Earder dit jier: Argyf:
Persoanlike saken:
Ferhalen:
Hantum-sides:
Makke troch Hendrik: Klik hjir (befeilige)
MyTube:
|
Frustraasjemeter... PEB wurdt NUON, dan ha wy noch de Enexis, Liander de Eneco en noch in protsje skimerige nammen. Oh ja, ProRail is der ek noch. It iene enerzjyorgaan transportearret de oar syn gas troch deselde liedingen. Arriva treinen ride oer deselde rails as dy fan de NS en de QBuzz bussen binne deselde as dy fan de Conexxion, allinne mei in oar logo. Kinne jimme it noch folgje?
En no krigen wy hjoed in brief fan STEDIN. Sy komme lâns om de meter op te nimmen. Foar wa? En foar hokfoar meter? En wêrom hjitte sy no wer fan Stedin? Dat liket op Stenden en op Cedin, komme sy lâns om de frustraasjemeter op te nimmen? Hoe slim kinne jo it meitsje. Wa begrypt der noch wat fan. It giet dochs allegearre oer itselde: de bus, de stroom en de trein?! Froeger hienen jo 'gewoan' de ZWH, dy ried yn de súdwesthoeke en de sjauffeurs kamen 'gewoan' út Balk. It soe my hielendal net fernuverje as ús meteropnimmer út Limburch komt. In pear jier lyn wie dat in skoallejonge by ús út it doarp. Moai putsje foar yn 'e Krystfakânsje en te herkennen oan syn gesicht... HelpPyt...
Klik hjir
foar mear foto's... Kempenaersstate... De gasthear fan de Kempenaersstate yn it Hearrenfean krimmenearde wakker doe't wy mei de fourwheeldrive en oanhankarre de parkeargaraazje ynrieden. Ha jimme safolle spul by jimme?! Wy koenen flak foar de lift útlade, want wy moasten mei ús spul in lyts eintsje omheech. Wy moasten optrede yn de bewennersseal fan in soarte fan wengroep foar 55 plussers. It like hast wol in finzenis, want ús ûntfanger moast alle doarren mei in soarte fan elekroanysk kaaike iependwaan.
Doe't Broer him fertelde dat wy ek in lûdsynstalaasje by ús hienen wermei wy it hiele gebou fan lûd foarsjen koenen, bruts it swit de bêst man út. Wat hienen se oanhelle? Teake van der Meer stie allinne mar op in kratsje mei de mikrofoan fan it sealtsje sels en dizze mannen kamen mei in komplete karre fol guod! Hy stammere al: Moat dat lûd derby? It hoecht om ús net sa lûd hjer... Doe't wy it sealtsje besjoen hienen, ha wy mar besletten om de helte yn 'e karre sitte te litten. Wy koenen alles der lang net kwyt, it soe wol wer in hiel ymprovisearjen wurde, mar ach, wy binne sa stadichoan hiel wat wend. Foardiel fan sokke plakken is wol dat jo aardich yn 'e watten lein wurde. Wy krigen in hearlik miel stamppot boerekoal mei woarst en gehakt (Ja Herman Douwe, do hast wat mist de lêste twa wiken...) en ek in neigesetsje stie op it menu. It opbouwen wie gau klear en om likernôch healwei achten koenen wy los. Ik sei noch tsjin ús gasthear dat wy acht oere op papier hienen te stean. Mar hy antwurdde: Ja jimme wol, mar wy begjinne altyd om healwei achten. En dêr koenen wy it mar mei dwaan...
Wy hienen foar it ferklaaien de garderobe konfiskeard dat de minsken moasten de jassen op it biljert dellizze. It passe alhiel yn 'e sfear fan de jûn. Ek dat ien út 'e seal by oanfang fan de foarstelling út goeder bêst alle ljochten útdie. Mar ja, om't wy fanwegen de rûmte ús ljochten yn 'e karre litten hiene, sieten wy ek yn it tsjuster. Mar it waard in prachtige jûn. Hiel gesellich en smûk. Nettsjinsteande de grutte pilaar midden foar ús lytse poadium. De minsken moasten wakker rekhalzje en om 'e bocht sjen, mar it slagge bêst. Nei ôfrin kamen der noch twa froulju by ús om ús te komplimentearjen foar de moaie foarstelling. Want neffens harren wie it ôfskiedswurdzje fan de organisaasje wat te koart om 'e hoeke en kamen wy der wat bekaaid ôf, mar sy woenen it noch even oanfolje en ús tige tank sizze. In bysûndere jûn op in bysûnder plak. En ek ús meispilers út 'e seal dienen hearlik mei en wûnen de flachjes mar om harren holle, want ek dêr wie gjin plak foar...
Mistich... Ik wist niet dat jij zo mooi kon dichten. Een hoog staaltje moet ik zeggen. Een nieuwe carrière misschien?
Heel mooi...
Grappich, sa'n reaksje op it gedicht yn it foarige blog. Mar it gedicht stelt hielendal neat foar. Troch dat sweverige praat fan dy 'kulturele lju' op televyzje tocht ik allinne mar: ik set ek wat sweverige wurden achterelkoar, dan der in moai ferhaal omhinne en sjoch, meikoarten de Gysbert Japicxpriis. Want sa giet it yn 'e keunstwrâld. It produkt stelt hielendal neat foar, mar in dreech ferhaal der by betinke en de 'kenners' knikke en skodzje wakker mei de holle: Prachtich! Wan it TOP stik!
Hawar, it bliuwt fansels in aardich komplimintsje. En wa wit, miskien is it wol wier dat der in nije karriêre oan stiet te kommen...
Salang't de wyn fan de wolken waait... Der wie op televyzje in programma oer de Fryske kultuer. Healwei heakke ik ôf, ik fûn it mar in dizenich ferhaal fan al dy 'deskundigen'. Oan 'e oare kant passe dat ek wol wat by dizze dei. Jo koenen de oare kant fan de strjitte hast net iens sjen. Ik krige troch al dy kultuerferhalen en dy tichte mist suver ynspiraasje...
It grutte boek... Steane jimme al yn it grutte boek? Oars kinne de Piten de pakjes net lânsbringe, alteast sa fertelt ús it sinterklaasjournaal. Mar yn ús doarp falt it allegearre wol wat ta. Dêr stiet it boek grôtfol, sa seach ik op in foto dy't ik juster makke hie by de yntocht fan de bêste man by ús yn Hantum.
Troch de foto om te draaien koe ik wiidweidich lêze wat de Opskriuwpyt der yn setten hie. Foar alle dúdlikheid, de Hendrik yn it boek is net de Hendrik fan dit weblog. Lokkich mar, oars hie ik ek noch by Sinteklaas komme moatten. En ik bliuw leaver wat fansiden stean om wat foto's te meitsjen. Dizze foto's kinne jimme besjen troch op de folgjende link te klikken.
Hier woont een rijke man... Der wie myn in hearlike koek tasein. Dat dizze pake koe net wegerje fansels om in middei op te passen. Foar sa'n stikje gebak ha jo alles oer. Mar it die bliken dat it om in lokkerke gie, want doe't ik grutsk mei myn nije pet by it oppasadres oankaam, waard der ferteld dat de oare pake de deis tefoaren de koek dy't foar my ornearre wie, hearlik opsmikkele hie...
Mar ach, wês earlik, as jo in middei oppasse meie op de jongste pakesizzer, dan is dat al in traktaasje op himsels! Wy ha ús dan ek kostlik fermakke. Alle babyskills moast pake wer opskerpje en fan stâl helje om de middei troch te kommen. Want ja, pake hie wol eigenwiis sein Wy rêde der wol mei, mar dat moat dan noch wol yn 'e praktyk brocht wurde. Mar it slagge tige! Pake wurdt der wer handich yn. Wie it earste pamperaventoer by de âldste pakesizzer noch in hiele striid, dizze kear sieten de ruften kreas en strak...
Pake gie sa op yn syn oppastaak, dat hy jûns tsjin sânen net hearde dat der oanbelle waard. Ek it bûnsjen op 'e foardoar ûntgie pake, dy't krekt dwaande wie mei syn hiele repertoire berneferskes. Doe gie de keukensdoar iepen en stapte de âldste pakesizzer mei in lampion de keamer yn. In prachtich gesicht, mar achter him oan kamen in pear foeterjende âlders. Woe pake net iependwaan? Hie er de nije pet oer de earen? Wy mar oangean en bûnzje, leuk hjer, pake en beppe dy't net thús binne! (Ek op ús wenadres wie it tsjuster om't beppe achter de hynders oan wie en pake op it oppasadres drok dwaande wie...) Oh hearken, it wie Sint Maarten! Mar omdat dat yn ús doarp net folle dien wurdt, hie ik dêr hielendal gjin rekken mei hâlden en alhiel net fan ús eigen pake-en beppesizzer. Gau sette ik de jongste op tantes skoat en socht yn in pear kasten en trompkes om wat lekkers. Dat wie ek noch dreech, om't jo dêr te gast binne, wolle jo ek net alles oer de kop skuorre. Ik kaam dan ek út op in koekje. Mar ik leau dat it hûntsje, dy't ek de jûn fan syn libben hie, de helte opiten hat. Doe't de âldste pakesizzer wer op nei hûs gie, krige pake noch in tik mei syn lampion, want fanwege syn leeftiid wist hy noch net echt hoe't hy dêr mei omgean moast. Mar syn heit sei: Sa, dat is pake syn straf, omdat hy de doar net foar ús iependie... Sa sjogge jo mar wer, in middei en in jûn oppasjen giet net sûnder tûkelteammen. Gjin gebak en ek noch in tik om 'e holle. Mar wat wie it prachtich! Mei rjocht in ryk man...
In moaie jûn... Wy trede wol gauris yn Boelensloane op. Justerjûn wie it foar de tredde kear! It is in hiel gesellich doarpshûs dêr yn 'e Loane en de grutte seal fan 'e Smoutte siet dan ek grôtfol. En wat ha wy in prachtige jûne hân! Wy ha genoaten...
It dreechste fan sa'n moaie jûn is altyd wer it fuortgean. De minsken fan de Loane litte jo hast net gean. Even in praatsje, noch even in drankje en witte jimme noch fan doe?! Ja,ja, dat witte wy noch. Dat wie yn 2003, doe moasten wy it ljocht útdwaan yn it doarpshûs... No koenen wy ús aardich ynhâlde en wienen wy op in ridlike tiid werom yn Dokkum. Mar achternei koenen wy ússels wol ôffreegje oft wy noch net even wat langer by ús fans yn de Loane bleaun hiene moatten. Dat hie fêst nofliker west as dy nuvere, en foar al ek tige lûde, muzyk yn de Zaak... Ek ús fotofreonen Geurt en Petra sieten yn de seal yn Boelensloane. Geurt hat wakker (spesjaal foar Petra...) oan it knippen west en wa wit kinne jimme dêr meikoarten wat fan sjen. Wy ha yn 'e klaairûmte al even in foarpriuwke hân en dat like mar wer goed! Dat mei ek wol mei sa'n swiere kamara. Earme Geurt, dy hat mar wat. Altyd omtôgje mei sa'n swier apparaat. Mar ach, sa hat elk syn leafhawwerij, is't net sa? |