Earder dit jier: Argyf:
Persoanlike saken:
Ferhalen:
Hantum-sides:
Makke troch Hendrik: Klik hjir (befeilige)
MyTube:
|
It kin net better...! De fakânsje set goed yn: prachtich waar! Dan is it wol noflik dat der wat skaad is fan beammen en strûken. It ferske seit net foar neat: Smûkskaadsjend beamtegrien oeral yn 't rûn... Mar eins is it snoeiwurk wat lizzen bleaun, de buorlju begjinne al te kleien. Dat ik sil der meikoarten wol oan leauwe moatte. It is wat dat de minsken hjir op 'e klaaie en hekel oan beammen ha...
Thailân... Dat like my no aardich, sels in besgroen ûntwerpe op de side www.itailor.com. It soe sa'n trije wiken duorje eart it bestelde bloeske troch de bus falle soe. Juster lei der in grutte pûde yn 'e gong. Hy wie iepen makke. Ik tocht dat Wilma dat dien hie, mar dat wie net it gefal.
De pûde kaam út Thailân. En ik tink dat de dûane tocht dat der drugs yn sieten as soksawat, oars koe ik it iepenmeitsjen net ferklearje. Hawar it wie in prachtich besgroen! Krekt sa as ik it makke hie op ynternet. Spitich dat it wat oan de krappe kant is. No moat ik echt wurk meitsje fan it ôffallen. Want dat hie ik mei Broer ôfpraat. Nei it doarpsfeest soe de striid oangean. Fiif kilo. No, dan moat it bloeske wol passe... En oars? Oars moat ik mar wer ien bestelle. Made yn Thailân! July is hast alwer foarby...
Doe't ik Wilma boppesteand skerm sjen liet fan it fotobewurkingsprogramma en har frege: Sjochsto hjir ek ien of oare logika yn? Andere se: Sjoch dizze leuke dingen ha wy allegearre dien en dan setsto dit op dyn weblog, want dat is ek al wer in setsje lyn...
Soks neame se no: de spiker op syn kop en hjir binne de foto's yn it grut! In prachtich famyljereiske nei Plopsaland. Foto's binne te sjen op de befeiligde side. Hantum yn de ban fan Doch it Foar Dyn Doarp. Mear nijs op de spesjale Hantum-DIFDD-Side mei Wilma yn de útsjoering fan tongersdei en Hendrik yn de útstjoering fan sneon. En wolle jimme witte wat de fraach fan Wilma wie, stjoer dan even in reaksje... In prachtich fersierde strjitte op ús twa-jierlikse doarpsfeest. It levere ús strjitte in tredde priis op. (De strjitte fan Herman Douwe, Elbrich en Wyneke Edou waard earste...) Mear foto's op de webside fan ús doarp. Op skoallereis nei Hellendoorn! Mear foto's op de webside fan ús skoalle. In prachtich doarpsfeest mei Wyneke Edou dy't meidie oan de bernespultsjes. Alteast dat tocht se... En Hidde Wilko dy't mei heit en mem meidie oan de optocht foar fersierde fytsen en fersierde weinen. Mear foto's op de befeiligde side... Sa, binne jimme wer hielendal by. No kinne wy ús mar opmeitsje foar de lêste wike fan dit skoallejier... Pleatst: 15-07-2012 / 14:16 oere - Reagearje? - Nei boppen |