www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2011
Novimber 2011
Oktober 2011
Septimber 2011
Augustus 2011
July 2011
Juny 2011
Maaie 2011
April 2011
Maart 2011
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Fakânsje foarby...

'Hast noch wat nuttigs dien yn 'e fakânsje?' Dat is meastal de earste fraach as wy nei in wykje krokusfakânsje wer op skoalle komme. Ik bin it mei de lezers iens, it is net bot orizjineel, mar it is wol de wierheid. Doetiids wie in doarpsgenoat folle kreativer doe't ik nei de foarjiersfakânsje wer op it fytske nei skoalle ta skode. 'Soa master, de krokus ek wer útbloeid?!' Soks ferjitte jo nea wer. No ryd ik, hast yn it tsjuster, yn 'e auto nei it wurk en kin ik allinne mar toeterje nei balstjurrige skoallebern, dy't neat sizze, heechút wat rare wurden raze as de middelfinger opstekke. Sy fine it skynber normaal dat se yn rychjes fan fjouwer njonkenelkoar nei Dokkum fytse...

Mar om even werom te kommen op de iepeningsfraach. Ja, ik ha wat leuks dien yn 'e fakânsje! Ik ha oan it koersbaljen west. Mei ús heit. De auto moast nei de garaazje en dan meitsje wy der ek altyd even in famyljedei fan. En ús heit trúnde mar oan en woe my mar mei ha nei it koersbaljen.

Lokkich makken se by ús op it wurk net de link: Koersbal? Is dat net foar âlde minsken?! Fan 'e moarn ûnder de kofje hellen se allinne de skouders mar op. Koersbalje? Wat is dat?

It giet my te fier om it hiele spul út te lizzen, dan moatte jimme mar op dizze side sjen, mar it wie wol moai om dat ris mei te meitsjen. Us heit mei it graach dwaan en it wie dan ek o sa'n besteklik oerke dêr yn it bejaardetehûs. (Net dat ús heit dêr wennet, mar dêr wurdt it altyd hâlden...) Guon koersballers koe ik noch fan froeger en dan ha jo al gau in praatsje. En ik moat sizze, se kinne der moai bykomme, dy âld Balksters! Der kaam my suver al wat in sketske yn 't sin. Sjogge jimme it foar jimme? Klún & Knoffelhakke oan it koersbaljen op it poadium?!

Myn heit en ik ha net safolle punten helle dy middei. Mar dat hindere neat, elk hie wol wat begrutsjen mei ús en der wie sels ien dy't tsjin my sei: 'Ach moast sa mar rekkenje, wy dogge it al sa'n 15 jier en wy kinne it noch net.'
Mar se koenen my net útlizze wêrom no de froulju en de manlju apart sieten, ek by it kofjedrinken. Neffens ien fan de manlju kaam dat omdat de froulju allinne mar frouljuspraat hienen. No ja, it sil wol. It gie der om wei sil ik jimme sizze. Mar wol moai, gesellich en smûk.

No ja, en fierders ha wy net safolle by it ein hân. Rêstich, echt fakânsje. Koe ek hast net oars, mei sok hjerstwaar. Oh ja, wy binne de sneins ek noch oan it bôlebakken west. Sân granen bôle, mei echte skarrelaaikes... Kopke ladderige tee en lit de boel de boel...

Wurde wy no echt âld?

Pleatst: 28-02-2011 / 21:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

Robin Hood...

It liket hast wol in wike lyn, mar noch lang net út 'e holle. Wat wie dat in moaie foarstelling, de jubileumfoarstelling Robin Hood fan en yn de Harmonie yn Ljouwert.

Wy moasten sa nedich op tongersdeitejûn fansels, hast gjin parkearplak te finen, mar nei't wy tichteby it pankoekskip fan captain Pancake de swarte bus parkeard hienen, koenen wy op syk nei de bosken fan Sherwood. Der wienen mear dy't der sa oer tochten, want de Harmonie wie ôfladen fol!

Tal fan bekende artysten dienen mei oan dizze spesjale foarstelling yn it ramt fan 15 jier stêdsskouboarch de Harmonie. Prachtich om te sjen en te hearen dat hjoeddeiske saken hiel luchtich ferweefd waarden mei it âlde ferhaal fan Robin Hood. It âlde ferhaal dêr't in hiele protte ferzy's fan binne, mar noch it measte like op 'e filmferzy Robin Hood: Prince of Thieves mei Kevin Costner.

In prachtige jûn, mei mar ien lyts skaadpuntsje. Want yn it Sherwoodbosk fan de foyer, ferdwaalden wy yn lange rigen fan wachtsjende besikers, dy't hast it hiele skoft dwaande wienen mei it bemachtigjen fan in bakje healwaarme kofje. Dêr soe Robin Hood ris wat oan dwaan moatte! Dy komt dochs op foar de earmen?!

Pleatst: 21-02-2011 / 17:19 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wetsus...

Dit kear mar ris in foto, mei as tema: dogge se dêr noch wol wat op dy skoalle? En dan doele wy op de fjouwerHoeke fansels... Mar as jimme op ûndersteande link klikke, sille jimme sjen dat de bern wakker oan'e gong west binne. Troch goed nei de ferskate foto's te sjen, wurde jimme fansels gewaar wat de bedoeling wie.
Klik hjir foar foto's fan in bysûndere skoalledei.

Pleatst: 14-02-2011 / 20:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

It spoeket hjir...

'Efter de âld boer rizige in bonkerige finger ratteljend omheech en yn it ljocht fan de lytse kears wie it skaad fan de finger as in smelle streek op 'e muorre te sjen...,' Sa brocht Douwe Kootstra ús justerjûn yn 'e ban fan moaie folks- en streekferhalen. Douwe hienen wy útnoege op ús jierlikse frijwilligersjûn fan it doarpshûs. Douwe Kootstra is in bekende ferteller fan moaie (âlde) ferhalen. 'Fertelle is in ambacht,' neffens Douwe en Douwe behearsket dat ambacht tige by tige. It wie bytiden mûsstil yn ús smûke doarpshûs...

Douwe hie it ek oar de Goddeleaze Singel, in ieuwenâld kleasterpaad tusken Dokkum en Drachten. It mei gjin ferrassing wêze dat it dêr op dat âlde paad spoeket... De iepeningssin fan dit blog komt dan ek út in spoekerich ferhaal dat him ôfspilet by de Skillige Piip, in brechje oer de Falomster feart by it Goddeleaze Tolhús, yn dy âlde kleasterrûte...

En sa kaam ik op Irolt...

Irolt wie ien fan de ferneamste Fryske sjonggroepen. Spitigernôch bestiet Irolt net mear, mar harren muzyk noch wol! It duorre dan ek net lang as ik hie it nûmer 'It spoek fan 'e Skillige Piip' op 'e kompjûter stean. Dit nûmer giet oer dyselde Goddeleaze Singel, oer it spoek dat der ieuwenlang omheukere hat, miskien wol itselde spoek dêr't Douwe oer fertelde. It is in prachtich nûmer en de sinnen: It spoeket hjir, it spoeket hjir, it spoekkkkkkettt hjir... sjong ik inkeld noch wol ris as ik jûns let thúskom en de heale moanne syn skaad oer ús túnpaadsje dûnsje lit. 'Samar ienienen fielt hy in kâlde streek lâns syn fuotten gliden... En in kâlde hân pakt him, as wie it in klieuw fan in rôffûgel, by it skouder...'

It spoekkkkettt hjir...!!

Pleatst: 12-02-2011 / 13:07 oere - Reagearje? - Nei boppen

De kommissaris... (2)

En wat sei kommissaris John Jorritsma op in byienkomst yn 'e regio tsjin in bomfolle seal? (Lêzen yn 'e Dockumer Krante fan 9 febrewaris)

" Jorritsma gaf een aantal malen het dorp Hantum als voorbeeld van een plattelandsgemeenschap die bloeit dankzij nieuwe energie. 'Yn Hantum kin men mei mear aktiviteiten mear minsken oan it eigen gebiet bine en dan giet it wer omheech...'
Jorritsma verheelde overigens niet dat de Hantumers bij het ontwikkelen van hun dorpsvisie wachten op het gemeentebestuur. 'En dat al in oantal jierren. Jimme,' zo richtte hij zich tot burgemeester Waanders en de politici in Dongeradeel, 'Jimme moatte de foaroprinners net kwyt reitsje...' "

En dêrmei hat de byienkomst ferline wike freed yn ús doarpshûs al wer fertuten dien. Krekt sa as sneontemiddei foar Omrop Fryslân, doe 't Jorritsma lotsjes lûke moast foar it TV-programma Doch it foar dyn Doarp. It wie Hantum foar en Hantum nei. Hantum waard noch krekt net lutsen, mar as it Jorritsma slagje soe, hie hy it fêst net neilitten. Hy wie tenminsten wakker oan it graaien yn de lotsjepost. 'Sjochst wol,' sei ik tsjin Wilma, 'Hy siket om Hantum...'

In echte ambassadeur!

Pleatst: 09-02-2011 / 21:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

It gebit fan Burum...

Burum hat altyd in bysûnder plakje op ús kabaretaginda. Wy komme der al jierren en it is krekt sa as behearder Renze Poortinga fan it doarpshûs seit: Jimme binne hjir thús...

De Burumers gripe alle gelegenheden oan om feest te fieren. Iisbaanferiening bestiet 20 jier? Feestje. 12 ½ Jier in nijjiersdûk yn Burum? Wer in feest ek al is it midden yn 'e simmer. In nijjiersdûk yn july hat ek wol wer wat. Dy iisbaan feriening kin der ek wat mei, hast alle jierren is der wol wat te fieren. En ûnder it mom fan: gjin iis, dan mar wat oars foar ús leden, noegjes se Klún & Knoffelhakke al jierren út foar harren feestlikheden. Justerjûn wie it de fiifde kear dat wy yn Burum op 'e planken stienen.

En wer in folle bak! De seal wie ôfladen fol en wy ha wer in hiele protte wille hân! De moaiste sêne wie dy fan Pake Jetze. (Hienen wy spesjaal foar Burum even ynelkoar setten...) Pake wie mei in ôffeardiging nei Skeveningen ta west. Unox organisearre dêr in sympoasium foar organisaasjes dy't yn harren wenplak nijjiersdûken organisearren. Ien fan de ûnderdielen wie in proefdûk yn 'e Noardsee. En nei't elk yn 'e swimbroek hiel fluch even kennismakke hie mei it kâlde, sâlte wetter fan Noardsee en hiel fluch wer nei it strân ta fleach, bleau Jetze foaroer bûgd yn 'e Noardsee stean. Neffens ien fan syn maten wie it him troch de kjeld yn 'e plasse slein...

Wat die bliken? Troch de kjeld wie Jetze begûn te klappertoskjen en doe wie him it gebit út 'e mûle flein. En no stie hy foaroer mei de hannen de seeboaiem ôf te sykjen om it gebit wer te finen. Dat lêste is neat wurden, dat Jetze moast sûnder gebit wer op Burum oan. It wie it praat fan 'e dei yn Burum en behearder Renze hie sels in pûdsje mei in gebit foar ús klear lizzen: Dêr moatte jimme wat mei dwaan!

Mar wy hienen de sêne al klear en it waard in boppeslach! Man, wat wie it wer gesellich yn Burum...

Pleatst: 06-02-2011 / 13:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

De kommissaris...

Ferline wike freed, as soksawat, krige ús doarpsbelang it fersyk om kommissaris fan 'e Keninginne dhr. John Jorritsma yn ús doarpshûs te ûntfangen. Jorritsma soe op ferkiezingstoernee en der wie in doarp útfallen en no tochten se oan Hantum. In oere lang soe de kommisaris yn ús doarp tahâlde.

Jo meie wegerje fansels, mar de foarsitter fan ús doarpsbelang pakte dizze útdaging mei beide hannen oan. Der moast wat moais delset wurde, dit moast Hantum net foarby gean litte! En ûnder it mom fan: Jo meie de ferkiezingen promoate, dan meie wy ús doarp promoate waard it in boppeslach. Krimp? Dêr ha wy yn Hantum noch nea fan heard!

De pers wie foar Hantum al ôfheakke, se moasten, seinen se, de deadlines helje. Mar se ha wat mist. Yn in oere tiid wist ús doarpsbelang middels in flitsende presintaasje en yn gearwurking mei in tal jongere en âldere doarpsbewenners en it koar Rûm Sop de kommissaris sa entûsjast te meitsjen, dat hy sei dat dizze besite it hichtepunt fan 'e dei wie. Hy stie by syn ôfskiedswurdsje mei de tûme omheech en hy sei, mei in hast oerslaande stim: 'Hantum hat der yn my in ambassadeur bykrigen!'

Jaja, Tytsjerksters... Wêr wennet hy ek alwer? ;-)

Moai dat ús foarsitter yn syn tankwurd opmerkte dat wy as doarp, op fersyk fan 'e provinsje, yn in wike tiid wat moais delsette moasten, mar dat de polityk en de oerheden (en dêrmei doelde hy bynammen op 'e gemeente) ús altyd ferskriklik lang wachtsje liet as der in fersyk as oare saken by harren dellein waarden. En sa is it mar krekt! En geweldige presintaasje fan ús doarp! Hulde foar ús doarpsbelang.

Sjoch foar foto's en in ferslach by:
Kommissaris Jorritsma yn Hantum
CvdK John Jorritsma op werkbezoek in Hantum

Pleatst: 05-02-2011 / 09:19 oere - Reagearje? - Nei boppen

By it sluten fan 'e merke... (2)

It levere in twatal aardige reaksjes op. Oer dat stikje fan dy fuotbalplaatsjes. Yn myn stikje hie ik it oer Dokkumers dy't harren eigen helden sammelje koenen en dat dat dan kwea bloed sette soe. Terjocht dat ien fan 'e lêzers my attint makke op ús buordoarp Ternaard. Dy wienen sels ek in aksje begûn. Mei oare wurden: dy ha Dokkum neit iens nedich... Sjoch mar ris by: Voetbalgekte in Ternaard

Hendrik er is naar je geluisterd! Voetbalgekte in Ternaard... Zie waldnet.

Hoi Hendrik, wat een enig plaatje heb je van jezelf laten maken. Geweldig. Martzen vond hem dan ook heel erg mooi. Dat van die lijm kan ik me ook nog wel herrinneren. Heel leuk...

Pleatst: 05-02-2011 / 08:42 oere - Reagearje? - Nei boppen