Earder dit jier: Argyf:
Persoanlike saken:
Ferhalen:
Hantum-sides:
Makke troch Hendrik: Klik hjir (befeilige)
MyTube:
|
Trochtinker... Ik bin bliid dat der fan alle hûnen dy't om ús hinne wenje, net ien by is dy't Bokke hjit...
Hûndertentsien...
Op 'e helte, sa krige ik juster te hearen. Wa wit... mar yn elts gefal bin ik op healwei net fergetten! In prachtige dei mei famylje en freonen!
Apart... Wat in apart stik de Presidentes fan Tryater. Tiisdeitejûn binne wy nei dit stik ta west yn it doarpshûs fan ús buordoarp Brantgum. Hoe't ik dit stik beskriuwe sil? In ekskremintenstik. En wat dat betsjut moatte jimme sels mar ris opsykje. Yn harren beskriuwing seit Tryater dat it tige wjerkenber is. Oh ja? Sa sit ik net by de keukentafel en foar ûnstoppingen belje ik de RRS. Mar ja, ik sil wol net yntelligint genôch wêze bin ik bang...
It is in moderne klassiker, skreaun troch de Eastenriker Werner Schwab. Doe't it stik sa'n 20 jier lyn foar it earst spile waard, soarge it foar in protte opskuor. Dêr kin ik my wat by foarstelle...
Ek binne wy op ekskurszje west nei it streekmuseum Eppinga Sate yn Sondel. In moai partikulier museum, mei in bûnte sammeling fan foarwurpen út de âlde tiid. De eigner sels fertelde derby en dat makke it wol sa moai, want Eppinga (foto) is in smoute prater...
Wat wer in kulturele útspattingen, sei de boer, en hy lege de húsketonne op de rûchskerne... (Skriuw)linen... Dat wie in moai gesicht, sa yn 'e loft doe't ik nei Dokkum ried. Wat in fleantúchspoaren! En ja, dan binne en bliuwe jo ûnderwizer...
Zondagssteek...
Doe't ik nei it Expoterrein rûn, seach yn in lokaal fan de tsjerke dy't njonken it expoterrein stiet, de âlderlingen yn in rûnte stean mei de hannen gear. Ien fan harren soe fêst yn gebed foargean. It saneamde konsistoarjegebed dat altyd dien wurdt oan it ein fan in tsjinst. Soe de âlderling yn syn gebed ek dy grutte regionale bedriuwenbeurs oannhelje dy't njonken it tsjerkegebou plakfûn? Wilens de minsken út de Herberch kamen, rûnen der noch mear nei it tintenkompleks fan de Expo 2011. En dy kamen net út tsjerke wei, mar út harren auto's dy't dûbeldik parkeard stienen lâns de Hurddraversdyk yn Dokkum.
Foar ien mei in kristlike opfoeding wie it dochs wat in nuver gefoel. Op snein nei in bedriuwenbeurs, in plak fan hannel en kommersje. Dat soe 40 jier lyn ûnmooglik wêze. 'Zondagsteek houdt geen week,' sei ús mem dan. En no, anno 2011, tôgje bulten minsken nei Dokkum om dit fenomeen te besykjen. De snein, de drokste dei fan de hiele fjouwerdaagse beurs. En dêrnjonken in hast lege tsjerke... Ek moast ik tinke oan de film Jesus Christ Superstar. Yn dizze film sit in sêne weryn it timpelplein skjinmakke wurdt en weryn alle kreamkes en stands oer de kop goaid wurde. It is a House of prayer and you want to make it a den of thieves...! Nuver, mar by sokke gedachten sjoch ik it dan ek altyd wer foar my. In 'halleluja-man' yn wite klean dy't reagjend en âljend it standsje fan Jan Cooks 4you, Thús wonen en Tjnst (ja sûnder i) troch de tinte sabelt, mar de stands fan sis mar Durk en Volvo van der Schaaf en Mellema stean lit om't auto's te swier binne en om't de Volvo mei in grutte fierljeppols fêst sit oan achterdoek fan de tinte. Ek de stands van PTH, Kabel Noord en kantoormeubilair de Jong bliuwe stean, want dat binne dan wer goeie relaasjes, mar de Fryske klompen fan www.frieseklompen.nl belânje tusken de teatermakkers foar minsken mei in beheining en de swiere baarch fan de Regiobank (wêr't je it gewicht fan riede moasten) klapt mei in grutte bats op de stand fan Aardgasservice Noord. Fuort nije logo en Koop wit ynienen it gewicht fan de baarch wermei hy dan toch noch in pryske wint by Meinema. In gelok by in ûngelok...
Lokkich wie it allegearre mar fantasy, mar ja, dat krije jo derfan as jo de beurs ek op snein iepen dogge. En dat yn it ortodokse noarden. As is dat mar in idee-fixe? Falt it hjir by ús wol wat ta? Oan it tal minsken te sjen wol, jo koenen oer de koppen rinne. Ik hie my foarnaam om neat mei en oan te nimmen. Gjin stoffen taskes, gjin folders en kaarten, gjin pennen en stikjes woarst. No ja, in pear dropkes út de skaal fan PTH. Omdat Mieneke dat fersoarge hie en in mandarinepartsje by grienteboer Kommerie, omdat dat sûn iten is. Mar ik bin mei neat thúskaam. No ja, mei neat... mei in protte prakkesaasjes en ynspiraasje. Nettsjinsteande al dizze prakkesaasjes fûn ik it wol hiel aardich om even op de Expo te sjen. In moaie beurs, kreas ynrjochte en mei each foar detail en de ynwindige minske. In moetingsplak foar streekgenoaten, kennisen en bekenden, der waard gauris Hendrik roppen. Hjir en dêr mei guon fûstkje, hee hoe is't en even byprate. Mar ik ha gjin hannel dien. Gjin hûs kocht as in 3 in 1 kontrakt ôfsluten, gjin kaartsje meinaam fan de útfeartferiening en ek net de nije burostoel by Hâns útprobeare. In mandarinepartsje, dat koe noch krekt...
Dêr't folk is, dêr is nearing, sei de fisker en hy kaam mei de koer yn 'e tsjerke... Steve...
Je koenen it fansels net misse fan 'e wike: Steve Jobs fan Apple is ferstoarn. Elkenien wie iSad... No bin ik net sa'n Appleman (nee it is gjin tikflater dizze kear...) mar ik ha wol bewûndering foar dit bedriuw, se meitsje moai guod. En dan soenen jo sizze dat harren topman in echte manager is, ien mei moaie glêde praatsjes en poehaderige ferhalen. Mar nei it hearen fan dizze speech ha ik wol bewûndering krigen foar dizze man. Follow your heart! Draaf...!
Hoewol, de foarstelling wie wol yn it Frysk. Dizze útfiering is basearre op it ferhaal fan Foekje Dillema. In Fryske atlete út 'e jierren fyftich, dy't op basis fan in twifelachtige sekstest útsluten waard foar ynternasjonale en nasjonale hurdrinwedstriden. Dit bysûndere ferhaal kinne jimme neilêze op www.foekjedillema.nl. It wie yndie in bysûndere ûnderfining. De muzyk wie hiel apart (wat Pink Floyd achtich, mar dan foar brassband...) en ek it ferhaal fan Bouke Oldenhof waard prachtich, mei in protte sfear en gefoel songen troch it koar Cantatrix. En dat fiif kertier non-stop! It ferhaal waard ûnderstipe troch fideobylden en in iensume draafster dy't allinne mei bewegingen Foekje neispile. Lokkich koenen wy de tekst fan it koar meilêze, dat makke it noch yngripender. It wie yn ien wurd yndrukwekkend! Dan is it wol wat spitich dat ik lêst ha fan tinnitus. Want as it koar dan sjongt: En dan de stilte Dan ûnderfine jo dat net as hielendal stil. Mar lokkich koe ik dêr oerhinne stappe en folop genietsje fan dit prachtige muzikale aventoer! Binne jimme benijd wat ik dan yn dy stilte hear? Klik dan op ûndersteande player... (Dit lûd komt der it tichtste by)
Deiljocht... Wat bart dêr? Geheimsinnige saken dy't it deiljocht net ferneare kinne? In opfallende frachtauto, midden yn it lân by in âlde, yn 'e beammen ferskûle loads. In himpplantaazje, wurdt dêr falsk jild printe, wat moat dy auto dêr? En dan ek noch op sneon? De eigener fan dat spul is al lang mei pensjoen, nuver soks...
Sa kinne jo in hiel ferhaal betinke by sokke foto's. Fansels is it mar fantasy. Gewoan op in sneontemiddei it fototastel meinimme as jo op reis gean. Op reis nei bygelyks C-1000 as op reis nei it wurk. Op sneon? Ja, op sneon. Boadskipje is hiel gewoan en twa oerkes wurkje ek. Alles moai klear en alles ynslein foar de earste wike fan oktober... Klik
hjir foar mear foto's.
Tink om 'e buorlju... Soms hoege jo neat te dwaan om ynspiraasje foar in stikje te krijen. Gewoan it blêd Noflik Fryslân lêze en trochblêderje. Man, wat krije jo dan in ynjouwingen! Fansels kinne ko alles net opskriuwe en moatte jo by josels wat sensuer tapasse, mar by it sjen fan dizze foto koe ik it net litte! It earste wat ik tocht wie: skammet Acera him foar de buorlju? Dit is in sterk stikje fotobewurking. It is no krekt as is it hiele pand fan Acera. Moai net dus. Sjoch mar ris nei de oare foto... Sels yn it stikje redaksjoneel dat der by ôfprinte is, wurdt hielendal net praat oer harren buorman Kabel Noord, dy't de oare helte fan it pand behuzet. Eins is dit wol wat eigenwiis en ûnfoechsum. As ik Kabel Noord wie dan knipte ik de kabelferbining nei de buorman troch.
Mar miskien dogge de lju fan Acera ek wol de boekhâlding foar Kabel Noord. Dan is it trochknippen echt net handich. Mei oare wurden: jo ha elkoar nedich. It soe te prizigjen wêze as Acera dat yn soksoarte fan publikaasjes ek blike lit. |