Earder dit jier: Argyf:
Persoanlike saken:
Ferhalen:
Hantum-sides:
Makke troch Hendrik: Klik hjir (befeilige)
MyTube:
|
Insp... Service... No, hoedzje dy dan mar as de kilometertellers fan de auto's soks begjinne oan te jaan. Tafallich as net, beide auto's lieten fan harren yntelliginsje blike troch al in pear wiken sa te knipperjen. Lokkich dogge se dat rûm fan te foaren en dan is it moai as it fakânsje is.
Omdat wy dochs graach nei de âlde stâl ta gean, moasten beide auto's dei oan dei nei de garaazje. Tagelyk koe net, dan hienen wy personiele problemen, want pake en beppe moasten de fakânsje ek trochholpen wurde en soks giet foar fansels. Dat hjoed auto 1 en moarn auto 2. En it is nuver, mar der mankearret ek altyd wer fan alles oan. Wy kinne ús mar wer klear meitsje. Ik sei al tsjin de monteur fan 'e moarn: wy hienen foar dy sinten ek moai op wintersport kinnen. Mar ja, andere hy nochteren, no kinne jimme wer in hiel skoft ride en in wintersport is mei in wike wer om. Ut balstjoerigens ha ik de weromreis het nieuwe rijden útprobearre, jo moatte dochs hjir as dêr op besunigje en juster hie dêr in grut stik oer lêzen yn de Ljouwerter. Mar soks falt ek noch net ta! It is suver tsjin al it learde yn! Mar ik hoopje dat ik sa in liter benzine besparre ha, de earste winst yn sokke djoere dagen.
Sjen hoe lang soks duorret. It nieuwe rijden sil wol wer gau âld wêze en giet alles wer gewoan syn gong. Oan't de auto's wer begjinne mei harren nuver oanslaggen, mar dat kin wol wer ris in jier duorje. (Hoopje ik...)
Concours d' Ouwe Oer... Aparte titel net? It hat alhiel te krijen mei de moaie middei fan ôfrûne snein. Doe wienen wy as teaterduo útnoege om te jujearjen by karnavalsferiening de Oeletoeters yn Snits. Se hâlden harren jierlikse Concours d' Ouwe Oer. In gesllige middei mei ferskate poadiumaktiviteiten mei as tema: alles kin, as it mar netsjes bliuwt. Der wienen sketskes, der wie sang en it grutste part fan dit konkoers bestie út in playback-sjo.
Wy ha ús kostlik fermakke en lokkich hienen wy it net al te dreech, want de priiswinners stieken der mei kop en skouders boppen út. En ek it publyk wie it mei de kar fan de sjuery iens. Dat wy waarden net mei stokken en heafoarken Snits útjage... Wy hienen it der mar bêst. Njonken in kreas plakje alhiel foaroan by it poadium, waarden wy nei ôfrin oerladen mei aardichheidsjes. Sa krigen wy fan Prinses Trea de Earste in echte ûnderskieding. En dêr binne wy bêst wol wat grutsk op, want sa'n medalje kriget net elkenien. Sa'n moaie hanger hat ek noch in hiele betsjutting. De betsjutting kinne jimme neilêze op de side fan dizze gesellige karnavalsferiening út Snits. En dan tinke je wolris: wêrom kinne wy hjir yn it noarden, útsein in pear roomske enklaves, gjin karnaval fiere? Oare kake... Omdat oare kake fan 'e wike jierdei wie en oars net wist dat hy dan wol graach in foto fan syn pakesizzer ha woe, moast dizze kake mar in fotoshoot meitsje fan ús lytse Kruimeltje. Want dat wie it doel, alhiel yn âlde styl mei de pet op en de klompkes oan.
Dat de attribiten waarden klear set, de pet noch even kreas op 'e lytse holle, de snottebellen noch even skjinfeije en it koe hinnegean. Mar ja, oardel jier en noch gjin weet fan modellewurk en stilsitten. Wy waarden der op 't lêst ek al wat kiezzich fan. Wy ha him mar wat gewurde litten en pake soe wylst wol knippe. Dan mar hoopje dat der in knappenien tusken siet en dan soenen we de foto op de kompjûter wol wat bewurkje. It waarden der 130 foto's...
It hat in protte geduld koste, mar it is tige slagge! Hjirûnder in foarbyld. En allinne famyljeleden kinne fia de befeiligde side de oare foto's besjen. (En miskien foar harrensels ek wol útprintsje...)
In moaie dei...? Wy kinne Jilt fan it ferske In moaie dei. En Jilt tocht: wy meitsje der wer in moaie dei fan en dogge mei oan de alvestêdehype. Fluch in klip opnimme mei de motoryk fan Pyt Paulusma en it playbacken fan Drs. P. Winterske ûngemakken...
Dochs aardich fan de NS. In mail. Geachte klant... Nea witten dat ik in klant fan de NS wie. Ik reizigje nea mei de trein. Ik tink dat ik ris in e-mailadres achterlitten ha op ien as d'oare NS-side.
Ik kin dus moarn, neffens dizze e-mail, wol ris wat letter yn Tytsjerk oankomme. Alles is beferzen. It is mar wat mei it winterwaar. Buorman syn grutte Mercedes stie ek al healwei de strjitte stil. Fanwege it winterwaar hie hy him mar op benzine setten nei't hy de auto op gas oanslingere hie. Hy hie dus better even wachtsje kinnen mei it omsetten. Doe't hy wer op 'e nij starte woe, wie de akku leech. En omdat oare buorman syn akku al jierren leech is, moast de RedBull derfoar. Ik soe krekt fuort, mar mei in garaazje-achtergrûn kinne jo buorlju net omgrieme litte. Mar nettsjinsteande de startkabels kaam de Mercedes net op gong. Ik ha de buorlju noch foarsteld om mei my mei te riden, mar om't sy boadskiprinne moasten, soe de weromreis wol hiel wat tûkelteammen jaan. Dan is it mar jammer dat it Dokkumer Lokaaltsje net mear rydt. Dan hienen de buorlju hast by Super de Boer útstappe kinnen. Mar ja, Super de Boer wurdt in Jumbo en it Dokkumer Lokaaltsje ried yn 'e tiid dat alle treinen gewoan trochrieden ek al wie it min tritich. En moarn? Ik tink dat ús auto's gewoan starte, dat de buorlju dus lizzen bliuwe kinne en dat wy, mocht it sa wêze dat de boel krekt as by ProRail heakjen bliuwt, in
alternatyf
achter de hân ha... Winterwille...
Klik
hjir
foar mear foto's. |