It is no -


www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2013
Novimber 2013
Oktober 2013
Septimber 2013
Augustus 2013
July 2013
Juny 2013
Maaie 2013
April 2013
Maart 2013
Febrewaris 2013
Jannewaris 2013

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik
Huitema Therapie & Training

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter Facebook

In prachtige jûn...

In bomfolle seal, geweldich publyk en de bêste útfiering oan't no ta. Hé buorman! is los!
Op Wâldnet en op de side fan RTVNOF mear nijs én plaatsjes fan dizze slagge jûn.


Pleatst: 29-09-2013 / 22:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ap-art...

Fotograaf Hidde Wilko en dan pake oan it fotosjoppen op de kompjûter, dan krije jo aparte foto's. In nije streaming yn 'e fotowrâld: Ap-Art! Klik op de foto foar in fergrutting...

Pleatst: 22-09-2013 / 13:50 oere - Reagearje? - Nei boppen

iOS(liep)7...

Fan 'e moarn betiid kaam ik op it heldere idee om de iPad te updaten nei iOS7. Hy lei by it bêd, ik woe der ek noch net ôf, koe moai even. De feroaringen soenen spektakulêr wêze... Mar it duorre nochal en de iPad hie noch wol even wurk.

Al wachtsjend op installatie voltooid dommele ik wat wei.

Samar waard ik wekker en seach in nuveraardich beeld. Hè? Wat hie de iPad in rare achtergrûn krigen... De feroaringen wienen wol hiel bot! Mar doe't ik goed en wol by sûp en stuit wie, seach ik dat dy achtergrûn 'gewoan' de plaat wie dy't by ús yn 'e sliepkeamer hinget. Gelokkich mar. Dy plaat is al sa'n 45 jiere âld!

Mar it nije OS is prachtich! Wol even wenne, dat wol. Mar ach, soks giet hurd...

Pleatst: 20-09-2013 / 22:47 oere - Reagearje? - Nei boppen

Banner...

Nuver, mar altiten meitsje ik wol in flater by in meitsjen fan advertinsjes, posters en stikjes foar de premiêre fan ús nije programma. Faaks binne de flaterkes mar lyts, in punt as soksawat, mar bytiden binne it ek healwize flaters wêr't je fan sizze: hoe krijt hy it foarelkoar!

Sa stiet boppepsteande banner op de site fan RTV noardeast Fryslân. Sels ynelkoar knutsele op de âlde kompjûter op ús boppenste sliepkeamer, want op ús nijste PC koe ik dit bannerprogramma net fine.

It wurkjen mei dit programma wie al wer even lyn (ien kear yn de 3 jier...) dat ik wie bliid dat ik it lytse bewegende plaatsje ôf hie. Hurd nei de nijsside stjoere, dan koe hy mar pleatst wurde. Nei it wykein seach ik de domme flater. Der stie 29 ynstee fan 28 septimber. Hoe mâl kinne jo it dwaan! Fluch de banner ferbetterje en opstjoere. Mar ek de side fan RTV noardeast Fryslân wurdt beheard troch frijwilligers, dat de oanpassing liet even op him wachtsje. Ach, net ien soe it ûntdekke...

Alteast dat tocht ik. Mar doe kaam der in mailtsje...

Hé mannen,
Het viel mij op dat op de banner op rtvnof.nl een verkeerde datum staat genoemd, namelijk: 29-09-2013…
Geen dank, twee vrijkaartjes zijn altijd welkom... ;-)
Groet,

Der ûntsie in aardige e-mailwiksel...

Hallo Martin,
Klopt helemaal! Hadden we zelf ook al ontdekt. Als het goed is, is het inmiddels aangepast! Hartelijk dank! Je oplettendheid willen we uiteraard graag belonen met 2 kaartjes. Je dient ze dan wel te reserveren via onze site. Als actiecode kun je dan invullen: beloning. Dan liggen er 2 vrijkaartjes voor je klaar bij de première.
Haha... Leuk initiatief. Nou maar hopen dat er niet meer 'flaters' in onze PR zitten...
Groetnis,
Hendrik fan Klún & Knoffelhakke

Beste Hendrik,
Wat ontzettend leuk dat jullie de melding zo opvatten! (Klún & Knoffelhakke waardig…) Ik had er al een smiley bijgeplaatst, wie niet waagt…
Heel hartelijk dank, jullie doen ons er een groot plezier mee!
Groet,
Martin

Nei Martin syn lêste mailtsje reagearre ik mei: Het is onze bedoeling om de mensen te laten lachen en dat is ons weer gelukt!

No seach ik fan 'e wike yn de Streekkrant dat der wer in flaterke siet yn de advertinsje foar ús premiêre. Der binne noch gjin reaksjes west. (Ik ferwachtsje oars noch wol ien... ;-) Hawar, mocht de flater ûntdutsen wurde, dan ek mar wer in pear frijkaartsjes...

Pleatst: 20-09-2013 / 22:05 oere - Reagearje? - Nei boppen

Freonendei...

Ofrûne sneon hienen wy ús jierlikse freonendei. Dit kear yn ús eigen Gaasterlân mei as moetingsplak de teatertún yn Riis. In moaier plakje foar sa'n dei kinne jo je hast net foarstelle.

Dan ek noch in moaie fartocht meitsje oer de smoute Luts en hobbelje troch de bosken op in âlderwetske Solex en sa'n dei kin net mear stikken! Dêr kin gjin sompige klaaigrûn tsjin op!

Foto's fan dizze prachtige dei kinne fia dizze link besjoen wurde.

Pleatst: 08-09-2013 / 22:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

Foar de leafhawwers...

Jo kinne dat wol. In buert fol gesellige minsken. Oh sa meiinoar... Buertjûnen, barbeques, doarpsfeesten en gean sa mar troch. Wat kin it noflik wenjen wêze op sa'n buert. Mar is it altiten wol sa gesellich? Klaas en Jehannes libje njonken elkoar. As is it achterelkoar? Bytiden witte se it sels net iens, want harren libben bestiet út it tsjin elkoar harsenskrabjen oer fan alles en noch wat. As der dan ek noch in nuveraardich persoan delstrykt yn harren buertsje, dan is it feest hielendal kompleet... No ja, feest?

Kaarten foar 28 septimber kinne besteld wurde fia: dizze link!


Pleatst: 01-09-2013 / 15:55 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ja, ja, ja... (2)

Dêr wie hy dan, de fideo fan de buert BBQ. It wie wer âlderwetsk gesellich. Mar tink derom, yn dizze film sitte skokkende bylden! (Moat it kameraatsje mar better stilhâlden wurde ;-)

En strún mar even op it youtube as jimme it filmpke fine kinne. De helte fan 'e buert hat him al sjoen. En mear sis ik net. Mei tank oan Jarje.

Pleatst: 01-09-2013 / 15:37 oere - Reagearje? - Nei boppen