www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2011
Novimber 2011
Oktober 2011
Septimber 2011
Augustus 2011
July 2011
Juny 2011
Maaie 2011
April 2011
Maart 2011
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter

Foar 1978...?

Nei 1978 berne? Spitich... It folgjende ferhaal begrypst dochs net.

Hoe is it yn 'e frede mooglik dat wy, berne yn 'e jierren 50, 60 as 70, noch libje?
Neffens de teoriën fan hjoed de dei soene wy allang dea wêze moatte. Hoesa? Lês dan fierder.

Wy sieten yn 'e auto sûnder felichheidsstuoltsjes en airbags. Wy sieten by heit as mem op skoat as achter yn 'e kattebak.
Us bêd en ús boartersguod wie skildere mei farve fol lead en kadmium.
Boppen oan de trep wie gjin hekje, asto te fier gieste, foelst gewoan nei beneden.
Asto wekker waardst yn bêd dan wie der net ien dy't dat hearde. As der wier wat oan 'e hân wie, dan moast oangean om it leven ear't dyn âlders it hearden.

Flessen mei gefaarlike stoffen en alle aptekersfleskes koenen wy gewoan mei ús knoffelige bernehantsjes iepen krije.
Doarren gienen gewoan ticht en asto der mei dyn fingers tusken siest, dan wiest dyn fingers kwyt.
Op 'e fyts sietst achterop in pakjedrager en do besochst dy beet te hâlden oan de grutte springfearen fan it sadel foar dy.
Op de brommer hienen wy noch gjin helm op. En op de fyts alhielendal net!
Wetter dronken wy út 'e reinwettersbak en letter út 'e kraan. En net út in fleske.

Kleur- en smaakstoffen wienen der doe ek al, want sa read, grien as giel at de limonade doe wie, sa sjogge jo it tsjinwurdich net mear. Kaugom leinen wy op it nachtkastke en moarns kaam dat wer yn 'e mûle.
Op skoalle hienen wy in bankje mei sa'n hearlik gefaarlike klep deroan.
De skuon wienen meastentiids al yndroegen troch dyn âldere broer as suster en ek de fyts wie te lyts as te grut. En as dy te grut wie, dan kamen houten blokken goed fan pas.
In fyts wie net elektrysk en hie ek gjin fersnellingen. As de bân lek wie, dan learde dyn heit dy om him sa gau mooglik te plakken.
Moarns ier gienen wy fan hûs en jûns kamen wy by donker wer thús. Nimmen wist wêr't wy yn de tuskentiid úthongen en wy hienen ek gjin GSM.

It bosk wie in plak om te boartsjen en it wie alhiel gjin sammelplak fan fize mantsjes.
As wy nei in freontsje gienen te boartsjesn, dan giest dêr gewoan nei ta. Jo hoegden net oan te beljen en jo hoegden ek gjin ôfspraak te meitsjen. Wie gienen dêr allinne hinne en mem hoegde net mei, bist mâl.
Wie ieten doe ek al koekjes en de stikken bôle smarden wy mei boerebûter en dochs wienen wy net dik.
Wy dronken út deselde flesse as ús freonen en wy waarden der hielendal net siik fan.
Wy hienen gjin Playstation, Nintendo, X-box, 64 televyzjestoerders, fideofilms, dvd, surround lûd, gjin eigen televyzje, kompjûter as ynternet. Wy hienen freonen! (As in kartonnen doaze...)

De televyzje begûn pas om 18:00 oere. En dan ek allinne mar op woansdei en op sneon. En der wie mar ien oerke op foar de bern. Der wienen mar twa stjoerders en as de televyzje op it oare net moast, moasten wy der gewoan hinne rinne om oan in knopke te lûken en oh wee asto dêr oan kaamst!
Wy hawwe ússels snien, wy ha ús bonken brutsen, ús tosken fleagen derút. Mar nimmen moast dêrfoar nei it gerjocht. Dat wienen gewoan ûngemakjes en betiden krigest dan ek noch in pak foar de broek.
Wy sloegen elkoar as grutten, wy fochten der wat ôf, mar der wie net ien dy't him dêr drok om makke. Lit stean dat wy in leavehearsbistke op ús jas knoopten.
Pedagogysk ferantwurd boartersguod makken wy sels. Mei biezemstokken sloegen wy nei ballen wy bouden sels karren en kamen der faaks te let achter dat wy de rem fergetten wienen.
Wy fuotbalden op strjitte, wa't goed wie mocht meidwaan en wa't it net koe moast mar stean te sjen en moast omgean leare mei teloarstellingen.

Op skoalle wienen der ek domme bern. Sy kamen op deselde tiid as wy en sy krigen deselde lessen. Faaks bleaunen sy sitten en dêr wienen ek gjin diskusjes oer op âlderjûnen. De master hie altyd gelyk.
Wy smarden sels ús bôle, mei in grut mes en asto dyn bôle fergetten hiest, dan koest neat keapje op skoalle.
Wy gienen op de fyts nei skoalle, hielendal allinne en ek yn 'e winter!
As mem dy by de doar útswaaide, dan wiesto in weiten hin.
Asto swierricheden hiest mei de plysje, dan wienen heit en mem it iens mei de plysje. Se kamen dy wol opheljen, mar se kamen net om dy skjin te praten. As wy wat útfretten hienen dan hie dat gefolgen. Dat wie dúdlik en do koest dy net ferstopje.

Wy hienen frijheid, misljearringen, sukses en ferantwurdlikens. Wy ha leare moaten om dêr mei om te gean.
Us generaasje hat in protte minsken brocht dy't problemen oplosse kinne, dy't ynnofatyf binne en dy't riskio's doarre te nimmen. Hearsto dêr ek by? Lokwinske, want wy wienen helden!

Oersetten út it Hollânsk.


Werom

Pleatst: 23-09-2011 / 17:11 oere - Reagearje? - Nei boppen