Argyf:
Argyf 2006:
MyTube:
Persoanlike saken:
Ferhalen: Brûk de koade:
Freonen:
Hantum-sides:
Foto's:
Oanrieders:
Makke troch Hendrik:
|
Big Brother (2) Dêr hast it al...
Pleatst: 28-09-2006 / 20:50 oere - Reagearje?
Big Brother Ik hie der al ris guon oer heard. Samar in meidieling fan Microsoft yn byld... Dat soe my net oerkomme. Ik hie ommers 'automatische updates' útskeakeld?! Dochs wie de meidieling der samar. Hoe't dat no wer kin? Myn leveransier hie al tsjin my sein dat ik net in legale fersy fan Windows XP hie en dat ik dizze oanfreegje moast. Koe wol fia skoalle, sei hy. Mar de kompjûter wurke prima (noch trouwens) mar dat rare berjocht! Kostet wer in pear sinten. (Sjoch foar de kosten taheakke eurobriefkes...) Mar der binne oare oplossingen. Klik hjir mar ris op: Oplossing? Ik ha it noch net besocht. Kin noch wol. Bin net de iennichste. Want as jo even sykje op it ynternet, dan stean alle forums fol mei dizze kreten. Wol wat in nuver gefoel. Wat soe de folgjende melding op it skerm wêze? Jo ha de hier net betelle? Hiene jo op 6 maaie wol in oanriding mei in ein? Menear van der Heide jo bloeddruk is te heech... Teoretysk soe it allegearre kinne, neat bliuwt mear geheim...
Pleatst: 27-09-2006 / 19:53 oere - Reagearje?
Pake Wieberen Troch it ferhaaltsje fan juster moast ik tinke oan in kaart fan Bromsnor dy't ik ea krigen hie fan myn pake Wieberen. Pake lei yn it sikehûs yn Snits en betocht dat hy al syn lytsbern mar ris in kaart stjoere moast. Ik ha de kaart altyd bewarre, want pake hat net lang mear libbe nei dit moaie gebaar nei syn pakezissers. It is is mear as 40 jier lyn dat pake Wieberen diel útmakke fan ús deistige libben. In 'echte' pake. Mei snor (se sizze wolris dat ik op him lykje...) mansjesteren broek en grize wurkerskyl. Pake wie altyd yn 'e garaazje oan it wurk en makke alles wat hy yn 'e holle hie. Neat wie him te dreech, alles koe. Ien neidiel: it gie nea wer stikken! Sa hat myn heit noch in hekje foar it paad dat syn heit makke hat. Fan izer, sels laske en sels smeid. Unferwoastber! As pake op jierdeibesite kaam, krigen wy fansels in hân. En út syn hân 'gûchele' hy dan altyd grauwe ryksdaalder, geweldich! It binne moaie neitinzen oan in prachtige pake...
Pleatst: 26-09-2006 / 20:30 oere - Reagearje?
Jeie as in plysje... Ik kaam hjoed wat let fan't wurk. Foardiel is dat it dan hiel rêstich is op 'e dyk. Dat ik ha it gaspedaal mar ris goed yntrape. Wol ris goed foar de diesel, even folút. Ik ha mar net op 'e teller sjoen, mar ik wit wol dat it grau jild kostje soe as omke plysje my trappearje soe... Soe wêze kinne dat der oer in pear wiken in envelopke op 'e matte leit. As it dan mar foar de Nierstichting is as soksawat, dêr jou ik it jild leaver oan út. Ik ha Bromsnor net yn 'e strûken hingjen sjoen, dat it sil wol wat tafalle.
Pleatst: 25-09-2006 / 23:01 oere - Reagearje?
Klún & Knoffelhakke goes Halleluja! Juster moasten wy mei ús kabaretduo optrede yn Nij Beets. Dat leit flak by Drachten. Om seis oere stiene Pietsje en Klaas ús al op te wachtsjen yn it moaie lytse en smûke sealtsje de Rank. Wy koenen net op it poadium, neffes Pietsje, want dat wie net sa djip. Mar doe't wy de gerdinen iepen diene, seagen wy dat der in hiel ynstrumentarium fan in band op stie. Klaas en Pietsje hiene ús frege foar it optreden, sy songen by de gospelgroep the Candlelights en dy woenen ek wolris in gesellige jûn ha, sûnder dat hja earst harren spul fan it poadium ôftôgje moasten. No, dat ha de candlelights witten! Wy wienen âlderwetsk op dreef en de 'ljochtsjes' laken noch doe't sy nei hûs giene. Klaas hie ús no foar de tredde kear sjoen en fûn it wer prachtich! Yn ús stik moat Broer in hin opite. Jimme wolle net witte hoe mâl as dat gie. Syn foarke stie op it lêst yn in hoeke fan 90 graden. Ik wit net hoe't Miep de hin klear makke hie, want Broer frege my ûnder it stik om in seage, no dan witte jo it wol. It wie wer in pracht jûn, mei geweldich publyk. Wy krigen hearlik âlderwetsk makke 'beppesop' en ek achter it dekor stie it nedige foar ús klear. Dat the Candlelights kinne mei rjocht sizze dat sy in ljochtpuntsje wienen yn ús lange rige fan optredens...
Pleatst: 24-09-2006 / 18:28 oere - Reagearje?
Gurbe Douwstra Justerjûn hiene wy in gesellige jûn fan menferiening de Oanspanning yn 'the Old Dutch' yn de Westerein. Spesjale gast wie trûbadoer Gurbe Douwstra. Nei it skoft fermakke hy ús mei prachtige Fryske ferskes. It siet hiel gesellig en wy ha ús wer kostlik fermakke. No moatte jimme net tinke dat ik mei opsetsin dat boerdsje fan 'toiletten' deryn bewurke ha. Dat is tafal en dêrachter binne wier de húskes te finen. Gurbe song 'Ik moat wat kilo's kwyt.' No, dat kin dêr dus...
Pleatst: 23-09-2006 / 11:42 oere - Reagearje?
Tapaslik... Eins moat de doar oan 'e oare kant sitte...
Pleatst: 23-09-2006 / 11:12 oere - Reagearje?
CSI Hoogstra Yn maaie ha wy in ein oanriden. In grauwe dûk yn 'e auto. Moast nedich makke wurde, dat fan 'e moarn dochs mar ris nei Hoogstra autoskea. Mar wat die de man dreech! At ik de ein ek yn 'e kofferbak hie, hoelang it lyn wie en oft der noch spoaren fan Donald te finen wiene. Sa as bloedspetters as fearkes. No de bus wie al wer hiel wat kearen wosken, dat ús forensyske ûndersiker fûn fansels neat. De fersekering koe dreech dwaan, want jo moasten oantoane kinne dat it echt in ein west hie, dy't de dûk feroarsake hie. Doe't Horatio de dûk seach, krige hy ek wol yn 'e gaten dat dit net fan in pealtsje kaam en hy soe der alles oan dwaan om it wer foarelkoar te meitsjen. Dat jimme lêzers binne warskôge. Ride jimme in ein oan, dan sa gau as it kin nei CSI Hoogstra en de einfûgel mei yn in plestikpûde. Mocht it in ein wêze dy't fan in partikulier is, dan wurdt it in oar ferhaal. Want dan wurdt de eigener oanspraaklik steld. It hat wat om 'e hakken hjoed oan de dei...
Pleatst: 22-09-2006 / 13:51 oere - Reagearje?
Springsied... Wat bloeit de Balsemyn moai en folop yn ús tún. Samar spontaan opbloeid, wy ha der neat oan dien. Guon sille wol sizze dat it túch is, mar de plant is prachtich en wurdt drok besocht troch hommels en oare ynsekten. It skynt dat de plant ek hielkrêftich is, mar dat sille wy mar net probearje. Asto de sieddoaskes oanrekkest, dan springt it sied mei krêft alle kanten út. Dat wy sille der yn de kommende jierren noch net fan ôf wêze...
Pleatst: 22-09-2006 / 13:07 oere - Reagearje?
Fuotten fan 'e flier... Dizze foto is makke yn Kollumersweach. By it rinkjeriden tidens de feestwike. Neffes Wilma is dizze foto net sa moai, mar wol unyk. Want Menta hat alle fjouwer fuotten fan 'e dyk. En dat skynt in ideale gong te wêzen...
Pleatst: 20-09-2006 / 20:56 oere - Reagearje?
Follybal Dat wie suver wer even moai! Follybalje! Gauke út Ternaard hie my frege oft ik der net wat foar fielde om by harren te follyballen. Ik kin Gauke fan de tennisklup en sadwaande rekken wy oan 'e praat yn 'e supermerke. No moat ik fan mysels wat mear bewege, dat it like my wol in gaadlik foarstel. Sadwaande stie ik justerjûn om njoggen oere klear yn 'e sportseal fan Ternaard. It foel my net ôf. Allinne dat net is fierstente heech! Man, ik krige der gjin bal oer. Mar nei ôfrin sei ien fan de Ternaarders mei gefoel foar understatement: wiest net minder as ús... Dat ik mei bliuwe. Earst in pear wiken op proef en dan kin ik altyd noch beslisse as ik it doch.
Mar wat is it dochs in moaie sport! Hearlik om wer ris in baltsje op te goaien. Ik sil mar net sizze slaan, want ik rekke mear de ûnderkant fan it net en de muorre as de flier tusken de linen. En altyd tinke jo dan wer oan jo earste klup. De klup dêr't jo de leafde foar dizze sport bybrocht is. By follybalferiening DBS út Balk ha wy ein jierren 70 hiel wat noflike oerkes trochbrocht. In geweldige sfear, goeie treners en machtige tiimgenoaten. Spesjaal foar it 50 jierrich jubileum ha ik yn 2003 in stikje skreaun foar it jubileumklupblêd. Hjirûnder in link nei dit stikje. Mar sa as doe sil it by Ternaard wol nea wurde...
Pleatst: 20-09-2006 / 20:42 oere - Reagearje?
Aardich... Dat fine wy hjir by ús thús altyd in aardich spultsje: wurdgrapkes meitsje. Meastentiids slacht it nearne op en ha wy sels allinne mar wille, mar soms is it ek wol aardich en doar ik se op dizze side te setten...
Sa sieten wy snein even foar PSV- Feyenoord en de jonge spiler Aissati fan PSV kaam deryn. Doe sei ien fan ús: Aistaatie en Aispeeltie. Mar de moaiste wie dochs wol de opmerking Bijnassati, doe't Aissati hast in doelpunt makke en de bal neist it doel skeat.
Spitich dat Wilfried Bouma (ik ha gjin idee wêr't hy no úthinget...) net mear by PSV spilet. Want dan koe Alex de bal moai nei Bouma spylje. En dan sei de kommentator bygelyks: 'Alex, mooie pass naar Bouma'. En dan tochten wy altyd oan dat aluminium trepke mei dat fototastel en dat bosk kroljend hier...
Pleatst: 19-09-2006 / 06:17 oere - Reagearje?
Och hearken... No dat is my ek wat! Wy ha al 2 ôfleveringen fan 'Boer zoekt vrouw' mist. En oars sitte wy der altyd plat foar. It is wol wat yn 'e war mei de televyzje. Sûnt de fakânsje foarby is, misse wy alles. Gjin CSI mear, gjin Bones en wy binne de útstjoeringen fan de Dag van de Glimlach ek hielendal fergetten. Mei oare wurden: wy sitte wer yn ús gewoane deistige ritme. Dan is de sjochkast út, want dan ha wy oare wurksumheden. Fergaderje, weblogge, skriuwe, krantelêze en faaks ek sliepe. TV oan en knipperje op 'e bank! Mar ik ha net it gefoel dat ik wat mis. Wol in moai passelik plaatsje. Dizze boer hat al in frou fûn. It is wol in minske dy't ûnder in ekster útbret is. Dy betsjutting hiene jimme noch fan my tegoede. Under in ekster útbtret wol sizze: dat is in baas frou, in fekke om samar te sizzen. No mar hoopje dat ús sykjende boeren ien fine dy't ûnder in paradysfûgel útbret is...
Pleatst: 18-09-2006 / 22:50 oere - Reagearje?
It hiele wykein yn it doarpshûs... Dat wiene twa moaie en gesellige dagen achterelkoar. Sneon wie der in beurs foar hobbyisten en lytse ûndernimmers út ús 4-H doarpen. Spitigernôch wie der net safolle publyk en moasten ús ûndernimmers it hast sûnder besikers dwaan. Mar ús doarpshûs wie moai oanklaaid en de minsken dy't der wienen soargen foar in gesellige sfear. Ek Rûm Sop hat even songen, mar foar in hanstje fol publyk giet it dan mar dreech.
Hjoed hiene wy Startsnein fan tsjerke. Earst meielkoar in kopke kofje drinke (ek al yn ús doarpshûs). Wy wiene dêr as ien fan de earsten en dat mei unyk neamd wurde! Hoe't wy dat sa hân ha... Wy ha fêst net goed op it pepier sjoen. Mar it wie in gesellige moarn, mei in moai sjongkoarke yn tsjerke. Foaral de bydrage fan Doety, Saskia, Sandra en Lienke wie hiel moai. Dy froulju kinne wol in band begjinne. SaSaDoeLie, soe wol in muzikale namme foar dizze famkes wêze.
Ien fan de ûnderdielen wie it rieden fan jeugdfoto's fan de oanwêzige gemeenteleden. Dat wie in hiele klus en guon koene wy echt net. Ik wit net oft se ús foto's ek rieden ha. By Wilma wie dat net sa dreech, tink mar oan har hobby... Mar ja, dy hobby mocht fansels wer net presentearre wurde op de hobbybeurs fan sneon. Dat soe tefolle rommel jaan op de krekt lakte flier. En tsjin sokke rommel helpt gjin krommeldief!
Pleatst: 17-09-2006 / 13:41 oere - Reagearje?
Ekster? Masterke, masterke... It is sa blyn as mol. (Sjoch foarige berjocht) En it is sa bûnt, dôf, fluch, skiterich, wyld as in ekster.
Pleatst: 16-09-2006 / 18:47 oere - Reagearje?
Hans Anders 'Kinne jo dit lêze? Jo ha in bril op 'e holle,' sei in man tsjin my doe't ik mei de karre troch C1000 rûn. Hy hie in pot smots út ien fan de skappen helle en hy koe de hâldberensdatum net lêze. Hy twifele tusken 25 febrewaris 2006 en 25 febrewaris 2008. 'As it 2006 is, dan is dit wol in âld potsje...' No moast ik him it antwurd skuldich bliuwe, want de bril op 'e holle wie in sinnebril en dêr kin ik ek net echt lytse siferkes mei lêze. Mar, sa ornearren wy, it sil wol 2008 wêze, oars soe it net yn 'e winkel stean. Hy wie mar heal tefreden en skeat mei de pot smots net in oare klant, dy't wol in bril op 'e noas hie. 'Jo ha wol de bril op, is dit 2006 as 2008?!' De man waard der kjel fan en sette fluch de bril op syn holle. 'Dit is net in lêsbril, dat ik soe't net witte,' stammere hy. De smotsman waard wanhopich en soe hast de pot troch de winkel sabelje. De heale winkel oanhâlden en elkenien is sa blyn as in ekster. In ôfdieling fan Hans Anders soe goeie saken dwaan hjir yn 'e supermerke.
No wit ik net oft de man de smots ek kocht hat as dat hy noch fierder socht hat om in lêzer. Ik bin mar trochrûn wat ik hie iisko's yn 'e karre en dy soenen troch dit opûnthâld fêst rane, want dy hâldberensdatum is mei sok waar mar in kertier...
Pleatst: 16-09-2006 / 13:06 oere - Reagearje?
Frijwilligers... De prullebakken binne te lyts, de tsjinstblêden te glêd, it oargeltsje moat weromkomme, de triedden fan de lampen sitte los dus brângefaar achter de skermen, de achterdoar mei net op slot, dan steane der wer bierkratten foar, it bier is te lau, de brânblusser moat sa te pakken wêze, it ôfstapke by de needdoar is te heech, it wurdt guon frijwilligers te let, in krommeldief soe dochs wol handich wêze, it ferljochte boerdsje NOODUITGANG mei net mear want dan kin ús allochtoane doarpsgenoat it net lêze en de EHBO-doaze wurdt trochelkoar helle mei de muntebak. Op in feestjûn rûn der al in doarpsgenoat troch de seal mei in protte plestik munten op syn earm plakt. Hy hie de earm skaaft oan in tafel en dit wie de pleister hie de frijwilliger sein...
En Achmed stiet noch midden yn it doarpshûs, want hy wit net wêr't hy hinne moat, want wy ha krekt in ûntrûmingsoefening hân foardat it toanielstik begûn. Dat doe't it doek iepen gie, seagen de toanielspilers in lege seal mei in panikerige allochtoan, dy 't mei de hannen yn 'e loft rôp: woarhien, woarhien...?? Ach, jo moatte de humor der mar wat fan ynsjen as jo in jûn hâlde foar frijwilligers fan ús doarpshûs.
Pleatst: 14-09-2006 / 15:16 oere - Reagearje?
Oars as oars... (2) En wy mar tinke dat sokke luksafleksen sa djoer en unyk binne. Mar wy kinne soksoarte fan guod gewoan by Karwei krije! Wilma kaam der juster mei thús. En hy wie noch goedkeaper as dy twaddehâns út Oldenzaal. Foar dy priis kinne jo elk jier wol in nije foar de ramen hingje. Dat lit de hjerststoarmen no mar komme!
Pleatst: 14-09-2006 / 14:28 oere - Reagearje?
Oars as oars... Wy binne altyd wat oars as oars. Wy hingje de luksafleks oan de bûtenkant op. En ik moat sizze, dat foldocht bêst! Op dizze wize bliuwt de waarmte moai bûten en is it yn de keuken noflik mei dit waarme waar.
Dat is ek wat! De fakânsje is om en it waar slacht ek om! No wer puffe en blaze yn 'e skoallebanken. Mar wy sille net kleie, de boeren treffe it mar en foar in skoalmaster makket it net safolle út. Rein as sinne, wy moatte der dochs hinne!
Mar no hat ús 'bûtenluksafleks' it bejûn. It toutsje sit muorrefêst en hy wol net mear omheech. Spitich, want de luksafleks hat it tige lang folhâlden. Unyk, want wy lieten de luksafleks yn waar, winter en wyn bûten hingje.
No ha wy al wat op Marktplaats omstrúnd, mar in geskikte luksafleks moast út Oldenzaal komme en dat is ús krekt wat te fier, hoewol de priis tige akseptabel wie. Hoe't wy it no ha moatte? Wy moatte mar ris by it Lichtpunt sjen. En oars is der miskien in lêzer dy 't noch wat lizzen hat. Graach ha wy ien mei in lingte fan 2.30 - 2.50 mtr. en in hichte fan 1.50 mtr. Soe moai wêze as ien ús wer yn it skaad sette kin!
Pleatst: 13-09-2006 / 22:58 oere - Reagearje?
Eastermar Wilma, Wietsche en Syda ha sneon meidien oan it 'paardenspektakel' yn Eastermar. Op de side fan Eastermar steane moaie foto's fan dit evenemint. Understeande foto's komme fan dizze side. It wie neffes Wilma in prachtige dei, mar spitigernôch wiene de froulje net yn 'e top fan it klassemint werom te finen. Olympyske gedachte sille wy mar sizze...
Pleatst: 11-09-2006 / 22:53 oere - Reagearje?
Sa kin't ek... It iene optreden is it oare net, dat ha wy sa troch de jierren hinne wol ûnderfûn. Mar sa as yn Lukswâld treffe wy it net sa faak! Wy wiene tige wolkom, wy krigen alle help, it poadium wie kreas foar ús ynoarder makke en der stie in waarm buffet foar ús klear. Dan ek noch in moai optreden en de jûn kin net mear kapot! As tank krigen wy in moai kistke. Mei in bysûndere ferrassing. Sjoch hjir foar de ynhâld: In Moai Kistke. Sa'n ynhâld is goed foar de bloeddruk sille wy mar sizze...
Pleatst: 10-09-2006 / 23:10 oere - Reagearje?
16 Friese Hits - yn MP3? Sa as ik tongersdei al skreau, wie der hjoed in rommelmerke yn Dokkum. Omdat de opbringst foar it goeie doel wie, ha'k dochs mar wat kocht. In moaie âlde LP mei '16 Friese Hits'. No bin ik fan plan om dizze plaat te digitaliseren. Mar even yn it laad sjen oft der noch wat passende triedsjes as soksawat te finen binne. Mocht it ea slagje, dan heare jimme dat fansels fia dizze side. De plaat is fan 1970 en ferskate Fryske artiesten dogge der oan mei. De Sambrinco's, Selskip Tetman de Vries en it Grouster Koar. Sjonge, je wurde echt âld... Mochten jimme ûndersteande foto wat frjemd fine, dan kloppet dat, want sa'n âlde hoes passet fansels net yn ien kear ûnder de skenner. It moast yn fjouwer kear en dan al dy 4 hoekjes wat oanelkoar plakke. Yn 1970 hiene se noch nea fan in skenner heard! Oh ja, de tsjettel hat net lang te keap stien. It wie ien fan de earste dingen dy't ferkocht waard...
Pleatst: 09-09-2006 / 16:42 oere - Reagearje?
8 Septimber is de dei...
Pleatst: 08-09-2006 / 23:35 oere - Reagearje?
Badderje (slot) Even goed bjinne en poetse en dan sjocht it der nei 14 dagen dûsen by famylje sa út! It is hiel moai wurden. En mar goed de foto's yn jim opnimme, want sa skjin en himmel sille jimme ús nije dûs nea wer sjen...
Pleatst: 08-09-2006 / 23:33 oere - Reagearje?
Badderje (5) No sille wy op advys fan Jetze noch even wachtsje, dan moarn goed skjinmeitsje en dan set ik wer even in foto op 'e side. Kinne jimme ek sjen hoe moai as it wurden is. Mei tank oan Jetze!
Pleatst: 07-09-2006 / 19:58 oere - Reagearje?
De tsjettel... Justerjûn hiene wy gearkomst fan it Stichtingsbestjoer fan ús doarpshûs. Nei ôfrin sitte wy altyd noch even gesellich. Doe kaam de âlde tsjettel oan de oarder. Dy waard noait mear brûkt ek koe eins wol fuort. De tsjettel wie wit hoe âld en wie neffes de gelearden noch fan de foarige ieuw. Soe fêst hiel wat wurdich wêze. Mar omdat nimmen sin en tiid hie om nei 'Kuntst & Kitsch' te gean, moast de tsjettel mar nei de Wissel. Mar doe skeat my yn't sin, dat der sneon in rommelmerke hâlden waard foar Stichting Kuritsa. (Ja, deselde as fan de Dag van de Glimlach.) Ien fan ús bestjoersleden hat my doe mar thús brocht, want se sei: do kinst net mei sa'n swier ding oer strjitte. Goed, sei ik, dan geane wy tegearre moai op stap, de tsjettel mei sûkelarjemolke smûk op 'e knibbels en ûnderweis even oanstekke foar in waarm bekerke treast. Hast noch noait sa sjoen hoe hurd as ik thús wie...
Pleatst: 07-09-2006 / 19:54 oere - Reagearje?
Glimkedei...
Dat wie in hiele bysûndere dei, ôfrûne snein. Marjan hie my strikt om as klown mei te dwaan oan Glimkedei, better bekend as: De Dag van de Glimlach. Der wiene 100 klowns nedich en Marjan fûn dat krekt wat foar my. Dat in moai pak klean en wat oare klownsboel by Broer weihelle en mei in pûde fol guod nei de Bonifatius kapel yn Dokkum. Nei't wy ús ferklaaid hienen, krigen wy fan Adriane Westra in workshop klownen. Hiel moai om te dwaan en foaral dy dramaopdrachten sprutsen my oan. Hiel bot waard yn de workshop de klam lein op: wês dysels en wês foaral ek echt. Stel dy net healwiis oan, want dêr hat nimmen ferlet fan. Nei't wy smynkt wiene, mochten wy de gasten foar de tsjinst (de útdaging wie om 2000 minsken yn 'e tsjerke te krijen) yn it park opfange. Ballonnen útdiele, minsken oansprekke, koartsein de minsken glimkje litte. Dat slagge goed, elkenien hie in fleurich sin. It tilde ek op fan de pers en fan de tillevyzjeminsken dat sadwaande sleepte Omrop Fryslân my ek noch foar de kamera. Om twa oere wie der in oekumenyske tsjinst en as ôfsluting moasten wy reade noazen útdiele en de 'glimlach' fierder bringe by minsken yn bejaarde- en sikehuzen.
Wy moasten nei Foswert yn Ferwert. Wy ha wat mei de âldsjes songen, mar ik ha wol even by mysels tocht: at se dat by my dogge op dy leeftiid, dan naai ik út. Guon 'kollega klowns' begûnen har wat oan te stellen en giene mar troch wyltst neffes my dy minsken allang harren nocht hienen. Mar afijn, oer it gehiel wie it in hiele moaie dei. Yn in hiele goeie sfear! Mar it liket my moaier ta, dat de minsken gewoan en echt it glimke trochjaan. Sûnder reade noas, sûnder in healwize prûk en sûnder mâl huodsje. En dat wie ek krekt wat menear pastoar bedoelde yn syn preek. It set jo wol oan it tinken... Sjoch hjir foar de útstjoeringen op de lanlike tillevyzje by de KRO.
Pleatst: 05-09-2006 / 22:16 oere - Reagearje?
Tradysje... Tradysjegetrou slute wy ús fakânsje ôf mei in itentsje. Dit kear binne wy nei Nij AndringaState west, by Marssum. It siet dêr tige goed en it iten smakke bêst. By it menu '7 Lamskoteletten' krije jo yndie 7 hoekjes fleis. Dat is oars as by 8-erham, want dat is mar ien stikje...
Pleatst: 05-09-2006 / 20:22 oere - Reagearje?
Knyntsje dagen... It sil de trouwe lêzers wol dúdlik wêze, de knyntsjedagen binne foarby. Oan it wurk en fuortendaliks is it skriuwen oer... No falt dat lêste wol wat ta, want skriuwe is moai wurk, allinne de tiid ûntbrekt op 't heden. Dat jimme moatte noch even wachtsje foar de lêste nijtsjes.
Lytse hinnewizing: De Dag van de Glimlach. Skynt dat de skriuwer fan dizze side ek yn byld west is by Omrop Fryslân. Yn de rubryk Hjoed. No mar hoopje dat de sjoggers my net wjerkend ha. Lês foar in moai (foto)ferslach ek Wâldnet. Foaral de reaksjes binne 'aardich'.
Freegje my ôf hoe't se no by 'Knyntsjedagen' komme. Wêr soe dat no mei te krijen ha? Binne de kninen net mear sa aktyf as de simmer foarby is? Dan soe dat foar my net opgean...
Pleatst: 04-09-2006 / 23:38 oere - Reagearje?
De Wasbeer Wat wy net kinne, kin de auto wol: dûse! En as jo dan fanút de auto foto's meitsje, sjocht dat der sa út! Ik soe hast ek in flesse sjampoo pakke en op 'e motorkap sitten gean. Want as it thús net kin, moatte jo alternativen sykje. Mar it like my dochs net goed, dy grutte rûne swipers oer my hinne te draaien.
Pleatst: 01-09-2006 / 23:20 oere - Reagearje?
Op 'e kofje... (Ik ha wat mei kofje...) Op de DE pakken kofje stiet in aksjekoade. Fia de side fan Douwe Egberts kinne jo dan kontrolearje as jo foar de buert in priis wûn ha. Want dat is de aksje fan DE: '16 september burendag - Zet je deur open en win! Tink mar oan dy reklame weryn de jongelju harren âldere buorlju útnoegje foar in kop kofje. Op it ein sjogge jo dan de âld man mei akkordeon tegearre spyljen mei syn buorjonge dy't krekt in drumstel krigen hat. Us jongens sizze dan: No, ik hoopje net dat ús heit dat docht mei syn akkordeon, dan hâlde wy gjin buorlju mear oer!' Sa aardich, dy jongens fan ús...
No, gjin priis fansels. Mar it aardige wie, dat jo op de side sjen kinne, wa't út jo buert noch mear meidien hat. En omdat Hantum ien postkoadesifer hat, falt hiel Hantum ûnder de DE-buert. Geintsje: www.vanderhei.DE.
Pleatst: 01-09-2006 / 10:03 oere - Reagearje?
|