www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2013
Novimber 2013
Oktober 2013
Septimber 2013
Augustus 2013
July 2013
Juny 2013
Maaie 2013
April 2013
Maart 2013
Febrewaris 2013
Jannewaris 2013

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik
Huitema Therapie & Training

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter Facebook

Projekt B...

Bosken komme en bosken gean... No ja bosken...

Doarpsbosk

Ik miende al dat ik sa'n ferhaaltsje noch earne op de hurde skiif stean hie. Passet moai by al dy tweets en facebookberjochten fan de ôfrûne wiken. Hantum in opskuor!

Pleatst: 27-02-2013 / 22:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

In ôfstekker...

It wie aardich stil de ôfrûne wike(n) op de side. Eh no, ek wolris noflik... ;-)

Mar dat betsjut net dat wy stilsitten ha. Alhiel net! Ien fan de grutste projekten fan de ôfrûne wiken wie de tarieding fan ús earste try-out fan ús nije sjo. Yn Burum.

Mei Burum ha wy in hiele goeie relaasje. It binne suver freonen wurden. Mei al ús sjo's ha wy by harren in optreden fersoarge. By de iisbaanferiening. Dy fiere hast alle jierren in feest. Want, sa sizze sy, it wie gjin winter, mar dêrom meie wy ús leden wol wat oanbiede. En dan besteane sy wer 13¼ jier as soksawat.

It siet stampfol yn Burum, wol sa'n 180 minsken wienen der op ôfkaam yn it smûke doarpshûs mei harren entûsjaste behearder. En wy ha in prachtige jûne hân!

Fansels, it wie de earste kear en it kin altiten better en dêr geane wy ek drok mei oan 'e gong, mar de start wie goed! It publyk stipe ús yn hast alle sênes. Moai soks.

En aanst mei de premiêre? Dan binne de Burumers ek wer presint. Dat ha sy no al tasein. IJs en weder dienende... om mar yn iisbaantermen te bliuwen.

Pleatst: 27-02-2013 / 21:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oer de dyk...

TomTom joech in nuveraardich paad oan nei Folsgeare. Eigenwiis as wy binne, folgje wy dat paad trou. Tom hie, sa as altiten, gelyk en kreas kamen wy yn it smûke doarpke boppe Snits telânne. In bytsje letter as ôfpraat, mar dat hie gjin ynfloed op ús tiidskema...

De fersoarging wie TipTop (gjin bruorke fan TomTom...) en om likernôch acht oere siet in lytse doarpshûs goed fol yn ôfwachting fan ús optreden. Miskien hie de oprop fan Geert van Tuinen dy middeis op Omrop Fryslân fertuten dien, want oer belangstelling hie de organisaasje net te kleien.

It waard in prachtich optreden, wy, en ek de seal, ha in prachtige jûne hân. Fan 'e moarn hie 'k al in mailtsje yn de maiboks. As wy takom jier wer komme woenen. En dat sy dan al fêst in datum reservearje koenen. No, as dat gjin goed teken is!

No earst mar hurd in kalinder fan 2014 útprintsje, want safier wienen wy no ek wer net...

Oh ja, en by de útrikking fan de kultuerpriis fan Dongeradiel binne wy tredde wurden. Alteast sa stie it yn 'e krante. Nuver, want dat ha wy net heard op de útrikking sels. Dêr waard allinne mar de winner bekend makke. Moatte wy soks wer yn 'e krante lêze. Hawar, wy ha brûns! En dat kin net elkenien sizze!

Pleatst: 10-02-2013 / 15:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

Don't worry, be happy...

En de ûnderskieding wie fan Prinses Trea de Earste. Koenen wy sa hurd net mear opkomme. Mar wy witte it wer!

Pleatst: 10-02-2013 / 15:24 oere - Reagearje? - Nei boppen