Earder dit jier: Argyf:
Persoanlike saken:
Ferhalen:
Hantum-sides:
Makke troch Hendrik: Klik hjir (befeilige)
MyTube:
|
Oars as oars…
Soms ha jo fan dy dagen en dan is it krekt even oars as oars... In frou, ien fan de besikers fan it jubileumfeest fan de RPV yn hotel Van der Valk yn Drachten, tocht dat wy rys mei hienen om ús kiste fochtfrij te hâlden. Sy rûn samar troch ús klaairûmte omdat se oars net bûten komme koe om te roken. Op himsels al nuver, minsken dy't troch jo klaairûmte rinne… Goed foar de konsintraasje. Mar dyselde rys soarge wol foar in protte opskuor! Wy moasten tongersdeitemiddei al hiel betiid yn Drachten wêze om ús klear te meitsjen foar de jubileumdei fan de Reuma Patiënten Vereniging. Fiif oere soenen wy ús melde by dat karakterestike hotel oan de rotonde oan de eastkant fan Drachten. Dat moarns de karre al meinaam want Tytsjerk leit op de rûte. En dêr begûn it eins mei. De karre mei nei it wurk, dat is oars as oars, jo wike ôf fan jo rûtine en dan moatte jo de kop der goed byhâlde!
Om nijsgjirrige Tytsjerksters op in ôfstân te hâlden, hie in hangslot op 'e karre dien. Oars as oars die letter bliken... By it hotel yn Drachten moasten wy in hiel ein achterútride om by de doar te komen om de boel út te laden. Lokkich is Broer in betûfte achterútrider, dat de karre stie al gau te plak. Mar ek dat wie oars as oars. De minsken sieten al yn 'e seal te iten. Dan is it nuver opbouwen tusken alle minsken troch dy't dan ek noch in praatsje mei dy meitsje wolle. Mar hawar, wy wienen foar sânen klear. En om sân oere moasten wy begjinne, it iisbuffet soe dan mar yn it skoft. Doe't wy de lêste sêne spile hienen en fan it poadium nei ús klaairûmte stoden, knalden wy hast op de iiskarre dy't stikem klear stei achter de doar. Njonken taskôgers dus ek iiskarren yn 'e klaairûmte. Mar it nuverste moast noch komme. Want doe't ien fan de servearsters, nei't sy de iiskarre lege hie, werom kaam troch ús klaairûmte, begûn sy wakker te foeterjen. Hoe't wy it yn 'e holle krigen om mei rys te smiten. Alles siet derûnder neffens har en de folgjende deis hienen se yn deselde seal om healwei achten moarns in gearkomst. 'Dan der mar wat earder ôf,' sa oppere Broer, mar dat foel hielendal ferkeard. Sy soe ús nei de foarstelling in stofsûger bringe, want dan koenen wy sels de boel behimmelje. Wy stienen perpleks, soks hienen wy noch nea earder meimakke. De servearster spuide raar guod en frege ús oft wy gjin foarstelling sûnder rotsoai meitsje koenen. 'Sille jo bepale hoe't wy ús foarstelling meitsje?' andere Broer. Mar wy koenen neat mear goed dwaan en it frommeske prottele tsjin Broer: 'Mei jo kin ik better mar net yn diskusje gean...' En doe't Broer dêr op reagearre mei dat se dat dan ek net dwaan moast, stode se mei de holle yn 'e nekke nei de manager. Dyselde manager dy't tige noflik wie en lake doe't wy seinen dat wy gjin gebrûk meitsje woenen fan de konsumpsjebonnen. Mar de sfear wie bedoarn. En dat krekt foar de oanfang fan it twadde bedriuw. Hie ik it yn it begjin net oer konsintraasje? No, dan moatte jo soks dwaan. Aardige minsken en o sa meigeand dat personiel dêr yn hotel Van der Valk… (Nee foar straf gjin link)
En dat sin en it feit dat alles oars as oars wie, hie ta gefolch dat ik it hangslot mei de kaaien der noch yn op 'e karre lizze liet en sa fuortried. Wol de karredoar ticht fansels, mar hielendal yn de ban fan frou Fan Rys…
Lokkich ried Broer achter my en hy hat de hiele reis de kaaien yn 'e gaten hâlden, se bleaunen moai lizzen. Mar doe't se yn Burgum gefaarlik ticht by de râne kamen, hat Broer my troch tige te knipperjen stopje litten. Doe't hy my nei it útstappen de kaaien ta smiet, waard it sin suver in bytsje better. Dochs noch in ljochtpuntsje op dizze bysûndere jûn. Nei't wy yn ús fergaderseal de frustraasjes fan ús ôfpraat hienen, kamen wy rêstich thús. En it is krekt sa as Wilma sei: 'Ek dêr ha jo as artyst mei te krijen.' En sa is it mar krekt. Wy ha der wer in ferhaal by yn ús artistenboek. Mar eins in ferhaal om gau te ferjitten. Bykommend foardiel is dat de taskôgers neat murken ha. Sy ha in noflike jûn ha. En dat wie ek de bedoeling fansels. En de Valkjes? Dy sille wol ta de nacht ta út oan it sûgjen west wêze.
|