www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2011
Novimber 2011
Oktober 2011
Septimber 2011
Augustus 2011
July 2011
Juny 2011
Maaie 2011
April 2011
Maart 2011
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Raglan Road...

by Patrick Kavanagh

On Raglan Road of an autumn day I saw her first and knew
That her dark hair would weave a snare that I might one day rue
I saw the danger and I passed along the enchanted way
And I said let grief be a fallen leaf at the dawning of the day

On Grafton Street in November we tripped lightly along the ledge
Of a deep ravine where can be seen the worth of passion's play
The Queen of Hearts still making tarts and I not making hay
Oh I loved too much and by such by such is happiness thrown away

I gave her gifts of the mind I gave her the secret signs
That's known to the artists who have known the true Gods of sound and stone
And words and tint without stint, I gave her poems to say
With her own name there and her own dark hair like clouds over fields of May

On a quiet street where old ghosts meet I see her walking now
Away from me so hurriedly my reason must allow
That I had loved not as I should a creature made of clay
When the angel woos the clay he'll lose his wings at the dawn of day

Yn ús nije sjo sjonge wy yn it begjin fan it stik it ferske it Feest komt oan. Dit is op 'e meldij fan November fan Rowwen Hèze. Alteast dat toch ik. Mar doe't ik fan 'e wike op 'e radio in útfiering fan Gurbe Douwstra hearde, bin ik wat oan it sykjen gien. It docht bliken dat dit ferske in Ierske traditional is. Basearre op it boppesteande gedicht Raglan Road fan Patrick Kavanagh. En as jo dan fierder sykje, dan komme jo hiele moaie útfieringen tsjin. Bygelyks de ûndersteande fersy fan Sinéad O'Connor. Dochs in bysûnder ferske...
Klik hjir foar in oersetting yn it Nederlânsk. En hjir foar de clip fan Rowwen Hèze

Pleatst: 29-05-2011 / 12:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tink om 'e buorlju…

De doarbel gie. Ik hie in doarpsgenoat wol oanfytsen kaam sjoen. In kaartsje foar pake en beppe tocht ik sa. Want dat is dan wol wer moai yn ús doarp. Elk libbet mei en as de jonge pake- en beppesizzer dan op 'e wrâld kaam is, wit elk jo te finen. Mar it wie gjin kaartsje, it wie in hiel pakket!

It Oranjefûns hat wer wat betocht. De koppen bijelkaar de nasjonale burendag yn septimber fan dit jier. En no stjoerden se it doarpshûs in pakket om fêst wat op te waarmjen. Mei oare wurden: kom op doarpshûs, jimme ha neat te dwaan, jimme kinne it inisjatyf wol nimme foar dizze dei!

Mar wat moast dy doarpsgenoat no mei dat pakket? De doarpsgenoat wennet yn in oare strjitte, achter ús. En omdat hy ek op nûmer acht wennet, hienen se it mar by him brocht. Stie oars wol goed op 'e doaze, mar de No-noch-TNT-man siet mei syn holle by de splitsing en sil wol tocht ha: aha, nûmer acht, hjir moat it burendaginspiratiepakket wêze. Dat wie dus ek it ienichste wat kloppe, it nûmer.

Mar dat wie noch net alles! It wie net allinne mar in kwestje fan de doaze oerjaan en der wer fantroch. Nee, de doarpsgenoat stie mei in grutte triljende holle foar de doar. 'No is it ek wat master,' hy neamt my altyd noch master, 'no ha ik it stek fernield. Ik koe der hast net lâns omdat dy hage sa oerhinget en doe batste ik mei de fyts tsjin it stek oan en de planke dwêrstroch! Wat moat ik jo betelje master, want dit is my min nei't sin...'

Ik moast wol laitsje. Want dat wie alhiel syn skuld net. De planke wie al wat krakkemikkerich, want doe 't ús buorman okkerdeis syn beammen snoeide, wie hy der mei syn ljedder hast trochhinne gien. Ik ha doe al ferhaal helle, mar hy woe der neat fan witte. Hy sei allinne mar: 'Ohh?!'

Wilma kaam der ek al by. Se sil wol tocht ha, wat dêr oan 'e hân is. Wilma bearde ek al wakker dat it ús buorman syn skuld wie, dat se ornearre dat se fuort mar nei buorman ta moasten om de skuld alhiel by him del te lizzen. Boppedat koe de doarpsgenoat dan, nei de skuldbekentenis fan buorman, mei in gerêst hert wer op hûs oan. Buorman wie wol thús, want syn nije auto stie foar de doar...

Mar ek no wer woe buorman fan neat witte en al protteljend kaam Wilma wer binnen. De doarpsgenoat woe wol fuort ta de beurs, mar de echte dieder woe fan neat witte. En it giet mar om ien planke! De Rijdende Rechter is ús wat te mâl, mar om mei sokke buorjlu no yn septimber in kopke kofje te drinken, giet ús ek wat te fier.

Nee, dan de âld buorlju! Dêr ha jo teminsten wat oan! Want doe't ik fan 'e middei by de Gamma om in nije planke soe, kaam ik derachter dat ik de beurs fergetten wie. No ja, dan earst mar sjen oft sy sa'n djoere planke ha en dan fan 'e wike mar mei de bus ophelje.

Doe rûn ik de âld buorman tsjin it liif. Hy wie wakker mei koartingsbonnen yn 'e slach, mar hy wie der by de kassa achter kaam dat hy te min guod ynslein hie om foar de koarting yn oanmerking te kommen. Dat no moast hy op syk nei noch mear guod. 'In planke!' sa sei ik triomfantlik. Buorman wie de rêder yn need, hy woe it bedrach wol even foarsjitte. Boppadat koenen wy it dan ek moai even ha oer de nije pakesizzer. Dat al keuveljend kamen wy by de ôfdieling túnhout oan. Ald buorman naam ek noch wat flonderkes mei, dat sa koe hy syn koartingsbinnen optimaal besteegje!

Nei't ik thúskaam wie, bin ik mar gau nei him tastood mei fjouwer euro tritich. Want dat koste de planke. Neffens him hie ik ek noch rjocht op 15 prosint koarting. Mar omdat ik dat sa hurd net útrekkenje koe, ha wy it der mar by litten. Hy hat my noch even syn nije túnhûs sjen litten en hy stelde foar dat wy dêr fan 't simmer mar ris barbecueë moasten, want dat soe altyd noch ris.

Jammer dat sokke minsken dan net mear njonken jo wenje. Oan sokke buorlju is in burendag no echt bestege. Hoewol, dêr ha wy dan by ús yn it doarp ek wer gjin inspiratiepakket foar nedich. Dat it healpûn kofje stiet no by ús yn 'e kast. De planke-buorman kriget der neat fan. Earst mar ris mei €4,30 oer de brêge komme. Mar ja, dat sil hy wol net misse kinne, dat sil hy wol foar syn auto brûke moatte....

Pleatst: 28-05-2011 / 16:28 oere - Reagearje? - Nei boppen

It is Magix...

Al in pear jier brûk ik foar it bewurkjen fan filmpkes it softwarepakket fan Magix. Net djoer en jo kinne der hiele aardige dingen mei dwaan. Alteast dat tink ik, want just dy aardige tapassingen wit ik dan wer net. Jo moatte alles sels útfine. Mar mei help fan it ynternet komme jo in hiel ein.

Om't ik in registrearde brûker bin, krij ik sa no en dan aardige mailtsjes fan Magix. Sa ek in útnoeging foar in kursus yn Ljouwert. Meastal binne sokke byienkomsten earne yn it suden fan ús lân en meastentiids klik ik dizze berjochten dan ek mar fuort. Mar omdat it no sa ticht by wie, ha ik my dochs mar opjûn. En juster wie it safier.

It wie in boppeslach! De saken dy't ik graach witte woe, waarden beantwurde en ik kaam der ek achter dat ik al aardich op wei wie. Thúskaam ha ik it learde fuort mar yn 'e praktyk brocht mei de filmkes dy't ik makke hie op ús master en juffendei. Sjoch hjir it resultaat. Hendrik Haanstra sille wy mar sizze...

Pleatst: 22-05-2011 / 22:07 oere - Reagearje? - Nei boppen

Macbeth...

Ofrûne wike binne wy nei Macbeth fan Tryater ta west. Alhiel yn Bûtenpost. Wy woenen de foarstelling graach sjen, mar doe't de foarstelling yn Dokkum spile, koenen wy net en doe wie Bûtenpost it tichtste by. Oer de Trekwei binne jo der samar...

In yndukwekkende foarstelling. Alhiel yn de styl fan Shakespeare. Wat wy yn twa sinnen sizze, dêr docht Shakespeare in heal oere oer. Mar de taal wie moai en de sfear wie bysûnder. Yn it skoft sei ik wol dat Shakespeare in stekje los hie, mar as jo dan wer betinke dat it stik sa'n 400 jier lyn spile en dan ek noch nei oanlieding fan in wier bard ferhaal, dan is it knap dat sa'n stik hjoed oan de dei noch hieltyd aktueel is.

Jo moasten de kop der goed by ha en de measte folsinnen gienen it iene ear yn en it oare wer út. Mar ien Shakesperiaanske útspraak is ús bybleaun, mar dat komt miskien ek wol omdat jo dizze onliner ek hjoed de dei noch skoan tapasse kinne: It spyljen fan fertriet behearskje leagjende bazen goed... En sa is it mar krekt Macbeth!

Pleatst: 22-05-2011 / 21:45 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sykje de ferskillen...

Ha ik my ris moai ferklaaid foar de master en juffendei by ús op skoalle, ha de kollega's de gek wer mei jo. Neffes harren moast ik de sokken ophysje. Oars like ik net op in piraat. Krekt as meitsje piraten harren altyd drok om de nijste sokkemoade. In seeman wie der wol yn dy tiid, mar de Zeeman net...
Sjoch op 'e side fan ús skoalle foar in hiele protte moaie foto's.

Pleatst: 20-05-2011 / 18:27 oere - Reagearje? - Nei boppen

Frans fan Aldskoat...

'Oan't takom jier,' sei Frans ferline jier yn april. Wy seagen him ferheard oan. Takom jier? Hoe komsto dêr by... 'Dan ha ik jimme ek wer boekt,' sei Frans fleurich.

Wat die no bliken? Fans hie ús yndie boekt, mar hy hie syn wenplak der net by sein. It plak fan spyljen soe noch trochjûn wurde. Dêr wienen wy moai klear mei, sa lieten wy Frans witte. Want yn 2011 spylje wy hieltyd noch itselde programma. Hie no sein wêrsto weikaamst, dan hienen wy yn 2010 It is de boer allikefolle... spile en dit jier 't Is FEEST. No ja, it wie noch in jier foarút, wy kamen der fêst út.

Mar in jier is samar om. Dat dêr stienen wy ôfrûne tongersdei mei in bus fol guod by de feesttinte fan Aldskoat. Wy hienen besluten om ús âlde programma te spyljen. It wie wol sa'n oardel jier lyn dat wy dit foar it lêst dienen hienen, mar wy hienen ús aardich tared. Allinne woenen wy de karre net alhiel oerlade, dan alle attributen fan it foarige programma mar achter yn de transporter...

It foel ús net ôf! Al spyljende kaam alles wer boven en waard it in prachtige jûn. Allinne wisten wy net mear de begjinrigel fan it earste kûplet fan it ferske dêr't wy it programma mei begjinne. Stress! Mar wy moasten op. En as in wûnder fleach de earste rigel derút as spilen wy it alle wiken. It wie Frans allikefolle... Hy fûn it prachtich en woe ús oer twa jier wer boeke. Want hy hie wol yn 'e gaten dat it him foar 2012 net slagje soe...

Pleatst: 15-05-2011 / 17:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

Havendiken...

Ik bin net sa'n nostalgysk persoan dy't mei triennen yn 'e eagen stiet te sjen hoe't in stikje fan syn ferline ferlern giet. Alhiel net! Wy moatte foarút en faaks is it hjoed de dei better, nofliker en duorsumer.

Juster wienen wy in Balk. Us heit wie jierdei en dat ha wy kombinearre mei in besite oan 'e garaazje. It die bliken dat se achter de strjitte fan myn jeugd begûn wienen mei de útfiering fan in hiel nij plan: Havendiken. Fansels even sjen hoe't men dat hjoed de dei oanpakt. It wie allegearre aksje. Heipeallen, wâlbeskoeiïngen, kranen en wurkfolk.

Froeger wie der allinne mar lân. Lân dêr't wy trochinne sjouden. Wêr't wy ljipaaisochten en krosten mei ús âlde brommerkers. Froeger seagen wy der ek noch wol ris hoantsen en fûnen wy dêr ferskate planten en krûden. Stie it lân ek wolris ûnder wetter en sakken wy winterdeis troch it lâniis en kamen mei wiete boksen thús.

Aanst kinne wy dêr wonen aan de kade mei in grut jacht foar de doar. De ienichste fûgel dy't wy dêr aanst oantreffe is de mosk en in ferdwaalde seefûgel dy't de bôlekoarsten opfret dy't de bewenners fan it balkon ôf yn de feart smiten ha. Alhiel yn 'e sfear van de eeuwenoude tradities...

Mar sa as sein, ik wurdt der net oars fan. Wy moatte foarút, dat ha se yn Balk altiten dien. It pleatslik belang fan Balk hjit net foar neat Balk Vooruit.

Mar se hienen oan de oare kant fan it bouterrein ek wol ris oanjaan kinnen dat wy der sa mar net op mochten. Wy fûnen it al sa frjemd dat der gjin boartsjende bern wienen. Want ek dat dienen wy froeger altyd. Boartsje yn de nijbouplannen. Yn it wetter, it sân en de drek. Dat binne dochs ek ieuwenâlde tradyskes?! Mar ja, alles is hjoed de dei oan rigels bûn. De bern sitte yn 'e kres as boartsje yn it boarterstún mei in grut hek deromhinne.

Mar wy moatte dochs foarút...?

Pleatst: 04-05-2011 / 12:20 oere - Reagearje? - Nei boppen