Argyf:
Argyf 2006:
MyTube:
Persoanlike saken:
Ferhalen: Brûk de koade:
Freonen:
Hantum-sides:
Foto's:
Oanrieders:
Makke troch Hendrik:
|
Sinterklaas (3) En dit is der bard...
"Dat is eigenlijk best wel jammer! Piet heeft Sint zijn stok kapot gemaakt. En Piet durft dat eigenlijk niet te zeggen. Daarom heeft Piet de staf hier maar achter gelaten, toen hij vannacht over het dak van it Lemieren klom. Piet had haast, had geen spijkers of plankband bij zich, dus ben ik maar verder gegaan zonder staf. Misschien kunnen jullie deze staf repareren?
De Sint zal wel verdrietig zijn, want de Sint is al oud en dan is zo'n staf eigenlijk best wel handig. Daar kun je lekker op leunen en als het nodig is even een Pietje mee tegenhouden als die weer eens wat te wild doet.
Jullie mogen op donderdag 30 november allemaal een stok meenemen! Deze mogen jullie voor Piet klaar zetten, want misschien kan Sint één van deze stokken een poosje van je lenen, totdat de Stafpiet een nieuwe staf voor de Sint heeft gekocht. Deze staf bestelt hij via internet helemaal uit Spanje en je begrijpt dat duurt een tijdje voordat die hier in Holland is.
Het mag een wandelstok, een skistok, een bezemstok, een Nordic Walking-stok (heel modern), een vlaggenstok, een tentstok of een andere schone, stevige stok zijn. Bedenk maar iets leuks voor de Sint! Vergeet je niet om een kaartje met je naam aan de stok te knopen? Anders weet Sint niet wie hij moet bedanken als hij je stok weer terug brengt. En vergeet je de oude trouwe schimmel niet? Die mag toch niet op jouw houtje bijten?! It is krekt as sille wy op oarlochspaad... Tsjin de oare skoalle tink? Dy ha ek safolle op harren rekken. Kinne wy wol wat weihelje...
Pleatst: 30-11-2006 / 23:40 oere - Reagearje?
Sinterklaas (2)
Pleatst: 29-11-2006 / 23:55 oere - Reagearje?
Kanjer(s) Hjoed ha ik in 'Kanjertraining' folge. Ien fan de bern út myn klasse hie my útnoege om ris in kear mei te gean nei dizze, foar him, tige goeie trening. Wol ris moai om mei te meitsjen hoe't bern, dy't oars mar wat skruten binne, harren foar in 'grut publyk' foarstelle moatte en elkoar yn tips en kompliminten tasprekke. Op myn jierdeisfeest hie ik in moaie foto krigen. Dy moast in moai plakje ha fansels. Mar yn 'e hal, dan sjogge de minsken dy't oan 'e foardoar komme fuortendaliks dizze 'kanjers'. Moai, dat wy elk in duo as hobby ha...
Pleatst: 29-11-2006 / 23:35 oere - Reagearje?
E-106 It leit allegearre wer kreas klear. Us doarpsblêd Hichtepunten. Kreas op stapeltsjes om ynelkoar setten te wurden troch de nytploech. In gesellich stel froulje dy't al pratende mei sa no en dan in kop kofje ús doarpsblêd mei in elektryske nytmasine ynelkoar slaan. No waard ik jûn by it drukken fan de advertinsjeblêden suver wat kjel fan twa dingen. Yn it foarste plak: wat docht dat pak koeken yn de kast? Ik miende dat al dy froulje om harren figuer tinke moatte. Stikem koeken snobje by de Hichtepunten?! En twad: de mesine joech in frjemde steuring oan: E-106. It wie yn ien kear ho mei it apparaat. Oh heden, wat oars yn in oerke klear wie soe no de hiele jûn duorje tink? Mei in protte gepruts ha'k de boel wer oan 'e gong krigen, mar it wurdt leau'k hast tiid foar in nije masine...
Pleatst: 27-11-2006 / 22:34 oere - Reagearje?
Sinterklaas
Om't Wilma noch yn him leaud, moast se derhinne fansels! Sinterklaas kaam juster oan yn ús 4-H doarpen. Yn waar en wyn en yn de stoomboat! No hat sy op dizze tsjustere dei wat plaatsjes sketten. Dizze plaatsjes binne yn in Priegel-ferhaal ferwurke en dat kinne jimme fia dizze link lêze. No bin ik in bytsje ûndogensk (om mar yn de sfear te bliuwen...) en rin ik wat op de gong fan saken foarút, want dit ferhaal komt yn de kommende Hichtepunten. Mar it passet sa moai by de foto's, dat ik hjir wol in sekje sâlt foar oer ha...
Pleatst: 26-11-2006 / 13:51 oere - Reagearje?
Doarpstoaniel Justerjûn wie 't wer safier. De jierlikse toanieljûn. As it even kin, moatte wy derhinne fansels. Om't wy der dochs wienen, hiene se my frege om frijwilligerstjinst te dwaan. Altyd wol in moai putsje en fergees nei binnen... Ik mocht munten ferkeapje en lege glêzen en fleskes ophelje. Jo binne dan sa'n hiele jûn yn 't spier. No wie it hiel gesellich, mar net al te drok, dat jo koenen it wurk moai neikomme en ha jo ek noch even tiid om mei ferskate doarpsbewenners te praten. En omdat ik deis net safolle mear yn it doarp oanwêzich bin, is dat ien fan de moaste dingen fan sa'n jûn. En dan docht bliken, dat der hiel wat doarpsgenoaten binne, dy 't dizze side folgje! Ien fan myn âld buorlju dy sei, doe't ik him wat munten oan 'e hân die:'Do jûn wat by hâlde hoefolle wy drinke, krekt as buorman Goasse de stimmen?' En in oare jonge doarpsgenoat hie it noch oer in stikje dat ik fan 't simmer skreaun hie. It toanielstik wie prachtich, fol humor en kreas spile troch ús doarpsgenoaten. Foar my sieten 'de gebroeders' (en sykje sels mar út hokfoar bruorren; it binne der trije...) dy't oh sa'n wille hienen. Alle trije laken harren slop om de ferskate opmerkingen, situaasjes en typkes. Se tearden elke kear wer dûbeld. En dan ha jo wer wille om dy trije... Ien fan de bruorren sei letter tsjin my: 'Ik gean jûn wer mei pine yn it liif op bêd!' En ik gie mei pine yn 't liif op bêd fan de broadsjes. Want in goeie gewoante is, dat wy nei ôfrin, as de seal leech en oprûme is, as frijwilligers even neisitte mei in pantsje sop en wat broadsjes. En dy moasten op fansels en ik hie wol sin oan wat, want ik hie de hiele jûn oan 'e Spa read sitten. Hoe is 't mooglik...
Pleatst: 25-11-2006 / 13:06 oere - Reagearje?
De stimming sit der yn! Buorman Goasse (rjochts op 'e foto) sit al sa lang as wy it ús heuge kinne op it stimburo. Faaks hâldt hy de opkomst fan ús strjitte by. Bin him fergetten te freegjen hoe heech as it persintaazje dit jier wie. No 't oare buorfrou achter de noardersinne oan is, sil it wol gjin 100 persint mear wêze. Mar ach, buorfrou wie fêst foar 'de partij voor de dieren' en dat telt fansels net mei...
Pleatst: 23-11-2006 / 01:18 oere - Reagearje?
Tegearre 100! (2) Dat wie in hiel gesellich feest! Lokkich hienen in protte freonen en famylje gehoar jûn oan de útnoeging en ha wie hiel noflik sitten en fansels ek hearlik iten. It wie allegearre tige ynoarder! Elkenien dy't der west hat en dit lêst: tige tank foar alle goede winsken, kado's, moaie ferhalen en foaral ek jimme oanwêzigens. No hie ik my foarnaam om wat foto's te meitsjen, mar it bleau mar by in pear. It siet sa noflik, dat ik it hiele fototastel fergetten bin. As jimme op ûndersteande link klikke, kinne jimme in pear fan dy foto's besjen. Mochten der guon wêze dy't ek wat plaatsjes makke ha, stjoer se op, dan sette wy dy der noch by.
Skoanheit, hastich as altyd, sit al klear want hy wie ien fan de earsten!
Pleatst: 20-11-2006 / 21:37 oere - Reagearje?
Tegearre 100! Dêrom hâlde wy hjoed in lyts feestje. Miskien letter op 'e dei in (foto)ferslach.
Pleatst: 19-11-2006 / 12:04 oere - Reagearje?
Dêr is hy wer! De wegwijspiet, rarepiet, paardenpiet, jongleerpiet, wortelpiet, hoofdpiet, pietpaulusmapiet, buurmanpiet, omkepiet en yn ús foarstelling ha wy ek noch in fizepyt. En der sille fêst noch folle mear wêze. Lokkich is der mar ien Sinterklaas. En dy is hjoed wer yn ús lân oankaam. Earst yn Middelburg en dan as in spear nei Dokkum. Om de lêzers wat yn 'e stimming te bringen hjir in moai spultsje. En wy komme fêst op Sinterklaas werom. (Sintemasije sei ús beppe froeger altyd...)
Pleatst: 18-11-2006 / 14:15 oere - Reagearje?
CSI Hoogstra (2) Witte jimme it noch? Klik hjir foar in opfrisser. Einliks is de dûk reparearre. Wy hearden mar neat, dat der mar even lâns. Sei Horatio dat hy ús hiel faak belle hie, mar dat der noait opnaam waard. Wat die bliken? Hy hie ús tillefoannûmer ferkeard opskreaun. No ja, dan kinne jo oan it beljen bliuwe. Mar it koe fuortendaliks oanpakt wurde, want de grill lei klear en wie al spuite. Dat ik even de stêd yn en de monteurs oan 'e slach. Sûnt juster is de bus wer in 'Black Beauty'!
Pleatst: 18-11-2006 / 14:13 oere - Reagearje?
'Hier waak ik...' (2) Deselde sjauffeur, it selde plak, mar yn oare ynhâld. Wy sille aanst mar in kastke meitsje ûnder it kninehok...
Pleatst: 17-11-2006 / 20:03 oere - Reagearje?
Hinnehok... Dat wie mar wat, justerjûn yn 'e Harkema. In seal fol froulju! En se wienen hielendal los! Se praten wakker mei, se songen, klapten, laken en hiene oh sa'n wille. En dan ha wy dat ek! De presidente siet der wakker oer yn. Want der wie it kommende wykein in rommelmerke yn it geboutsje en se moasten alles foar ús oprêde. It poadium moast rûm en doe hiene se dat wer yn 'e klaaikeamer setten en in swiere tafel koe net fan it poadium ôf, dat de presidente hie der wakker in sliepeleaze nacht fan hân. Mar it gie bêst en wy seinen dat mefrou der net oer yn hoegde te sitten. Nei't wy in hearlik kopke selsmakke grientesop hân hienen, ha wy de boel klear setten en koene de froulje harren plakje mar opsykje. Om 't it in Kristlike frouljusbûn wie, waard der begûn mei in stichtlik liet en song sels Broer mei, hy koe it ferske dus noch wol. It wie liet 474 'God roept ons Broeders tot de daad...' en de froulju hiene dat feroare yn 'God roept ons Zusters tot de daad...' Dat mei sa'n oanfang koe de jûn fansels net mear stikken. Wol aardich dat ien fan de froulju sei doe't se binnenkaam en ús klean en spul seach dat wy yn 'e hal klear setten hienen: 'Ik miende dat de rommelmerke sneon pas wie...' Mar wy ha o sa'n wille hân en se hienen it kreas foarelkoar yn 'e Harkema. Dat de froulju seinen: jimme komme mar ris wer. En dêr hâlde wy harren dan mar oan... Takom wike moatte wy nei Bontebok. Flak by Hearrenfean. Ek dêr binne se der al klear foar want bygeand plaatsje fûnen wy op harren webside...
Pleatst: 17-11-2006 / 19:52 oere - Reagearje?
Fruchtber... Jûn oan jûn op paad. Fergadering hjir, fergadering dêr. It 'bloggen' bliuwt der sels wat by. En dan mar hoopje dat al dat gepraat fruchten opsmyt. Mar dêr sit ik eins net oer yn! Moai dat jo sa mei-elkoar it doarp wat draaiende hâlde!
Bygeande foto is in pear jier lyn makke. Op it paadsje flak by de iisbaan. No 't ik de foto goed besjoch, kom ik ta ûntdekking dat der 'Herfst' by stiet yn stee fan Hjerst... Dat krije jo derfan as je hurd wolle...
Moarn moatte wy optrede yn 'e Harkema. Dat jimme krije net earder wer as freed nije berjochten. Net sa slim wol? En oars moatte jimme mar even yn it argyf blêdzje. Freed doch ik wol ferslach fan ús aventoeren by de Harkemase frouljusbûn. Sil my wat wurde, allegearre froulju byelkoar. De poster út Dokkum mar mei...
Pleatst: 15-11-2006 / 22:40 oere - Reagearje?
De dei yn koarte sinnen...
Pleatst: 13-11-2006 / 23:24 oere - Reagearje?
Kabouters... Moaie plaatsjes op de webside fan ús skoalle. Echt hjerst yn it bosk fan Ypey.
Pleatst: 12-11-2006 / 15:43 oere - Reagearje?
Haadstêd Rûnom yn us lân binne der Fryske Kriten mei sprekkende nammen as Swol, Dimter, Utert en Hoarn. Dat liket hiel wat, mar eins is it net safolle mear. No't wy in tal kearen foar sa'n klup optreden ha, komme wy der hieltyd mear achter dat it eins in soarte fan 'Herfstasters' binne, mar dan bûten Fryslân. As jo dêr komme, hingje oeral Fryske flaggen, steane der lytse Fryske flagjes op 'e tafels en kinne jo alderhande Fryske boeken en Cd's keapje.
No moat sein wurde dat justerjûn (joun foar de Friezen om utens...) ús lângenoaten yn Amsterdam tige freonlik en gastfrij wienen. Want dêr moasten wy justerjûn spylje mei Klún & Knoffelhakke. Foar Fryske Krite Friso-Noard. It is noch mar in lyts klupke (en dat foar ús haadstêd), sûnder foarsitter want net ien wol mear. It optreden wie hiel aardich yn in moaie lokaasje mar dêr is ek alles mei sein. Om hjir no hielendal foar nei Amsterdam te fleanen... Mar wy kinne no altyd sizze dat wy sels yn Amsterdam op 'e planken stean!
Dat wie justerjûn wol moai, want yn ús stik moatte de minsken it 'Lang zal ze leven' sjonge. Prompt sei in taskôger nei dit liet: Dit is gjin Frysk!' Doet't ik har frege wat wy dan sjonge moasten, song se: 'Lang zullen ze leven, lang zullen ze leven, lang zullen ze leven in de gloria!' En dat ha ik de minsken yn Amsterdam doe ek mar tawinske...
Pleatst: 12-11-2006 / 14:46 oere - Reagearje?
Music Night Wy tochten dat wy moai op 'e tiid wêze soenen as wy om 7 oere fuort gienen. Mar doe't wy om likernôch healwei achten op it parkearterrein fan it WTC stienen, wie in parkearplak al grôtfol en seagen wy oars net as minsken, minsken, fans en minsken. Ek yn 'e seal, no ja seal..., wie it krekt as wie it al útferkocht. It waard in moaie jûn mei in ferskaat oan artiesten. Lekker meisjonge mei Frysk Hynder fan Griet Wiersma en it Paad Werom fan Piter Wilkens. En dan fansels it reunykonsert fan de Kast, dat it 8000-koppige publyk alhiel fan it (WT)Sintrum brocht.
Mar wy moatte earlik wêze, it helle it lang net by de sjo fan Simmer 2000. It kaam sels net yn 'e buert! Fansels wie dat de bedoeling ek net, mar sjoen de artiesten hiene Syb en konsorten dêr wol wat op rekkene. Foaral it earste gedielte fan 'e jûn kabbele mar wat oan en naam it publyk noch net echt mei. Ach, se diene harren bêst wol, mar der wie noch net in fonkje dat der foar soarge dat de taskôgers op 'e banken klommen. Pas doe't Rob de Nijs mei syn band op it poadium kaam, kaam de boel wat los. Hy krige de boel aardich mei, mei syn Malle Babbe en Banger Hart. En dat foar in net Fryske artiest! Hoewol Rob ek in Frysk nûmer song en foaral dat brocht de minsken oerein. De klimaks fan 'e jûn wie fansels it konsert fan de Kast. Dêr wienen de measte minsken ek foar kaam. Moaie âlde nûmers spontaan spile troch de band. Wy seagen sels Peter van der Ploeg laitsjen en dat hie ik noch nea meimakke... De Kast hie der echt sin oan en brocht de sfear der goed yn. In perfekte sjo. Mar it nûmer Woorden zonder Woorden klonk wol sa beroerd, dat ik earst tocht dat it oan myn earen lei. It wie krekt as hienen se de gitaren net goed stimd en wy hearden earst net iens wat nûmer as it wie. Mar ach, as jo in echte fan binne (no Wilma?!) dan heare jo soks net en bliuwe jo gewoan meirazen. (Dy froulje achter ús koene ek o sa moai sjonge...) Om likernôch 12 oere kaam der in ein oan dizze moaie jûn, mar hie om my Spanner net mear spylje hoegd en hiene se it better ôfslute kinnen mei In nije Dei. Ek wol tapaslik om 12 oere... Ien ding sit my noch wol in bytsje dwêrs: dan binne jo live by in konsert oanwêzich en dan sitte jo sa fier fuort dat jo de artiesten fia in grut skerm folgje moatte. Prachtich fansels en ek moaie en skerpe bylden, mar dan is it dochs net live mear...?! Stom, ik hie it fototastel eins meinimme moatten. No dan dit mar, aardige filmkes oer en fan de tarieding.
Pleatst: 11-11-2006 / 09:53 oere - Reagearje?
De earste! Dit giet bêst! De earste oanmelding (sjoch juster) ha wy al binnen. Dizze is ynstjoerd troch Kees. Hoewol fansels allinne froulju reagearje meie, nimme wy dizze ynstjoering yn ús kar mei. Foaral om't der ek al in foto meistjoerd is.
Pleatst: 09-11-2006 / 19:18 oere - Reagearje?
Opskuor... No, dat is ek wat! Hiel Dokkum yn opskuor! No ja, hiel Dokkum... Kabaretploech de Vliegende Panters docht Dokkum oan en makket harren optreden op in nochal bleate wize bekend. Der binne al fragen yn 'e rie steld en der is al in ûngerêste Dokkumer dy't mei in spuitbus lâns de posters fljocht om de 'edele delen' ôf te spuitsjen. Aanst giet us nije programma yn premiêre. Miskien ek wol in aardich idee om dit programma op dizze wize oan de wrâld bekend te meitsjen. Mar wa moatte wy dêr foar freegje? Wa moat foar ús posearje? Ik tink dat ús relaasje op 'e non rint as wy in foto fan ús froulju brûke. Mar mochten der guon wêze, dy't dit lêze en hjir oan meiwurkje wolle, dan kinne jimme kontakt mei ús opnimme. Jimme oanfragen wurde 'diskreet' behannele en nimmen komt hjir fan te witten. No ja, nimmen... Oan it momint dat de poster troch hiel Dongeradiel hinget!
Ha bygeande foto sels makke. Dus net fan Waldnet helle as soksawat. Bus even by Karwei parkeare en even mei it fototastel wat plaatsjes sjitte. It wie ek noch donker, dat it tastel flitste ek noch. Elkenien tocht dat de hurdriders flitst waarden. Mar miskien tochten guon foarbygongers ek wol: och och, sjoch dy âlde struner no ris. Is dat net dy master dy't yn Hantum stien hat? It is mar goed dat hy dêr wei gien is...
Pleatst: 08-11-2006 / 22:08 oere - Reagearje?
'Hier waak ik...' De sjauffeur sil wol tocht ha, ik nim it net mei werom! In hiel ein riden sa nei de waadkust en dan moarn nochris tink?! Ik lis it wol op in moai plakje del en dan fine se it wol.
Pleatst: 06-11-2006 / 21:47 oere - Reagearje?
Fantasy... Wilma regelt elk jier yn Hantum e.o. de kollekte foar de Nierstichting. No koe se fia dy stichting koarting krije op tagongskaartsjes foar Holiday on Ice. Dat is noch ris aardich! Boppedat kaam Holiday on Ice yn Ljouwert, dat wy hoegden der net lang oer nei te tinken as wy dêr gebrûk fan meitsje woenen. Fan 'e middei wie't safier. Wy foaroan yn it FEC by Holiday on Ice. Ien ien wurd: geweldich! Wat in sjo! Jo komme eagen en earen te koart om it allegearre te folgjen. Lokkich ha wy ek in DVD kocht, dat wy kinne op in reinige dei nochris smûk de sjo werom sjen. Nei ôfrin noch even wokke by it wokpaleis yn Dokkum en wy kinne werom sjen op in prachtige dei. Mar wêrom dy Sjinezen no sa hurd by ús lâns fleagen mei dan wer in kopke, boerd as in glês...? Safolle folk siet der no ek wer net yn it paleis. Mar miskien sieten wy noch wat yn 'e sfear fan Fantasy, dêr gie alles ek yn in hiel heech tempo. Hoewol... ús Sjinezen hiene gjin redens ûnder..
Pleatst: 05-11-2006 / 22:35 oere - Reagearje?
Geweldich! It mei dúdlik wêze dat ik de krante hjoed aardich trochlêzen ha. Mar wat moatte jo oars ek mei sok waar...
Pleatst: 04-11-2006 / 13:46 oere - Reagearje?
De grize pleach... Hjoed stie yn de Ljouwerter Krante in resinsje fan Sietse de Vries oer in Frysktalich kabaretprogramma. Yn dit stikje skreau hy ûnderoaren:
" De fergrizing komt hyltied tichter by - wy krije it alle dagen fan alle kanten te hearen - mar der is ien plak dêr't keal en griis no al foar master opslacht: it Fryske kabaret. Der binne noch in pear selskippen dy 't mei in kabareteftich programma troch de provinsje lûke, mar yn hast alle gefallen binne de spilers al aardich op jierren en jildt dat ek foar har publyk..." En hjir kinne wy ús hiel goed yn fine! Hjir troch hat it Fryske kabaret in hiel âldsk imago en ha wy ek mei Klún & Knoffelhakke faaks mei dit byld te krijen. Wy meie dan optrede op it doarpsfeest, want dan ha de âlderen ek wat by it feest...
Spitich! Wy ha der al ris oer tocht om it wurdt kabaret net mear te brûken foar ús duo en optredens. Hoewol... griis en keal... ;-)
Pleatst: 04-11-2006 / 13:43 oere - Reagearje?
Mobyl? (2) Dêr wie Marten al! Nei't ik 0800-vwservice belle hie, stie hy 3 kertier letter njonken de bus mei in moaie sulverkleurige T5. Ut dit nijste model Transporter helle hy in nije akku. Neidat hy de akku omwiksele hie, startte de bus fuortendaliks, dat wy binne wer 'on the road'. Neffes Marten moast de akku earst opladen wurde want dan pas koe sjoen wurde oft de akku noch wol goed wie. De akku moast oan de 'druppellader'. Dêr hie 'k noch nea fan heard, mar it sil wol goed wêze. As it klear wie, soene hja wol even belje, dan koe de akku wer omwiksele wurde en koene sy de auto ek noch even oan de kompjûter keppelje om te sjen oft der troch de lege akku ek noch steuringen yn it systeem sieten. It hâldt wat yn! Mar de mobiliteitsgarânsje wurket. Doe't ik it leave minske fan 'e moarn oan 'e tillefoan hie en se my frege wêr't Hantum lei, soe 'k hast sizze: 'Vlak bij de plek waar de paarden op een eenzaam eiland ronddolen...' Ha 'k dochs mar net dien, oars soe se fêst tinke: 'Logisch dat die auto's daar niet willen starten...'
Pleatst: 03-11-2006 / 11:10 oere - Reagearje?
'Bij wie ook weer?' Sykje de flater yn ûndersteand stikje... (Einlings de namme fan ús duo goed skreaun en dan ha je wer wat oars...)
Pleatst: 02-11-2006 / 22:43 oere - Reagearje?
Mobyl? Fan 'e moarn yn 'e dûs tocht ik: wat soe ik jûn wer yn it weblog skriuwe moatte? Ik ha no noch gjin idee... Dat it idee sa gau komme soe, hie 'k net tocht! Want doe 't ik fan 'e moarn, moai op 'e tiid, de doar útstapte en de auto starte woe, sei menear de bus hielendal neat! Gjin stroom! Ik ha noch wol besocht om mei it Golfke dernjonken mei startkabels de boel oan 'e praat te krijen, mar it woe net, it dieseltsje woe net oanslaan! Dat hie leau'k mei de kapasiteit fan de akku fan it Golfke te krijen, mar krekt wit ik it net. Wol in gelok dat jo twa auto's hawwe, want dan kinne jo je wei ferfolgje yn nûmer twa. Neidiel wie wol dat Wilma op it fytske nei skoalle ta moast, mar lokkich foar har wie it jûn al tsjuster doe't se thúskaam, dat hast nimmen hat har riden sjoen... No ha wy op 'e bus libbenslange mobiliteitsgarânsje dat se moatte moarn (dan ha 'k in ADV-dei) mar lâns komme om de boel yn it gat te sjen. Stiet ek yn 'e garânsjebetingsten: mochten jo net fierder ride kinne en it kin net deselde deis makke wurde, dan binne de hotel-kosten foar VW harren rekken. Dat ik sil sneontemoarn wol wekker wurde yn 'e Posthoorn. Mei in brochje fan Sake...
Pleatst: 02-11-2006 / 21:48 oere - Reagearje?
Feest!
Hjoed ha 'k myn jierdei fierd op skoalle. It wie in moaie dei mei in hiele protte kadootsjes! Ik waard mar goed betocht! Dat fyn ik no aardich, bern dy 't sels, al as net mei help fan harren âlders, in kadootsje meitsje, keapje as tekenje. It giet my net om de grutte fan it kado, mar om it gefoel dat derachter sit. Sa hiene twa famkes drok oan it keek bakken west yn 'e hjerstfakânsje, hiene in hiele protte bern moaie tekeningen, ja sels 3d-kaarten makke. Wiene der bern dy't wat nifele hienen en wienen der bern dy't lekkere dropkes ynpakt hienen yn in sels makke doaskes. It wiene allegearre hiele moaie presintsjes, it is hast tefolle om op te neamen. Op bygeande foto krije jimme in yndruk fan al dit moais! En dan ha'k de tekeningen der noch net iens bydien. Ien fan de aardichste kado's wie in beferzen hin! Foar master! Yn 'e panne en dan smikkelje mar... (Lêzers dy't my kinne, witte hoe lekker as ik dat fyn!) De hiele moarn wat spultsjes dwaan en de bern sa no en dan wat lekkers taskowe en de bern ha de dei fan harren libben. Sil se wol ôffalle de moarn it hurde libben wer begjint. 356 - 247 = ? Foar jimme miskien net sa dreech, mar foar bern fan groep 5 in hiele opjefte!
Pleatst: 01-11-2006 / 22:51 oere - Reagearje?
|