Earder dit jier: Argyf:
Persoanlike saken:
Ferhalen:
Hantum-sides:
Makke troch Hendrik: Klik hjir (befeilige)
MyTube:
|
Oetso kake... As jo der njoggen kear oerhinne riden binne de ôfrûne wiken, dat kin it hast net misse en gean efkes lins by it monumint... Bliuwt dochs in hiele prestaasje sa'n 75 jier lyn!
Us âldste pake & beppesizzer wie in nacht útfanhûs. En dan is it ek noch smoarhyt. Mar it gie alderbêst en dan docht en badsje yn 'e tún mei wat wetter deryn gâns fertuten. En beppe mar hinne en wer rinne mei de blommejitter fol kâld wetter om de flessen te foljen. Want ek dat is prachtich boartersguod: trije lege flessen en in trachter. Wy ha de flessen wol sa'n 50 kear fol dien en wer lege. En alle kearen dat de flesse fol wie (en der ek noch in trachterfol oer de râne gie) sei ús pakesizzer 'Oetso kake...' en dan begûnnen wy wer fleurich fan foaren ôf oan...
Corpus... Dat wie in moai útstapke! Nei it museum Corpus, yn 'e buert fan Leiden. Spitigernôch gjin foto's, want wy mochten gjin foto's meitsje yn it museum, mar fia de folgjende link kinne jimme in ympresje krije fan dit bysûndere museum. www.corpusexperience.nl. In oanrieder.
No't de froulju wer thús binne fan de neffens harren fenomenale tiid yn Londen kinne belangstellenden de foto's besjen op de befeiligde side. Jimme moatte der even foar sitten gean, want in binne sa'n 400 en se ha, mar dat kin ek hast net oars, in heech hyndergehalte...
Tusken Wytmarsum, Londen en Kollumerpomp... Juster moasten wy optrede mei Klún & Knoffelhakke yn Wytmarsum. In folle feesttinte en in hiel gesellich publyk, alhiel yn de feeststimming. Ek de omballingen wiene goed regele en dan ha wy meielkoar wer in prachtige jûn!
Sa'n 10 jier ferlyn waard ik opbelle fia de mobyl. Ik wie mei Wilma in tochtsje oan it meitsjen mei de menclub earne yn de omjouwing fan Kollumerpomp. Panyk! Want in grôtfolle feesttinte yn Wytmarsum siet op ús te wachtsjen. Wêr bleaunen wy? Wy wisten fan neat. It die bliken dat de doetiidse feestkommisje de kontrakten net weromstjoerd hie en dan komt it by ús net op de spyllist. Wy ha der alles oan dien om noch rjochting Wytmarsum te gean, mar Broer koe net fuort. Der wie jiermerke yn Dokkum en hy koe perfoast net by syn hoarekasaak wei. Spitich, mar Wytmarsum moast har sels mar besykje te fermeitsjen. Fansels kaam dit ferhaal wer op it aljemint, se begûnen der sels oer. Wy ha noch wol sein dat doetiids de flater by harren sels lei, mar sy makken der fierders neat fan. Se ha der perfoast fan leard, wat dit jier gie de boeking fia in artistenburo en stie it optreden kreas yn ús aginda.
Boppedat koenen wy dit jier net te hynderriden yn Kollumerpomp, want ús menners sitte yn Londen. Nei de hynders te sjen by de Olympyske Spullen. Sjoch mar op ûndersteande foto. In oplettend famyljelid hie harren spot op sa'n 43 sekonden. It filmpke kinne jimme sjen fia dizze link: Dressuurploeg-derde-na-GP.
Olympyske fakânsje... Trouwe lêzers sille wol tinke: hy hat fakânsje. Dat kloppet. En it foldocht goed! Miskien tinke se der ek wol achteroan dat de skriuwer earne yn in tintsje sit as yn in simmerhúske op it Amelân. As miskien ek wol yn in hotelkeamer! Neat fan dit alles. Gewoan thús. Foar de televyzje de Olympyske Spullen. Prachtich! En alle kearen dat ik de TV oan ha, ferlieze de judoërs, helje de roeiers it krekt net en eamelt Mart Smeets wer semy filosofysk mei de oanwêzige gasten, dy't him dan wer fernuverd oansjogge. En dan sjocht se tinken: man stel ris gewoane fragen...
En hjoed oan de dei hoege jo neat te missen. Alle kanalen dy't der mar te krijen binne by KabelNoord, de krante dy't eltse dei troch de bus glidet en foar de tablet PC in fiiftal apps mei livestreams fan de ferskate sportûnderdielen. Al dat byhâlden fan al dy sporten is in sport op himsels, mar jo ha yn de fakânsje de tiid derfoar, moai soks...
It mei dúdlik wêze bêste lêzers, wy komme de dei wol troch!
|