Earder dit jier: Argyf:
Persoanlike saken:
Ferhalen:
Hantum-sides:
Makke troch Hendrik: Klik hjir (befeilige)
MyTube:
|
Rein sûnder ein...
And only stop to rest yourself and take a piece of orangecake from Heslinga's feastpalace...
Tsja, soks krije jo as it de hiele dei reint... Jo wurde wat mankelyk. Mei tank oan Sânman & Sikke! En mar fiskje... Geachte Klant,
Ik wol dizze fiskers tige tank sizze foar it moaie Nederlânsk. As jo net better wisten soene jo tinke dat it de ynlieding is fan it Bidbook fan de Kulturele haadstêd 2018. Allinne geane sy der wol fantroch mei in pôle jild...
Buorlju... Wy sille se wol krije... Rûnom ha ús buorlju in hûn. Neat mis mei, moat elk sels witte, mar bytiden is der in hiel hûnekoar oan it sjongen en wurde jo wer kjel as jo rêstich de hoeke fan it hok om komme en de hûn fan de buorlju jo wer in fûl wolkom ta bilet. Wy binne net sokke hûneminsken, dus fan in tsjinoffensyf wolle wy dan ek neat witte. Hoewol wy poerbêst mei al ús buorlju kinne, is dit hûnekoar dochs wol in lytse mineur, om mar yn muzyktermen te bliuwen.
Mar justerjûn wie it tiid foar wraak! Wilma hie te ringstekken west yn Hantumhuzen en om der ek noch mar in moai ritsje oan ta te heakjen, hienen se de oanspanning by ús yn 'e strjitte ynspand. In grutte hynstetrailer op it parkearplak, in mânske oanhingwein mei de karre midden op strjitte, sa wy soenen de buorlju wolris in poepke rûke litte wat bisteoerlêst oanbelange. En ek it hynder die moai mei. In aardige buorman fleach al gau mei in skeppe oer de buert om de moaie opbringst oer syn tún te struien. It skynt goed te wêzen foar de roazen... By it rinkjestekken wienen de froulju net sa suksesfol. Mei acht punten kamen se wer thús. Hawar, de wille wie der net minder om en de kofje stie klear. Mar wêr moatte jo mei it hynder hinne as jo even in bakje treast nimme? Yn de trailer stean litte? Dat is ek wol sneu foar it bist, it hie noch wol sa syn bêst dien en sy koe ek neat oan dy acht punten dwaan. Der wie mar ien oplossing. Mei nei de achtertún. It hekje ticht en Hidowijn koe nearne net hinne. Achter op it bankje sieten de menners noflik oan in bakje kofje en it hynder meande it gers foar de fuotten fan de baas wei, ik hoech no achter hûs net mear te meanen.
It duorre net lang as de hiele buert wie yn opskuor. De buorlju njonken ús stienen al gau mei de holle oer it sket nei dit bysûndere tafrieltsje te sjen. Unyk, want dat hienen se noch nea dien. Spesjaal de stuollen út it hok helle. En ús achterbuorman foel hast flau doe't hy boppen fanút it sliepkeamersraam ús waakhynder stean seach. It rút wagewiid iepen en mar oangean. Frou, frou, moast komme, moast ris sjen wat ús achterbuorlju no achter hûs ha. 'In glydsbaan foar de lytsbern?' hearde ik de frou weromroppen.
Hjirnjonken yn it Twittermenu by de tweet oer #Hantumhuzen in link nei in lyts filmke fan dit grutte aventoer. Pleatst: 17-06-2012 / 17:30 oere - Reagearje? - Nei boppenMusical-wykein... Dat wie wol in hiel ein riden, ferline wike freed, nei Utrecht foar de musical Miss Saigon. Mar it wie de muoite wurdich. It wie prachtich! Allinne it lûd wie yn ien wurd PET. Fan de alle sjongteksten koenen wy neat ferstean. Mar nettsjinsteande dit mankemint, wie it ferhaal goed te folgjen en klonk de muzyk prachtich. En wat in moai teater, it Beatrix Theater yn Utrecht. In moaie sfear en in treflike fersoarging. Miskien moatte de minsken fan de Harmonie dêr ris hinne op staazje...
Ek ôfrûne snein sieten wy wer yn musicalsfearen. Dit kear yn Dokkum, yn de Bonifatiuskapel. By Bonifatius de Musical. Lokkich wat riden oanbelanget tichterby. Ek dat wie prachtich! En it lûd wie perfekt. It kin dus wol. Miskien moatte se fan Utrecht dan ris op staazje nei Fryslân... Tuskentroch krige ik in âlde advertinsje fan in doarpsgenoat. Hy is in leafhawwer fan âlde auto's, dat sa no en dan komt hy yn kontakt mei aardige saken op automêd. Yn dizze advertinsje wurdt de Fa. W. van der Heide & Zn neamd as autodealer yn Balk. Dat koe net misse fansels. Dat doe't hy frege oft ik dizze advertinsje ek ha woe, woe ik net wegerje, soks fyn ik aardich. Hielendal út myn jeugd. De K70, de Kever, de VW 1600 en de VW 412. En foar gaadlike pryskes... Klik hjir foar in fergrutting.
Kooiboys... Justerjûn binne wy nei in hiele moaie teaterfoarstelling west. Fan toanielferiening it Moat Kinne út Broeksterwâld. Dy wienen op simmertoer en dizze ploech fersoarge in foarstelling yn de smûke teatertún yn Riis.
Dat justerjûn in hiele reis nei Gaasterlân. Foar ús is dat gjin probleem, want it is dêr o sa moai en de teatertún is in prachtich en smûk plakje yn it Rysterbosk. De feriening út de Fryske Wâlden docht harren namme ear oan, wat yn dizze foarstelling pakke se flink út! Mar wêrom net nei Broeksterwâld? Dat lei dochs folle tichterby? Dat kloppet, mar yn it winterskoft ha wy der net by stilstien en doe't de reaksjes sa posityf wienen, krigen jo it gefoel dat je dochs wat mist hienen. Doe't dernei it boerd fan Kooiboys by de rotonde by Broeksterwâld stean bleau mei de oankûndiging dat se it stik yn de teatertún nochris opfiere soenen, wie de kar gau makke. Dat soe fêst in moaie simmerjûn wurde. En dat waard it ek. It wie allinne stienkâld. Wat dat oanbelanget hienen wy better nei it doarpshûs Broeksterwâld gean kinnen. Mar dat leit no krekt sa plat as de âld pleats fan de twa bruorren út Kooiboys...
|