www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2012
Novimber 2012
Oktober 2012
Septimber 2012
Augustus 2012
July 2012
Juny 2012
Maaie 2012
April 2012
Maart 2012
Febrewaris 2012
Jannewaris2012

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik
Huitema Therapie & Training

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter Facebook

iBoef...(3)

Hi Hendrik,
Charmine here from the iTunes Store Support. I am delighted to assist you on behalf of my colleague, Carla, who is currently out of the office...

Oh, dy wie ik noch fergetten yn it rychje...

Pleatst: 31-10-2012 / 20:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

iBoef...(2)

Jimme wolle it leauwe as net, mar ek it iTuneskaartsje dat ik krigen hie op myn jierdei fia de post, wurke net yn de app-store. Hoe is't mooglik! Dat mar wer maile nei Mydhili. En om't ik ûnderfining hie, hie'k de kopytsjes der fuort mar by dien.

Mar dit kear wy it Carla dy't reagearre. En it nuvere wie mei deselde e-mail as Mydhili! Aha, dêr foel dizze appel moai troch de koer!

Ik mar tinke dat se dy persoanlik oanskriuwe, dat it in 'waarme' reaksje is om it 'wy-gefoel' fan Apple te fersterkjen. Hielendal net dus. Gewoane standert mailtsjes, allinne mei in oare namme derûnder. En it moaie wie, dat se de bylagen hielendal net iepene hienen. Sjonge jonge, in rotterich plakje op de appel!

No kinne wy wol de skuld jaan oan Sandy, mar dat wol my net oan. Apple is krekt sa'n bedriuw as alle oare softwaregiganten. Bedankt Carla, Mydhili, Steve, John, Lou, Valentine, Louise en alle oaren. Have a great day!

Oh, ja, it wie de goeie oplossing foar it kaartsje yn it foarige log. Betelje en aktivearje. Dit kaartsje is ûndertusken ynwiksele. No dizze noch.

Fan in soere appel bite moatte...

Pleatst: 31-10-2012 / 12:32 oere - Reagearje? - Nei boppen

Alde doaze...

By it oprûmjen fan 'e wike kamen wy sa'n 100 dia's tsjin. Wy wisten net krekt mear wat der op stie. Dus ynskenne dy boel... It wienen plaatsjes van Hantumer lokaasjes. Ik gok dat se sa'n 20 jier âld binne. Neffens my hienen wy dy ea ris brûkt foar in spultsje op de Oranjejûn. Ontdek je plekje..., mar miskien wie it ek wol foar in buertjûn, want de plaatsjes hienen wol in heech de Terpen-gehalte...
Klik hjir om on pear fan dizze plaatsjes te besjen.

Pleatst: 28-10-2012 / 18:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

iBoef...

Foar skoalle hie ik in iTuneskaartsje oanskaft. Om yn de Applestore wat apps keapje te kinnen. By de Albert Heijn yn Dokkum. Dêr hingje se sa foar it gripen. Yn alle priisklassen. Maklik dochs?

Ofrûne tongersdei soe ik it kaartsje fia it ynternet ynwikselje, it delheljen fan betelle apps koe mar in oanfang nimme!
Mar al wat ik besocht, it kaartsje waard net akseptearre. Nuver. Wat die ik ferkeard? Mar wer de koade yntikke. Goed sjen, ha ik wol haadletters brûkt en is der gjin letter as sifer fergetten?

Ik leau dat ik it wol fiif kear besocht ha, mar alle kearen kaam der wer in melding yn byld. It kaartsje wie op in ferkearde wize aktivearre. Dat op 't lêst de Apple helpdesk mar belle. Fansels wienen by de Appledesk, krek as by alle oare callcentra, alle meiwurkers yn gesprek, mar jo koenen jo telefoannûmer achter litte, mei de tiid dat jo werom belle wurde woenen en sy bellen jo kreas op de tiid dy oanjûn wie werom. Sa heart it. Klantfreonlik en fatsoenlik, jo binne gjin euro's kwyt oan wachtsjen en it lústerjen nei healwize muzykjes.

Mar ek de freonlike Flaamske menear koe my net helpe. Ik moast mar kontakt sykje mei: www.apple.com/nl/support/itunes/contact.html. Oh ja mijnheer, en dat moet ik het Engels... Dat ek noch...

Yn myn bêste HAVO-Ingelsk en mei help fan de Google-oersetter koe ik in berocht op dizze helpside achterlitte. Al gau kaam der in berocht werom. (In plûm foar Apple, dêr kinne in protte tsjinsten in foarbyld oan nimme!)

Welcome to iTunes Store Customer Support. My name is Mydhili and I am glad to assist you.

I understand that when you try to redeem your iTunes Store Gift Card, you see a message that the card has not been activated. I am sorry for any inconvenience this may have caused you. Hendrik, I'm happy to help you with this issue. You can reply to this email and attach scanned images or digital photos of your sales receipt and gift card.

Please scan or photograph the entire front and back of the gift card. Also, verify the sales receipt includes the following purchase information:

  • Name of the retailer
  • Date of purchase
  • Line showing the iTunes Gift Card purchase

If you don't have the sales receipt for the iTunes Store Gift Card, it may be possible to obtain a copy from the store where the card was purchased.

I look forward to your reply. Thank you for choosing iTunes Store. Have a great day!
Sincerely, iTunes Store Customer Support

En doe gie my in ljocht op!

Want de aardige Applemeiwurker frege yn it berjocht om the receipt. En hie ik dat wol? Neffens my hie ik it kaartsje net ôfrekkene, ik hie it sa meinaam!!

Hoe koe dat no wer?!

Yn ús nije Albert Heijn supermerke yn Dokkum kinne jo sels jo boadskippen skenne. En oan it ein fan de rit kinne jo sels mei help fan de pinkaart en de skenkompjûter jo boadskippen ôfrekkenje. Der komt gjin kassiêre mear oan te pas. Fraudegefoelich? Fansels net, foar sokke earlike en fêste klanten as ús...

Mar dizze iBoef hie it kaartsje, dat hielendal oan it ein fan de boadskippenrit oan in stelling tusken allegearre oare kadokaartsjes hinget, sa yn de karre lein. Sûnder it yn te skennen! Earst woe ik dizze misdie net leauwe en ha ik de hiele âldpapierdoaze oer de kop hân om de kassabon op te sykjen. En yndie, it bedrach fan de iTuneskaart stie der net op. Oh, oh...

Skruten stapte ik juster nei de AH klantenservicebaly. Lokkich stie in kassiêre dy't ús jierren yn de C1000-tiid holpen hat, achter de helpdesk. Us fêste-goeie-klant-imago soe har oertsjoegje fan myn ûnskuld. En dat wie ek sa... Kreas stie se my te wurd en hat it kaartsje noch aktivearre en ik ha kreas ôfrekkene. No kinne wy mar winkelje by Apple.

Mar wat ik no doch mei it berjocht fan Mydhily... Ik bin der noch net út. Om't it kaartsje no ôfrekkene is, hoecht Mydhili net yn aksje te kommen. En al hoe freonlik syn (har?) reaksje ek wie, hy (sy) sil wol tocht ha: dat kaartsje is sa meinaam!
Mar ik bin wer suvere en wy binne lokkich noch wolkom by AH. (Wy tinke sels dat ús status fanwege ús earlikens noch heger wurden is...)

Dus: nim noat sa mar in iTuneskaartsje mei, hy docht it dochs net.

Pleatst: 21-10-2012 / 18:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wêr is Spillebeen?...(2)

Sa'n foto op it weblog ropt in protte reaksjes op. Prachtich! Ek op Twitter waard der reagearre op dizze foto. En it moaie is, ik ha noch mear poddestuollen op de foto set. Wêrom? Omdat it sa'n prachtich en kleurich gesicht is. Echte hjerstplaatsjes...

En omdat ik tafallich in fototastel by de hân ha...

  • Toen ik gisteren met de hond bij ons in het park wandelde kwam ik bij een boom ook deze paddestoelen tegen. Zal er een foto van maken. Een plaatje, zo mooi.'
  • @HevdHe Hoepla! In de lucht! Net buiten beeld denk ik.... (Even trochtinke!)
  • Kom jij zo vaak in de natuur? Of heb die paddenstoelen in je tuin staan?
  • No wat leuk juh!!


Pleatst: 18-10-2012 / 23:21 oere - Reagearje? - Nei boppen


Wêr is Spillebeen?...

Flak njonken de auto. Samar yn it gers... Ach ja, it is ek hjerst.

Pleatst: 15-10-2012 / 19:59 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sult...

Freedtejûn binne wy as broers (sweagers) en (skoan)susters, nei in foarstelling fan Sult west. Sult is in bysûndere teatergroep dy't elk jier earne yn de súdwesthoeke fan Fryslân in aparte foarstelling fersoarget. En omdat wy de smaak fan famylje-útsjes wat te pakken ha, fûnen wy dit útsje wol in treflik idee.

Wy moasten wol nei Drylts, mar mei Tom oan it rút binne jo der samar. It wie in yndie in aparte foarstelling, mei as titel: Ja ik Wol. Yn trije ôfsûnderlike foarstellingen stie it houlik sintraal en op trije ferskate lokaasjes waard it iderkear wer op in oare wize útspile. Moai om te sjen. It iene wie wol wat moaier as it oare, mar meielkoar wie it in prachtige jûn.

Om yn 'e sfear fan it houlik te kommen, koenen jo fan te foaren op 'e foto. Klik hjir om dizze healwize foto's te sjen. Nei ôfrin ha wy noch even noflik neisitten yn het Wapen van IJlst en mei in grau liif fol bitterballen fleagen wy oer in rêstige dyk wer op nei it noarden. Net sûnder dat wy in foarlopige ôfspraak makke hienen foar wer sa'n moai útsje...

Pleatst: 15-10-2012 / 19:53 oere - Reagearje? - Nei boppen

Deuntsje...

Sit my al dagen in deuntsje yn 'e holle. In deuntsje fan Neil Young. Comes a time when you're driftin. Comes a time when you settle down... Hoe't dêr yn komt? Gjin idee, mar samar ynienen wie it dêr. Miskien kaam dat wol om't ik op radio 1 in bydrage hearde oer Neil Young dy't syn autobiografy útbrocht hie.

En sa as sa faak gean ik dan op strún. Op it ynternet. En lit ik no by dy strúntocht in moai nûmer fan dizze âlde rocker tsjinkomme. Koptelefoan op en dan mar hearlik lústerje...

Prachtich!

En wilens ik dwaande bin om dizze fideo op dizze side te embedden, komt der by it úttesten fan dizze bydrage in warskôging yn bild. It mei net... Sjong... Sa'n moai nûmer en dat meie jo dat net iens diele mei jo lêzers. Dan mar wat oars. Klik dan mar op de folgjende link foar dit geweldige nûmer. Love and War

Wol wat in swarte boel sjoch ik no...

Pleatst: 07-10-2012 / 15:52 oere - Reagearje? - Nei boppen

Berneboekewike...

Hast elk jier doge wy op ús skoalle wat oan de berneboekewike. Sa ek dit jier. En it moast ris wat oars. Yn it ramt fan it tema: Hallo Wereld! spilen wy mei syn trijen as kollega's dit tema út.

En master koe moai as in easterse ferteller in wrâldferhaal fertelle. Ut it boek De hele wereld rond waard it ferhaal De ezel die kon lezen... útsocht en koe master Hodja him mar útleve.

It slagge ek noch wol aardich. Op dizze side in fotoferslach...

Pleatst: 06-10-2012 / 17:44 oere - Reagearje? - Nei boppen