Earder dit jier: Argyf:
Persoanlike saken:
Ferhalen:
Hantum-sides:
Makke troch Hendrik: Klik hjir (befeilige)
MyTube:
|
Bekloekje... Has allle ynstânsjes dy't gemeentejild as subsydzje krije, ha in brief fan 'e gemeente krigen. Der moat besunige wurde. It doarpshûs krige in brief, de CH-feriening fan Dokkum e.o krige in brief en fêst noch mear ferieningen yn ús doarp, dêr't wy tafallich net it kontaktadres fan binne, ha sa'n moai skriuwen krigen. En de gemeente kin it o sa moai sizze. Mar wy snappe it wol, it jild is op. Alteast foar saken dy't de gemeente minder wichtich fynt.
Sa wurdt der wol wer in pôle jild stutsen in de boaiemleaze put dy't DOK18 hjit. It teater dat eins hielendal net nedich is. Want as wy in moai teaterstik sjen wolle, kinne wy nei Drachten, Ljouwert as bygelyks nei Lioessens as Brantgum. De grutte produksjes komme echt net nei Dokkum. It binne faaks try-outs en ûnbekende (lês goedkeape) artysten. Mar ja, de 'ons-kent-ons' Dokkumers moatte harren ien kear yn 'e wike sjen litte. Knikke en bûge nei de Lions- en Rotaryclub leden. Nee, in teateroanbod is echt net nedich yn Dokkum. De Lawei en de Harmonie binne tichteby genôch. In teaterseal is fansels wol winslik, mar dat hoecht net sa djoer te wêzen. Hawar, wy moatte beknibbelje, wy komme der net ûnder út. Mar eins soe ik de gemeente wol in driuwend advys meijaan wolle: sjoch ek ris nei jimme eigen organisaasje! Faaks kin dêr in hiele protte op besunige wurde! Wurkje ris wat effisjinter, kom jimme ôfspraken en tasizzingen ris nei, lit jimme minsken ris wat hurder wurkje, ferhier gedielten en/as romten fan dat grutte gebou fan jimme mar ris oan oaren. Yn 'e hal, dêr't faaks mar ien fan de acht loketten iepen is, kin de woansdeimerke moai hâlden wurde. Bykommend foardiel is dat it oerdekt is, en dat is wol nedich mei sokke wiete dagen. It klinkt fansels wat ûnnoazel, tsiis ferkeapje wyltst jo om in ID-kaart komme, mar neffens my sit dêr in kearn fan wierheid yn: sels it goeie foarbyld jaan, betrouber oerkomme, dan krije jimme ek folle mear meiwurking fan jimme boargers. *) Ons Soort Mensen... Sponsordoarp...
Oars as oars… Soms ha jo fan dy dagen en dan is it krekt even oars as oars... In frou, ien fan de besikers fan it jubileumfeest fan de RPV yn hotel Van der Valk yn Drachten, tocht dat wy rys mei hienen om ús kiste fochtfrij te hâlden. Sy rûn samar troch ús klaairûmte omdat se oars net bûten komme koe om te roken. Op himsels al nuver, minsken dy't troch jo klaairûmte rinne… Goed foar de konsintraasje. Mar dyselde rys soarge wol foar in protte opskuor! (...) Pleatst: 23-09-2011 / 17:11 oere - Reagearje? - Nei boppenOp 'e pedalen... It filmpke fan snein is klear! Famyljeleden kinne it besjen op de befeiligde side. Spitich foar de oare trouwe lêzers, mar der binne no ienkear saken dy't wy yn 'e famylje hâlde wolle. Mochten der famyljeleden wêze dy't noch net oer de tagongskoades beskikke, stjoer in mailtsje soe 'k sizze wolle...
En de wurktitel Easy Rider part 37 hat it it orzjineel net helle. De film hjit fan Op 'e pedalen, bannen yn 'e brân... It moat al yn it Frysk fansels. Mei tank oan Diggelfjoer. Easy Rider...
Get your motor running Dat wie in wykein mei in heech Gaasterlân gehalte. Op sneon op famyljebesite (mei in aardige Sister Act), nei de reuny fan myn legere skoalleklas en ôfrûne snein in prachtich en tige slagge gesinsútstapke mei mei bern en bernsbern ek wer nei Gaasterlân. Dy sneins moasten wy sels yn 't spier. Want wy hienen fiif solexen hierd by Op Paed yn Riis. Ik sjoch jimme tinken, moatte dat gjin seis wêze? Nee, echt net, want beppe fleach yn 'e swarte Transporter achter ús oan mei de twa lytsbern yn de bernestuoltsjes en de broadsjes, kofje en de tee yn twa grutte plastic tassen. Pake ried foarop, want as grutte Gaasterlânkenner soe hy de gang wol even paadwiis meitsje. Mar ja pake, Gaasterlân is yn tritich jier wol feroare en tritich jier lyn hie ik echt noch net alle paden hân, dat wy binne in pear kear mis riden. It begûn fuortendaliks al. Neffens it kaartsje dat wy meikrigen, moasten wy rjochting Himmelum, mar ik sloech fuort ôf nei Bakhuzen... Hawar, wy wy binne wer teplak kaam, mar wol in oere letter as ôfpraat. Dat kaam ek om't ien fan de fytsen-mei-help-motor pech hie en wy hielendal werom moasten om in oarenien op te heljen. Wat is in Transporter dan maklik! Wy binne moaie paden lâns gien, ek paden dêr't wy eins net komme mochten. En dan is Gaasterlân o sa moai, ek op in solex. Njonken de biezemweinfunksje hat beppe ek alles op film fêstlein, dat meikoarten kinne wy Easy Rider part 37 op dizze side besjen. Sjit my trouwens ek noch in oar ferske yn 't sin. Fan de Fryske muzykgroep Diggelfjoer. Ek hiel tapaslik!
Op 'e pedalen, bannen yn 'e brân En it iten by Vis en Meer wie ek poerbêst!
Sister Act... Ferheard seach ik op doe't ik op 'e doar fan myn suster har lokaal ûndersteand plakkaat hingjen seach. Ik hie it earst net yn 'e gaten, mar in tal âld klasgenoaten rôpen my doe't wy dwaande wienen mei in rûngong troch de skoalle. Myn suster wurket oan 'e Bolster yn Balk en yn it grize ferline ha ik ek op dizze basisskoalle sitten en dan moatte jo fansels by in reuny even troch de skoalle. Hoewol dit moaie gebou der doe noch net stie en ús skoalle hiel gewoan School met de Bijbel hjitte.
It waard in prachtige middei mei moaie ferhalen by it weromsjen fan dyn klasgenoaten. Jo komme suver tiid tekoart! De tariedingskommisje hie Master Bierman ek útnoege en as tige krasse 72 jierrige âld Hoofd der School, is hy mei ús oan it sjongen west. En om't master yn dit moaie gebou net in piano foarhannen hie, hie de kommisje my freege om it sjongen mei de akkordeon te begelieden. Oft dat no sa'n lokkige kar wie, hawar ik fûn it net slim en myn klasgenoaten leau'k ek net... Doe't ik nei oanlieding fan it plakkaat myn suster SMS-te: Do wurdst bedankt! Krige ik as antwurd: Oeja, hie net tocht datsto de akkordeon mei hiest. Dit koe net moaier! Gesellige jûn! En it waard tige gesellich! Nei't wy mei in âlde Amerikaanske skoallebus in rit troch Gaasterlân makke hienen, kamen wy by de Hege Gerzen by it Aldemardumer Klif út. Dêr ha wy hearlik iten en krigen wy ek it reunyboekje útrikt. Want de kommisje hie tocht dat wy allegearre ús libbensferhaal ynleverje moasten en dêr ha sy mei help fan in oare klasgenoat, dy't in drukkerij yn de Lemmer hat, in moai boekje fan makke. Dat wy kinne alle ferhalen nochris noflik neilêze. En as jo it boekje dan út ha, dan beseffe jo dat net elkenien it like maklik hân hat. Mar dat komt op sa'n gesellige dei faaks net oan 'e oarder. En dat hoecht ek net. Want op sa'n dei binne jo wer even dat leave seisde klaske fan 1969. Noch hielendal blanko en klear foar it grutte libben... En ear't jo it yn 'e gaten ha leit der 42 jier achter jo...
Z.I.L.T... Dat wie wol in hiele bysûndere tsjerketsjinst ôfrûne middei. Wy koenen genietsje fan it teaterstik Het Hotel.
Dizze foarstelling waard fersoarge troch stichting Z.I.L.T. Yn in oere tiid waarden wy meinaam nei in hotel dêr't nuveraardige gasten lâns kamen. Fansels hie dit ferhaal in Bibelske moraal, mar dat wie ek de bedoeling, in preek yn de foarm fan in kluchterich stik. It knappe wie dat de teatergroep hiel handich gebrûk makke fan fideobylden. Op in gruts skerm spilen in tal firtuele figueren mei. En dan komt it bot op timing oan, want de dialogen moatte wol sa oerkomme as binne jo echt yn petear mei de persoanen op it grutte wite doek. It ferhaal hie wat in heech Bassie & Adriaan gehalte, mar om't der ek bern yn tsjerke wienen, koe dit bêst. En wês earlik, somtiden komt de boadskip dan ek noch better oer. Wat my oanbelanget komme der faker sokke tsjinsten...
Sterk spul... Hee, de twitterwidget wurket ek wer yn Explorer 9. It hat himsels oplost, ik ha der neat oan dien. No ja, út himsels... de minsken fan Twitter sil der wol wakker mei oan 'e gong west wêze nei safolle klachten.
Man, wat wie dat in drekboel by ús optreden yn Oerterp ôfrûne tongersdei. It is no net dat wy bûten spylje moasten, mar om de feesttinte hinne leinen allegearre rydplaten en dan is it dreech om mei in oanhangkarre achterút te riden sûnder dat jo mei de tsjillen yn 'e drek belânje. It gie goed, mar de Landrover dy't foar ús parkeard wie oan it ein fan 'e jûn, glydske hast de feart yn doe't hy frijpaad foar ús meitsje soe. Mar nei't wy him mei in sleepkabel oan 'e Transporter fêstmakke hienen, koe de sjauffeur dochs wer syn four-wheel-drive op 'e rydplaten krije. De karre stie der al dwers achter, mar wy koenen sa fuortride. Wy hienen ússels lokkich net fêstsetten. (Us ljochtman Harry hat in twitterfoto makke fan de glydzjende Landrover...) Moai wie ek dat ôfrûne woansdei sterke man Wout Zijlstra lâns kaam om ús nije skoallelogo te ûntbleatsjen. Hy makke wakker yndruk mei syn spierballen en de bern fûnen it mar wat moai dat sy sels ek allegearre krêftspultses mei Wout dwaan mochten nei't hy it âlde kleed fan de muorre ôfskourd hie. Sa mochten de bern in swiere sek oer in hege balke goaie en mochten sy mei in 100 kilo swiere whiskytonne om it klimrek hinne drave. Nei dizze moaie en krêftige moarn, meie wy no ús nije hússtyl fiere. Jimme kinne fan al dit moais in yndruk krije as jimme op ús skoallewebside sjogge. En as it goed is, stiet der ek in grut ferslach fan dizze moarn yn it Frysk Deiblêd. Mar ja, dat lêze wy net. Dat mar even nei buorman. No mar hoopje dat it deiblêd net yn de âldpapierkontainer telâne kaam is, want dy stie ek yn ús doarp de ôfrûne dagen...
TimpeTiid... Doe't wy fan'e moarn foar de artystenyngong stienen, sei Broer: 'Hjir wurdt net oer praat as Twittere. En wy meitsje ek gjin foto's...' Ach, elke artyst fertsjinnet de yngong dy't him takomt, sille wy mar rekkenje...
Wy wienen frege om mei te dwaan oan it TimpeTiid festival yn Hieslum. Hieslum leit achter Parregea, ticht by Warkum. Wy trede oars noait oerdei op, mar foar dit optreden hienen wy in útsûndering makke, want de opbringst wie foar in goed doel. Us optreden wie dan ek fergees, want sa giet dat by benefyt optredens. De sfear wie gemoedlik, mar it tal besykers koe grutter, der wienen op de tiid dat wy op it poadium stienen noch net safolle minsken. Mar wy, en fansels ek de taskôgers, ha harren wol fermakke. Leuk om soks ris mei te meitsjen. Ik fyn it dan wol nuver dat de grutte publykslûker Sipke Jan Bousema noch net oanwêzich wie. Neffens de organisaasje soe hy pas om in oere as fjouwer der wêze. Nuver soks, wol prominint op alle poasters, radioklips en tv-klips neamd wurde, mar him net de muoite nimme om ek de earste artysten fan dit festival oan te kundigjen. Sipke sil ek wol in oare yngong ha bin ik bang...
|