Argyf:
Argyf 2010:
Argyf 2009:
Argyf 2008:
Argyf 2007:
MyTube:
Persoanlike saken:
Ferhalen: Brûk de koade:
Freonen:
Hantum-sides:
Foto's:
Oanrieders:
Makke troch Hendrik:
|
Einstân...?
Pleatst: 30-05-2006 / 23:28 oere - Reagearje?
De einstân...
Mission Impossible Sa wie it al hast... Juster in drokke dei. Earst om 10:00 oere tennisje. Kaam der ek noch wol op oan, want it wie de lêste wedstriid fan 'e kompetysje. Tsjin Galefjild út Hurdegaryp. Mochten sy fan ús winne mei 0-4, dan wiene wy degradearre. Soene se winne mei 1-3, dan hiene wy in lyk oantal punten, mar sy hiene fan ús wûn en by in lyk oantal punten jout it ûnderlinge resultaat de trochslach en wiene wy ek degradearre. By alle oare útslaggen, soene wy tredde fan ûnderen bliuwe en dus feilich. It waard 2-2. Wy bliuwe deryn en Hurdegaryp moat takom jier in klasse leger spylje. Mar wat wie it in striid! De hearen dûbel wie in trije setter, dy alhiel yn lykwicht ferrûn. Wy ha sawat twa en in heal oere op 'e baan stien, dat se koene my nei ôfrin wol ôffiere. Mar wy ha wûn en dat makket wer in protte goed!
Nei de tenniswedstriid moasten wy nei Broeksterwâld om op te treden op it 50 jierrich jubileum fan fuotbalferiening Broeksterboys. En yn de tarieding hie'k hiel wat tiid stutsen. It skriuwen op myn webside bleau der sels wat by... Mar in waard in sukses! Yn in folle tinte ha wy der in moai optreden fan makke. De minsken wiene tefreden en ha o sa lake. Nei ôfrin ha wy noch even noflik sitten yn 'e Refter yn Dokkum en ha wy by Mohammed noch in lekker hapke hân. Dat it mei dúdlik wêze dat ik it hjoed hiel rêstich oandien ha. En as jo dan sneintejûns Tom Cruise sjogge yn Mission Impossible 2 dan tinke jo: ach, der binne minsken dy it noch drokker ha...
Pleatst: 28-05-2006 / 22:58 oere - Reagearje?
Frysk bloed tsjoch op! (2) Justerjûn hiene wy in toanieljûn op skoalle. Op sa'n jûn is it de bedoeling dat de ferskate groepen in toanielstikje dogge oer ien as d'oar tema. Op de toanieljûn fan dit jier stie it tema Kabaal om Taal sintraal. Fansels kamen der in protte Friezen yn de toanielstikjes foar. En, mar dat wie tafal en net ôfsprutsen, in protte yndianen. Oan it ein fan it stikje fan groep 7 en 8 moast it Frysk Folksliet songen wurde. Dat net elkenien de tekst út 'e holle kin, dat is algemien bekend. It Klink dan en daverje kinne wy allegearre goed meibalte, mar dan hâldt it ek wol op... In jongen fan groep 7 hie der wat op fûn! Sjoch mar nei bygeande foto...
Pleatst: 25-05-2006 / 22:48 oere - Reagearje?
Ek foar jûns... De bern fan myn klasse wolle graach in fideofilm sjen. Nei't wy de ferkiezing foar de moaiste film hân hiene, kaam de film Lepel as winner út 'e bus. Lokkich wie der in jonge yn 'e klasse dy't de film thús hie en woe dizze wol meinimme. Spitigernôch woe de film net ôfspylje fia de PC, want de film wie kopiearre. (Ssst...) Hy sei dat hy de film fia de fideoteek liend hie. Doe't ik him frege oft it in 'dagfilm' as in 'weekfilm' wie, wie hy earst wat mei dizze fraach oan. Doe sei hy deagemoedereard: 'Oh, mar de film wol jûns ek wol hjer...!"
Pleatst: 23-05-2006 / 17:41 oere - Reagearje?
Hjerst... Wat in reinwetter de ôfrûne dagen! Dat ús tenniswedstryd tsjin Hallum kaam sneon yn gefaar. Om 11 oere sieten wy al byelkoar yn 'e kantine fan de tennisklup om te oerlizzen wat wy dwaan soene. Wy hiene allegearre gjin sin om ús wiet reine te litten. De tsjinstanner gie der mei akkoard om de wedstryd op himmelfeartsdei te spyljen. En dan mar hope dat it waar better is. No die bliken dat it sneontemiddei dochs wol aardich waar wie: it kleare wat op! En dan bale jo dochs wol in bytsje...
Boekm@il... Myn groep fan skoalle hat dit jier meidien oan boekm@il. Dit is in lêsprojekt foar de bern fan de groepen 5 & 6 fan de skoallen fan Tytsjerksteradiel. Wy krije 10 boeken en moatte dy dan yn in healjier lêze. Oer de befiningen meie de bern (fan de dielnimmende skoallen) elkoar e-maile. Ek kinne se fan de juffrou fan de bibleteek fragen (ek wer fia e-mail) krije oer de boeken. Ofrûne wike wie de finale. De finale gie oer twa rûndes. De earste wie moandei op skoalle. Fia MSN moasten de bern fragen beantwurdzje oer de boeken. Dit gie hiel goed, wie misten mar ien fraach, dat wy seagen ús al mei de wikselbeker yn 'e hannen yn de krante stean.
Ponykeuring Moai net, dy pony-foto yn de regionale hús-oan-húsblêden. Wilma regelt sa as elk jier by it konkoers Hippique op 24 juny yn Dokkum, de ponykeuring. Dêr dogge altyd in hiele protte oan mei! Foar de PR wurdt altyd in foto brûkt dy't troch ús makke is. Elk jier sitte wy der wer plat foar om in moaie foto út te sykjen. Dit kear joech de pony de trochslach: de earkes sa moai nei foaren! En dit is it orizjineel, foar safier as jo dêr nei al dy digitale kopyen noch fan prate kinne...
Pleatst: 17-05-2006 / 19:39 oere - Reagearje?
Broekster Boys Dizze fuotbalklup bestiet 50 jier. Mei ús kabaret moatte wy in oanpaste foarstelling fersoargje op harren jubileumdei. Yn it oanlevere materiaal komme jo moaie útspraken tsjin. Bg. Oer de sprongkrêft fan harren lytse keeper, dy't altyd hege ballen fleane lit: 'Set mar ris in glês bier boppe op de latte, ik bin der wis fan dat hy him sûnder ek mar in drip te griemen, fan de latte ôfplukke sil...'
Pleatst: 16-05-2006 / 23:36 oere - Reagearje?
Doarpsfeest Jûn sieten wy as buert byelkoar om it kommende doarpsfeest te bepraten. Op it doarpsfeest stiet altyd in tema sintraal en dêr moat de fersiering fan ús buert by oanslute. Wy wiene it gau iens, dat it wurdt fêst prachtich! Wy binne allegearre optein!!
Memmedei...(2) Ek Herman Douwe en Elbrich kamen noch even lâns. (Sûnt Herman Douwe no op him sels wennet, komt hy no op besite...) Mei in moai memmedeikado. Yn it blik sitte allegearre lekkere geurkes. Moast by it earste kado it kuorke eins werombrocht wurde, by dit kado mei Wilma it blik hâlde... En sa waard it in moaie, rêstige memmedei!
Pleatst: 14-03-2006 / 19:46 oere - Reagearje?
Memmedei... Junior is om kado's út west. Dat mem kin de tún mar wer opknappe. Mar wa bringt it kuorke werom?? Dat kinne jo dochs net samar meinimme?
Even byprate... Sa mar twa dagen oerslaan, liket nearne nei! Drokte mei oare saken, sille wy mar sizze. Tongersdei wie ik de hiele dei ûnder de pannen en kaam ik pas om healwei ienen dy nachts thús. Moarns hiene wy in nijsgjirrige boppeskoalske ICT-gearkomst, middeis foar de klas (hearlik slachbal dien op it sportfjild), nei skoalle in teamgearkomst en de jûns moast ik tennisje yn Drachten. (Ja, ja, wer tsjin de Beampipers, mar no in oar team fan dizze klup) It wie in hearlike simmerjûn. In noflike temperatuur en gjin wyn. Ideaal tenniswaar en ek in ideale útslach: 2-2. Wy treffe it mar mei it waar. Miskien komt it ek dêrtroch wol, dat jo net sa gau mear achter de PC krûpe...
De boppeskoalske ICT-gearkomste gie ûnder oare oer it softwarepakket fan de DOTcom school. In prachtich pakket dat wy miskien brûken gean op ús skoallen. Koartlyn is dit bedriuw noch yn 'e slach west mei de NOS, om't, neffes harren, de NOS de reade O fan DOTcom brûkt hie foar it nije logo.
Pleatst: 13-05-2006 / 08:26 oere - Reagearje?
Knikkerttiid! Moai waar en in hearlik sintsje. Dat de knikkertpûden komme wer foar't ljocht. En fanatyk dat de bern binne! Mear moaie knikkertfoto's op de webside fan ús skoalle...
Tulpen út Amsterdam...? Dêr hiene wy it juster oer... Mar is dit Amsterdam wol? Sa liket it al! Mar fersin jimme net, it is Esonstad. Dit plakje wurdt boud flak by Oostmahorn. In diel fan dizze nije stêd wurdt oplutsen yn 'âlde' styl. En dat op 'e klaai...
Tulpen út... Dongeradiel! Aardige bykomstichheid: Marten Remko hat al dizze tulpen plante...
Denver Miles & Colorado Bill Oan dizze strip moast ik tinke doe't wy juster tennisje moasten yn Burgum. By tennisferiening de Leechkamp. Harren ploech hie by de hearen in ynfaller. Hy hie noch nea kompetysje spile en kaam út foar in leger team. Dat wy tochten: no ha wy de kâns om punten te pakken! 'Wel, als jullie willen tennissen, ga dan op de baan staan, maar op jullie eigen risico... He He He...'. Mar it pakte alhiel oars út! Wy kamen der net oan te pas en Colorado Bill liet ús alle hoeken fan de baan sjen. Ja, ja, noch nea tennisse... Sa'n ynfaller wol ik ek wol mei!
Pleatst: 07-05-2006 / 12:10 oere - Reagearje?
'Wall of Fame...'(2) Wat is dit? Ropping misrûn?
Pleatst: 05-05-2006 / 14:03 oere - Reagearje?
Hendrik Jan de Tuinman...(2) It is der dochs fan kaam... Liket suver kreas!
'Wall of Fame...' It kopieerapparaat fan ús doarpsblêd stiet al in tal jierren yn de konsistoarje fan de grifformearde tsjerke op de Hantumerhoeke. De tsjerke wurdt net mear brûkt en stiet te keap. Salang as de tsjerke noch net ferkocht is, kinne wy hjir ús doarpsblêd drukke. Foar ús PKN-gemeente drukke wy op it apparaat ek it Tsjerkeblêdsje. Hjoed wie it wer safier en moast it maaienûmer drukt wurde. De konsistoarje is in plak fol âlde herinneringen. Ien wand hinget fol mei moaie foto's fan âld predikanten. Moai om te sjen dat der al hiel wat foargongers west binne, dy't doetiids harren wurk yn de grifformearde tsjerke dien ha. Twa fan dizze predikanten ha'k en noch meimakke. Yn de foto hjirûnder binne se fergrutte.
Oh ja, en de droege woarst smakke juster hearlik en de kado's kamen moai fan pas!
Pleatst: 04-05-2006 / 21:56 oere - Reagearje?
Twaentachtich...
Myn heit fiert moarn syn jierdei. Doe't ik him it ôfrûne wykein belle sei hy:'Ik ha alles al, ik hoech neat...'
Pleatst: 02-05-2006 / 23:56 oere - Reagearje?
As in hûn yn tsjerke...(2)
Omrinne as in hûn yn tsjerke, doelloos rondlopen.
Pleatst: 01-05-2006 / 11:40 oere - Reagearje?
De lêste drip (5) It is hast in sport wurden: Sir Irish Moos opkeapje fia E-bay. De foarrie is no aardich grut, mar ik bliuw it ynternet ôfstrunen foar mear... En sa lang as it foar in gaadlik pryske is, kost it my noch net myn hûs. (En dat ha wy net iens yn eigendom, kinne jim neigean...) No kaam ik wat moais tsjin op E-bay. Dat dêr ek mar in bod op dien. It is in plaat fan sa'n 26 jier âld. Spesjaal foar Wilma... Want beide ha wy in passy: ik de aftershave en Wilma de hynders. En lit dat yn dizze plaat no moai byelkoar komme! Dat dizze plaat komt no aanst moai boppe ús bêd te hingjen. Dat sil fêst gefolgen ha...
Pleatst: 01-05-2006 / 11:37 oere - Reagearje?
|