It is no -
Earder dit jier: Argyf:
Persoanlike saken:
Ferhalen:
Hantum-sides:
Makke troch Hendrik: Klik hjir (befeilige)
MyTube:
|
Utsje... Alle jierren ha wy ús klaverjasútsje. Dit kear op nei Walibi. (Nei't wy 2 jier ferlyn foar de yngong stien ha en doe dochs mar net nei binnen gienen fanwege it hiele minne waar en doe by de Batavia yn Lelystêd belannen...)
It waard in prachtige en sinnige dei yn in moai en kreas park. Mar wy binne net oeral yn west hjer, dat gie ús fierstente mâl. Foar it earst dat wy koarting krigen fanwege ús leeftiid... Haha! Loft...
In klok(wise) (yn it) green... By wize fan grap hie in doarpsgenoat in klok oan 'e gersbak hongen. Ik bin it mei jimme iens, de grap wie wat meager. De grap fan de wolf helle de lanlike media, dizze keukenklok sil it mei dizze webside dwaan moatte.
Spitigernôch is de klok fuorthelle. Ik bin no gâns yn 'e war, want ik wit no net mear wannear it tiid is om it gers te meanen. It stiet dan ek alwer wit hoe heech... Twa fragen: wa hat de klok der delhongen en miskien noch wol yntrigearjender: wa hat de klok der wer weihelle? Jimme meie reagearje. Bin benijd.
In toast op de moaie simmer..!
De waarmte sjit de getallen nei de top Alarmen brekke rekords, Pyt is alle oeren paraat
De mini triatlon...
De RedBull wie útliend. (Sa neame wy ús reade Golfke...) No dogge wy soks wol faker, dat is alhiel gjin probleem, mar ik moast dy dei nei de fysioterapeut yn Kollumersweach om te trainen en ús oare auto, de bus, hie hynderferplichtingen om samar te sizzen.
Stoer sei ik: dan gean ik wol op 'e fyts...
Wy ha yn ús hok (bykeuken neame se soks yn Hollân...) in âld racefyts te hingjen. Ik skat dat dizze fyts sa'n 25 jier âld is. In moaie fyts, dat wol en ek noch yn perfekte steat, mar wol datearre. Mar de lêzers moatte sa stadichoan wol witte dat soks ús neat skele kin. De fyts fytst goed en dat is it wichtichste. Dat it blaue racemeunster stie al gau bûten. De bannen oppompe en de tocht nei de Sweach koe in oanfang nimme. Wat is dat? frege ús lytse útfanhuzer fan trije. Dat is in fyts, sei pake. Kinne dêr mei dwaan? wie syn reaksje. Fytse, sei pake. Wêrom? reagearre hy wer. Tsja... Om't beppe sanedich te hynderriden moat? Hat Hidde Wilko noch net sjoen, sa gie ús konfersaasje fierder. Nee, dat kin kloppe. Pake fytst mar twa kear yn' t jier op dizze fyts. En dan ek allinne mar yn 'e simmerfakânsjes. Fandêr ek it oppompen fan de bannen.
En wylst beppe en de beppesizzer harren ynstallearren yn de Transporter foar it hyndertochtsje fan dizze middei, socht pake syn fyts-equipment byelkoar. Fytsmofkes, in fytshelm en sportskuon, dy' t normaal allinne binnen brûkt wurde. En dat lêste tekene ek wer de fytsfrekwinsje fan pake... Júst om't ik net sa faak fyts én omdat sa'n fyts mar smelle bantsjes hat en in hege snelheid berikke kin, like my de fytshelm gjin oerstallige lúkse. Der stie okkerdeis noch in grut stik oer fytsûngemakken yn de Ljouwerter, feilichheid foar alles! En dêr gie it hinne. Noch krekt gjin doping, mar sa'n útstrieling hie it al. It gie as it slydjage en krekt bûten Dokkum hie ik it eins al yn 'e gaten ha moatten. Want dêr fytste in frou fan likense leeftiid foar my. Kreas rjochtop en se koe my maklik foar bliuwe. Ik ried mei sa'n gonkje fan 23 km yn it oere, want ek in digitale kilometerteller hearde ta pake syn útris. - Jaja, pake gie klaaid en skeard fan hûs! - Ik hie gjin sin om de frou yn te heljen. It wie in moaie gong, ik moast myn krêften sparje en op dizze wize wie de kopfrou krekt in derny dy't my op gleed hâlde. Myn training yn Kollumersweach ha ik mar wat oanpast. It fytsen hie 'k al dien en ek de oare kardiotrainingen die ik wat koarter. Jo moatte josels ek net oer de kop traine, ik hie der ommers al 18 kilometer op sitten?! Mar mei al dizze oefeningen waard dizze middei in soarte fan triatlon tocht ik by mysels.
De weromreis soe ik in oare rûte nimme, sa hie ik betocht. No streekrjocht de klaai op en earst net troch de Wâlden. Mar krekt bûten de Sweach fielde ik myn achterwurk opspyljen en ik moast noch in hiel ein! Net kleie! Trochsette! Yn de Tour is sa'n ôfstân in hoannestap! En de rûte oer it Jaachpaad lâns in Dokkumerdjip soe it protte goed meitsje. It wie prachtich moai waar en de gong siet der, nettsjinsteande it opspyljende achterwurk, goed yn en alle fytsers dy't ik tsjinkaam wienen like fleurich as wat. Wol fernuvere it my dat se allegearre mei faasje fytsten en allegearre kreas rjochtop sieten en, sa like it, alhiel gjin lêst fan wurgens hienen, wylst ik as in hûn mei de tonge út 'e mûle hime as in atleet oan it ein fan in triatlon. Mar dat kaam fan myn flinke gong, sa makke ik mysels wiis. 25 Kilometer yn 'e oere. Dat wie net neat! Alteast dat fûn ik as ien-kear-yn-it-jier-fytser...
Yn Dokkum hie ik by in oranje bankje in koart pypskoft en makke ik my klear foar de lêste etappe. Op nei Hantum, ik longere nei in lekkere frisse dûs. De lêste kilometers soe ik even flink trochsette, gjin doarpsgenoat mocht yn 'e gaten ha dat dizze tocht my eins al wat ôffoel, wat kondysje oanbelange. Krekt bûten Dokkum helle ik in jonge doarpsgenoat yn. Sy kaam fêst fan har fakânsjewurk en wie wakker oan 'e gong mei har smartphone om alle miste berjochten fan dy dei yn te heljen. Strak op 'e pedalen hie 'k de 25 der al wer gau foar. Ik naam my foar om mei sa' n 30 Hantum binnen te stowen. Mar doe sloech it needlot ta. Alteast sa ûnderfûn ik dat... Ynienen fleach in grize dame my foarby. Mei in needgong! Net op in brommer as soksawat, mar op in fyts! Hè? Hoe koe dat? It wie in 'gewoane' fyts en beppe wie yn har gewoane klean, gjin helm, gjin fytsmofkes mar mei fytstassen. Sy liet my de hakken sjen! Al gau ried sy sa'n 100 meter foar my. Ik woe har besykje yn te heljen, mar it wie fergees. Sjoen har gong soe my dat nea slagje. De moed wie my ûntsonken. Beppe wol en pake net? Hoe koe soks? Fansels!
Dêrom wienen alle minsken sa fleurich! Dêrom fytsten se optein oer de Fryske paden as koste it alhiel gjin muoite. Dêrom sieten se kreas rjochtop en hâlden se my kreas by. Dat hie ik by it frommeske yn Dokkum al witte moatten: elektryske fytsen!
Net allinne pake syn fyts wie datearre, ek de fytshelm en ek it krûme stjoer. Om oer de âlderwetske fersnelling mar te sweien. Twa kabels by it frame lâns en in derailleur oan it achtertsjil tsjinoer in meitinkende en meitraapjende fyts dy't by alle kafees yn noardeast Fryslân opladen wurde kin.
Pake fytste folslein foar joker mei syn pearse fytshelm, syn jierren 70 mofkes en de blaue Motobécane racefyts. Mar lokkich merkte de autolienster by thúskomst bemoedigjend op: Sokken ha alhiel gjin kaloriën ferbaand en jo wol.
De jûnes op 'e bank hie ik it gefoel as wienen it wol 4500 kaloriën. Mar it wienen der 1389 neffens de Runkeeper App. Want sa modern wie dizze pake dan wol wer... Happy ko...?
"Bij ... maken we graag lekkere zuivel en daarom zorgen onze boeren zo goed mogelijk voor hun koeien. Zoals door goed eten en drinken geven en op tijd melken. Daar worden koeien blij van..."
En "Dit zuivelproduct is gemaakt van Nederlandse weidemelk afkomstig van boerderijen waar de koeien van het voorjaar tot in het najaar tenminste 120 dagen per jaar, minimaal 6 uren per dag in de Nederlandse wei lopen..."
Soksoarte fan moaie sinnen steane op it pak sûpe by ús út de kuolkast. Mar as ik dan ûnder it kuierke 360 graden om my hinne sjoch, binne alle lannen leech. En dat mei it moaiste waar dat je mar betinke kinne. De kij sille wol op fakânsje wêze... Wurde se noch blider fan. (Ik heb nog zo gezegd, geen bommetje!) In prachtich feest!... Foar famyljeleden yn it fotoalbum op de befeilige side. En as jimme tinke: hea, wat sitte der nuveraardige foto's by (foaral yn it begjin...) dan kin dat kloppe, want ús feestnûmer hat sels ek foto's makke... (In talint... ;-)
|