Earder dit jier: Argyf:
Persoanlike saken:
Ferhalen:
Hantum-sides:
Makke troch Hendrik: Klik hjir (befeilige)
MyTube:
|
Fries nei ute(rt)ns... In hiele reis, sa nei Utrecht ta. Utert is it yn Fryske-Krite-Tael. De Jaarbeurs. Man wat in gebou. Dêr kin it nije MFC fan Hantum wol 87x yn, as it net mear is. Allegearre pakmannen mei kofferkes en klikkeres-skuon, mar dy moasten nei in oare hal, nei in byienkomst fan in hiel djoer Ingelsk wurd. De spikerbroeken en de stoffen taskes moasten nei hal 8. Dêr waard jo tagongsbewiis skend en kaam der in kant-en-klear -kaartsje mei jo namme út in printer. Dan in moai blau koard deroan en wy koenen ek meidwaan mei de mannen fan de wrâld.
'Handich' sa'n kaartsje, want by in stand waard, nei tastimming fansels, jo kaartsje (ek wer) skend en krije jo bulten SPAM hielendal fergees yn jo digitale postfakje. Mar wy ha hiel wat nije saken (en ynspiraasje) opdien. Oars bin ik net sa'n meitsje-mar-in-praatsje man mei de accountmanagers, mar om't wy mei doel nei dizze beurs tagien wienen, moast dat sa no en dan wol even. By de folgjende stands ha wy stilstien en al it moaie guod demonstrearje litten:
Ambrasoft
Man, der stiet ús hiel wat te wachtsjen. Aanst noch boeken? Echt net. Stimkastkes en iPads, digiboerden, ELO's en digitale portfolio's. En dat allegearre yn the Cloud. Moai dat wy dan by ien fan de stands gewoan Frysk prate koenen mei de mannen út Kollumersweach. No goeie, jimme hjir ek? Wolle jimme ek in bakje kofje mei in broadsje? Ha jimme noch gjin glêsferbining yn Tytsjerk? Jo sitte oars aardich ticht by it fjoer... Hoe witte se soks yn Utrecht?!
It boerd... Set it boerd mar oan 'e dyk Dizze rigels komme út it slotferske fan 'us fiifde programma It is de boer allikefolle... En it slút moai oan by it boerdferhaal fan Oentsjerk. Ik wie dan ek tige ferhead dat yn de rin fan de ôfrûne wike de boerden ferdwûn wienen. Giet it feest no net troch? (Dat soe dan wer moai by ús nije programma passe...) Ik bin bang dat de gemeente de pleatslike feestkommisje op 'e fingers tikke hat. Jo meie net samar te pas en te ûnpas boerden oan 'e dyk sette. At elkenien sa begjint, dan stiet alles aanst fol... Dat ha wy wer... steane wy ris moai yn de picture, moat it wer fuorthelle wurde... Mar, sa tocht ik by mysels, miskien mei it dan wol net oan de trochgeande dyk, miskien steane se no wol yn 'e buert fan Mûnein sels! Mar even in lytse omwei meitsje. En ja hjer, de boerden stienen no by de yngong fan Mûnein. Wol in stik lytser, mar wol kreas te lêzen! Eins kin ik dit ek wol begripe. Der moatte rigels wêze, oars wurdt it in boerdebinde. Hoewol ik my dan altiten wol wer ôffreegje wêrom de gemeente dan wol ûnbiedich grutte boerden pleatse mei. Sa as bygelyks dy fan de Sintrale As. Grutter kin hast net soe 'k sizze. Miskien kinne wy dêr wol gebrûk fan meitsje. Soksawat as: De oanlis fan de Sintrale As giet oan! Klún & Knoffelhakke aanst noch flugger yn Jobbegea (Om mar in plak earne yn Fryslân te nimmen...)
In oare lêzing... Bellet der aardige mefrou út Akkrum wei. Binne jo van der Heide en dogge jo lêzingen? Jimme begripe dat ik ferheard reagearre. Lêzingen?? Ja, ik ha jo namme trochkrigen en jo soenen lêzingen jaan oer Klunen en Knoffelhakke. No sykje wy foar jannewaris takom jier ien dy't op ús frouljusjûn in lêzing hâlde wol oer in winterich tema...
Ik moast wol laitsje en ik ha mar gau útlein wat Klún & Knoffelhakke ynhâldt. Tsja, sa andere se, dan leau ik net dat dit is wat ik yn 'e holle hie. Ik hie allinne mar in briefke krigen dêr't op stie: van der Heide Hantum, Klunen en Knoffelhakke. Amper fiif minuten letter belle se wer. Se hie wat mei oare froulju oerlein en wa wit wie it dochs wat foar harren, mar dan net yn it winterskoft, mar yn de maaitiid as slútjûn mei oare frouljesferieningen út it selde rayon. Wa wit. Wy ha noch wat oanfoljende gegevens trochjûn en dan moatte wy mar ôfwachtsje. Hoewol wy net sokke bêste herinneringen ha oan Akkrum. Mar dat is in hiel oar ferhaal... It is letter as jo tinke... It skynt dat dizze útspraak by myn pake yn de smederij hong. Froeger hie elk noch wolris tiid foar in praatsje, mar as it pake dan te lang duorre en it smidswurk ôfmakke wurde moast, dan knikte hy fyntsjes nei dizze útspraak. Dan wisten de praatsjemakkers genôch.
It smidswurk foar dizze side hat wol hast oardel wike op him wachtsje litten. Praatsjemakkers? Besite? Neat belibbe? Falt allegearre wol ta. Gewoan net oan ta kaam. En dan is it samar wer letter as jo tinke...
En in protte oare saken by it ein. Oppaskake, ferienigingslibben, skoallewurk en wakker oan 'e gong mei it nije programma fan Klún & Knoffelhakke. Boppedat woe ik wat reklame meitsje foar ús optreden hjir yn Hantum en ek dêr gie wer de nedige tiid yn sitten. Dit kear woe ik ris wat oars. Gjin blog, gjin posters yn it doarp en gjin briefkes by de doarren lâns. (Want eins wurde wy ek mar gewoan ynhierd troch de feestkommisje...) Fandêr dat ik mei de fideopname fan de permiêre fan ús programma oan de gong west bin. (Sjoch hjirûnder) En och, dat is ek o sok moai wurk. Knippe, plakke, wat wol en wat net. Muzykje derûnder. En dit is noch mar ien minuut. Kinne jo neigean as der in bioskoopfilm makke wurde moat. Binne de regisseurs dagen oan 'e gong, ek echt smidswurk. Soe der dan ek in tegeltsje boppe harren hingje mei boppesteande wiisheid? As komt der dan gjin kunde lâns foar in praatsje oer de hage... Trailer... Meikoarten spylje wy yn ús eigen doarp. Foar de feestkommisje op freed 30 maart. Dêrom meitsje wy wat reklame. En dan net mei in posterke as soksawat, mar mei in echte trailer!
Belangstelling? Dan allegearre komme fansels... Aardichheidsje... Faaks krije wy nei ôfrin fan in optreden in aardichheidsje. In boskje blommen, in fleske wyn, in flesse bearenburch en somtiden ek neat. Mar it hoecht eins ik net, dêr dogge wy it ek net foar.
It moaiste is at ferieningen as organisaasjes it fergetten binne. Dan docht men faaks noch in haal yn de foarriedkast fan it doarpshûs. Dan komt de foarsitter noch hurd op de proppen mei in pear flessen wyn. Wy ha it wolris meimakke dat wy mei syn fjouweren ien flesse bearenburch krigen. Dan binne wy slop en dan lotsje wy nei ôfrin oer wa't it kado mei nei hûs nimme mei. En as wy neat krigen ha dan sizze wy faaks by in útstappen thús yn Hantum: do meist de blommen wol ha... Mar hielendal neat fine wy ek prima, it is mar in gebaar... Juster kaam der wol wer in aardige oanfolling oan de list fan bysûndere kadootsjes. Wy moasten optrede foar de Fûgelwacht fan Boalsert e.o. en de foarsitter oerhandige ús nei de tiid fleurich in selsmakke nestkastke. Alhiel passend yn de sfear fan de feriening... Wy fûnen it prachtich! No krige Broer yn 'e rin fan 'e jûn in sms-ke fan syn freondinne. Sy joech har del, want sy moast sneintemoarn betiid oan it wurk. Mar as Broer in boskje blommen krije soe, dan hie se dêr en dêr in faas delsetten, dêr koenen se dan wol yn. No, dan wit ik wol wat ik doch, sa andere Broer... Der stiet moarnier in prachtige ferrassing foar har klear op de keamerstafel... Reedride... Amper bewurke. In muzykje derûnder. Sa koe it wol. Noch even winterwille...
|