Earder dit jier: Argyf:
Persoanlike saken:
Ferhalen:
Hantum-sides:
Makke troch Hendrik: Klik hjir (befeilige)
MyTube:
|
De pylk fan Cupido...
It hat even duorre, mar ik bin hielendal om! Cupido hat my rekke om samar te sizzen… It is wolris ferfelend dat jo altyd mei teatereagen nei in stik sjogge, dat jo altyd lette op fan alles en noch wat. Wêrom dy muzyk, wêrom dat ljocht en oh hearken sy stammert even, sy is de tekst kwyt. Ik ha der by alle foarstellingen en teaterstikken lêst fan. En dat giet krekt salang troch oant it stik my hielendal yn 'e macht hat. Dan bin ik alles fergetten, lit ik my meislepe en gean ik op yn it ferhaal fan de foarstelling. Sels by Macbeth fan Tryater okkerdeis yn Bûtenpost hie ik lêst fan dizze krupsje en ferklearde ik yn it skoft Shakespeare foar in dwaas. Mar doe't it stik út wie, wie ik hielendal yn 'e besnijing fan dit bysûndere teaterstik. Ik koe der neat oan dwaan, mar yn Brantgum kaam ôfrûne sneon dizze ergerlike gewoante ek wer boppen driuwen. Wat in ingewikkeld ferhaal. Wat in frjemde figueren. Erositen? Aphrodite en Psyche? Man, froeger hie ik al sa'n hekel oan dy klassike literatuer. En wy moasten se lêze. Sels de Ilias en de Odyssee fan Homerus yn de metryske oersetting fan A.W. Timmermans bin ik trochwraksele. Kinne jimme begripe dat ik mei in nuver gefoel op 'e tribune siet? Ald sear sille wy mar sizze... En dat op 'e Fryske klaai. Dêr't de measte bewenners noch nea sokke literatuer ûnder de eagen hân ha. As ûnderskat ik myn doarpsgenoaten no? It mei dúdlik wêze dat Demox myn man net wie. Ik koe my mear fine yn Gerke, dy't mei syn direkte taal syn frou en buertbewenners op 'e kast jage. Mar oan 'e oare kant fûn ik him ek wer wat te stereotyp. Moat dat no altyd sa? Sa swart wyt? Dy tiid ha wy dochs wolris hân net? Dat Cupido spoeke it hiele wykein mar yn myn holle om. Wat fûn ik der no wier fan? Ik wie krekt dat Cupidootsje dat op 'e twadde spyllaach mar wat hinne en wer keutele. Net witte wannear't se sjitte moat, net út 'e rie komme kinne. Spitich dat ik guon spilers dan ek net sa entûsjast tasprekke koe nei harren geweldige prestaasje. De testosteron hie noch de oerhân sa't it like... Ik moast ek wol laitsje om Lammert Stellema, doe't ik him frege nei it earste gedielte fan it stik. Ik snapte der ek neat fan, sa andere hy my, mar geandewei kaam ik der achter hoe 't siet... En wy moatte dat yn ien foarstelling foar de geast krije? Sy ha der tich repetysjes oer dien! Krekt sa'n rol foar him trouwens. As in soarte fan oppergod mei in moai griis burd. De Zeus fan Brantgum, ek net de beroerd om Lucky Luke-klean oan te lûken...
Mar sa as sein, ik bin hielendal om! Wat in geweldige prestaasje, wat in foarstelling! En dat mei safolle doarpsgenoaten en frijwilligers. En alles moat kloppe. Wat in harsenskrabberij sil dat jûn ha. Mei twa man is it betiden al in raar o-heden. Lit stean mei mear as hûndert man, as allegearre oprjochte frijwilligers! Wy kinne grutsk wêze op ús buordoarp! Dat dogge se dan dochs mar moai by ús yn 'e gemeente. Hjir op 'e klaai dêr't neffens guon lânslju de wrâld ticht plakt is mei kranten! Mar ien ding moat ik dochs even kwyt. Koe dat no net oars mei it Frysk yn it programmaboekje? Sels skriuw ik ek net altyd flaterleas, dat moat ik earlik bekenne, mar as jo in Praat mar Frysk App op jo side pleatse, meie jo dochs ferwachtsje dat it Frysk yn it boekje sa geef mooglik skreaun wurdt. Fan te foaren in pear Fryske staveringseagen oer de tekst en ek dizze Gouden Gurbe (dy foar it moaiste programmaboekje) soe njonken de oare trije yn Brantgum delset wurde kinne... Smoarfol...
Sjú... Fan 'e wike ha ik mei brûzesguod de ôffier fan de dûs wer iepen makke. It wetter kaam alle dagen heger en om foar te kommen dat wy it plafond sauzje moasten ha ik der mar in flesfol ûtstopper yn getten.
Mar de dagen dêrnei stonken de dûsputsjes al wakker. Neffens de gelearden om't de stankôfsluters net goed mear wurken. Al it wetter wie der út brûze. Mar nei in flinke dûsbeurt soe dat fêst wer oer wêze. Dat hjoed stie ik optein ûnder de dûs. Net allinne de hear des huizes soe hearlik rûke, mar ek de dûs soe ferlost wêze fan syn 'putlucht'. Dat dat wer sa'n skoft duorje moat ear't jo derêchter komme...
Itselde...? Justerjûn doe't wy op kreambesite by ús buorlju wienen, song buorfrou: 'Alle Pinkstermoandeis is it wer itselde...' Dit kaam omdat wy it oer Rûm Sop hienen en Rûm Sop sjongt alle Pinkstermoandeis de âlvestêdefytsers ta. Al jierren. Sa lang it koar bestiet. En buorman sit ek by it koar.
Mar ja, wat is no itselde? It rigeltsje dat buorfrou song is in fariaasje op rigel út it Alvestêdeliet fan ús koar. Eltse Pinkstermoandei spring ik wer op 't fytske... Sa begjint dat ferske. Wy ha it omraak songen Pinkstermoandei. Mar wat buorfrou no bedoelt mei: Alle Pinkstermoandeis is it wer itselde...? Ik kin der mar net op komme...
Feesttinte... No mienden wy dat wy alles al meimakke hienen op kabaretmêd. Mar juster yn Burgum kaam der wer in haadstik by. Wat in prachtige jûn!
De buertferiening hie harren jierlikse buertfeest. De hiele strjitte fersierd mei flachjes en in echte feesttinte midden yn 'e strjitte op in gemeentlik gersperkje. In Dixi dernjonken en it feest giet oan! De buert hie sels in feettinte boud fan steigerpeallen en wyt plastic en ek it 10 sentimeter hege poadium hienen se sels ynelkoar flanst. Der wie amper rûmte.
Mar wy kamen neat te koart! Alles waard foar ús regele, wy koenen meidwaan oan it buffet en sy bleaunen mar sjouwen mei drankjes en hapkes. Jimme roppe mar hjer jongens! Nei de tiid koenen wy noch oan 'e hamburgers, de kroketten as de frikadellen, it hâlde net wer op. De buertgenoaten wienen ris wat oars en fia fia wie de foarsitter oan ús namme kaam. No, it waard ek oars as oars en wy ha in prachtige jûne hân, ik tink dat it hjoed yn Burgum noch it petear fan 'e dei is. En nei de tiid seinen wy tsjinelkoar dat dit wol wer unyk wie. Wy komme ek wol ris op plakken dêr't mar wakker út 'e hichte dien wurdt en dêr't jo tefreden wêze meie mei twa konsumsjemunten de man. Plakken wêr't it iten te djoer is, dat wy elk ien broadsje krije mei twa leppels sop en dêr't se krimmenearje oer it lûd en de ekstra reiskosten. En dan kin by sa'n gewoane buertferiening alles, komme jo hielendal net oan it krapperein en de penningmeester woe ús spontaan mear jaan foar de reiskosten. Wês earlik, mei sokke minsken ha ek wy in TOP jûn!
Piken fuorje...
Juster hienen wy it op it wurk oer de ferieningsdei dy't takom jier wer hâlden wurdt. In dei organisearre troch ús wurkjouwer foar alle masters en juffers fan ús organisaasje. Neffens ien fan ús kollega's soe Nelleke Mulder komme om ús it ien en oar oer styling te fertellen....
'Och hearken, andere ik, dat falt by my ûnder de kategory woonbijlage...' Dat sil ik koart útlizze. Alle wykeinen komt de Ljouwerter Krante mei in mânske Woon Bijlage en dizze goai ik, sûnder him yn te sjen, altyd fuortendaliks yn 'e âld papierdoaze. Ik bepaal sels wol hoe't ik wenje wol, dêr ha ik gjin krante foar nedich. En alhiel net as dy advisearje om yn hiele nuvere winkels jo ynkeapen te dwaan foar meubels fan geduldig oerhout en mear fan sokke holle kreten. Dat Nelleke komt ús fertellen hoe't wy foar de klasse stean moatte. Alhiel yn styl, dat straalt selsfertrouwen út en de bern en âlders fleane foar jo. Jaja, en de feriening komt dan ek mei kleanjild? Hâld op! Alles ha de kritikasters yn it ûnderwiis al by it ein hân. Dit moat feroarje, dat is net goed, it ûnderwiis is like min as wat en de lytse skoallen kinne ek wol ferdwine. Neat dogge jo goed en no moatte der ek al oare klean komme. Alles, mar dan ek alles moat hjoed de dei yn rigels, protokollen, foarskriften en prosedures fêstlein wurde. Sels net mear tinke, gjin eigen kar mear en dan is it pas goed. Sa wurdt der tocht... Hjoed kaam Nelleke op 'e radio wer foarby. Want neffens Omrop Fryslân wienen de Fryske froulju it minst stylfol klaaid fan hiel Nederlân. De presintatrise wie ek al skeptysk en frege har ôf werom de Fryske froulju altyd gewoane klean oan hienen. En neffens har kaam dat om't se aanst de piken dochs wer fuorje moasten... Wat in hearlik nofteren antwurd. En se sei ek noch dat Nelleke it der wol wer mei iens wêze soe, want dan soe se wer hiel wat rie jaan kinne... Sa is't mar krekt. Goed sjoen fan de omrop. Alteast fan dizze radiofaam... Master kreas yn it pak, moai modern sjaaltsje om, djoere Louboutin skuon oan 'e âlde fuotten en in Hilfiger boesgroen om 'e skouders. As wie it de direkteur fan de Sionsberg mei in jiersalaris fan 260.000 euro. En dan moat der ien fan de bern spuie. Ik sil dit tafriel net fierder útwreidzje, mar de Louboutins kinne yn 'e kliko. En de Hilfiger kin as poetsdoek brûkt wurde no't hy fol sit mei plakkaatferve. Om my mocht der in adviseur opstean dy't lang om let ris in ein makket oan dizze alderferskriklikste swee slaanderij!
Geduldig oerhout... Gewoan in âlde beam fan it boerehiem fan Wopke. Tafallich ta tafel bewurke troch in ienfâldige timmerman dy't ek mar gewoan Ale hjir...
Planking... Wat de lju yn 'e Ljouwerter krante kinne, kin ik ek. En noch moai strak ek noch...
Wiis... Wy binne grutsk op ús nije
pake- en beppesizzer. Sa stadichoan komme ek de earste foto's. Famylje en guon dy't oer de koade beskikke, kinne de foto's yn dit album besjen!
Moai soks... It sil wol net meie en as Doutzen dit sjocht sil se my it mannewaar wol opzizze, mar ik koe it net litte! It is sa moai wat Doutzen seit. Sa moai opkomme foar dyn memmetaal. Dat soenen mear lânslju dwaan moatte. En, en dat kinst oan de ein fan it filmke noch krekt heare, Frysk prate tsjin dyn bern. Sokke âlders soenen der mear wêze moatte.
Ik folgje Doutzen fia Twitter. En yn ien fan har tweets stie dizze link: http://bit.ly/m1QFaC. Even sjen fansels. Nei in hiel petear oer ûnderguod kaam de fraachsteller mei in fraach oer Frisian... En just dat stikje ha ik derút helle. Wie noch wol in hiel gedoch en de ôfmjittingen fan it filmke binne net alhiel goed, mar it giet om de ynhâld. Geweldich Doutzen!
|