Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Earder dit jier:
Desimber 2014
Novimber 2014
Oktober 2014
Septimber 2014
Augustus 2014
July 2014
Juny 2014
Maaie 2014
April 2014
Maart 2014
Febrewaris 2014
Jannewaris 2014

Argyf:
Blogs fan foarige jierren
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Mei 'k wol oer...

Hoewol ik sa stadichoan dochs wat oars oer Facebook begjin te tinken en betiden wolris wat myn nocht krij fan al dy berjochten dêr't ik net op sit te wachtsjen, fyn it dit dan wol wer in aardige aksje fan Praat mar Frysk. Yn de striid tsjin al dy Ingelske en Hollânske kompjûtertermen kinne jo fergees lytse plakplaatsjes bestelle. En dan fansels mei in moaie Fryske tekst!

Dy plakplaatsjes ferwize nei de Like knop fan Facebook. As yn it Hollânsk, de Vind ik leuk knop. Soksoarte fan knoppen steane faaks ûnder ynternetberjochten en as jo dêr dan op klikke, dan komt it op jo Facebook-side te stean. En it gefolch is dat dat al jo freonen dat 'leuke' ek wer te sjen krije. En dat lêste fyn ik dan wer ferfelend. Want wat myn Facebookfreonen leuk fine, dat fyn ik miskien hielendal net!

Hawar, de plaakplaatsje-aksje. De plaatsjes binne analoog en net digitaal. Mei oare wurden: op de kompjûter kin ik der neat mei. Ik kin de plaatsjes op alles, dêr't ik bûten de digitale wrâld, oer mei plakke. No, dat binne in protte saken! Myn pot selsmakke earste Hantumer toarnbei-jam, in prachtich optreden yn Kollumersweach en Deinum, op alle pake- en beppesizzers, op Wilma, de bern, de famylje en gean sa mar troch. Ik ha plaatsjes te min!

Mar dochs moat ik in kar meitsje. Want dan is de tsjinprestaasje, in foto meitsje dêr't op te sjen is wêr't jo oer meie. En dêr't goed te sjen is dat der sa'n moai Frysk plakplaatsje op plakt is...

Ik tink dat ik dizze kear dochs mar de kar meitsje foar dy twa prachtige bosken blommen dy't wy oerhandige krigen nei dy twa moaie optredens fan fan 'e wike. Moai dat in organisaasje dan wer de muoite nimt om in (foar ús) ynspannende mar altiten wer fleurige jûn te wurdearjen mei sa'n gebaar. Dêr mei 'k wol oer!

Pleatst: 31-08-2014 / 18:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

App...

Wat binne der dochs leuke apps! Mei dizze app meitsje jo in selfie (as in oare foto) en dan mar los mei de kreativiteit! It is wol even oefenjen, mar it is in moaie ôfwikseling njonken de puzels, de memory's en de filmkes!

Pleatst: 25-08-2014 / 19:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

(Buor)doarpsfeest...

It tema fan de optocht wie: Reklame. Der wie in aparte kategory foar skelters en fytsen. En litte ús pake- en beppesizzers no (hast) mei alle prizen fuortrinne yn dy lêste kategory... De twaling mei harren nostalgyske reklame foar Zwitsal (tredde priis) en de âldste mei syn lytse bakfytske en de reklame foar Petje Pitamientje. (Mei tank oan heit en men fansels...)




Pleatst: 23-08-2014 / 10:31 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tambeien...

Wy ha in hiele famyljetradysje yn it sykjen fan toarnbeien. Tambeien seinen wy yn Gaasterlân. Yn Gaasterlân is in protte bosk, dus ek in protte toarnbeistruken. Foaral de famylje fan ús mem har kant wienen de hiele neisimmer oan'e gong mei it plukken fan dy moaie donkerblaue beien. Amers en fytstassen fol.

Trouwens, ek ús oare pake koe der wat fan. Allinne tôge hy net troch de bosken mei ammerkes en pûden, hy hie gewoan in hiele grutte toarnbeistrûk yn syn folkstún. In strúk dêr't je ûndertoch rinne koenen en dy't yn 'e hjerst fol mei hearlike toarnbeien hong.

Toarnbeisop waard der fan makke. Yn griene fleskes stie it yn de kuolkast. Genôch foar in hiel winterskoft. Toarnbeisop oer de rys, toarnbeisop troch de yoghurt en toarnbeisop foar de pareltsjebrij, ek al sa'n famyljeresept. Hearlik, met grôt en resinen! Dy toarnbeitik ha ik leau'k ek wat meikrigen!

Yn it ferline hie'k al ris by ús fakânsjehûs yn de Triemen de beamwâlen leechplukt en hie'k der in pear potten jam fan makke. It wienen bêste toarnbeien, grau en moai ryp. Mar dêr bleau it by. Want op 'e klaai binne gjin bosken. Ja, wol wat beamkeguod, mar dat stelt hjir echt neat foar.

Mar tiden feroarje...

Nei in Jeu de Boulesjûn seach ik op it sportterein toarnbeistruken! Dat wie my nea earder opfallen! En dêr sieten in pear lytse mizerige toarnbeikes oan. En ryp! Fluch in pear pluke en opite. Bytsje soerich, mar dat hindert neat. Dat is allinne mar sûn.

De ûntdekking fan strúk en toarnbei liet my net mear los. Soenen der troch de klimaatsferoaring toarnbeienstruken nei it hege noarden lutsen wêze? Krekt soksawat as wyngerds op de Veluwe? It soe fansels kinne, de wolven binne ek al yn oantocht...

Op in skiere middei dochs mar mei in Tupperwarebakje ûnder de jas troch de beamwâlen fan Hantum. Net ien mocht it sjen, se soenen my foar gek ferklearje. It fenomeen toarnbeisykje kinne se hjir net. Guon ha in hoekje tún as in hoekje lân mei ierappels en op 'e knibbels blomkoal snije as ierappels dolle, ja soks is hjir normaal, mar mei in plestikpûde tusken de beamen troch? Sûnt master út it wurk is, is it der net better op wurden, hy mei wol help sykje, want hy wit net mear wêr't hy it sykje moat...

De toarnbeien moatte noch even wenne oan 'e klaaigrûn, want it bakje wie mar foar de helte fol. En de beien wienen mar lyts. Mar dat sil tink ik in kwestje fan tiid wêze. Oer in pear jier strune alle Hantumers lâns de sleatskanten en ha wy hjir ek ús jierlikse brommelfestijn. Ik wit wol ien dy't it brommelwyfke spylje kin...

Ien pot. Dat is wat ik fan myn rispinge meitsje koe. Ien pot jam. De pot stiet no te yndikjen yn de kuolkast. Moarn ha wy de primeur. Beskút út Hengelo mei toarnbei-jam út Hantum. De earste Hantumer toarnbei-jam. Us lokale grientesuper moat noch even wachtsje, mar lang sil it net duorje, dan stean de earste potten mei konfituere yn de ferkeapkast en stiet der in ekstra boerd oan 'e dyk: masterlike toarnbei-jam fan eigen grûn.

De doarpsgenoaten sille der fan ite as wolven...

Pleatst: 22-08-2-14 / 00:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

Specsavers...

Ik fûn by it strunen troch it Facebook in moaie foto fan it RTVnof-team. Ek Herman Douwe stie derop. Se hienen in gesellige middei hân en dat moast fêstlein wurde fansels.

Wilma seach oer it skouder mei en sei: Wa binne dat, de Admiraliteitssjongers? Se miende dat der in bekende famyljesjonger op de foto stie. Sjoch no ris sels nei ûndersteande foto's. It liket dochs net op elkoar?! Boppedat, jo herkenne jo eigen soan dochs wol?

Ja, yn sokke gefallen kinne jo mar ien passende opmerking meitsje: Was nou maar naar Specsavers gegaan...


Is der eins wol in Specsavers yn Dokkum?

Pleatst: 21-08-2014 / 08:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Archie… ...

Guon nimme in beker waarme molke, oaren drinke de jûns gjin kofje mear. Der binne apps dy't slieplûden meitsje sa as rûzjende beekjes as sêft kletterjende wetterfallen en mei ljocht skine jo ek de sliep befoarderje te kinnen.

In pear siden lêze helpt ek by it yn sliep fallen, neidiel is wol dat je de oare deis net mear witte wat jo lêzen ha en dêrom de folgjende jûne opnij begjinne moatte. De superkoarte ferhalen fan Herman Pieter de Boer binne dan ideaal. Mar de bêste man libbet net mear en as jo alle boeken dan al hân ha, dan sit der neat oars op om nei in oar sliepoproppend middel te sykjen.

Faaks hoecht dat net iens en falle de eagen as fansels ticht...

Mar bytiden is it ek wolris oars en wol it Sânmantsje mar net komme. It sân is te wiet, it is op, it is him te let, hy hat it te drok as der is in boycot op Russysk struisân. As miskien bestiet it Sânmantsje ek wol net...

Dêrom ha ik Archie, de man van staal!

Froeger yn myn legere skoalletiid wie ik gek op dizze strip. In robot mei de namme Archie makke troch professor Ritchie en dy't bestjoerd waard troch syn neefke Ted mei syn freon Ken Dale. Wy boarten it wol nei! No ja, net mei in echte robot, mar wol mei in skeakelkastke op'e búk. In houten plankje mei knopkes derop tekene... Wy ha der wat ôffantasearre!

En omdat wy by ús thús yn en by de garaazje in protte technysk ôffal hienen, fantasearden wy ek faak dat wy Archie sels makken fan al dat ôffal. In yndûkt spatboerd omfoarmje ta syn izeren fuotten as in âlde moai glimmende driuwstange brûke om syn earms oan te stjoeren. En dan mei Archie yndruk meitsje op al dyn freonen.

It mei dúdlik wêze dat Archie nea yn de Balkster dreven avontoeren belibbe hat. Wy kamen net fierder as it byelkoar lizzen fan in pear stoaterstangen mei dernjonken in âlde spanningsregeler út in ôfskreune VW kever.

Mar de fantasij oer Archie docht ek hjoed de dei noch fertuten. As Klaas weibliuwt, komt de nostalgyske fantasij oan en oer Archie de sliepkeamer yn slûpen en dan betink ik my wer dat wy mei hiel wat âld izer in prachtige robot ynelkoar knutselje kinne. Altiten wer begjinne met de fuotten en dan de oare moarns derachter komme dat wy ek dit kear wer net fierder kamen as dy iene foet. In ferhaaltsje fan Herman Pieter de Boer gelyk...

Al 50 jier Archie!

Ik ha it der wolris mei ien oer hân en dy sei dat it eins in foarm fan meditearjen is. Dy konsintrearje op ien en it selde ûnderwerp. It sil wol. Wy binne net sa fan dat sweverige. Ik soe it dan ek mear archiveren neame wolle...

En nee, net alle nachten, dan soe Archie allang klear wêze. Mar sa no en dan. Dan wurdt it bern yn jo wer even wekker...

Pleatst: 20-08-2014 / 14:45 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wêr is dit...?

Dizze kaam ik samar tsjin op it SD-kaartsje fan in fototastel. Underweis makke. Sels ha ik net it kykje sketten, ik tink dat ien fan ús pake- en beppesizzer it dien hat. Wol in moai plaatsje, it hat wol wat skildereftichs. Wit immen wêr't dit is? Dy 'heale' mûne is wol hiel karakteristyk...

Oh ja, it is wol earne yn Fryslân!


Syn mole kaam ek yn it seil...

Pleatst: 19-08-2014 / 21:55 oere - Reagearje? - Nei boppen

Megadoarp...

In prachtich stik yn de Ljouwerter Krante oer de doarpsgenoat dy't Nederlânsk kampioen wurden is yn de Stockcar F1 vrije Standaard. Wy soenen sizze: autocross. Wer moaie promoasje foar ús doarp!

Mar dochs klopt it stikje yn de krante net hielendal. Mar wat? Lit ik it sa sizze, as dat feit wier wêze soe wat yn de krante drukt is, dan wie ús doarpshûs echt te lyts en moatte wy wol in nij MFC ha!

Pleatst: 18-08-2014 / 17:44 oere - Reagearje? - Nei boppen

Presyzjemjitting...

De iene helte mei de oare helte fan de keuken skeelt 0.1 °C. Kinne wy rekken mei hâlde as wy oan tafel sitten gean. Wa wol de waarmste kant?

Yn it waar sjen...

Pleatst: 16-08-2014 / 13:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

AHa...!

In pear kear yn 'e wike krije wy de digitale reklamefolder fan Albert Heijn yn ús e-mailpostfakje. Ea ris in kear it e-mailadres achterlitten, dan krije jo soks. Mar ach, betiden stiet der wolris wat aardichs yn. In flesse Pepi-cola fergees meinimme, as soksawat.

Altiten wer wurdt der yn dy reklamefolder wezen op de mooglikheid om de boadskippen thúsbesoargje te litten. Dat liket ús no moai ta. Online boadskippen oanklikke en dan komme se as fansels yn Hantum. Se witte krekt hokfoar boadskippen wy ha moatte want om't wy elke wike gebrûk meitsje fan it scanapparaat, witte se krekt wat ús foarkar is. Big Brother Albert...

Mar as wy de mooglikheid dan oanklikke om it thús bringe te litten, dan kin dat wer net. Albert Heijn bezorgt niet in dit postcodegebied... Meitsje dan ek gjin reklame! Minsken wol lekker meitsje, mar net oan jo belofte foldwaan kinne. Dat freget om in reaksje!

It kontaktformulier op de webside ynfold. Sil wol neat wurde, want de side reagearre net iens. Sa giet dat mei klachten, it de klant sa dreech mooglik meitsje. Mar o heden! In reaksje fan AH by de mail:

Geachte heer van der Heide,
Hartelijk dank voor uw bericht van 10-8-2014.
In het grootste deel van Nederland kunt u online boodschappen doen bij Albert Heijn, maar helaas bezorgen wij nog niet overal. Albert Heijn kiest op basis van geografische spreiding uit waar ze wel of niet kan bezorgen waarbij afstand tot een Distributie Centrum, gezinssamenstellingen per buurt en de bevolkingsdichtheid allemaal elementen zijn die hierbij een rol spelen...

Geografyske lizzing, gesinsgearstalling, befolkingstichtens? Dat wurdt dus noait wat by ús yn it noarden. Ja, wy kinne ús oanmelde foar noch mear nijsbrieven. Om op 'e hichte te bliuwen: Bezorgen wij nu nog niet bij u? Dan kunnen we u op de hoogte houden van onze service en u per e-mail informeren op het moment dat wij wél gaan bezorgen in uw woonplaats...
Wol ja, noch mear mail.

Froeger brocht âlde Koopmans fan de A&O alle wiken in grutte doaze boadskippen by ús thús. Koste neat en wy krigen ek noch in hân fol tumtumkes. It kin dus wol... mar ja, Balk sil geografysk wol better lein ha. Hoewol ik betwifelje oft Koopmans dêr rekken mei hâlde. It wie gewoan âlderwetske service!

En wy hoegden ek net foar Dokkum-mokken te sparjen. Gewoan Kip- en WHIsegels! Trijedûbeld...

Pleatst: 15-08-2014 / 18:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hantumerterpdagen...

Yn neifolging fan de Admiraliteitsdagen dy't begjin septimber yn Dokkum hâlden wurde, organisearje wy in pear dagen fan te foaren de Hantumerterpdagen. In mânsk boerd spikerje wy by alle tagongsdiken fan ús moaie smûke doarpke om dêrmei it prachtige programma wrâldkundich te meitsjen.

Sintraal tidens dizze dagen stiet it heechste punt fan ús terpdoarp, it pleatslike kafee. Moai dat dat kafee dan ek in tapaslike namme hat. Rûnom dit karakteristike kafee rjochtet de kommisje in prachtich poadium op dêr't pleatslike artisten de Hantumerterpdagen iepenje sille. Oan artisten gjin gebrek yn ús lytse doarp. Boppedat ha dizze artisten by it doarpsfeest al heare litten wêrta sy yn steat binne. It gehiel wurdt oanelkoar praat troch de eardere stedsdichter fan Dokkum, dy't it wenjen yn in doarps dochs moaier fynt dan de bolwurken.

Fansels ha wy ek in maskotte dy't de kommende dagen troch de gemeente kuierje sil om de dagen te promoaten. Nei alle gedachten neame wy dizze maskotte Hannie as Terpie, mar omdat der al in Hannie is yn ús doarp, wurdt it tink ik Joop. Boppedat giet Joop al regelmjittich troch it doarp, hoecht hy him net te ferklaaien en sparje wy hjirmei in djoer kostúm út. Ek is it mooglik dat de bruorren J. frege wurde om sawol Hannie as Terpie te spyljen. Sy ha noch wol wat yn 'e kast lizzen en motorisearre ha se in grutter berik en kinne sadwaande ek de buordoarpen oandwaan om reklame te meitsjen.

Njonken in ferskaat oan artisten is der tidens de Hantumerterpdagen ek in spektakulêr programma. De pleatslike grienteboer leit út hoe't hy oan syn griente komt, jeu de boulesclub Yn en út 'e Bocht jout in demonstraasje op de boppebuorren en de hûnebesitters litte sjen dat se mei harren skepke mear kinne as allinne oprûmje, want sy sille de swiere ballen fan de boulers dy't ûnder oan de terp telâne kaam binne ophelje en yn kroaden wer omheech tôgje. It pleatslike gelegenheidskoar sil fanôf de mûne oer de Hantumerfeart it doarp sjongend ynfare en dêrnei wurdt harren fersocht om ûnder it sjongen fan Goodbye my lover troch te faren nei Ternaard. Foar de letkommers wurdt der fanôf de brêge in bus regele…

Ek organisearret de kommissje in bungeerun. Dielnimmers wurde mei in grau elastyk oan in peal fêst makke en nei it startskot moatte se sa fier as't kin rjochting iisbaan drave. As it treft wurde se op it uterste punt werom sketten en doarpsgenoaten sille harren dan opheine. Dejinge dy't it fierste komt en dy't it kreatyfst opheind wurdt, kinne fleisprizen winne. De sjuery bestiet út Hantumers om utens. Dêrmei hoopet de kommisje matchfixing foar te kommen.

Op it parkearplak by it sintrale poadium parkearje wy tidens de Hantumerterpdagen prachtige âlde auto's. Ek dêrfan ha wy genôch yn ús doarp en oan in sulveren lintsje binne dizze oldtimers te herkennen. Foarôf hinget de kommisje de lintsjes oan de auto's fan doarpsgenoaten dy't dêrfoar yn oanmerking komme.

Jimme sjogge, der is in programma foar jong en âld. De ferwachting is dat dit hunderten besikers lûke sil en dat dêrom de gemeente ek garant stiet foar in flinke bydrage. Hjirmei hoopje de bestjoerders én it doarpsbelang oan te toanen dat fan krimp gjin sprake is yn ús terpdoarp. As se soenen doele kinne op it krimpen fan it elastyk by de bungeerun, mar neffens de kommisje sit dêr rek genôch yn.

No noch sjen oft wy it foarelkoar krije kinne dat de foarsitter fan de kommisje dhr. Marten Undergong yn de regionale kranten syn wurdsje dwaan mei. Wy rekkenje op in paginagrut artikel. Mar dat sil gjin probleem wurde, want lokkich makket de gemeente én de parse gjin ûnderskiid tusken doarp en stêd...

Hantum is een terpdorp, aan de Hantummervaart, in de gemeente Dongeradeel, provincie Friesland (Nederland). Het ligt ten noordwesten van Dokkum, tussen Dokkum en Ternaard, en heeft ongeveer 367 inwoners (01-01-2005). Waarschijnlijk is op deze locatie, rond het begin van de jaartelling al een dorp ontstaan. Over de betekenis van de naam bestaat onduidelijkheid. Mogelijk is de naam Hantum afgeleid van het Oudfriese Hiem fan Hante. In de middeleeuwen werd in elk geval al gesproken over Hanaten.

Pleatst: 14-08-2014 / 16:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bryk...(2)

Wy bliuwe noch even by de toanielfoto's, want nei oanlieding fan de fraach fan de redaksje fan it 4H-boek oft ik noch mear foto's hie, kaam ik ûndersteande foto ek noch tsjin yn ús anologe fotoalbum.

1995 Wie in bysûnder jier, want doe wie it 50 jier lyn dat ús lân befrijd wie. In protte toanielferienigingen yn Fryslân spilen dêrom rûnom 5 maaie it oarlochsstik Rebecca. Dit stik is skreaun yn 1945 en giet oar de lêste oarlochsdagen.

In bysûndere ûnderfining. Want altiten spilen wy fleurige stikken mei it Hantumet Ploechje, mar dit kear wie it in serieus stik, dat moast (wit ik noch wol) wol even wenne! Mar om't it sa moai passe yn dit 50-ste befrijingsjier, wie it in grut sukses en waard de opfiering tige wurdearre.

Ek yn it âldereintehûs de Spiker yn Ternaard libben de taskôkers folop mei. In hiele protte fan harren hienen de oarloch hiel bewust meimakke en dizze útfiering makke dan ek hiel wat los. Doe't it stik út wie, kaam der sels in bewenner mei syn kuierstôk omheech op it poadium ôf om de man, dy't ik doe spile, oan te fallen. De man wie in lânferrieder, immen dy't mei de Dútsers gearspande. Lokkich rûn it goed ôf en koe de man delbêde wurde. Boppedat koe hy sa gau net op it poadium komme.

Op dizze foto is it middelste famke in gastspylster. Us doarpsgenoate dy't dizze rol spile wie ferhindere en sadwaande moasten wy in oar freegje. Mar omdat it rûnom spile waard, wie dat gjin probleem. Dizze spylster kaam út de buert fan Menaam.

Ek no noch komt dizze bysûndere útfiering noch faak op it aljemint. En dan giet it gauris oer de klets om'e earen dy't ik myn tsjinspylster (yn de rol fan in Joadsk famke dy't ûnderdûkt wie) jaan moast. It moast oertsjoegjend oerkomme, dus it wie ek in echte KLETS. Nea ferjit ik wer dat hat heit nei ôfrin op my ôfkaam en sei: Moasto myn famke sa slaan...

Je makken wat mei yn sa'n rol...

Pleatst: 12-08-2014 / 14:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bryk...

Samar in leuk berjocht yn myn postfakje, fan de redaksje fan it nije doarpenboek. Se binne folop dwaande mei de gearstalling en dan komt der fansels fan alles op harren paad:

Hendrik
We zijn als 4H-mediacommissie bezig met de laatste loodjes van het tweede 4H-boek. Nu hebben we twee foto's van het toneelstuk uit 1982 Jo binne troud of net. Deze staan hieronder. Maar we weten niet alle namen. Jij deed toen daar ook aan mee. Weet jij de namen nog? Zou je ons deze namen kunnen aangeven? Als het kan zo snel mogelijk want de tijd begint voor ons te dringen. Wellicht weet je nog een anekdote uit die tijd? Alvast bedankt voor de medewerking. Vr. groet.

Moai soks, want as fansels komme der allegearre goeie herinneringen nei boppen. It wie net it stik Jo binne troud as net, mar it moaie stik Hoe riker hoe briker en dat hat it Hantumer Ploechje spile yn 1984. Lokkich koe ik noch in groepsfoto fine en dy ha ik by myn antwurd mar taheakke, kinne se de nammen sels ek even kontrolearje.

Goh, alwer 30 jier lyn. Doe noch moai slank, noch gjin bril, it gehoar wie noch geef en der siet wrachtich ek noch in túfke swart hier op 'e holle...

Pleatst: 10-08-2014 / 09:45 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oer bosk en fiskers......

De samling wurdt allinne mar grutter. It ferhaal (febrewaris 2003) oer de boskdiskusje yn Gaasterlân helle doetiids de provinsjale kranten en de dominy die't doe syn yntrede die, wennet no yn de súdwesthoeke. Kinne jo wol moai fiskje trouwens...

Sjoch ek by ferhalen.

Pleatst: 09-08-2014 / 09:08 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sykje...

By it knippen fan de hage seach ik fanôf de trep dy akelige springbalsemyn achter it hokje fan ús buorlju. Dy plant is in ferskriklike pleach as jo him gewurde litte. As de plant útbloeit is, springe de siedzjes út harren húl alle kanten út en stiet yn in mum fan tiid de hiele tún fol mei dizze wylde planten. Ien kear bin ik deryn traape en ha 'k se stean litten omdat it dochs wol moaie planten binne om te sjen...

Fuort dat spul!

Dat doe't ik fan de trep stapte, dûkte ik fuort troch de hage om achter it hokje fan de buorlju komme te kinnen. Safolle mooglik balsemynplanten lûkte ik fan myn jungletocht mei nei ús gersperkje. Ik merkte it fuort! Op 'e weromreis wie myn rjochter hearapparaat heakjen bleaun achter de hagetûken. Meastentiids hinget it dan healwei it ear as oan'e krage fan de bloeze, mar dit kear wie it hiele apparaatsje ferdwûn!

Nee hè... Hoe fine jo soks wer!

Klompen út, want stel dat ik derop traapje soe, dat plat op de knibbels ûnder de hage. En dan wurket de kleur fan sa'n apparaat ek net mei! Boppedat, wa sei dat hy op 'e grûn fallen wie, it koe ek samar earne oan in tûke hingje. As noch erger, de tûken soenen him ek sa fuortswypt ha kinne. Dan lei er yn de goatte by de buorlju. Ik bin wol tsjin ferlies fersekere, mar soks is altiten sa'n gedoch...

Trochsykje blinder!

Om moedeleas fan te wurden. Sentimeter foar sentimeter socht ik de tún, it gers en de hage ôf. Mar gjin apparaat te bekennen. Wacht! As ik it apparaat net útskeakelje, begjint hy altiten by it út de earen heljen te fluitsjen! Sa soe ik him opspoare kinne! Mar ja, dat is no krekt myn probleem, dy fluittoan hear ik net... der moast ien mei goeie earen by komme. Mar wa? Elk is op fakânsje en Wilma wie mei de beppesizzers te fytsen.

By de TV-searje CSI fine se de lytste dinkjes yn mar in pear tellen, mar Hendrik fûn neat.

En de bril moast ek noch op, oars sjogge jo gjin details. Mar dêr kinne jo net by stean bliuwe, want dan wurde dy details wazich, dat ik moast wol mei de noas op 'e grûn sykjen bliuwe. Rêch, bril en earen, hearken is dat no echt in kwestje fan leeftiid?

Nei sa'n heal oere, in glês drinken en wat rekoefeningen, hie ik sa stadichoan myn nocht. Dan mar nei Schoonenberg, it wie net oars. Mar sa as sa faak moat it earst op 't slimst, ear't it betteret en noch ien kear dûkte ik de hage yn. It moast hjir earne lizze!

Sykje sels mar ris, ik ha him (digitaal) ferstoppe...

Heu, dêr! Op 'e grûn, tusken de blêdeboel. De oanhâlder wint!

Lokkich die hy it noch en al gau hearde ik de fûgeltsje wer fluitsjen. As soenen sy op it dak site te laitsjen om sa'n túnman dy't in healoere lang op 'e knibbels it gers leit te besjen? Lokkich koenen allinne de fûgeltsjes my sjen, de hage en de sketten binne wol sa ticht dat dizze foarstelling oan elk foarby gie. Boppedat, der wie dochs net ien thús?!

Pleatst: 08-08-2014 / 15:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Flipper...

Dizze hienen jimme noch tegoede. It filmke fan ús klaverjasuitje nei it Dolfinarium yn Hurderwyk. Prachtich waar yn in altiten wer skitterend park.

Ek ien fan ús pake- en beppesizzers wie mei. It filmke hat dan ek in heech pakesizzer-gehalte. Mar ja, dat kin ek hast net oars, want yn sa'n drok park moatte jo ien fan fjouwer net út it each ferlieze. En ach, dan sjocht de kamera al gau mei...

It wie in grutte ferrassing dat Ernst, Bobby en de Rest ek noch even lâns kamen. Bekend fan televyzje, alteast by de bern. En dan ek noch in meet & greet! It wie mei rjocht in moaie dei...

It filmke is te sjen op de foto- en fideoside.

Pleatst: 05-08-2014 / 15:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tafal...?

Wy hienen in spultsje wûn. It like op de webside hiel wat, mar doe't it mei de post kaam en wy it útpakt hienen, foel it aardich ôf. It wy mar lyts en it like net op it orizjinele spul. No ja, útsein de plaatsjes dan.

It wie ek noch in hiel gepruts om it ynelkoar te setten...

Mar wy sille net eamelje, wy ha wat wûn! Dus spylje dat spultsje. Wilens wy de lytse kaartsjes op it lytse boerdsje nifelden, fleagen dy alle kanten út, mar dat kaam neffens my ek omdat Wilma it boerdsje oer de kop hie. Hawar, wy elk in kaartsje lûke, dizze persoan moasten wy fan elkoar riede... En omdat dizze figuer opsocht wurde moast, hellen wy dit kaartsje fêst fan ús eigen mini-boerdsje, want dizze koe it dochs net wêze?!

Dêr gie it hinne, it gie derom wei! De winner soe hast bekend wêze, wy hienen elk noch mar in pear kaartsjes oer. Is it Hans? Nee! Hasto Egbert? Nee!

Hè..?? Ik hie Bernhard... Dat kin net, dy hie ik!

Dom spultsje. Winne jo ris wat, spylje jo it dan dochs mar om de priis te fieren, sitte der twa deselde kaartsjes yn en by de earste de bêste kear dat it spile wurdt, lûke jo beide dat dûbele kaartsje.

Dat kin oars net as in foarteken wêze foar noch gruttere prizen. As sille wy it werom stjoere...?

Pleatst: 03-08-2014 / 10:28 oere - Reagearje? - Nei boppen

Reinbôgewask...

Dêr kin de pong wol yn 'e wask...

Pleatst: 02-08-2014 / 19:36 oere - Reagearje? - Nei boppen