It is no -
Earder dit jier: Argyf:
Persoanlike saken:
Ferhalen:
Hantum-sides:
Makke troch Hendrik: Klik hjir (befeilige)
MyTube:
|
3 Karkes... Dat wie wol opfallend eins, it ôfrûne wykein. Mar it sil wol gjinien opfallen wêze. Hoe kryptysk...
Yn de 80-er jierren fan de foarige ieuw waard de Hantumer toanielclub wer nij libben yn blazen. Fansels moast ik der ek oan meidwaan! It Hantumer Ploechje belibbe prachtige jierren. En toanielspyljen smakke nei mear. Ut ien fan de toanielstikken wêr't wy tegearre oan meidienen is it duo Klún & Knoffelhakke ûntstien. Want wy woenen faker op 'e planken. Net mear ien kear yn it jier op de jierlikse toanieljûn! It grappige wie, dat der mear doarpsgenoaten sa oer tochten en harren kreative heil by it Fryslân Teater yn Dokkum sochten. Trije doarpsgenoaten spylje no by dit jonge Dokkumer toanielselskip. En no wienen it ôfrûne wykein al dizze trije selskippen op'n paad. Yn 'e hurde en kâlde wyn. 3 Karkes mei dekors en oar toanielmateriaal om earne de minsken te fermeitsjen. De bynamme fan de Hantumers is de Marge-iters, mar ik stel foar om dit te feroarjen yn de Hantumer Klunhaploefryters... Krekt as by de Marge-iters, wit ek net ien wat dat betsjut...
No ja, no je, no jaa...!
Sit der ferskil yn boppeneamde útdrukkingen? Hinget der fansels ek fanôf hoe't jo it útsprekke. No ja, om't it net sa giet as jo it graach wolle. No je, om't je ferheard binne en no ja! omdat je bliid binne.
As soksawat. Man, wat is it kâld. De maitiid wol mar net komme. In pear dagen ferlyn ha'k krekt op 'e tiid de maitiidsblomkes yn it gêrs op 'e foto set. No lizze se der ferfrommele by. Ha se wol bloeid? Snie fan de autoruten ôfskrabje, de winterjas en de moffen oan. Wy soenen mei dy pear moaie dagen hast de winterjas oprûmje, bliid dat wy it net dien ha. No ja...
Wy binne wakker oan it útprobearjen mei ús nije sjo. Dat giet geweldich! Dêr binne wy tige grutsk op! No ja! As miskien ek wol in bytsje no je... omdat wy dat net tocht hienen. Ferline wike sneon moasten wy by brassband de Bazuin yn Oentsjerk de minsken as teaterduo wat fermeitsje. Sy woenen om sa mar te sizzen der op dize wize in ôfwikseljende sjo fan meitsje. It waard in moaie jûn. Tip Top regele en organisearre. Us bydrage slagge wol aardich. Hoewol jo altiten it gefoel ha dat jo der wat by hingje. My mochten allinne mar yn it foarprogramma, yn it skoft en mei it lêste nûmer fan de brassband opdrave. En dan binne der altiten wer minsken dy't it net hielendal snappe... Der siet in âld Balkster yn 'e seal. No ja, yn de tsjerke, want de útfiering wie yn de Ontmoetingstsjerke fan Oentsjerk. Dy âld Balkster wennet yn Ryptsjerk en wy komme him hiel inkeld wolris faker tsjin yn dy kontreien.
De bêste man hie hiele ferhalen tsjin my. Van der Heide, sa begûn hy syn ferhaal wyltst ik hielendal yn myn rol siet as ARBO-man fan de gemeente. Hoe is't? Sitst noch steeds yn Tytsjerk? Ik ha him mar wat oansjoen en die krekt as wist ik net wêr't hy it oer hie. Ik joech him in hint, mar hy begriep der neat fan, want yn it skoft begûn hy wer in hiel ferhaal... No jaa...
De bêste man hat froeger ek noch by myn heit yn 'e garaazje wurke. Soe der doe ek al sa ûnnoazel west wêze. Ik bedoel, bepaalde saken net oanfiele? Dat der in klant kaam en dat hy dan sei: It muzykkorps spilet mar knap. En dat dy bêste klant dan gjin idee hie wêr't hy it oer hie? Ik wit noch wol dat hy doetiids altiten lûden makke mei syn lippen. Prrr, prrr, prreettt...! Mar no snap ik it! Dat die hy om syn lippen foar it blazen te oefenjen! Hy siet fêst by Concordia, it wrâldferneamde korps fan Balk. Myn ûnderwiiskollega die dat ek altiten as hy yn it magazyn papier helle as soksawat. Dan woe hy syn lippen traine foar it trompetspyljen. Yn foarm hâlde om samar te sizzen. Goh, dat ik dêr nei sa'n 50 jier pas achter kom.
Wêrt in muzykjûne al net goed foar is... No je!
Try-out... Utprobearje. Dat dogge wy op 't heden mei ús nije programma. En dat slagget tige. Nei twa foarstellingen binne wy aardich tefreden!
Mar it kin altiten better fansels. Alle tongersdeis, ús fêste oefenjûn, binne wy oan it harsenskrabjen hoe it no noch moaier kin. En op 28 septimber 2013 moat it ree wêze. Dan moat it draaie as in klokje. Mei sa'n start sitte wy dêr net oer yn noed! As der no lêzers binne dy't tinke: Hea, dat is miskien wol wat foar ús, in jûnsfoljende premiêre-foarstelling mei Klún & Knoffelhakke en ek noch mei muzyk nei, dan is elk op neamde datum wolkom yn it Bowlingsintrum fan Dokkum. Kaarten bestelle kin fia dizze link: www.klun-knoffelhakke.nl En hjir it earste parseferslach fan ús twadde try-out. Moai soks...
Oer PR sprutsen...
Quasimodo... Betiden is it jammer dat ik de doarpsrevu net mear meitsje, want dit ûnderwerp soe der ek wer prachtich ynpasse. Hoe't ik dit wer te witten kaam bin? Tsja, is it net sa dat in skriuwer fan nijs syn boarnen net altiten geheim hâldt? Litte wy it dêr dan mar ek op hâlde...
Sneintemoarn. In oere foar de preek. De klokken liede yn it o sa rêstige Hantum. Net bysûnders as it moat wêze dat Quasimodo al ier en betiid op 'n paad is om in Hantum de klokken te lieden. En dat is in hiele reis, want Quasimodo wennet net neist de doar. Hy moat hielendal út in buordoarp, dêr't wy better de namme mar net fan sizze kinne, nei it fiere Hantum reizigje...
Hoeden slûpt Quasimodo troch de buorren, net ien mei him sjen, want o hearken, it soe samar sa wêze kinne dat ien fan de doarpsgenoaten him in ho taropt. Wêr silsto hinne? Dochs net klokliede wol? Wy wolle útsliepe, gjin gebimbam om 'e holle, de kroechbaas is krekt 50 wurden, it wie justerjûn grut feest en it hiele doarp leit noch op ien ear! It bimbammet al genôch yn ús holle!
Mar Quasimodo hat opdracht krigen, hy is in man fan it wurd. Net allinne it wurd fan de preek, mar ek fan syn mearderen. Liede is liede, tsjinstanners as net, de minsken moatte sneintemoarns witte dat de preek der oan stiet te kommen. Derôf blinder. Dûse en de terp op. Dit kear net nei de âld kroech, mar nei de noch âldere tsjerke.
Mar dochs toarnt it syn gewisse. Wa moat hy no te freon hâlde? De útsliepende doarpsgenoaten, de tsjerkegeande doarpsgenoaten as himsels? Moat hy kilometerfergoeding freegje? En wêrom sa betiid? Yn syn wurkseme libben moast hy ek altiten moarns ier fan 'e kooi...
Der wie mar ien oplossing...
En dan komme de suggestjes... Dan litte wy dat fan de tsjinstdwaande koster ôfhingje. Wenje jo tichteby, dan wol liede en wenje jo fierderôf, dan net liede. Mar ja, dan wit elk at Quasimodo dat wykein tsjinst hat. O, ik ha gjin klok heard. Quasimodo moast wer útsliepe tink? Oo, o, Piebe hat tsjinst, dy wennet deun njonken tsjerke, moat hy ús wer pleagje mei de klokken? En it is leau'k ek noch fiif minuten earder as oars... En in oare doarpsgenoat, dy't tichter by Dokkum wennet dan by Hantum sei droech: Ik hear sneins neat. As de klok no wol as net liedt... De betizing wie kompleet. En hoe 't it no komt? Dat wurde wy de kommende sneinen wol gewaar. Heare wy neat, dan is it kloklieden ôfskaft. Heare wy de klok? Dan wurdt dizze tradysje fuortset en moatte alle Quasimodo's in oere fan te foaren de terp op. As it iene, as it oare, foar elk en foar de doarpsbewenners moat it dúdlik wêze... Mar miskien is dit ek wol in suggestje: Klokken liede mei de iPhone. Binne wy fan alles ôf. En ik noch by de tiid! En it gedicht dat by ús klok heard, moat dan ek oanpast wurde. De skriuwer is mar sa frij west en betink der in tredde koeplet by...
Mei barsten hong ik yn de toer,
It wie dan ek gjin drôve dei Froeger waard ik let in oere foar de preek Boarne: Wikipedia. Pleatst: 03-03-2013 / 12:34 oere - Reagearje? - Nei boppen |