Earder dit jier: Argyf:
Persoanlike saken:
Ferhalen:
Hantum-sides:
Makke troch Hendrik: Klik hjir (befeilige)
MyTube:
|
By it sluten fan 'e merke... Der is neat nijs ûnder de sinne en fuotbalplaatsjes binne der al hiel lang. Yn it seizoen 1969-1970 hie 'k ek al in kompleet album byelkoar sammele. (Ik hear guon tinken: och hearken dêr komt hy wer oan mei syn plaatsjes...)
By C-1000 binne wy no ek wer plaatsjes oan it sparjen, mar wat in ferskil mei 40 jier lyn! No binne de sammelalbums yn fullcolor, steane de fuotballers der o sa kreatyf op en, foaral ek, plakke de plaatses sels, as in sticker. Froeger moasten wy it hiele hûs ôfsykje om lym. Meastentiids kamen wy by ús heit op kantoar telâne. Dy hie sa'n glêzen lympotsje mei sa'n rubberen dopke mei in gatsje deryn. Doetiids krigen jo de plaatsjes ek net by de supermerke, jo moasten se sels keapje by de boekhannel as soksawat. It koste jo hiel wat bûssinten. En der wie mar ien soart plaatsje, mei mar ien soart boek. No ferslane wy deryn. Krije jo sokke plaatsjes, ja it binne hast kaarten, by de iene supermerke en wer oare plaatsjes by de oare winkel. In winkel dêr't wy nea komme, dus dy plaatsjes komme der ek net. Minsken hâlde jimme it noch by? Man zoekt voetbalplaatje... De supermerken stride in ûnderlinge striid om de klant. Wa hat de moaiste plaatjes? En master sit der mar wer mei op skoalle. 'No earst de plaatsjes mar yn it fak...' Sneon seach ik by C-1000 dat wy de kommende wiken ek plaatsjes fan BeQuick sparje kinne. Mei in echt album! Leuk foar VV Ternaard, Roptaboys as WTOC. Wêrom wurde harren helden net sparre en allinne mar de Dokkumers? Ik ferwachtsje dat in protte streekgenoaten út balstjoerigens oerstappe nei de ALDI. Dêr wurdt neat (be)sparre, allinne mar jild... It wurdt hieltyd gekker, grutter en kommersjeler. By Albert Heyn kinne jo no sels je eigen plaatsje meitsje. En se dogge it oerkommen as soenen de fuotballers fan de earedivyzje foar jo yn 'e rige stean! Ik tink dat de nije oanfaller fan 't Fean hege eagen goait. Topclubs steane aanst foaroan. Al wie it allinne mar om dy bril... Knypeach...? Moarns ûnderweis nei it wurk lústerje ik meastentiids nei Omrop Fryslân. Binne jo wer hielendal op 'e hichte fan alle nijs! Ien fan de fêste programma-ûnderdielen is de radiokollum 'It Each fan Eelke'. In aktueel ferhaaltsje fan Eelke Lok. Fan 'e moarn moast ik wol glimkje, want it ferhaal fan Eelke gie ûnderoaren oer de Sintrale As. Foar ús as noardeast Friezen hiel wichtich! No ja, harkje mar nei Eelke soe ik sizze... Aksje!
Ik bin oars net sa'n aksjeman. Mar dizze kear stean ik hielendal achter dit inisjatyf en ik soe alle ûnderwiiskollega's dan ek advisearje wolle: tekenje! En Sikke...
Fan'e middei binne wy tegearre nei in konsert fan Sânman & Sikke west. Yn Bûtenpost. Wat in prachtige middei mei geweldige muzyk. Einepikefel by As I come of age en Seven bridges road dat bliuwe dochs toppers fan Crosby, Stills & Nash en the Eagles. Mar de ôfwikseling wie prachtich. Ik mei ek hiel graach nei moaie Fryske lústerferskes heare. Mar wêrom dy mannen harren sa beskieden opstelle? Se binne gewoan top! As is dat de Fryske nochterens... Der sjongt ek noch in Balkster mei by dizze sjonggroep en dan ha jo fuort wat kontakt. Moai soks. Allinne Nijenstijn koe de drokte hast net oan. Mar it iten smakke bêst!
It froutsje yn Starum...
Wy waarden wol in bytsje kjel doe't wy kafee Max yn Starum binnen kamen. In ynterieur út 1913 (neffens de eigenaresse), lyts, gjin klaairûmte, in poadium op bierkratten en amper plak om ús apparatuer del te setten. Mar wy binne hiel wat wûn en binne net sa gau ferslein. Boppedat wie de eigenaresse tige ynskiklik en dan binne der in hiele protte oplossingen! Us ferklaaie yn de keuken en yn it kantoor. Opkomme tusken it keukenpersoniel en de klean úthingje op in pappegaaiekauwe. Nei in hearlik miel, yn itselde kafee, makken wy ús klear foar in jûntsje Starum. Wy hienen trije kear earder in optreden yn Starum fersoarge, dat hielendal ûnbekend wienen wy net yn dit âlvestêdestêdsje. Dy trije kearen soenen fêst fan ynfloed wêze op it tal besikers. Om likernôch acht oere koe de foarsitter in folle en smûke seal wolkom hjitte. It waard in prachtige jûn! Foaroan, deun foar it poadium, sieten fjouwer fans út Tytsjerk. Sy wienen spesjaal foar ús nei Starum kaam en hienen reservearre. De organisaasje sil wol tocht ha, dat binne wichtige minsken, want der stienen fjouwer stuollen klear, kreas mei in kaartsje gereserveerd der op. Lokkich ha wy harren wat sparre dizze jûn. Fans, en foaral at se sokke fiere reizen meitsje, moatte jo koesterje, oars komme se miskien nea wer! Nei ôfrin ha wy noch even besteklik praat hân mei de minsken fan Starum en elk wie mear as tefreden. No dan binne wy dat ek. Nei't wy de organisaasje en foaral de eigenaresse fan kafee Max tige tank sein hienen foar dizze noflike jûn en de treflike fersoarging, kaam der in frou op ús ôf. Se fûstke mei ús en wy krigen elk in grauwe tút fan har. 'Gauw tot ziens,' mompele se. Dat doe't wy yn 'e auto sieten wiene wy der noch wat feralterearre fan. Wie dit no dat bekende froutsje fan Starum? Dat koe hast net, want der siet by it miel, earder op 'e jûn, gjin ring yn 'e fisk. Ien fan ús lêste petsjes is wol lizzen bleaun yn kafee Max. En dat is spitich, want it is in sa njonkelytsen in collector's item. Mar wa wit, miskien komt it petsje ea wer boppe wetter, om mar yn it byld fan it moaie Starumse folksferhaal te bliuwen. Ik moat de fiskboeren de kommende tiid mar wat yn 'e gaten hâlde. Net dat dy pet yn in fisk sit, mar op 'e holle fan de fiskman. Want dat stiet fansels geweldich...
Vet oud... Oan it ein fan dizze wurkdei makke ien fan 'e bern wol in hiele aardige opmerking. In opmerking dy 't my tige goed die. Ik waard der suver fleurich fan. Wat wie it gefal? (En no skriuw ik hjir en dêr even yn it Hollânsk, want dizze fleurige jongbaas is it Frysk (noch) net machtich...) Hy sei: 'Ik ben blij dat wij niet zo'n oude meester hebben... Op de andere school hebben ze een vet oude meester! Gelukkig is dat bij ons niet zo...' Ik reagearre mei de opmerking: 'Zo zo, en hoe oud is die meester dan wel niet...?' 'Die meester is wel 52! En dat is vet oud...! Zo oud is meester toch niet?! 'Wel nee jong, gelukkig niet,' sa andere ik. En dêrmei leagene ik net... Want jo moatte fansels wol de wierheid sprekke ek al is it tsjin jonge bern. Bern meie net lige, dan master ek net... Myn kollega's wienen slop, doe't ik dit optein fertelde. Se seinen dat dit op 'e nijsbrief fan ús skoalle moast. Dat gie my wat te bot, ik siet mear te tinken oan Wâldnet as Hea fan Omrop Fryslân. Mar ta eintsjebeslút ha ik it mar ta dit weblog beheind... Lyt.sr dan lyts...
Twitteraars kinne dat wol. In link yn jo berjocht plakke. Mar der dan achter komme dat dit in link fan sa'n twa rigels is. Bygelyks dizze link fan in foto út ús fotoalbum: http://picasaweb.google.com/lh/photo/Ds0fVe6PFKIKS4FQakClii0iKqIN19buGbW5GiX6f_A?feat=directlink. Twitteraars meie mar 140 tekens yn harren berjocht stopje en mei sa'n link binne jo der fuort oan ta! No binne der op ynternet tsjinsten te finen, dy't sokke wiidweidige links lytser meitsje foar jo. Dat skeelt in protte tekens! Dan wurdt it soksawat as: http://lyt.sr/ossab
Tsjotterje...
Sjogge jimme dat lytse blauwe fûgeltsje hjirnjonken stean? Dat komt omdat wy alhiel meigean mei de tiid en no ek ta de tsjotter(Twitter)wrâld heare. Alteast mei ús kabaretduo. Mochten jimme dit folgje wolle, dan klikke jimme mar op it blauwe fûgeltsje... In protte wille! Omtinker... Dat wie in hiele aardige foarstelling yn 'e Fjouwersprong te Gytsjerk. In moai sealtsje fol en o sokke aardige minsken. No wie de trochsneed leeftiid aardich boppe de sechtig, mar nettsjinsteande dit gegeven ha wy in moaie jûn hân. De komplete oranjekommisje fan Aldegea (Sm) siet ek foaroan yn 'e seal. Ofrûne simmer ha wy foar harren optreden en sy fûnen it sa moai, dat sy it noch wolris sjen woenen. Boppedat hie doe ek mar in part fan de kommisje de foarstelling sjoen en de oaren moasten it ek ris sjen fansels... It húske yn 'e klaaikeamer siet op slot. Nuver. Mei sokke senuweftige spilers is dat gjin dwaan fansels, mar doe't wy it iepenmakke hienen mei de skroevedraaier út it needpakket dat wy brûke yn 'e foarstelling, die bliken dat it húske yn jierren net brûkt wie. Earst mar ris trochspiele... Mar doe kaam ik derachter werom de doar op slot siet. Der wie in buis net oansluten en in grutte tsunamy skeat de klaairûmte yn, ik koe krekt omheechspringe. En lokkich siet der in stopknop op 'e splielbak. Under de foarstelling moasten wy al om it wetter tinke, mar omdat de klaairûmte wat skean ôfrûn, ha wy der net sa bot lêst fan hân en hie it gjin ynfloed op ús optreden. En wêrom de titel fan dit blog no omtinker is? Der om tinke fansels, om de tichte doar fan it húske mar ek om't it ien fan de funksjes binnen it kritebestjoer wie: omtinker, sa stie dat op it konfokaat (sa neamden de kriteminsken harren útnoeging). Hy hie dat fansels even tsjin ús sizze moatten, dat it húske net brûkt wurde koe. Wêr binne jo oars omtinker foar...?? HW-mail...
Jo kinne der hjoed de dei net betiid genôch by wêze. Noch mar amper op 'e wrâld, as de bern moatte in CITO-toets dwaan, moatte foldwaan oan alderhande grafiken en statestiken en foaral boeklêze, boek lêze en nochris boeklêze. (Is Pyt Paulusma boekferkeaper wurden??) It docht ús dan ek deugd dat ús lytse pake- en beppesizzer al achter de kompjûter sit. Hy is leau 'k ek dwaande mei in side oan te passen foar Wikipedia. Wy wienen dan ek net ferheard, dat hy ús it ôfrûne wykein in e-mail stjoerde:
Hoi Pake en Beppe,
,,. xcfcv hntytserrrr//// rn ,mlfurj Prachtich! Wy ha him in berjocht fan trije kantsjes weromstjoerd. Dat kin hy mei gemak lêze. Mar it soe ek wêze kinne dat hy it papier, as heit as mem it teminsten útprinte hat, hielendal fersobbe hat. Ja, ja, hy fret boeken... In skoalmaster moat faak bern meiwêze... Exit...
Wy komme al jierren yn 'e Refter. Wy ha leau 'k trije útbaters meimakke. Even ien deldrinke, even evalueerje, even bekomme. It lêste jier wie it ek ús oefenplak, wy binne der hiel wat jûnen west. It wie altyd goed en wy fielden ús mei rjocht twa fêste gasten. Mar oan alles komt in ein... Tongersdeitejûn hienen wy ús nijjierssûpke. De bar wie hielendal frij. Wy gienen yn it hoekje sitten, in moai plakje. Meie wy graach sitte. It kin net altyd, want der binne mear dy't dat in noflik plakje fine. As it beset is, sitte wy earne oars ek like goed. Justerjûn siet it o sa noflik. Mar doe kaam de útbaatster op ús ôf mei de folgjende opmerking: 'Kunnen jullie ook even ergens anders gaan zitten, die mensen willen hier graag zitten...' En se knikte nei in hoeke dêr't in tal OSM-ers sieten... 'Gaan jullie nu al weg?' frege de gastfrou ferheard. Wy ha mar even dúdlik sein wêrom wy opstapten. Sy seach al wat nuver, mar wy kearden ek net wer om. Spitich, mar wy ha sa ús prinsipes. No misse wy al ús oefenseal. Mar it is krekt sa as Broer sei: 'Der binne mear plakjes dêr't jo noflik sitte kinne...' En sa is't mar krekt! In nije jiergong...
Hast eltse himsels respektearjende krante as omrop komt oan it ein fan it jier mei in oersjoch fan it jier dat foarby is. Wês gerêst, dêr doch ik net oan. Hjirnjonken stiet in wiidweidich argyf en dêrmei kinne jimme jim eigen jieroersjoch gearstalle. Ynteraktyf en alhiel nei eigen smaak, wat wolle jimme noch mear.
Ik sit der wol oer te tinken om it argyf wat op te skjinjen, want de rige wurdt sa stadich oan oe sa lang en sels 2006 stiet noch earne op de PC (ja salang bestiet dizze side alwer...) mar dat argyf ha ik ea al ris fan it ynternet ôfhelle.
Wy ha in rêstige krystfakânsje hân, in protte op besite west nei de famylje (ik leau dat wy sa'n 1000 kilometer riden ha...) mar dat wie it wol wurdich! It bliuwt wol raar riden mei mist en glêdens en elke dei hoopje ik wer dat Pyt seit dat it lij wetter reine sil, mar dizze opmerking sille de reedriders ûnder ús wol wer fûl bestride wolle. Hawar, elkenien in goed en sûn 2011 tawinske. Dat jimme mar faak werom komme meie op dizze side! En it bliuwt dreech om fjoerwurk op 'e foto te setten... Dominy keart jiers ienkear de pankoek om... |