www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2012
Novimber 2012
Oktober 2012
Septimber 2012
Augustus 2012
July 2012
Juny 2012
Maaie 2012
April 2012
Maart 2012
Febrewaris 2012
Jannewaris2012

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik
Huitema Therapie & Training

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter Facebook

De krante...

Hearlik, sa sneontemoarns, wat yn de moarnsjas omdangelje, de tsjûke Ljouwerter by de hân en dan it wykein mar temjitte lêze. Faaks al ier en betiid.

Mar ynstee fan de Ljouwerter, lei it Frysk Deiblêd op de matte! Och hearken it wie wer safier, de besoarger, dy't beide kranten rûnbringt, hie buorman en ús omwiksele.

Omdat it min waar wie en omdat ik noch yn de moarnsjas omrûn, hie 'k gjin nocht en gean nei buorman om de krante om te wikseljen. De besoarger mar belje! Hy moast syn fersin mar goed meitsje...

Fiif minuten letter gie de doarbel. Aha, de krante, dat wie flot! Troch it foardoarsrút seach ik al wat in mânske gestalte foar de doar stean, mar dat soe syn heit wêze, sa tocht ik. De krantejongen wie noch ûnderweis mei it besoargjen en heit fûn it sa mâl dat master gjin krante hie, dat dy wie der as in raket op ôfflein. Soksawat...

Mar doe't ik de doar iependie, seach ik in wat âldere man mei in kreas huodsje op en in aktetaske yn 'e hân. Ik heb u uit bed gebeld zie ik wel, sa wie syn iepeningssin. Dat wie in lytse foarsprong foar my... Mag ik dit hier achterlaten? En hy helle in Wachttoren út it lytse aktetaske...

Wylst seach ik de krantejongen by buorman oanbeljen. Hy lake wakker en ik koe neat oars dwaan as wat soer sjen en Ja, ja, ja stammerje, Ik dacht dat het de krant was... Hoe staat u tegenover het geloof in God? sa wie de wachter syn twadde opmerking. Man, ik wol graach krantlêze op dizze iere sneontemoarn, ik ha gjin nocht yn drege petearen. Daar ga ik niet op in, sa wie myn antwurd. Lokkich hie de huodsjeman dizze hint yn 'e gaten en joech my in Wachttoren. Ik ha him tank sein en sûnder krante, mar mei in Jehovablêd dûkte ik de sneontemoarn wer yn.

In pear tellen letter, wer de doarbel. Hoeden die ik iepen en laitsjend joech de krantejonge my de Ljouwerter. It dourre even, sa sei hy, want buorman wie der net en doe ha ik de reservekrante even ophelle. De krantejonge krige fan my it Deiblêd werom en myn moarn wie wer goed.

Yn 'e rin fan 'e moarn kleppere wer de brievebus. Gjin krystkaarten, gjin folders en ek gjin Elisabethboade, mar in twadde Ljouwerter Krante! De krantejonge hie, nei't hy by my weikaam, it Deiblêd troch buormans bus skood en buorman die itselde by ús doe't hy thúskaam wie. (As fan bêd ôf, dat wit ik net krekt...) Ynstee fan ien Ljouwerter hie 'k no twa en ien Wachttoren.

De Wachttoren gie yn it âld papier en de twadde Ljouwerter ha'k ûnder de Krystbeam lein. Want dy moast ek noch optúchd wurde.

Pleatst: 22-12-2012 / 19:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Calimero...

Wy binne mei ús teaterduo nominearre foar de Kultuerpriis fan 2012 fan de gemeente Dongeradiel. Soks fine wy prachtich, want wy meie it opnimme tsjin Achmea Culpa en Bonifatius de Musical. Guon dy tinke dat wy yn 't foar al ferlern ha... Kom sis, wêrom dat?!

Us twa teaterkollega's kinne wy hast net ferlykje mei datjinge wat wy dogge. Dat wat dat oanbelanget sil de sjuery it noch dreech krije. Wy wurkje hiel oars. Wy dogge it út leafhawwerij! Wy krije gjin gemeentesubsydzje en wy ha ek gjin profesjonele krêften oan it wurk, wy fleane nei ús wurk de provinsje troch. Hoewol wy wol faaks te hearen krije dat it in profesjonele útstrieling hat. Soe it no wier sa wêze dat de hobbyisten it wer ôflizze moatte tsjin it grutte jild? Kultuer hat dêr dochs neat mei te krijen?! Hawar, wy sjogge it wol. Mar wês earlik, as jo safier binne en op de nominaasje steane, dan geane jo ek foar it earste plak!

Moatte wy ek noch opdrave by de nijjiersresepsje. Kreaze klean oan en mar knikke en bûge tsjin de pommeranten fan Dongeradiel. Wy ha tusken de bulten ferklaaiersklean yn ús loads noch wol in knap jaske lizzen (by it Lichtpunt wei...)

It wurdt fêst in lokkich nijjier!

Pleatst: 17-12-2012 / 22:25 oere - Reagearje? - Nei boppen

De moaiste kadootsjes...

En wêr ferstoppe Swarte Pyt de kadootsjes? Yn de dûs. Dy omkoal... Hy kin gewoan oanbelje, de sek oerjaan en de bern even in hân fol pipernuten jaan. Mar nee hjer, it moat wer stikem.

En hoe doch hy dat? Wy ha neat heard, der wie allinne mar in filmpke dat fia de telefoan binnen kaam. Tsja, dat kin Pyt dan wer wol. Mar oanbelje, ho mar...

It wie in prachtige en gesellige jûn sa meielkoar! Yn it famyljealbum mear foto's fan dizze pakjesjûn.

Pleatst: 07-12-2012 / 16:28 oere - Reagearje? - Nei boppen