www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2012
Novimber 2012
Oktober 2012
Septimber 2012
Augustus 2012
July 2012
Juny 2012
Maaie 2012
April 2012
Maart 2012
Febrewaris 2012
Jannewaris2012

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik
Huitema Therapie & Training

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter Facebook

iDokter...

Dat wurdt mei Hendrik wol moandeitemoarn..., sa sei in fleurige doarpsgenoat doe't wy al in skoft yn de wachtkeamer by dokter sieten. It wie grôt, mar dan ek grôtfol. En dat is it gau yn de ta wachtrûmte omboude hal fan ús dokterspraktyk.

Miskien kaam dat ek wol omdat ús dokter mei yngong fan 1 oktober syn praktyk oerdocht oan in Rus. Dan moat elk der dochs mar even hinne. It koe no noch. Miskien ha guon wol eangst foar de Russyske ynfaazje en komme se no noch even mei it wetter foar de dokter...

In protte bekende doarpsgenoaten sieten yn de wachtkeamer. En jo soenen sizze dat je dan wol praat ha. Mar dat falt altiten wer ôf. Wêr moatte jo oer prate? Fansels net oer jo kwalen. In aardige frou njonken my besocht it sa no en dan wol en sei in pypfol tsjin my. Mar se siet oan de ferkearde kant en ik reagearre amper. Se sil fêst tocht ha: no wit ik wêrom dy man hjir sit.

Omdat it hast in oere duorre ear't ik oan de beurt wie en elk dochs net folle sei, koe ik myn tinzen moai gean litte. Hiele ferhalen spilen him al wer ôf yn de âld holle. It begjin fan in ferhaal siet der al wer yn, om samar te sizzen...

Yn de wachthal hong ek in lytse televyzje. Dit om it wachtsjen wat oangenamer te meitsjen. It byld passe der amper op, want it wie noch in 4:3 skerm. Mar ach, dat passe ek wol wer by ús dokter. Want hy is wêrs fan moderne technology. It nijs wie der op. En yn dat nijs in Apple leafhawwer dy't mear as 15 oeren yn de rige stien hie om de nije iPhone 5 keapje te kinnen. Doe't ien fan de pasjinten dat hearde sei hy: No dan falt it by ús noch wol wat ta. Ek seagen wy op de televyzje dat de earste keaper mei applaus ûnthelle waard yn de Apple store. No ja, wy seagen it mar heal, want in diel fan it winkelpersoniel foel bûten it skerm...

Wie ek wol grappich, want ien fan de wachtsjenden wie in wat âldere man (wy sizze it mar hoeden...). Dizze man seach der tige ûnfersoarge út. It hier wyld om 'e holle, net skeard en it wie krekt sa'n tsjoender út in Lord of the Rings film. Hy wie wakker oan it piiba boartsjen mei in lyts jonkje dy't mei syn mem op de treppen siet te wachtsjen om't alle bankjes beset wienen. Seit ien fan de oaren tsjin de mem: Hy is hielendal net bang hè... Ik tink dat se de dûbele betsjutting fan dizze opmerking net iens troch hie. Nimmen trouwens, ek de man sels net want Catweazle gie gewoan troch mei poepoepoepoe-derjen.

Einlings wie oan bar. Dokter siet al klear. Hy gie net oerein om nei my te applaudisearjen. Hoecht ek net trouwens, want ik wie ek net de earste. Dy siet om sân oere al yn de wachtkeamer.

Eins soe ik stean gean moatte foar ús dokter. Want nei al dy trouwe jierren komt der op 1 oktober yn ein oan syn praktyk. De lêste fan de âlderwetske doarpsdokters. In wurdearre dokter, altiten gewoan bleaun, moast neat ha fan de dokterswacht, dêr't je altiten te plak koenen en dy't alle nammen fan syn pasjinten koe. No ja... hy sette wolris de ferkearde namme by de ferkearde persoan, mar hy siet noait fier mis.

Applaus! It wie it wachtsjen wurdich.

Tenei mar nei de iRus. No earst mar op syn namme oefenje...

Pleatst: 30-09-2012 / 15:15 oere - Reagearje? - Nei boppen

Deunby...

Fia de Twitterside fan de NASA folgje ik de aventoeren fan it Marskarke Curiosity. Prachtich is dat, want dat robotkarke op Mars stjoert om de haverklap moaie foto's nei de ierde. Sa fier fuort en dan plaatsjes meitsje dy't hiel bot op ierdske plakjes lykje. Dizze bygelyks. It soe sa ús achtertún wêze kinne. Hoewol? Dy is bot grien. Mar wol wer in wyldernis...

Pleatst: 27-09-2012 / 22:37 oere - Reagearje? - Nei boppen

'Kom aan Boord...'

Dominee hie it oer de stoarm op de mar. Hy soe der oer preekje, mar hy hoopte net dat wy it meimeitsje soenen... San opmerking koe net misse fansels, as jo mei hiel wat lidmaten fan de PKN-tsjerke fan Hantum e.o. op de Lauwersmar oan it faren binne.

Wol in bysûndere ûnderfining. Mei syn allen op de boat en dan in tsjerketsjinst hâlde. Yn in hoeke in keyboardspiler en in fluitiste en op de bar in ynpakte bus. Dêr koenen nei ôfrin de kollektesinten yn. Wy fierden dizze bysûndere byienkomst om't it startsnein wie. Sa begûnen wy mei syn allen it tsjerklike winterwurk. It wie in boppeslach!

Prachtich waar, noflike doarpsgenoaten en in tige treflike tsjinst. Nuver, mar as jo dan sa yn sokke Bibelske sfearen op it wetter omdobberje, komme jo mear ferhalen yn't sin. Noach mei de boat fol bisten. Net dat wy ús doarpsgenoaten ferlykje wolle mei bisten, mar in boat fol, dat kloppe wol. In reinbôge soe op dizze dei net misstean. It ferhaal fan de freonen fan Jezus dy't it fisknet oan de oare kant fan de boat yn it wetter smite moasten. En fansels it ferhaal fan al dy minsken dy't goed sêd rekken fan fiif bôlen en twa fisken. Want ek dat wie goed regele oan board fan de Silverwind. In goed bôlemiel stie nei de fiering foar ús klear en der wie nei ôfrin ek noch genôch oer...

Doe't wy likernôch om twa oere wer op 'e wâl stienen, ha wy noch ús freonlike âld buorfrou nei Damwâld ta brocht. Dat as twa grutske Samaritanen kamen wy wer thús. Mei sa'n moaie start fan al dat tsjerklike wurk dat der de kommende winter wer ferset wurde moat, dan soenen jo wol sizze dat it allinne mar goed wêze sil.

Pleatst: 25-09-2012 / 22:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oranjewâld...

Ofrûne wykein hienen wy ús jierlikse freonendei. In trouwe ploech fan Balkster freonen komt elk jier by elkoar en elk jier is der ek wer in oar dy't it organisearret. Dat jout in ferskaat oan aktiviteiten!

Ofrûne sneon ha wy yn 'e buert fan Oranjewâld rûnswalke. In prachtige omjouwing dêr't je eins nea komme. Fia dizze link in pear foto's fan dizze noflike dei en op de side Bylden út it Ferline in oersjoch fan in tal fan dizze gesellige freonedagen...

Witte jim wêr't ûndersteande foto (fanôf) makke is?

Pleatst: 16-09-2012 / 22:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

Kursus...

Oh nee, it is gjin kursus, it is in Post-HBO oplieding. Jaja...

Doe't ús kursuslieder, pardon opliedingslieder, dosint, heechlearaar, prefester, stipt om twa oere ús in wolkom taspruts, koe hy dat net yn it Frysk dwaan, want dêr snapte hy neat fan en der wie ek in studint yn dit fermidden dy't websides yn it Frysk makke en dat hie hy mar hurd fuortklikt. No ja, hy hie begrepen dat it oer de Olympyske Spullen gie mar dat wie dan ek alles...

Boppedat moast de earste opdracht foar 8 oktober ynlevere wurde, mochten der gjin staveringsflaters yn sitte (dat wurdt dus dreech...), moasten jo lettertipe Arial 10pt brûke en mochten jo net mear as twa studzjemiddeis misse, want it wie in Post-HBO oplieding en der waard al wat fan ús ferwachte. En as je mear misten krigen jo ek gjin diploma. Ek de DRO (Digitaal Rijbewijs Onderwijs) oplieding fan jierren ferlyn fûn hy mar neat, want dêr learden jo foaral saken dy't je net ûnthâlden en dochs wer fergeaten. No, dêr sitte jo dan mei twa DRO-sertifikaten. Opbrâne dy boel... Doe't ik him frege oft it mei dizze oplieding oer twa jier ek sa gie, hâlde hy him stil en pûkere mar wat.

Dat wienen de earste 15 minuten fan dizze oplieding, de toan is set. Jo moatte der wat foar oer ha om foar in LA-funksje yn oanmerking te kommen.

Sjoen myn folge kursussen yn it ferline (doe neamden wy it gewoan kursussen) soe ik maklik foar in A-skaal yn oanmerking komme kinne, mar ús boppeskoalske direkteur hat alle oerkes fan dy sertifikaten opteld en kaam doe net oer 220 oeren. En dat is wol in eask foar in LA-funksje. Resultaten uit het verleden bieden geen garantie voor de toekomst...

Mar dochs liket my dizze oplieding wol moai ta, want it giet oer kompjûters yn it ûnderwiis en dat hat wol de takomst! Mar foar de prefester sil ik it wat stikelich meitsje. Opdrachten yn it Frysk ynleverje, op 8 oktober om 1 minuut foar tolven nachts en yn it lettertipe Flubber 38pt. Mei as tip 1: Alles selektearje, klik op Arial en kies 10pt en tip 2: www.wurdboek.nl.

Ik sil mar wat tuiketuike oan dwaan, want ik bin no wer de learling en dat moat altiten wer even wenne...

Pleatst: 12-09-2012 / 20:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bang...

Oh, oh, wat wurde wy bang! Yn ús doarpsblêd dat fan 'e wike útkomt stiet in berjocht fan ús doarpsbelang oer it brûken fan de gersbak. De gemeente hat ús doarpsbelang op 'e fingers tikke.

Hè? Doarpsblêd moat noch útkomme en ik wit al wêr't it oer giet? Ach ja, somtiden ha jo wat foarkennis. Ik druk altiten de advertinsjesiden en dan leit it redaksjonele gedielte al klear. Wilens de advertearders troch it apparaat glide, ha ik moai de tiid en lês ús doarpsblêd yn't foar. Net strafber wol? Krekt as it hanneljen yn oandielen mei foarkennis...

Hawar, neffens de gemeente meie ús doarpsgenoaten gjin blêdetroep mear yn de gerskontainer goaie. En as it yn de takomst faker bart, dan oerwaget de gemeente om de kontainer der wei te heljen en dan moatte wy ús wer mei de 'gewoane' griene kliko rêde...

Tsjonge, dêr wurde jo dochs tige kjel fan. Big Brother út Dokkum. Krekt as binne sy sa krekt. Ik ferjit nea wer dat ik ris braaf wat grienôffal yn de kontainer goaie woe doe't de jiskeauto lâns kaam. De griene kontainer wie fol en nei't hy lege wie, koe der noch moai wat yn en koe de sjauffeur him nochris leegje en wie ik de boel kwyt. Mar de sjauffeur trúnde my oan en goai it yn de grize. Mar, sa stammere ik, yn dizze sek sit grienôffal. Us amtner waard suver wat brimstich en âle, yn 'e grize! Jo wolle it kwyt net?

En ús op 'e fingers tikje as der wat tûkjeboel tusken it gers sit...

Boppedat stiet op it boerdsje op de gerskontainer dat it allinne foar blêden ornearre is. Ja, dan witte wy it ek net mear! Wa moat wa no op de fingers tikje??

Pleatst: 10-09-2012 / 22:06 oere - Reagearje? - Nei boppen