It is no -


www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2013
Novimber 2013
Oktober 2013
Septimber 2013
Augustus 2013
July 2013
Juny 2013
Maaie 2013
April 2013
Maart 2013
Febrewaris 2013
Jannewaris 2013

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik
Huitema Therapie & Training

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter Facebook

27 april 1979...

It wie in prachtige en hiele gesellige middei! Foto's op de befeilige side.
Tip: Sjogge jimme op de befeilige side net de nijste foto's? Even op de F5-toets drukke (= vernieuwen...)

Pleatst: 28-04-2013 / 12:37 oere - Reagearje? - Nei boppen

Eltse grins foarby...

Spitich dat de akku fan de telefoan leech wie, oars hie der ris in oar kuierke yn de RunKeeper app stien. De app warskôge my fan 'e moarn al, dat der 2 dagen gjin aktiviteiten west wienen.

Mar sa as sein, dat kloppe net alhiel, want it kuierke is juster wol makke, mar net opnaam. Dat oare kuierke wie yn de buert fan Eastermar. Eastermar? Hoe komst dêr? It haadburo fan myn wurkjouwer stiet dêr. En dêr moast ik hinne sjoch...

Dan sels mar even in rûtebeskriuwing meitsje... wol in moai plakje dêr oan de Burgumermar!

Och... hjir kin ik sa gau neat by betinke... ;-)

Pleatst: 25-04-2013 / 17:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

Foar Redbad...

Dy minsken fan it Keningsliet witte it ek net mear. Dan wer net, dan wer wol... Wat wurdt it no?

Ha ik krekt it Fryske Keningsliet klear, hear ik suver krekt dat it komitee it liet wol wer sjonge litte wol op 30 april. Ik tocht dit is myn kâns! Minister Plasterk fan ynlânske saken hat krekt de nije bestjoersôfspraak oangeande it Frysk tekene, dan moatte jo der by wêze, dit is dè kâns foar ús twadde rykstaal!

Elk hat wat te seuren oer de Nederlânske tekst fan it Keningsliet. Yn Fryslân wenje mar 4% fan alle Nederlanners en dêrfan praat mar wer sa'n 54% Frysk en dêr wer fan kinne mar in lyts protsje Frysk lêze. Dat mei it kommentaar sil it wol wat tafalle.

It kin songen wurde op de meldij fan November fan Rowwen Hèze. Dat is wol muzyk dy't liend is, mar ach, dat hat dy Hollanner ek dien. Dus dat is net sa slim. Boppedat hat Rowwen Hèze it ek wer liend, want de meldij is fan de Ierske traditional The Dawning of the Day. En muzyk fan traditionals binne wer frij om te brûken.

Jim sjogge dat ik my hielendal yndutsen hie. En ik lûk it ek net wer yn. Kom sis, ik ha der nachten op sitten te switten en net ien hat my holpen, dêr komt allinne mar spul fan. Dat docht wol bliken by de Hollânske fersy...

Takom tiisdei wurdt it útfierd yn ús doarpshûs mei mei begelieding fan Kroechbaas & Friend, want dat wienen die ienichste artysten yn Hantum e.o en Rûm Sop hat it Krimpliet al. No ja, mei al dy komoasje bin ik bang dat wy mar mei syn trijen stean te sjongen.

It feest komt oan, it wurdt mar skoan
De flachjes lizze al ree
It lân is klear in moaie sfear
Hast elke jûn fan 't stee
De peallen skjin dat is 't begjin
De feestwein wurdt al wat
Wat bin' wy 't iens fynt elkenien
It hat noch nea sa bard…

Lês hjir it hiele liet >>

Hoe moatte wy eins in R meitsje mei ús fingers: De R fan Redbad en fan Reade koal...

Pleatst: 22-04-2013 / 21:55 oere - Reagearje? - Nei boppen


Pealwurk...

As jo deis hiele einen rinne, dan komme jo faaks deselde saken tsjin. Hantum is mar lyts en in protte fariaasje yn kuierrûtes ha wy no ienkear net. Boppedat sjogge jo alles al fan fierren oankommen op dy keale flakte, dat ferrassend is in kuiertocht ek net echt...

Sa'n peal yn it wetter oan it begjin fan de rûte is dan wol wer in aardichheid. Dan kinne jo de rest fan de rûte moai wat filosofearje oer sa'n peal... Oan 'e iene kant grien, oan 'e oare kant swart, it liket wol in grins, Noard- en Súd-Korea bygelyks.

Peal en perk sette...
Sa stiif as in peal...
Dat stiet as in peal boppe wetter (yn it wetter yn dit gefal...)
Binnen de peallen bliuwe...
Der binne grinzen...
De grinzen útlizze...
Hy rint yn gjin sân sleatten tagelyk...
De wrâld is rûch en dy't him net rêde kin is slûch, sei de man en hy sleatslatte mei de pankoekspanne...

Pleatst: 22-04-2013 / 18:28 oere - Reagearje? - Nei boppen

ByPiter...(2)

Dat ha jo no mei stedsminsken. Mar ik ha wol in adreske foar harren. ByPiter op nûmer 2...

Pleatst: 15-04-2013 / 21:36 oere - Reagearje? - Nei boppen

ByPiter...

De ynrjochting fan ús hûs sil tink ik nea yn de woonbylage fan de Ljouwerter komme. Wy binne nochal eigensinnich en lizze bygelyks gjin tûken foar de ramen. Want dat skynt modern te wêzen. In bosk tûken op in blêd. En dan by foarkar droege tûken út in tropysk oerwâld...

Dat seach ik op televyzje. In hanneler siet op de Filipijnen om dêr yn it oerwâld kronkeltûken te sykjen. Dêr beskôgjes se dit as túch en wurdt it massaal fuorthakt. Mar hjir yn Nederlân is soks hiel kreatyf en wurdt it ferkocht as droege lianen. Foar sa'n 20 euro leit in meter tûke by de túnsintra yn de skappen. Nuver dat wy soks nea betinke... Maar je kunt toch ook gewoon takken uit het bos halen? stelde de presinator foar. Mar soks wie net kreatyf genôch, net genôch kronkels, neffens de lianenhanneler. Yn Hollânske bosken fine jo gjin spiraaleftige tûken, dêr moatte jo foar nei de Filipijnen. Ik freegje my dan altiten ôf wa't dan kronkels yn 'e holle hat... Hawar, elk dy't soks moai fynt moat dat sels witte fansels, mar wy kronkelje hjir net oan mei.

Get Adobe Flash Player
Als het niet mogelijk is Flash te installeren kunt u de video bekijken via deze link.

Wy keapje ús woondekoraties by in doarpsgenoat. Hy hat Eendekorven te keap, neffens in grut boerd op in lyts stikje grûn njonken syn hûs. Allinne al om dat boerd. Prachtich, foldocht oan gjin inkele gemeente-eask en it stiet der o sa fleurich mei in flachje yn top. Neffens my is it ek noch Eendenkorven, mei in tusken n, mar ach wy witte wat hy bedoelt.

Sa'n koer moasten wy ek ha. Mar net foar yn 'e hûs, mar yn 'e tún. Dat stiet moai. Yn 'e hage. Ek ús tún soe net misstean yn in programma fan RTL. Mar dan as útdaging foar de hjoeddeiske túnarsjitekten. Alderearst alle beammen derút, dan alle tegels, dan it gers, leau my, der bliuwt neat fan oer. Dan allegearre leuk Gamma guod deryn (Alles voor Buiten is Binnen...) en dan mar stoke mei de fjoerkuorren.

No mar hoopje dat de einen komme, sa sei ik tsjin de frou. Ajakkes, gjin einen! Wêrom hast him dan kocht? No, gewoan omdat it moai is. (Sei 'k al...) En miskien komme der wol oare fûgeltsjes yn. Jawis, alle seldsume fûgeltsjes komme te brieden yn 'e einekoer fan de famylje Van der Heide. Ik sil fêst in kamûflaazjetintsje opsette om by min waar in leafdeslibben fan it prieelfûgeltsje digitaal fêst te lizzen... Wy hâlde jimme op 'e hichte. En yn it Frysk hjit dat dat in bûtensitsje. En dan bedoel ik net it tintsje, mar in prieeltsje...

Ek de wendekoraasjes foar yn 'e hûs komme net by Alle Pilat wei, as by 1622 Lifestyle út Dokkum. Mar by Piter Braaksma út 'e loads. Us âldste pake- en beppesizzer seach dizze lampe lizzen en dy moast mei fansels, foar beppe. No, jo kinne beppe gjin gruttere deugd dwaan dan mei sa'n moai kado. (En pake ek net, want dy moast him fuort ophingje fansels...) En net op in hiel estetysk plak moai pasjend yn de komposysje, mar gewoan op in plak dêr't jo him goed sjen kinne... En by in stopkontakt.

Sa wurdt it alhiel ús Eigen Hûs en Tún...

Betink my krekt dat de ferkeapers fan de lampe èn de koer beide Piter hjitte. Miskien moatte se ris prate meielkoar en kinne se tegearre de wrâld riker meitsje mei harren dekoraasjes. Hoewol? In koer út Hantum? In lampe by de Sneuper wei? Ik ha wol in bettere namme foar harren gruthannel! In moai ferhaal derby. De koer is flochten mei tropysk pitreid út Colombia en de lampe komt út de 17e ieuw (mei in Gammafitting út 2013...)

Mar de kâns dat wy der dan wer komme, wurdt gâns lytser...

Pleatst: 15-04-2013 / 16:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

Leech en 62 swannen...

Op ûndersteand plaatsje kinne je goed sjen wêrom it it Hantumer Leech hjit. Hast de hiele rûte wie ûnder seenivo. Allinne as jo by Hantum de terp opklauterje, komme je wer boppe de seespegel út. Grappich soks... Goed dat der seediken binne oars wie it in dreech swimtochtsje.

Omdat rinnen goed is foar de rêch, bin ik de ôfrûne dagen mar wer op 'n paad gien. En wylts de oare jierren, want dit is net foar de earste kear, de rûtes wat yn 'e holle sieten, kin ik dizze no fia de app Runkeeper byhâlde. Mei de smartphone (de tûkskiller). En as ik dan thús bin en de activity is completed dan kin ik de kuiertocht kreas fia it kompjûterskerm neilêze en de foto's dy't ûnderweis makke binne, besjen. Klik mar ris op dizze link.

It kin wêze dat jimme net alles gewaar wurde kinne (sa as it op ûndersteande skermôfdruk stiet), mar jo hoege fansels ek net alles iepenbier te meitsjen...


Pleatst: 11-04-2013 / 18:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

Jong en wyld...

Oanlieding wie in begraffenis fan in muoike. Fansels binne dat net de fleurigste gelegenheden om mei elkoar yn petear te reitsjen. Mar ûnder de kofje kaam in neef (wy binne hast like âld) by ús oan tafel sitten. Wy hienen elkoar yn jierren net sjoen. Lit stean dat wy yn al dy foargeande jierren mei elkoar praat hienen.

It koe hast net oars as it gie oer froeger. Wy wienen in protte byelkoar en wy ha ek in protte fleurige saken meielkoar belibbe. Crosse. Dat dienen wy omraak yn ús jonge jierren. Myn neef docht dat noch wolris, sa die bliken, mar sûnt ik doetiids ris mei in motor oer de kop lein ha, kom ik net wer op sa'n ding. Ek net goed foar de rêch trouwens...

Myn neef wennet yn Tsjerkgaast, flak by ús bertedoarp. Ik moast mar ris lânskomme, sa ornearre hy. Mar ja, dan moat hy ek mar ris by ús lânskomme. Want hy wy nearne te finen doe't wy ôfrûne jannewaris yn Tsjerkgaast optrede moasten. Oan 'e oare kant, as jo elkoar salang net sjoen ha, dan is it eins ek wol logysk dat jo net witte wa't Klún & Knoffelhakke binne.

Op bygeande foto, dy't myn neef meistjoerde by ús e-mailkontakt dat op ús petear fan it ôfrûne wykein folge, sit ik achter it stjoer en myn neef stiet yn de bak. Sels ynelkoar knutsele. Hy skreau der by: Jij zelf aan het stuur! Was aan het Tsjamkedykje met de Zündapp. Jan Olivier - ek in crossfreon - reed er later achter Spaans mee de sloot in, ik zat in het bakje toen...

Pleatst: 03-04-2013 / 21:36 oere - Reagearje? - Nei boppen