www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2012
Novimber 2012
Oktober 2012
Septimber 2012
Augustus 2012
July 2012
Juny 2012
Maaie 2012
April 2012
Maart 2012
Febrewaris 2012
Jannewaris2012

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter

Boe noch ba sizze... (2)

Nuver, sa ha jo der noch nea fan heard en sa komme jo it binnen in dei wer tsjin. Ik koe it yn elts gefal sa ynfolje by de puzel fan de nijste Computer Idee.

Pleatst: 28-01-2012 / 12:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

Boe noch ba sizze...

Justerjûn frege de barkeeper ús wat it moaiste Nederlânske eigenskipswurd wie. It wie rêstich oan 'e bar ûnder ús wyklikse gearkomste en oefenjûn, dat de barman hie wol even tiid foar in praatsje. Wol in wat nuvere fraach. Meastentiids giet it oer it waar... Fansels wisten wy dat net en ek doe't wy wat Fryske wurden sa as ekskreminten oanhellen, skodholle de barman wakker. It die bliken dat hy nei seis jier stúdzje yn Grins net ôfstudearre wie en dat hy dêrom de gasten fan syn saak gauris eksaminearre mei soksoarte fan fragen.

Hy hat it wurd op in bierfiltsje skreaun. Want it wie sa'n mâl wurd, dat wy dat net ûnthâlde koenen. Onomatopoëtisch. (En klik mar op de link om út te finen wat it betsjut.) It filtsje stuts ik yn it bûske fan myn besgroen en elke kear as wy wer it wurd sizze woenen, skuorde ik it filtsje foar it ljocht en rôpen wy teagerre onomatopoëtisch!

De net ôfstudearre barman kaam út in famylje mei allegearre akademyske titels, syn heit skynt (hy is him ta de mûle utstapt...) in wrâldferneamd lânboukundige te wêzen en dy fûn it dan ek mar frjemd dat syn soan no in kroech runde yn Dokkum. Hast it swarte skiep fan 'e famylje. Mar it ferklearre wol syn foarkar foar allegearre nuvere wurden. Ik tocht dat hy Nederlânsk studearre hie, mar it wie sjoernalistyk . Hawar, nei't wy noch in drankje fan him oanbean krigen, wie ús jûn allang wer goed.

It moasite eigenskapswurd. Dat kin fansels allinne mar bjusterbaarlik wêze...

Pleatst: 27-01-2012 / 13:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oppaskake...

Al in pear moarntiden mocht ik oppasse op ús âldste pakezisser. Prachtich! Hiele keamer oer de kop, boekje foarlêze, boekje út en dat sa'n seis kear op in moarntiid, Teletubbies, útkôge mandarinepartsjes, blokjes yn de doaze, blokjes út de doaze en hiel lûd KAAKE! roppe as pake even nei de keuken rint om bygelyks in moalkoekje te heljen.

In lyts blokje om, en dan fan de iene kant fan de strjitte nei de oare, alle opritten op, achter katten oan en in ferdwaalde bal oer de stritte sabelje. Lokkich is it net sa drok yn Brantgum... Mar wer nei hûs, ho mar. Dan moat pake mar in eintsje sjouwe mei it swit op 'e rêch en komme wy tegearre achter de pûst wer thús. En dan earst mar ris in skjinne broek.

Ek dat moatte jo dan wer handich oanpakke, oars is dit lyts, warber en fluch mantsje sa wer oerein en sit de pamper healwei de knibbeltsjes. Ofliede is it toverwurd. En dan doch pake syn Nokia fertuten. It grappige is dat ik him dan werom krij om't hy noch op de toetsblokkering stiet en as dat der ôf is, wurde alle ynstellingen feroare. Jaja hy is hiel handich mei mobile telefoans... Hjoed hat hy in foto fan kake makke, (nee gjin tikflater...) mei hjirûnder it resultaat. No, dan kinne jo dochs allinne mar grutsk wêze? Sa lyts en dan al foto's meitsje kinne...

Leuk om dit dan letter op twitter fan syn mem te lêzen:
HW wordt eventjes wakker tijdens zijn middag dutje en roept dan Kaaaaaaaake Kaaaake. paar x ,.Hoort hij niks.. OKE Memmm.. ;-) #oppaspake

Pleatst: 20-01-2012 / 18:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Stakende skjinmakkers...

De skjimmakkers stake wakker. Mar wêrom stake se eins? Wurkdruk, lean, de tanimmende rigeljouwing? Ik soe it net witte. Se sille harren reden wol ha. Mar it is fêst net om't harren de wurkomjouwing te smoarch is...

Yn 'e krystfakânsje gie ik in pear oeren nei skoalle. De saken fêst wat tariede en klearlizze foar de earste dei yn it nije jier. Fyn ik gjin probeem, it heart by jo wurk. Doe't ik it lokaal ynkaam, seach ik dat alle planten út 'e finsterbank helle wienen en hjir en dêr op 'e stuollen fan de bern stienen. Oh hearken, it wie ek sa, de ruten soene yn de fakânsje himmele wurde. Dat wie al oankundige. En ek wie oan ús frege om de planten út 'e finsterbank te heljen, oars soenen se it lokaal oerslaan...

It wie om samar te sizzen in gaos. En wêr't ik my noch it measte oan ergere wie, dat se de finsterbank net meinaam hienen! Dy wienen noch like smoarch as foar de jierwiksel. Dat master om in sopke út en himmelje de boel. De planten wer kreas op in rige fuort ek noch mar in pear oare himmelplakjes meinimme en klear wie it wer. Ek dêr ha ik gjin hekel oan.

Dochs kamen der allegearre tinzen yn my boppe.

Wêrom fan te foaren alles derúthelje? Wêrom net werom sette en wêrom de finsterbank net meinimme? Dat sjogge sy dochs ek wol dat dy fol stof leit?! Alles is by harren sa organisearre dat it binnen de dêrfoar steande tiid oan kant kin. Yn alles is skrast en alles moat by wize fan sprekken foar harren klear stean, oars dogge se it gewoanwei net. En master bringt de jiskesek ek mar yn 'e kontainer. Ek al kostet dat mar ien minuut, tiid is jild. Der is mar in beheind budzjet, poetse om de boeken hinne, stofsûgje om, mar net ûnder de tafels en dweile mei de kraan ticht...

Mar master syn oeren kostje neat. Yn 'e fakânsje, yn it wykein en nei fiven. Rekkenje dat mar ris út. Mar ik fertsjinje dochs bêst? Ik mei der dochs wol wat foar dwaan? Jawis, dat sei ik sels ommers ek, it heart by jo wurk. Mar skjinmeitsje? Heart dat der ek by? Dy tiid soe ik better yn myn tariedingen stekke kinne. Mar dêr tinke de managers net om. Dat is in hiele oare pot, en ach, master docht it dochs wol, hy wol dochs net mei de griene planten op de bernetafeltsjes lesjaan?! De oare kear sil ik ús skjinmakker freegje om de rapporten yn te foljen. Ik koe net by de kast, want sy stie der foar mei de stofsûger...

Nuver, sokke ûntjouwingen. It is te hoopjen dat dat ek de achtergrûn is fan harren stakingsaksje. Asjeblyft, jou ús sels ferantwurdlikens om dy dingen te dwaan dy barre moatte. Smoargens oprêde as it moat en net op it briefke sjen om ta ûntdekking te kommen dat wy hjoed net dweile meie omdat it woansdei is en dat de tafels dien wurde moatte, want dat stiet op papier ek al hienen de bern hjoed in frije dei...

Bytiden soe ik wer wolle dat it krekt sa wie as froeger. In skjinmakker út jo eigen doarp, mei hert foar de saak. Ien kear yn 'e moanne stie jo lokaal oer de kop, want dan krige it in grutte beurt. Alles oan kant en himmelje en poetse. Moandeis de smoar yn, want alles stie op it ferkearde plak. Mar de skjinmakkers setten alles sels oan kant en setten ek alles sels werom. Wol oars as master syn ynrjochting, mar it waard dien! En skjin dat it wie! Altiten kompliminten oer ús moaie skjinne skoalle. Us skjinkmakkers tochten mei, rommen deade planten op, goaiden saken fuort, dy't achterôf better bewarre bliuwe koenen, mar se toanden inisjatyf! Se hearden der ek gewoan by. As der in feestje wie, waarden sy ek útnoege en sy krigen ek in krystpakket. En soene sy no safolle djoerder wêze?

Mar nee hjer, it moast oars. Skjinmakkers moasten yn tsjinst komme fan in skjinmakkersbedriuw. Alles moast effisjenter, dat soe in protte jild besparje. Der kamen ûnbekende minsken binnen de skoalledoarren. Wa binne jo? Ik kom hjir te skjinmeitsjen. En nei in oere wienen se al wer fuort. Se krigen protokollen, aparte amers en doekjes yn ferskate kleuren, in oare (goedkeapere) stofsûger. Oar skjinmakkersguod, want o wee as it te agressyf wêze soe. En ast der wat fan seist dan helje se de skouders op en wize op harren boekje. Ien kear ha'k frege oft se de finsterbanken net skjinmeitsje mochten. Doe hat se it dochs mar dien en dat wie mar foar ien kear.

Wat hat it de skoallen oplevere? Dat mei dúdlik wêze tocht ik. De skoallen wurde allinne mar smoarger. Se rûke net mear skjin en masters en juffers moatte sels de rânesaken mar beoarderje. En eins kinne wy dat de skjinmakkers ek net kwea ôf nimme, sy wurde ek mar stjoerd. Ik hoopje fan herte dat myn frustraasje ek harren frustraasje is. Want dan soe ik sizze wolle: stake oan't jimme der by delfalle!

Foar minsken mei in sterke mage (foaral ek de reaksjes lêze): Riekende remsporen

Ik mei wat graach wat skjin lije, sei de boer, en hy fage de tafel ôf mei de biezem...

Pleatst: 12-01-2012 / 23:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wetteroerlêst...

Hiel Fryslân is drok dwaande mei in opheegjen fan diken en it lizzen fan sânsekken lâns it wetter. Want alles kin oerrinne en elk kin wiete fuotten krije. Mar ús achterbuorlju ha dat net hielendal begrepen tink ik. Sy ferwachtsje nammentlik wol hiel heech wetter...

In hynder en in wiif moat men net fierder sykje as men de skoarstien rikjen sjen kin...

Pleatst: 07-01-2012 / 12:46 oere - Reagearje? - Nei boppen

Waarstien...

No hienen wy wat stoarmskea... It is no net dat wy de fersekering hoegden te beljen, mar ien fan ús moaie hynderkes achter yn 'e tún is troch krêft 11 oer it terras blaasd en dat hat er net oerlibbe. By de fuotten ôfbrutsen. En dat kin ek net wer lime wurde. No ja, wat net kin, mar dan oerlibbet hy de earstfolgjende wynpûst alhiel net!

Ek ús Fryske waarstasjon is aardich yn 'e war. In moai kado, krigen op 'e jierdei. By elk waartipe kinne jo sjen hoe't de stien derby hinget en oan 'e hân dêrfan kinne jo it waartipe bepale. Stien net te sjen? Dizich... Soksoarte fan foarspellingen, Pyt is der neat by... Mar mei it waar fan de ôfrûne dagen is de stien hielendal net te sjen!

Dizich? Ik tocht it net!
Ik tink dat ik fan 't maaitiid mar in kwast pak, as wat plakletters en as it waarstasjon mei stoarmwaar dan wer omkeard hinget, dan kinne wy mei grutte letters lêze: It waait my te hurd!

De stoarm begjint meast mei stilte...

Pleatst: 04-01-2012 / 21:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

1, 2, 3: Lokkich nijjier...!

Dat wie in moai begjin fan it nije jier. De nijjiersdûk yn Burum. Omdat wy ferline jier (en ek noch wol folle faker...) optreden ha yn Burum, wienen wy frege om dit tradisjoneel barren wat op te fleurjen. En omdat wy in fleurige bining ha mei Burum, koenen wy dit net wegerje en dienen wy dit graach.

It is altyd poerbêst ynoarder yn Burum. Noflike en gastfrije minsken, in tige entûsjaste doarpshûsbehearder en in protte publyk. No giet it op sa'n middei net om ús fansels, it is prachtich om te sjen dat op sa'n dei de dûkers de haadrol spylje. Mar leafst 85 minsken hienen harren opjûn foar dizze dûk. En neidat wy se mei in alarmpistoal it wetter ynsketten hienen, koenen wy dan ek allinne mar applaudisearje foar dizze weachhalzen.

Nei ôfrin noch in hearlik kopke snert en wy gienen mei in goed gefoel it nije jier yn. It aardige wie, dat wy in grutte bearenburchdoaze meikrigen. Foar de drokte, neffens de grutte animator. Yn it earstoan tochten wy dat der seis flessen fan Fedde yn sieten, mar dat foel ta. In pear hearlike blikken snert, yn 'echte' Unoxmûtse en foar elk oardel liter echte Sonnema!

Op it ynternet binne in hiele protte foto's, ferslachjes en filmpkes fan dit barren te finen. Sjoch bygelyks mar ris op: Nieuwsuitkollum.nl en op Wâldnet.

Pleatst: 02-01-2012 / 17:17 oere - Reagearje? - Nei boppen