Earder dit jier: Argyf:
Persoanlike saken:
Ferhalen:
Hantum-sides:
Makke troch Hendrik: Klik hjir (befeilige)
MyTube:
|
Alderwetsk... Hjoed in ynspirearjende ICT-dei yn it konferinsjesintrum Allardsoog yn Bakkefean. Nettsjinsteande alle moderne digitale kontent, devices, Twitter en online Lino-e, kaam it âlderwetske papier dochs wer op in aljemint. Gewoan skriuwe, mei in HEMA stift en dan omheechhâlde mei twa persoanen. Wy kinne noch net sûnder!
It tema wie Welke kansen biedt ict bij krimp? aktueel en alhiel fan dizze tiid, want it wurd KRIMP davert oeral yn 't rûn!
Klimme en klauterje... In prachtige famyljedei. Sjoch op de befeilige side foar in hiele protte foto's. Mei tank oan Wietsche foar de plaatsjes en de Elbrich en Wilma foar de organisaasje! (Lokkich dogge de tagongskoades it wer...)
Apart... Der kaam in berjocht binnen fan in trouwe lêzer. Se koe net mear op de befeilige side komme. (De tûke lêzer begrypt no dat it om in famyljelid giet...) Ik stjoerde har de tagongskoades. Fergetten tink? Sa tocht ik...
Mar it die bliken dat de tagongskoades hielendal net mear wurken! Dat wie apart! Hoe kin soks no wer. Dus mar wer even sleutelje en puzelje. Yn it ferline hie 'k ris mei in testferzje fan in softwareprogramma de tagongskoades op myn webstek setten. Ik mocht it 30 dagen útprobearje en dêrnei wurke it net mear. Koe dus moai. Fergees befeiligingen oanbringe op de side. Sa komme jo troch de tiid... Mar ja, no't de koades net mear wurken (it wie wol in jier lyn dat ik dat programmaatsje brûkt hie) wurke it programma ek net mear. Fan 'e weromstuit it programma mar oanskaft. Want ek it op 'e nij ynstallearjen soe net wurkje. Dat hie ik yn it ferline al tich kear besocht. Mar der is neat wei, it is in tige noflik programmaatsje en net djoer. En boppedat, it hat fertuten dien! De flater is ûntdutsen en de koades wurkje wer. Wat it no wie? Tsja, ik kin it hast net útlizze. Ik bin der by tafal achter kaam. It hat mei de url te krijen dy't yn it bestân brûkt wurdt. En dat hie wer te krijen mei de ferhuzing fan de side op de server in pear moanne lyn. Mar no hâld ik op mei dat drege kompjûterpraat. Ik koe der wol ferstân fan ha... Read, brún, giel (en grien)...
iTop!...(de ein)
Gau ynwikselje... eagen ticht en...??? YES hy docht it! Hielendal top fan de HEMA. Hat wat switdruppels koste, mar dy switdruppels ha wol €10,- opsmiten!
'Allo 'Allo it is iBoef...(5)
Bonjour, avec le service à la clientèle de l'HEMA, comment puis-je vous aider?
Ik waard der suver wat kjel fan, wa hie ik no oan de line?
Om't ik ik dochs net hielendal fertroude hie ik op de side fan de HEMA dochs mar even de leveringsvoorwaarden op socht. De frou dy't my ferline wike oan de baly yn Dokkum holpen hat, wie sa stellich yn it feit dat se my net helpe koe... Ruilen is geen probleem; je kunt je bestelling bij de afdeling Klantenservice in één van de winkels retourneren. Dit kan binnen 30 dagen op vertoon van de aankoopbon of pakbon. En bevalt een HEMA product niet, dan krijg je je geld terug. Zonder discussie.
uitzonderingen op deze regel:
Dus hie se gelyk! Se meie der op de side wol wat dúdliker yn wêze, want wa lêst no alle betingsten nei... En set dan ek net boppe de side wêr't je it kaartsje bestelle kinne Makkelijk ruilen in de winkel... Moai dat se my dochs holpen hat. Mar hoe no fierder?
Sels mar mei de konsumintenservice belje. Bon yn 'e hân, kaartsje op de leuning fan de stoel en hielendal klear foar de telefoanyske striid. Want dat is it hjoed oan de dei. In oere yn it fitnesssintrum is der neat by. Al onze medewerkers... It gie sa: Goedemorgen, u spreekt met ... van de fotoalbumafdeling, zegt u het maar... Excuses mijheer, u spreekt met de fotoafdeling, hier gaan wij niet over. Ik zet u terug in het hoofdmenu. Heeft u een vraag over een online bestelling, toets 1
Ensfh. Om foar te kommen dat ik wer by de foto's komme soe, toetste ik in 0, wat dat koenen jo dwaan as jo in oare fraach hienen.
Hiel skoft yn 'e wacht, wol hast 10 minuten. Mar ik hâlde fol! Ik hie der in oere foar útlutsen, jo moatte dochs wat op jo frije dei...
Nei in skoft wachtsjen einlings kontakt. Mei in Frânske mefrou! Ik stie perpleks.
En nei't ik dochs mar wer myn ferhaal dien hie, perfoast net yn it Frânsk, die bliken dat dizze aardige mefrou dochs Nederlânsk ferstie en my yn in 'Allo 'Allo aksint útlei dat se tocht dat it om in Frânske konsumint gie (no ja, Frysk en Frânsk leit wol wat byelkoar...) mar dat ik wol ferkeard wie en dat se my werom yn it haadmenu sette soe... Heeft u een vraag over een online bestelling, toets 1 Wer by de foto's...! Lokkich woe de fotomenear my te wurd stean en hy sei my ta my te ferbinen mei in meiwurkster fan de algemiene konsumintenservice. Dat kloppe en ik hie fuort kontakt. Nei't ik alle nûmers foarlêzen hie fan sawol it kaartsje as fan de oarderbon, sei se my ta dat se it kaartsje aktivearje soe en dat se my bellen as it safier wie. Ik bin benijd, mar it wurdt sa stadich oan wol in hiele soap... Hielendal fan de (iTunes)kaart!
Froeger krigen jo in platenbon op de jierdei. Dêrmei gienen jo nei Jongsma's Geschenkenhuis (foar ús Panne...) en dêr hellen jo in moaie langspeelplaat fan Q65. Fuort klear en jo koenen him ek fuort draaie. Gjin wachttiden, gjin nûmers dy't jo trochbelje, maile as fakse moasten. En doe't ik as fakânsjewurk by myn omke yn de Doe het Zelf saak wurke, sei myn omke altiten: minsken dy't serieuze klachten ha, fuort helpe. Nei de stelling rinne en fuort in nijenien meijaan. Net oer diskusearje.
Dat wienen nochris tiden. As wurd ik no echt âld. Nee dochs?
Wurdt ferfolge...
iBoef...(4) Dear Hendrik,
Thank you very much for your continued patience. My name is Grant and I'm with iTunes Gift Card Support. I will be taking over your case and assisting you with the iTunes Gift Card issue you reported...
No je, dit kear Grant...
It is oarloch. De iTuneskaart hat my hielendal yn 'e besnijing. It wurdt in prinsipekwestje en ik gean krekt salang troch oan't dy €15,- byskreaun is op myn AppleStore tegoed!
No wie it Grant dy't reagearre mei de meidieling dat in shipings bewiis net genôch wie om de kaart te aktivearjen. Der moast in ôfskrift fan de betelling bylevere wurde. Mar ik ha de kaart kado krigen en no moat ik myn suster freegje om dy bewizen op te stjoeren. Wat in gedonder! Wacht, sa tocht ik, ik gean nei de HEMA yn Dokkum. Want boppe it shipings bewiis stiet mei grutte letters HEMA. Ik gie fol striid nei de klantebaly fan de HEMA yn Dokkum. Samar klear soenen jo sizze.
Mar neat is minder wier. It grutte ôfskowen wie begûn!
Nee, meneer, dêr kinne wy neat oan dwaan, jo moatte by de ynternetwinkel wêze. Dêr moatte jo kontakt mei opnimme. Wy kinne der neat oan dwaan, it is ús skuld net... Ik waard poer! Wat? Jimme skuld net? Ien fan jimme meiwurkers hat fergetten om it kaartsje langs de skenner te heljen sadat hy aktivearre wurdt, want dat is fergetten. It is jimme skuld wol! Fansels sei ik derby dat is se harren net persoanlik oanlûke moasten, want fansels hie ik wol yn 'e gaten dat de meiwurkster achter dizze baly net persoanlik ferantwurdlik wie foar it probleem...
Wy kinne de kaart ek net aktivearje, want dan kostet it ús €15,- Mar, sa sei ik lûd, jimme namme stiet der wol boppe! De HEMA hat de flater makke! Doe't der mear klanten by de baly kamen, waard se wat tagonkliker, Ik sil foar jo mei de konsumintenservice belje, ha jo even geduld? Fansels, ik wachtsje krekt salang dat it oplost is. Ik sei dat ik wol in slachje troch de winkel meitsje soe... Dêr gie de balymeiwurkster hinne, mei de kaart en de brief dy't by it pakketsje siet yn 'e hân...
It waard in moai kuierke troch de Dokkumer HEMA, want ik kaam ús lytse pake- en beppesizzer mei har mem ek noch tsjin. Goed foar jo humeur soks...
Ik wie net fier fan de baly ôf doe't ik hearde: Wêr is dy man...?! Doe't ik flakby wie sei ik: Dy man is ûnderweis...
Fan 'e moarn wie ik tige ferheard doe't de nije kaart al troch de bus lei. Geweldich, dochs in pluspuntsje foar de HEMA. Fuort besykje de kaart yn te wikselken. Mar... ik doar it hast net te skriuwen... HY DIE IT NET! Wel... Wat foar staazjerinnen stoppet dêr de bestellingen yn de enveloppen?!
No is dizze Don Quichot hielendal op ien ein! Takom wike der wer hinne! En ik ha nije wapens yn 'e stiid fûn, want op de begeliedende brief stiet: Retourneren kan via een van onze vestigingen en op de HEMA webside fûn ik de opmerking: Makkelijk ruilen in onze winkel... Ik gean net earder út de HEMA winkel wei ear't se dêr de kaart aktivearre ha! Se skriuwe it sels op harren brieven en websides! Ik hâld jimme op 'e hichte! Wat in simpel kadootsje al net tewei bringe kin...
|