Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Earder dit jier:
Desimber 2014
Novimber 2014
Oktober 2014
Septimber 2014
Augustus 2014
July 2014
Juny 2014
Maaie 2014
April 2014
Maart 2014
Febrewaris 2014
Jannewaris 2014

Argyf:
Blogs fan foarige jierren
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Resette...

No miende ik dat ik aardich thús bin yn de brij fan ôfstânsbetsjinningen, mar doe't ik juster nei in kuierke mei de lytsbern de televysje yn harren hûs wer oansette soe, slagge dat foar gjin meter! Alles besocht en alle knoppe yndrukt en dat ek noch fan alle ôfstânsbetsjinningen...

Hast de goeie knop wol yndrukt! JA!

Man, wie hienen der hast spul om. Der brânde gjin kontrôlelampke, der siet gjin leven yn. Stekkers kontrolearje, fiele at der gjin kabeltsjes útrekke wienen, ja, wat ha wy net besocht. Hawar, dan mar gjin televyzje. Ik woe de jonge âlders ek net steure mei in Whatsappke as in telefoantsje. Sitte jo romantysk te iten, belje pake en beppe om te freegjen hoe't de televyzje oan moat. Boppedat wurde jo dan op slach stikken âlder.

Mar wat wie de earste fraach doe't se thús kamen?

No, eins wie it mear in opmerking fan harren kant: wêrom ha jimme de televyzje net oan? Gnize fansels. Jimme moatte it bakje even resette. Dat hat it bakje wol faker, dan moat even de stekker deryn en derút en dan docht hy it wer. En ja hjer, nei't dizze hanneling útfierd wie, wie it allegearre wer byld.

Nuver, dat ik dêr no wer net opkaam wie...

Pleatst: 31-03-2014 / 13:19 oere - Reagearje? - Nei boppen

Skatgrave...

Wat dogge jo mei in echte skeppe? Skatgrave fansels. En omdat ús pakesizzer sels gjin tún hat om yn te graven, waard pake opbelle. Want pake hat in tún, mei echte modder en dy koe dy middei moai omdold wurde. Dat de trekker yn 'e bus, de skeppe mei en op syk nei de grutte skat!

In beamwoartel. Dy't der net iens út woe. No, at dat gjin grutte skat is!

En dit filmpke hat ek mei graven en sân te krijen. En it giet oer opkomme foar jo sels. Dat sit der al jong yn. It filmpke is allinne te sjen foar famyljeleden. Klik hjir: filmpkes.

Pleatst: 26-03-2014 / 21:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Feardigens...

At pake even oppasse woe. Soe mar foar even wêze, want mem moast even mei de oare pake- en beppesizzer nei de dokter en se soe der sa wer wêze. En at pake de jongste dan ek even it fleske jaan woe, want it fleskemiel foel krekt yn de tiid fan de dokterbesite.

Fansels, allinne mar moai soks. Mar ik ha it witten!

De jongste lei hearlik yn 'e boks te boartsjen. Se lake my al oan. Allinne ik hie net yn 'e gaten dat dat glimke in foarboade wie ta in spannend aventoer… It fleske wie gau klear want moeke dronk it mar heal leech. Krekt as hie se der net safolle sin yn. Se hoegde ek net te gûlen doe't ik it sawat lege fleske oan 'e kant sette. Dat se hie fêst genôch dronken. Wy gienen der even noflik foar sitten, want se moast ek noch even opbrekke. Klinkt nuver, mar foar sokke lytse bern is soks hiel wichtich.

En doe barde it. Se sil wol tocht ha, ik sit hjir noflik by pake en de hâlding komt hast oerien mei it lettere potsitten dat it kin om my wol oangean. En doe kamen der net allinne fan boppen lûden, mar ek fan ûnderen prottele it aardich.

Wat der yn sit moat derút pake!

De geuren kamen my al temjitte en ik soe har earst sa weromlizze yn 'e boks, mar eins koe ik dat har mem ek net oandwaan. En it wie pake syn eare ek tenei om dit samar gewurde te litten. Dat op nei boppen. Behimmelje dy boel...

Mar nei in pear minuten stie it swit my op 'e rêch. Alles siet derûnder, it ruft wie krekt te lyts om samar te sizzen. Dat út dy boel. En hoe soe it ek oars, de billedoekjes wienen healwei op en wie it noch lang net skjin! In oare doek út de kommode helle, wist net oft it in goeie wie, mar jo koenen der neffens my wol mei himmelje. De lytse hie de grutste wille.

Slagget it pake?

Pake moast alles deroan dwaan om foar te kommen dat se mei har lytse hantsjes mei helpe soe om de boel skjin te meitsjen. Mar it slagge. Oei... Logistike misrekken, want skjinne romperkes leinen in kast fierderop en dêr koe pake krekt net by. Dat mei it gefaar fan in lysblessuere jo sa bot útrekke dat je der krekt by kinne, sûnder dat de lytse fan har troan nei ûnderen stoarte soe.

Fansels fergeat pake de knoopkes los te meitsjen (se binne ek sa lyts) en se liet dat ek wol merke, mar pake hie alle oandacht nedich om dy lytse klean oan te krijen. En froeger mochten wy ek net mei poppen boartsje...

Mar it wie klear! En grutsk gienen wie wer nei ûnderen. Suver krekt foar dat har mem en suske wer thúskaam. Hoe gie it pake?

Bêst hjer, it wie in noflik oerke. It kin wolris wer...

(Nuver dat op dy pikto's foar rufterûmtes altiten froulju stean. Dêrom ha ik him mar even oanpast...)

Pleatst: 24-03-2014 / 23:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Putsje...

Jimme kinne de nije side besjen op: www.rumsop.nl

Pleatst: 19-03-2014 / 18:52 oere - Reagearje? - Nei boppen

Der wie ris...

(Dizze hiene jimme noch tegoede... ;-)

Sjoch, soks fine jo dan wer werom op Twitter mei as byskrift: Pake @HevdHe is ek yn it sprookjesbosk. En dan mei in bosk smileys derby om sa'n opmerking dan mar wer goed te meitsjen.

Fyn it net slim hjer... Ik fyn it bygelyks folle moaier dan in foto fan in boaze wolf as soksawat en dêr dan sa'n tekst by...

Pleatst: 19-03-2014 / 18:46 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tapaslik...

En it adres Buorren 2 ha wy fansels feroare yn de Terpen 8. Mei tank oan de Ljouwerter...
The Duplex

Pleatst: 17-03-2014 / 12:30 oere - Reagearje? - Nei boppen

Famyljedei...

Prachtich waar, hast allegearre oanwêzich en in moai programma, goed organisearre troch ús beide nichtsjes. Moai om allegearre ek ris op 'e foto. En dat falt ek noch net ta om de hiele boel der kreas op te krijen...
Sjoch foar mear foto's op de fotoside (allinne foar famylje...)

Pleatst: 12-03-2014 / 16:11 oere - Reagearje? - Nei boppen