www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2012
Novimber 2012
Oktober 2012
Septimber 2012
Augustus 2012
July 2012
Juny 2012
Maaie 2012
April 2012
Maart 2012
Febrewaris 2012
Jannewaris2012

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik
Huitema Therapie & Training

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter Facebook

Under plastik...

Dizze foto is makke by ús yn 'e buert. Dêr binne in oantal stikken lân dêr't plestikfoly oerhinne lein is. Under dizze foly moat it mais flugger opkomme. Foaral mei in moaie sinne-ûndergong jout dit moaie plaatsjes. Klik hjir foar in fergrutting.

Dit plaatsje is makke doe't wy nei in hearlik famyljedineetsje fanwege ús troudei thúskamen. Foar foto's fan dizze noflike oerkes, kinne famyljeleden de foto's fia de befeilige side besjen.

Pleatst: 29-04-2012 / 14:49 oere - Reagearje? - Nei boppen

Twadde tintefeest...

Yn it skoft woenen in tal besikers fan ús foarstelling yn Mûnein nei hûs ta gean, doe't se Broer tjsin it liif rûnen en seinen: 'Wat ha wy ús fermakke en om ús mochten jimme noch wol in oere trochgean!' 'Dan ha ik nijs foar jimme,' sa andere Broer. 'Dat dogge wy ek, dat as ik jimme wie soe ik de tinte mar wer yngean...'

Dat kaam om't de kommisje yn it feestboekje skreaun hie, dat ús optreden oan't healwei njoggenen duorje soe en dat dêrnei Orkest Butterfly de jûn fierders muzikaal fersoargje soe. Hoe't se dêr by kamen? Alles stie dochs yn ús kontrakt? Mar it die bliken dat dat net goed lêzen wie. Lokkich wisten de muzikanten fan Butterfly dit en mei harren hienen wy dan ek de yndieling fan de jûn ôfpraat. Yn it skoft spilen sy oan't njoggen oere en dan koenen wy wer los!

Mar in komplimint foar de foarsitter fan de feestploech út Mûnein. Alles wat net alhiel neffens de ôfspraken wie, wist hy yn 'no-time' te regeljen. Hy fleach foar ús. Sjoude, timmere en kundige ús oan. It waard in prachtige jûn. En alhiel net in kâld putsje, sa as Pyt ús foarsein hie. Want ek dat wie regele yn de smûke feesttinte. It swit rûn ús op't lêst oer de rêch, neat gjin nachtfroast, it wie smout en simmersk!

De tinte siet grôtfol en wy ha in noflike jûne hân. Spitich dat yn ús lêste akt letterlik de stoppen derút fleagen en wy yn it tsjuster de sêne ôfmeitsje moasten. Mar ek dat wie gau oplost en stienen wy wer yn it folle ljocht. Nuver dat der dan wer guon binne dy't neat fan toanielspyljen snappe en ûnder ús slotakt 'gewoan' oer it poadium rinne om nei it oplossen fan de steuring harren plak wer op te sykjen. Dat snappe jo dochs wol! Gean dan achterom as wachtsje oan't wy klear binne! Mar nee hjer, gewoan tusken ús troch oer it poadium banjerje...

Mar it wie in prachtige feestjûn, mei tank oan de warbere foarsitter. Spitich dat wy by ús ôfskie net even mei him fûstkje koenen om him te tankjen foar syn ynset. Hy wie nearne te finen. Hy soe wol wer wat oan it regeljen wêze, want krekt tefoaren hienen wy him mei in grutte bahco yn 'e hân rinnen sjoen...


En in foardiel fan sa'n twadde tintefeest? In moaie nije en skjinne plankenflier!

Pleatst: 14-04-2012 / 12:20 oere - Reagearje? - Nei boppen

Winsk...

Pleatst: 06-04-2012 / 19:23 oere - Reagearje? - Nei boppen


Grap...?

Stoepawei hermetysk ôfsluten nei út 'e hân rûne 1 april grap fan fiskclub By it Boeddhistysk Bankje. De mûnder is poer, want hy koe de hiele dei net mealle en wol alle kosten ferhelje op de leden fan dizze bysûndere club. Boppedat koenen alle Hantumer hûnen dizze middei net útlitten wurde en moasten fan ellinde 't Set om.

Wat wer klachten oplevere fan de bewenners fan de Doarpsstrjitte om't harren Krystbeammen bewettere waarden troch dizze trouwe fjouwerfuotters. Waanders sprekt fan in stoarm yn in glês wetter, mar docht der gjin wyn by en wol alle dieders (lês angelders) foar it ein fan dizze wike oppakke en fêst sette. Hoewol de mûnder wol wer wat wyn brûke kin...

Mei ynspirearre troch de LC.

Pleatst: 01-04-2012 / 21:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

It boerd...(2)

Hee, dêr is it boerd ek wer! (Lês ek it ferhaal fan 25 maart) Ik tink dat de feestkommisje tastimming krigen hie fanôf 1 april. As soe it in grap wêze...?

Pleatst: 01-04-2012 / 11:52 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hantum...

Hoe lang is it no lyn dat jimme hjir spile ha? sa frege de foarsitter fan de feestkommisje oan it ein fan de jûn. Dizze fraach wie ek al yn ússels opkaam, want yn it skoft wienen wy wakker oan it rekkenjen west. Wy kamen op sa'n 9 jier. Net bêst wol? Njoggen jier lang net op de planken stien yn jo eigen doarp.

Justerjûn moasten wy optrede op de jierlikse Oranjejûn yn Hantum. Moai soks, ynhierd wurde troch jo eigen feestkommisje. Mar soks moat kinne en wy hien dan saaklik besjoen ek goeie ôfspraken makke, it optreden soe net oars as oars wurde. En der moat sein wurde, de feestkommisje hie it poerbêst foarelkoar.

Der wie iten foar ús, se ha ús holpen mei yn- en útladen en elk hie it bêste mei ús foar. In komplimint wurdich. En sa moat it ek, jo komme dêr om te spyljen en de minsken in moaie jûn te besoargjen, dan kinne jo net mei de foarsitter-fan-it-doarpshûs-pet de jûn trochbringe.

It wie wol wat spannend, want hoefolle doarpsgenoaten soenen der komme? Wy hienen der in swiere holle yn, it wie yn de wike fan de Oranjejûn sa stil. Gjinien begûn oer de kommende feestjûn. Gjin doarpsgenoat dy't ús sukses tawinske, lit stean fertelde dat hy ek komme soe op dizze jierlikse feestjûn. En Wilma hearde ek neat op skoalle. In hie twa kear yn it doarpsblêd stien en fierders neat. Gjin boerd oan de dyk, gjin posters, net op de doarpsside, gjin briefkes by de doar lâns en gjin twitterberjochten. Der wie sels in doarpsgenoat dy't freed oerdei tjsin my sei: Is der Oranjejûn dan?

31 Doarpsgenoaten kamen op de jûn ôf. En mei de feestkommisje en de betsjinning der byteld wienen der sa'n 50 minsken. Wêr is de tiid fan in grôtfol doarpshûs? En hoe kin soks no?

Wy ha der mar net te bot by stilstien. Us makke it eins neat út, wy wurde wol betelle, wy wienen ek mar gewoan ynhierd. Mar nei de tiid tinke jo der wol ris wat oer nei. Oan de foarstelling koe it net lizze. Elk wie tige, mar dan ek tige posityf. En elk sei dat it doarp wat mist hie, mar it bliuwt sneu, foaral foar de organisaasje. Mar miskien kinne se dat harrensels oanlûke. Op ús side stiet allegearre PR-materiaal. Foto's stikjes tekst, posters, ja alles wat jo mar brûke kinne foar publikaasje. Der is neat fan brûkt. De titel fan ús programma stie sels ferkeard yn it doarpsblêd.

Hawar. Wy ha in prachtige jûn hân. It optreden gie bêst en de oanwêzigen ha hearlik lake. No mar hoopje dat de oanwêzige doarpsgenoaten it trochfertelle. Dan binne der takom kear miskien mear.

Ien fan de taskôgers sette in berjocht mei in foto op Twitter: Humor @klunhakke publiek staat voor paal pic.twitter.com/4BfZVX4c
Mar de foto stie oer de kop. Fandêr dat myn reaksje wie: @AnjaDDijkstra Tsja, we setten de hiele seal oer de kop... ;-))
Mar ik leau net dat dizze dûbelsinnige útspraak oerkaam, want de reaksje fan har kant wie: @klunhakke it wie #feest yn it doarpshûs... Jammer dat safolle #Hantumers dat mist hawwe!

En dat lêste kloppe as in bus! Klik hjir foar in omkearde foto...

Pleatst: 01-04-2012 / 00:01 oere - Reagearje? - Nei boppen