www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2011
Novimber 2011
Oktober 2011
Septimber 2011
Augustus 2011
July 2011
Juny 2011
Maaie 2011
April 2011
Maart 2011
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Oandacht...

Alle jierren besteegje wy op paste wize oandacht oan ús troudei. It wie wer hiel gesellich! Foar ús lytse pake- en beppesizzer wie it de earste kear en dan is it ek net sa frjemd dat jo alle oandacht opeaskje. Tank foar de felisitaasjes en de kaarten! Moai soks.
Oh ja, om syn pake en beppe te ferrassen, kaam ús pake- en beppesizzer incognito. Sjoch hjir mar ris...

Under de koade noch in pear mear foto's.

Pleatst: 28-04-2011 / 19:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

Yn memoriam...

De fisk fan ús klasse is dea. Hy hat de peaske net oerlibbe. Wy ha op paste wize ôfskie naam. Ien fan 'e famkes hat noch in moaie brief foar Regenboog skreaun en se mocht dy fan my op 'e lege fiskbak plakke. In oaren frege oft hy in nijenien keapje mocht. Dat ha ik earst mar wat opkeard mei al dy frije dagen foar de doar...
Klik hjir om it better te lêzen.

Pleatst: 26-04-2011 / 20:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Peaske...

Eins moat ik yn 'e tún. Gers meane. De tún moat der fansels al op syn peaskebêst út komme te sjen. Mar Pyt hat moai waar besteld, dat wy ha it wol oan tiid. De hiele middei noch. En it begjint ek net te ûnwaarjen, dat it komt hielendal goed.

Pyt hat it wol iderkear oer: in warskôging foar de wettersporters, it is ôfwaaiende wyn… Dat snap ik no wer net, want as jo op ien fan 'e Fryske marren sitte, makket it dochs neat út hokfoar kant de wyn útwaaid? Froeger hienen wy by it swimmen yn 'e Sleattemermar meastentiids ek ôfwaaiende wyn. Dan baalden wy altyd as in stekker, want dan wie it wetter like smoarch as wat. Allegearre feandieltsjes dy't it wetter grûnich makken. Mar der hearden wy nea ien oer. Boppedat wie ek wol maklik dy eastewyn. Dan waaiden jo as fansels wer nei de swimsteigers werom. Ofwaaid praat Pyt!

De hiele wike stie yn it ramt fan Peaske. De tariedingen op skoalle, it online meitsjen fan peaskekaarten, de peaskefiering op tongersdeitemoarn en op tongersdeitejûn de agapèfiering yn ús doarpshûs. Sa'n agapèfiering is moai, it leit in link tusken it Joadske pesachfeest en it Kristlike jûnsmiel. En dat dan fiere op wite tongersdei. Bysûnder...

Juster om boadskippen nei Dokkum. Peaskeboel ynslaan. No dogge wy soks net oerdreaun hjer... Twa pûdsjes peaskeaaien en twa pakken peaskekoeken en in boskje blommen en fierders de gewoane ynkeapen. Lokkich wie de parkearmeter yn Dokkum stikken, dat eins hoegde ik ek net op de útkyk te stean. Mar hawar, Wilma soe fuortendaliks werom komme. Mar soks duorret altyd wer langer as tocht. Ik hie mei de stikkene parkearmeter ek wol in slach om kind. Mar ja, dêr komme jo pas achter as it net mear hoecht. No ja, it baltende jongfolk op 'e Merke joech wol wat fertier...

De kuolkast leit no fol Monatoetjes. It is mar wat mei dy oanbiedingen. Twa foar de priis fan ien. Ik freegje my ôf oft soks no echt goedkeaper is. As soks net yn 'e oanbieding is, ite wy meastentiids de goedkeapste yochert. Wy traapje der ek altyd wer yn. Trouwens ik ha neat heard fan de drassige weiden. Keapje wy dus nea wer. Tsja, sa wurket it no ienkear.

Mar no moat ik dochs mar yn 'e tún. Twa bakjes kofje hân, it stikje is sa wol lang genôch en ik wol no ek wer net as in wyldeman alles ôfraffelje. Want it moat, sa as ik skreau, al op syn Peaskebêst!

In lette Peaske jout in lette Pinkster...

Pleatst: 23-04-2011 / 13:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bysûndere foto...

Hie ik it net oer in toanieljûn mei treflik lûd?? Us skoalle hat der in nij persoanielslid by... Op de webside fan it Lemieren mear foto's fan dizze moaie jûn!

Pleatst: 18-04-2011 / 22:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oer toanieljûnen en Penjumer pizza...

Tiisdei...
In boete. Wat oan 'e lette kant thús en tinke dat der dan net mear kontrolearre wurdt. Op de datum fan de boete ek noch in gearkomste fergetten. Al mei al wie dat doe in slagge jûn... Dus net...

Woansdei...
Sjonge mei Rûm Sop. En de dirigent heart fuort dat der in noat oars spile wurde moat. Dat dat opfalt by my...

Tongersdei...
Fan skoalle in gesellige toanieljûn yn it doarpshûs fan Tytsjerk. Mei in treflik lûd...

Freed...
Prachtich optreden yn Penjum. Earste feesttinte fan dit dizze simmer. Foardiel: de planken fan it poadium binne nij! Hearlik pizza iten yn de pizzeria fan Penjum. Kin dat yn sa'n lyts doarp? Aanst ek pizza's yn ús doarpskafee? Pizza de Terp. Mei aai...

Sneon...
Slútjûn fan it STAF yn de Lawei yn Drachten. Moai toanielstik sjoen fan Tesselschade út Hurdegaryp. Bliuwt wat in apart fenomeen, dy Fryske toanielkriich...

Snein...
Hearlik rêstich. Fuotbal sjen op EredivisieLive. Jûns mei in pear sinnen it weblog bywurkje...

Moarn??

Pleatst: 17-04-2011 / 21:45 oere - Reagearje? - Nei boppen

Suvere suvel...

'Dagelijks grazen onze koeien op de drassige weilanden in de Weerribben in Overijssel. Ze hebben de vrijheid om in hun stal te gaan schuilen als het regent of te warm is en laten zich melken als ze daar behoefte aan hebben...'

Prachtige wurden op in pak biologyske fla by de C-1000 wei. 1 + 1 GRATIS! Dat moast wurde fansels. Hapskearich as wy binne, stienen de pakken fluch by ús yn 'e karre. Somtiden ha oare pakken ek wat in oare smaak en binne jo wolris ta oan in oare smaaksensaasje...

Hjoed wienen wy der oan ta, 11-04. Oan't salang koenen wy 'dit product van topkwaliteit' bewarje. Ik siet der hielendal klear foar.

Mar o heden. De kij sille it wol te waarm hân ha en wienen fêst fergetten dat se út 'e sinne wei bliuwe moasten. It wie ek sok moai waar de ôfrûne dagen. En dan ek noch te let by it melken. De froulje sille wol oan it rabjen west wêze...

It wie net te iten! Like soer as wat en it siet fol kluten. Dat docht it imago fan de biologyske suvel gjin goed. Ik ha mar in koart e-mailtsje stjoerd. Ik ha it netsjes hâlden hear. Mar ik ha der wol boppe setten: vla-flop...

Ik bin suver benijd as der ek tsjinlûden komme fanôf de 'drassige weiden...'

Pleatst: 11-04-2011 / 20:52 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tún...

Hoe is't mooglik! Ik ha it gers meand en ik bin yn 'e tún oan 'e gong west. Moai waar en jo kinne net achterbliuwe... Mar it is leau'k foar it earst dat de meanmasine der 'normaal' trochkomme koe. Meastal is de earste snee sa lang dat de seine fan buorman der oan te pas komme moat. Ik ha sels oan it hageknippen west!

Mar wat is de tún moai! Ik kin my net begripe dat der guon binne dy't alles fol beton en stiennen stoarte. Dan moatte jo al dy moaie maitiidskleuren misse. Foardiel fan in betontún is wol dat der nea in seine oan te pas komt...
Klik hjir foar in fergrutting.

Pleatst: 09-04-2011 / 18:30 oere - Reagearje? - Nei boppen

Foarbyld...?

Justermiddei wie ik by de iepening fan it nije multifunksjoniele gebou yn Burdaard. MFC, sa as dat sa moai hjit. Ik ha my de eagen útsjoen! Wat in enoarm grut gebou, it kin net op. In sportseal, in swimbad, in teaterseal, ferskate oare keamers en sealen, de foyer wie grutter as ús doarpshûs.

No wolle wy ek sa graach sa'n gebou by ús yn Hantum, mar in foarbyld nimme oan Burdaard?! Dat noait. Want neffens my kin dit nea, mar dan ek nea út. It skynt dat der no al reboelje is yn it doarp oangeande de hierprizen en it noch oan te lizzen swimbad. Dus Hantumers, jaloersk wêze hoecht hielendal net. Mar jo tinke wolris: hoe wurde de sinten ferdield yn 'e provinsje??

Hawar, it wie wol in moaie middei, mei muzyk fan die Twa. Der wienen ek al guon dy't fregen wannear wy dêr optrede soenen. Liket my wol moai yn it blaue ljocht fan de teaterseal stiif sa grut as DOK18... En wy witte hoe 't it dêr mei ôffrûn is...

Dy't heech sjocht, stjit de teannen...


Pleatst: 03-04-2011 / 10:23 oere - Reagearje? - Nei boppen

Nanne Oedsz...

In aardich berjocht op it weblog fan Nanne Oedsz. Klik op de link om it berjocht te lêzen. Klún & Knoffelhakke.

Pleatst: 02-04-2011 / 14:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

Simmer...?

Samar even in slach troch de tún...
Klik hjir foar in oantal gruttere foto's.


Pleatst: 02-04-2011 / 14:15 oere - Reagearje? - Nei boppen