It is no -


www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2013
Novimber 2013
Oktober 2013
Septimber 2013
Augustus 2013
July 2013
Juny 2013
Maaie 2013
April 2013
Maart 2013
Febrewaris 2013
Jannewaris 2013

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik
Huitema Therapie & Training

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter Facebook

Foarsizzing...

De puzel fan juster hie wol in hiele foarsizzende oplossing...

Pleatst: 19-05-2013 / 17:04 oere - Reagearje? - Nei boppen

In stôk by de doar...

Wy ha wat mei stokken. It sil de bosk(achter)grûn wol wêze tink...

As wy froeger mei ús allen in slach om gienen troch de bosken, dan waard der altiten in stôk opsocht. Om pylken mei te streekjen op de boskpaaden, om mei yn de stikels te slaan, om spjirappels mei fuort te tikjen as om mei oar lyts boskguod te tipeljen en om te griemen.

Op 'e klaai hoege jo gjin pylken te setten. Hjir sjogge se jo by Dokkum al rinnen. Herkenber oan syn pet... Spjirappels binne hjir net en boskpaden alhiel net. Ja sels tûken en stokken binne hjir in seldsumheid.

Mar doe't ik ferline wike troch yn it bosk fan Ypey in kuierke makke, kaam it âlde stokkegefoel wer boppe. En o wûnder, samar fûn ik in kreas stokje. It grutste part der ôfbrekke en sjoch dizze pake koe moai wer pylken sette op de paden dy't hy dizze middei folge.

It stokje wie te moai om werom te smiten. Dat yn de RedBull en mei nei de klaai.

En sûnt dy tiid rin ik ek hjir mei in echte boskstok. Krekt as froeger, skyld mei in bûsmes. No ja, bûsmes... Soks mei net mear, mar stikem hie'k in Stanleymes meinaam op myn fêste rûte.

Mar wêr moatte wy hjir op omslaan? It is hjir sa wiids as wat, tûken hoege net oan kant hakt te wurden. Dan mar as ienhandige Nordick Walking stôk brûke, as better sein: Súdwesthoekster Kuier-stôk. Klik, klik, tik..., it hat wol wat.

De mûnder kaam my achterop. Hy hie syn wurk dien yn en om de mûne fan it Hantumerleech en hy fytste kalm nei syn smûke hûske yn de Lytsje Jouwer, in pear kilometer fierderop. It paadsje troch de lannen is mar smel. Ien betonplaat breed en Oane Pypke soe sa by my wêze. Even in stap hurder, want dan soe ik by it feeroaster wêze, dan in stap oan de kant en dan koe Oane streekrjocht op nei de Lytsje Jouwer.

Mar de stôk bleauw yn in naad tusken de betonplaten hingje. Ik wie al by it roaster... Oane koe der krekt omhinne lavearje. En smout as altiten merkte hy op: Woe it stokje net sa hurd as jo woenen?

Tsja, wat moatte jo dan antwurdzje? Suver wat ferslein ferfolge ik myn wei. Ik soe in pylk sette by de naad dêr't de stôk yn hingjen bleaun wie. As warskôging foar de folgjende kear. Mar ja, dat wol net yn beton. En der wie ek net in spjirappel om út frustraasje fuort te slaan...

Pleatst: 15-05-2013 / 21:56 oere - Reagearje? - Nei boppen