yn de smûke seal, mei in skodoar ôfskerme fan it bargedielte. Elk jier organisearret it bestjoer fan it doarpshûs in gesellige jûn foar harren frijwilligers. De konsumpsjes wurde harren fergees oanbean en ek de hapkes meie sa pakt wurde. As tsjinprestaasje foar wer in jier ynset. Dat hast elk oanwêzich wie, wie al in teken fan belutsenens. In moaie jûn meie wy fansels net misse! It waard ek in prachtige jûne, mei in fantastysk publyk yn in noflike sfear. Nei ôfrin even in praatsje mei de foarsitter. In entûsjast man. Prate mei passy oer harren moaie doarpshûs dat der no einliks stiet. Sa lang op wachte, mar no dochs foarelkoar. Mei bydragen fan de gemeente en in protte eigen wurksemheden boud. Multifunksjoniel, de dokter hâldt dêr syn sprekoere en ek de basisskoalle sit oan it MFA fêst. Mei de skodoarren iepen kin de skoalle harren flieropperflak útwreidzje om elk, by bygelyks in âlderjûn, in plak te jaan.
Mear as 10 jier hienen se der mei oan 'e gong west. Tsien jier fan oerlis, plannen meitsje en foaral ek skrasse. 10 Jier fol mei drege beslissingen en it mei it trochhakken fan fan knopen en it út 'e wei helpen fan oare tûkelteammen. Jo meitsje je der net altiten populêr mei en alles wurdt jo ek net yn dank ôfnaam, sa sei de foarsitter, in fêste behearder nei al dy jierren dien jaan is net maklik, mar wy draaie as in klokje en dan sjogge jo dat it al dy muoite wol wurdich wie... Sis no sels, is Hantum dan unyk? As mei oare wurden, der is noch hoop foar ús eigen WTC! Griene stroom... Altiten as wy mei ús moaie lytse kamera op'n paad binne, dan is hy nei in lange dei filmjen hielendal leech en moat hy wer opladen wurde. En dat wol dan wer net, want der is gjin kompjûter by de hân, want sa moat hy wer oplaad wurde. Fia in USB oansluting.
Dat de filmpkes rinne altiten wat nuver ôf, it lêste stiet der krekt net op. Net dat de sjoggers soks opfalt, mar de filmer baalt der betiden wolris fan. Krekt noch wat leuks en de kamera leech... Mar no is it klear! In sinneakku besteld. Fia in lêzersaksje fan de Ljouwerter Krante. Earst in dei yn 'e sinne en dan ha jo allegearre ekstra stroom foar ûnderweis. Alles kinne jo der mei oplade. De tablets, de telefoan en mear fan sok nijmoaderich spul. Dat sparret ús op jierbasis hiel wat út! (No ja, dat falt dan ek wol wer wat ta, klik mar ris op dizze link...) No hinget by moai sinneskyn waar net allinne de wask op 'e line, mar hinget der ek in moai lyts griis sinnepanieltsje tusken de sokken. Der sit sels in moaie karabynheak by... Toer de Nostalgy...
Op fersyk bin ik yn de klassefoto's fan de fjouwerHoeke dûkt. Alles wat ik fine koe byelkoar sykje en dan ek noch de nammen derby. Prachtich, moaie plaatsjes en hast alle nammen koe ik yn ien kear der by skriuwe. De skriuwwize wie noch it dreechst. Want is it Wiebe, Wybe as Wibe. Om mar te swijen fan de Wietses en de Wytses... Mar ek dêr hie in boarne foar: alle orizjinelen fan de skoallekranten dy't ik ea makke hie. Fan ûndersteande foto koe ik net mear it jiertal fine. Ik tink dat it rûn 1990 wie.
Master mei strik en allegearre wat lêst fan de sinne... Klik hjir foar in fergrutting. It (ûnderste)boppenste buordsje... Nuver boerd. Nei 100 meter gjin frachtauto's mear op dit paad. No soe ik as frachtweinsjauffeur hielendal net op dit paad komme, jo komme der echt net mear wei! Nei dy 300 meter fine jo it Boeddhistisch sintrum. Hiele freedsume minsken dêre en de Lama set dêr echt net de boel op 'e kop. En stopje hoecht ek net, jo binne altiten wolkom by de Stoepa
Wy misse oars ek noch in boerd: Uitgezonderd fietsers. Mar ja, dan wurdt it wol in hiele boerdebrij. En ek noch wol aardich: Verboden te vissen. Mar dan komt hiel Hantum yn opskuor. No net, no lûkt elk oan de skouders at hja lâns dit boerd kuierje...
Oan de Hantumerfeart by de mûne
Ternaard... (2)
Klik hjir foar it fotoalbum en op de folgjende link foar de Facebookside fan Klún & Knoffelhakke. Ternaard...
Jimme binne aardich groeid, sa sei in aardige doarpsgenoat tsjin my op de reunyfeestjûn fan de kristlike skoalle yn Ternaard. Hy hie dêr jierren ferlyn op skoalle sitten en die ek mei oan dizze prachtige dei.
No, do wurdst bedankt, en ik wreau oer myn graue liif.
Nee, dat bedoel ik net, sa lake hy werom. Ik bedoel yn jimme stik. Ik ha in try-out sjoen yn Brantgum, mar wat in ferskil! Prachtich!
Fansels, dêr wie it ek in try-out foar. Soe net bêst wêze at it ferskil net te sjen wie. Boppedat sieten der mear as 8 moanne tusken. Tusken de bedoelde try-out en de útfierning yn Ternaard. Wy binne altiten út op groei. It is krekt in lyts bedriuwke, it moat alle wiken wer better.
Mar ik moat earlik wêze, it oare groeit ek mei. Wy ha noch altiten in weddenskip rinnen, wa' t it earste 5 kilo kwyt is. Ik leau dat de weddenskip al hast 10 jier dwaande is...
Wat in prachtige jûne yn Ternaard! In bomfolle tinte, mei sa' n 400 reunisten en doarpsbewenners. In geweldige sfear, prachtich waar en in tip-top fersoarging. Boppedat holp Chris, hy fersoarge de oanwêzige lûdsynstallaasje, geweldich mei. Hy fûn dat in hiele eare om ús te helpen, sa wie syn motifaasje.
Wy meie graach yn Ternaard spylje. In protte bekenden en altiten gastfrij. En Jappie fansels...
Jappie is wer even thús, sa ferklearre hy syn oanwêzichheid. Hy wennet no yn Dokkum, mar as âld graazje- en rydskoallehâlder fan Ternaard kin hy syn doarp noch net misse. En Ternaard him ek net. Jappie stie mei in grutte button op mei yn grutte letters Jappie, achter de bar en hy die oars net as fleane mei drankjes foar ús. Jappie tinkt, jimme moatte al genôch ha... Sa praat Jappie, altiten yn de tredde persoan oer himsels. Jappie hat in moaie dei..., sok praat.
Spitich dat Jappie syn ANWB-kaart net by him hie. Dan hienen wy dy moai brûke kinnen yn sêne mei de autopech. Jappie spile it moai mei, mar sei dat hy de kaart net fine koe. Nei ôfrin wie it ferhaal hiel oars. Fansels hat Jappie in kaart, mar dan moast ik hielendal nei de auto rinne... En sa hie Jappie ús wer moai tuk. Hy kin ús langer as hjoed...
Mei in prachtich bosk blommen as beleaning, gienen wy wer op hûs oan. In wrâldreis, mar o sa de muoite wurdich!
Stil maar wacht maar...
Even trochtinke... It's good to touch the green, green grass of home.... (2) Humor... Wie ik yn it foarige blog mei deselde titel lyrysk oer ús wylde krûdetún, yn Tytsjerkesteradiel kinne se oer soks wol út harren fel springe. Dêr meant de gemeente, yn it ramt fan de biodiversiteit, de perkjes (hast) net mear. De ynwenners neame it in desolate verpauperende troep. Ach ja, sa kinne jo der ek oer tinke. Miskien kin de gemeente better net mear prate oer de komst fan seldsume flinters, bijen en bûtengewoane planten, mar beneame dat der in rike apteek oan de kant fan de dyk groeit. Miskien binne de ynwenners dêr gefoelich foar. En dan yn it ramt fan de WMO pasjinten mei in snoeiskjirke de perken yn stjoere.
It kloppe foar gjin Meter... Ireen fan de klantenservice fan NUON kraaide wol fiif kear Wat ben ik blij dat u daar over belt meneer van der Heide... Nuver, as jo Googelje op afbeeldingen callcenter, dan krije jo allinne mar moaie froulju yn byld. Dat ik gean der fan út dat Ireen der sa útsjocht. Ik ek bliid...
Mar de jierrekken fan de NUON kloppe foar gjin meter. Ik soe in moai bedrach werom krije. Se hienen de meterstanden roaid, nettsjinsteande ik altiten trou de standen fia it ynternet trochjou. It skeelde benei 2000 kWh. Mar Ireen hat it foar my ynoarder makke. Sa bliid, sa fleurich... Neffens har bellen minsken hjir noait oer, as se jild werom krije. Ikke wol, oars wurdt it takom jier wol in hiele dikke rekken en tinke se dat ik in hennepplantaazje op it boppenste keamerke ha. En dan is Ireen fêst net mear sa bliid... Ik sjoch op gjin hûndert euro, sei de man, en hy seach yn it lege jildkistke... It's good to touch the green, green grass of home....
Om it mos yn it gers op te rûmjen, ha'k in spesjale mest struid. It wurket goed, want it stiet no wit hoe heech. Dat fan 'e wike sil it heve: derôf! Mar as jo ris goed dizze griene wyldernis bestudearje, fine jo in ferskaat oan wylde planten! En dan ek noch in tal ferskillende gerssoarten. It is eins in komplete krûdetún. Aanst help ik mei de Gammagersmasine in hiele natoerapteek de wrâld út. Ik sit te tinken oan in kastke by de dyk. Mei potsjes en salfkes mei krûden. Op de Smidstrjitte kin der noch wol in pylk by op it boerd. Dr. Bibber, 2x links... Makket neat út fan hokfoar kant jo komme, je komme altiten by in filiaal út! Bargeblom: jsjin opsternatens, Hûnetonge: tsjin jicht en it wurket ûntsmettend, Blaublomke: tsjin tuberkuloaze, Bûterblom: tsjin wratten...
Spul... Piet Piraat en Berend Brokkenpap. En it ferhaal hjit: Op syk nei it seemeunster. En de laadrûmte fan de bus wie de geheime grot. Klik
hjir foar in fergrutting en de teksten... In skip op 'e strjitte, in beaken yn see... |